Plomsturthamsterrôt
De plomsturthamsterrôt (wittenskiplike namme: Neotoma cinerea) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e echte hamsterrotten (Neotoma), dat foarkomt yn it noardwesten fan 'e Feriene Steaten, it westen fan Kanada en Súdeast-Alaska. It is in fierhinne herbivoar, foar it meastepart nachtlik aktyf, solitêr libjend bistke, dat libbet yn in ferskaat oan biotopen, fan 'e taiga oant de woastyn. De namme fan 'e plomsturthamsterrôt ferwiist nei syn plomsturt en syn oanstriid om dingen te sammeljen (te 'hamsterjen'). Dêrby hat er in grutte foarkar foar glinsterjende foarwerpen dy't er net ite kin. De IUCN klassifisearret de plomsturthamsterrôt as net bedrige.
plomsturthamsterrôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Neotoma cinerea | ||||||||||||
Ord, 1815 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt komt foar yn it westen fan Noard-Amearika. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten beslacht it ferspriedingsgebiet fan dit bist it noardwestlike kwadrant fan it lân, wêrûnder it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e steaten Washington, Oregon, Idaho, Montana, Wyoming en Utah. Fierders omfettet it de westlike râne fan 'e Dakota's en Nebraska, it westlike twatrêdepart fan Colorado, de noardlike râne fan Nij-Meksiko en Arizona, it noardlike twatrêdepart fan Nevada, it uterste noarden fan Kalifornje en de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada.
Yn Kanada heart de hiele provinsje Britsk-Kolumbia ta it areaal fan 'e plomsturthamsterrôt, útsein Vancouvereilân en de Keninginne Sjarlotte-eilannen. Fierders komt dit bist ek foar yn it uterste westen en súdwesten fan Alberta, de súdlike helte fan 'e Yukon en de súdwestlike grinskrite fan 'e Noardwestlike Territoaria. Yn 'e Amerikaanske steat Alaska is de fersprieding fan 'e plomsturthamsterrôt beheind ta de súdlike helte fan Súdeast-Alaska en de Aleksanderarsjipel.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 51/2–9 sm, mei in sturt fan gelikense lingte en in gewicht fan yn trochsneed 590 g. Seksuele dimorfy is yn dizze soarte frij sterk oanwêzich, mei't it mantsje likernôch 50% grutter is as it wyfke. De earen binne opfallend grut en rûn (foar in wrotmûseftige) en de suver iikhoarntsje-eftige plomsturt is lang en hierrich. De pels is ornaris grizich brún, bespikkele mei swarte hierren op 'e rêch en de oare boppeste dielen fan it lichem, en mei wite hierren op 'e bealch. Mar de kleur kin ek fariëarje fan hast swart oant bêzje.
Biotoop
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt is de grutste fan alle echte hamsterrotten en tolerearret kjeld it bêste. Dit bist komt sadwaande foar yn in grut ferskaat oan biotopen, fariëarjend fan 'e taiga fan it hege noarden oant de woastinen fan 'e Grutte Dobbe. It soarte habitat dêr't plomsturthamsterrotten de foarkar oan jouwe, is rotsich mei in protte los stiente en rotsspjalten dêr't se har yn ferskûlje kinne. Se libje dan ek gauris by kliffen lâns, yn kleauwen, op berch- of heuvelskeanten mei los pún of iepen fjilden dy't mei rotsen besprinzge binne. As der ferlitten gebouwen of âlde minen foar hannen binne, passe se har sûnder swierrichheden oan om dêryn te libjen. Tichte, âldere wâlden binne in habitat dêr't se net goed oer kinne. Yn berchtmen komme plomsturthamsterrotten foar oant op in hichte fan 4.300 m boppe seenivo, mar wat súdliker men komt yn har areaal, wat mear de fersprieding beheind is ta gruttere hichten.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjePlomsturthamsterrotten binne it hiele jier rûn aktyf en hâlde gjin wintersliep. Om 'e winter troch te kommen, lizze se op ferskate plakken itensfoarrieden oan. Hoewol't it yn haadsaak nachtdieren binne, kin men se út en troch ek by deiljocht waarnimme. Ornaris libje se in solitêr bestean en binne se tige territoriaal. De mantsjes sette in territoarium ôf troch it pleatsen rookflaggen besteande út urine. As in oar mantsje sa'n fêstige territoarium binnenkringt, folget der in gefjocht dat foar it meastepart bestiet út biten en klauwen, en dat ta earnstige ferwûnings liede kin.
De plomsturthamsterrôt is in earsten klimmer, dêr't er syn skerpe klauwen foar brûkt. De plomsturt helpt om it lykwicht te behâlden by sawol klimmen as springen, en kin ek as in soarte fan termysk tekkentsje om it lichem hinne slein wurde. As der gefaar driget, trommelet de plomsturthamsterrôt mei de efterpoat op 'e ûndergrûn om. Soms docht er dat ek, yn in kalm ritme, as er net steurd wurdt.
Plomsturthamsterrotten binne wiere hamsterders yn 'e sin dat se in sterke oanstriid hawwe om dingen te sammeljen. Dy oanlis is by harren it sterkst oanwêzich fan alle echte hamsterrotten. Dêrby hawwe se in sterke foarkar foar glinsterjende foarwerpen dêr't se fierders eins neat oan hawwe om't se dy net opfrette kinne, lykas in muntstik of in leppel. As se sa'n ding lizzen sjogge, litte se wat se op dat stuit dan ek mar meislepe, lizze en wikselje se it om foar it glinsterjende objekt.
It guod dat se gearfandelje, foar it meastepart plantaardich spul, bringe plomsturthamsterrotten nei harren nêst ta, mar se nimme it net mei nei binnen. Ynstee bouwe se der foar de yngong fan it nêst in grutte kwasy-struktuer fan, dy't in 'rúchskerne' neamd wurdt. Dy bestiet fral út tûkjes, drûge plantestâlen, dong en oar guod dat stevich makke wurdt troch tafoeging fan kristallisearre urine. Sa'n rúchskerne kin in formidabele ferdigeningsliny foarmje tsjin beskate soarten rôfdieren. Slangen litte har der lykwols net troch tsjinkeare. Krektoarsom, yn 'e kâldere moannen sykje bgl. rattelslangen faak sa'n rúchskerne op om deryn te krûpen om relatyf waarm te bliuwen. It eigentlike nêst fan 'e plomsturthamsterrôt befynt him yn 'e rúchskerne of yn in rotsspjalt derefter. Yn nullewâlden bouwe plomsturthamsterrotten de rúchskerne mei har nêst deryn soms wol 15 m heech yn in beam.
De peartiid falt foar de plomsturthamsterrôt fan maaie oant en mei augustus. Wyfkes kinne jiers ien of twa kear smite. De draachtiid duorret likernôch 27–32 dagen, wêrnei't der 2–6, mar yn trochsneed 3 jongen te wrâld komme. De wyfkes hawwe mar 4 oeren, dat by gruttere smeten sille der gauwer jongen wêze dy't oan 't krapperein komme en de folwoeksenens net berikke. It kin foarkomme dat de mem al 12 oeren nei de befalling op 'e nij pearet en drachtich rekket.
De jongen binne by de berte noch blyn en weagje 15 g. Mei likernôch 15 dagen geane de eachjes iepen, en mei 26–30 dagen wurde de jongen ôfwûn. Plomsturthamsterrotten berikke mei 1 jier geslachtsripens. De healwoeksen mantsjes geane al mei 21/2 moanne by de mem wei om in eigen territoarium te sykjen, wylst de wyfkes faak wat langer by de mem bliuwe en har letter yn itselde gebiet as de mem nei wenjen sette, gauris mei in territoarium dat dat fan 'e mem oerlapet. It komt sels foar dat mem en dochters itensfoarrieden diele, wêrmei't se harren oerlibbingskânsen fergrutsje. Dat is de iennichste útsûndering op it sterk territoriale aard fan dizze bistkes.
Fretten
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt jout wat iten oangiet de foarkar oan 'e griene dielen fan planten, lykas blêden, knoppen en nullen fan nullebeammen. Mar hy fret ek wol twigen, fruchten, nuten, sieden, poddestuollen en soms wat lyts dierte, lykas ynsekten en oare wringeleazen. It measte wetter dêr't er ferlet fan hat, hellet de plomsturthamsterrôt út syn fretten.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen fan 'e plomsturthamsterrôt binne de bûnte boskûle (Strix occidentalis), de reade lynks (Lynx rufus), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de fiskmarter (Pekaria pennanti) en ferskate soarten slangen en hauken.
Status
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
bewurkje seksjeDe plomsturthamsterrôt is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|