Echte hamsterrotten

(Trochferwiisd fan Plomsturthamsterrotten)

De echte hamsterrotten (wittenskiplike namme: Neotoma) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûsfoarmigen (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ynformele kloft fan 'e mûzen en rotten fan 'e Nije Wrâld, de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e Amerikaanske hamsterrotten (Neotomini). Echte hamsterrotten komme foar yn Noard- en Midden-Amearika. Ta dit skaai hearre 22 ûnderskate soarten bisten, wêrfan't ien útstoarn is.

echte hamsterrotten
In plomsturthamsterrôt (Neotoma cinerea).
In plomsturthamsterrôt (Neotoma cinerea).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûsfoarmigen (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
(ynformeel): mûzen en rotten fan de
   Nije Wrâld
ûnderfamylje: Noardamerikaanske mûzen en
   rotten
(Neotominae)
tûke: Amerikaanske hamsterrotten
   (Neotomini)
skaai: echte hamsterrotten
   (Neotoma)
Say & Ord, 1825

Beskriuwing

bewurkje seksje

Echte hamsterrotten binne likernôch sa grut as in mûs. It binne herbivoaren, dy't besteane op in dieet fan blêden en oare griene plantedielen, twigen en knoppen. Guon frette ek sied, fruchten, ikels en kaktus. Se kinne tige fokaal en lûdroftich wêze.

It opmerklikste oan echte hamsterrotten is dat se nêstbouwers binne, dy't ûnder rotsen en op oare dreech tagonklike plakken faak reuseftige nêsten oanlizze troch allegeduerigen nêstmateriaal lykas twigen, stokjes en oar plantaardich restmateriaal mei nei hûs te slepen. Dêropta nimme se ek dingen mei dêr't se foar it bouwen fan in nêst eins neat oan hawwe. Se meie fral tige graach oer glimmende dingen. In apart skaaimerk fan echte hamsterrotten is: wannear't se wat sjogge dat se graach hawwe wolle, litte se datjinge dat se op dat momint meislepe falle en "ruilje dat om" (Ingelsk: trade it) foar it nije objekt. Dêrfandinne dat se yn it Ingelsk wol trade rats neamd wurde. Ek de Fryske namme 'hamsterrôt' ferwiist dêrnei, want de bisten hjitte sa net om't se op hamsters lykje, mar om't se foarwerpen 'hamsterje'.

Echte hamsterrotten binne net botte skou en geane minsken net út 'e wei. Se kringe gauris souders binne en wurde ek wol ûnder de motorkape fan auto's oantroffen. Se hawwe suver wol wat wei fan eksters of kaen, mei't se net selden harren skatten fan minsken stelle. Mei har nijsgjirrigens kinne se gâns skea oanrjochtsje, benammen oan 'e motors fan auto's en oan elektryske betriedding, wylst se yn huzen in lawaaiïge opskuor feroarsaakje dy't har ta in wier pleachdier meitsje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.