Provinsjale Steaten

(Trochferwiisd fan Provinsjale steaten)
Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

Yn Nederlân foarmje de Provinsjale Steaten (meastal koartwei de Steaten neamd) sûnt 11 maart 2003 it kollektyf fan folksfertsjintwurdigers binnen de provinsje. Foar dizze datum foarmen de Provinsjale Steaten it bestjoer fan de provinsje. De haadtaak fan de Provinsjale Steaten is no it kontrolearjen fan it bestjoer, dat foarme wurdt troch de Deputearre Steaten.

Wapen fan Nederlân
Wapen fan Fryslân

Provinsjale Steaten foarmje it algemien bestjoer fan de provinsje en steane dus oan it haad. De leden fan de Provinsjale Steaten wurde ienris yn de fjouwer jier keazen en hearre allegear ta politike partijen. It tal leden ferskille de provinsje en binne ôfhinklik fan de grutte fan it ynwennertal fan de provinsje. De Steateleden dy't ta ien partj hearre foarmje in fraksje. Steateleden dy't harren fraksje ferlitte kinne ûnder harren eigen namme of dy fan in nije partij part fan de Provinsjale Steaten bliuwe. Alle fraksjes kieze harren eigen foarsitter, dy't de lieding oan de fraksje jout en foargiet as harren wichtichste wurdfierder. Alle fraksjefoarsitters komme byinoar yn it saneamde "senioarekonvint", lykas der bygelyks gefoelige politike saken besprutsen wurde moatte yn in fertroulike omkriten. Yn de fraksje sels wurdt it wurk ferparte, dêr't net elts Steatelid oeral like folle ferstân troch hoecht te hawwen. Sa binne der foar elts beliedsmêd ien as mear spesjalisten yn de fraksje. De spesjalisten sitte út namme fan harren partij yn de fêste kommisjes fan de Provinsjale Steaten. Alle Steatefraksjes hawwe almeast de stipe fan ien fan harren fraksje-assistinten. De belangen fan de Steaten as ien hiel wurde troch de Steategriffier behertige.

De wichtichste taken fan Provinsjale Steaten binne it fêststellen fan it belied en it tafersjoch op it útfieren dêrfan. Yn Provinsjele Steaeten hawwe alle Steateleden in like swiere stim. Besluten wurde mei in mearderheid fan de oanwêzige Steateleden oannommen. Steateleden hawwe almeast in fêste baan en dogge it Steatewurk yn harren frije tiid. Hja krije foar harren wurk in ûnkostefergoeding.

De leden fan de Provinsjale Steaten (Steateleden) wurde om de fjouwer jier streekrjocht keazen troch de stimrjochtige ynwenners fan de provinsje. It tal leden hinget ôf fan it ynwennertal en rint fan 39 foar in provinsje mei minder as 400.000 ynwenners, oant 55 foar in provinsje mei mear as 2.500.000 ynwenners.

Op harren beurt kieze dizze keazenen wer de leden fan de Deputearre Steaten en fan de Earste Keamer.

Fan 1813 oant 1850 keazen de aadlike leden fan de ridderskippen ien tredde fan de leden fan Provinsjale Steaten. De herfoarmings fan Thorbecke en de provinsjewet fan 1850 hawwe oan dat aadlike privileezje in ein makken.

Ferleging tal sitten

bewurkje seksje

Troch in feroaring fan de Provinsjewet is by de Provinsjale Steateferkiezings fan 7 maart 2007 it totale tal fan Steateleden ferlege fan 764 nei 564. It maksimum fan 83 Steateleden waard ferlege nei 55, foar provinsjes mei mear as 2.000.000 ynwenners. It minimum fan 39 bleau gelyk, mar it minimum, dat gou foar provinsjes mei minder as 200.000 ynwenners, jildt sûnttiid foar provinsjes mei minder as 400.000 ynwenners. In oersjoch fan de feroaring yn sitten per provinsje:

Provinsje o/m 2003 2007 2011 2015 2019 2023
Grinslân 55 43 43 43 43 43
Fryslân 55 43 43 43 43 43
Drinte 51 41 41 41 41 43
Oerisel 63 47 47 47 47 47
Flevolân 47 39 39 41 41 41
Gelderlân 75 53 55 55 55 55
Utert 63 47 47 49 49 49
Noard-Hollân 83 55 55 55 55 55
Súd-Hollân 83 55 55 55 55 55
Seelân 47 39 39 39 39 39
Noard-Brabân 79 55 55 55 55 55
Limboarch 63 47 47 47 47 47
totaal 764 564 566 570 570 572

In gefolch fan dizze ferleging fan it tal sitten is dat de kiesdrompel omheech gean sil. Ofhinklik fan de provinsje sil de kiesdrompel tusken 1,5% en goed 2% fan de stimmen lizze. Dêrtroch sil it dreger wurde foar lytse partijen om in sit heljen. Dat kin ek gefolgen hawwe foar de fertsjintwurdiging fan lytse partijen yn de Earste Keamer.

Ferkiezingsútslaggen

bewurkje seksje

Under oaren troch ôfsplissings kin it tal sitten binnen ien sittingsperioade feroarje. Dizze tabellen jouwe allinnich de gearstalling fan flak nei de ferkiezings.

Oare partijen:

Provinsje 2003
CDA PvdA VVD GL SP D66 CU SGP LPF oare totaal
Fryslân 16 15 6 3 2 1 3 1 8 55
Grinslân 12 20 7 5 3 2 4 - 0 2 55
Drinte 12 19 9 4 0 2 2 0 1 2 51
Oerisel 24 15 9 3 3 2 4 2 1 0 63
Flevolân 10 12 11 3 2 2 4 1 2 0 47
Gelderlân 24 18 13 5 4 3 3 4 1 0 75
Utert 16 14 14 6 3 4 3 2 1 0 63
Noard-Hollân 17 24 20 8 5 5 1 2 1 83
Súd-Hollân 20 20 18 5 4 4 3 4 4 1 83
Seelân 13 10 7 2 2 1 3 6 1 2 47
Noard-Brabân 30 17 15 4 6 3 1 2 1 79
Limboarch 28 14 9 3 4 2 - - 1 2 63
totaal 222 198 138 51 38 31 26 19 17 19 764
5

Oare partijen:

Provinsje 2007
CDA PvdA VVD SP CU SGP GL D66 PvdD oare totaal
Fryslân 12 12 5 2 3 - 2 0 0 5 43
Grinslân 9 12 5 7 4 - 3 1 1 1 43
Drinte 10 13 8 5 3 0 2 0 - 0 41
Oerisel 17 9 6 6 5 2 2 0 0 0 47
Flevolân 8 7 9 6 5 1 2 0 1 0 39
Gelderlân 15 10 9 7 4 3 3 1 1 0 53
Utert 11 8 10 5 4 1 4 2 1 1 47
Noard-Hollân 10 11 13 9 2 5 2 2 1 55
Súd-Hollân 13 10 12 8 4 2 3 1 1 1 55
Seelân 10 6 6 5 3 5 2 0 - 2 39
Noard-Brabân 18 8 11 12 1 2 1 1 1 55
Limboarch 18 8 7 9 0 - 2 1 1 1 47
totaal 151 114 101 83 35 14 32 9 9 13 564
3

Oare partijen:

Provinsje 2011
VVD PvdA CDA PVV SP D66 GL CU SGP 50+ PvdD oare totaal
Fryslân 6 11 8 4 3 2 2 3 - 0 0 4 43
Grinslân 6 12 5 3 6 3 3 3 - 0 1 1 43
Drinte 9 12 6 4 4 2 2 2 0 0 - 0 41
Oerisel 8 9 11 4 4 3 2 3 2 1 0 0 47
Flevolân 9 6 4 6 3 3 2 3 1 1 1 0 39
Gelderlân 11 9 9 6 5 4 4 3 2 1 1 0 55
Utert 11 7 6 5 4 5 4 2 1 1 1 0 47
Noard-Hollân 13 11 5 6 5 6 5 1 1 1 1 55
Súd-Hollân 12 10 6 8 5 5 3 2 2 1 1 0 55
Seelân 7 7 6 5 3 2 1 2 4 0 0 2 39
Noard-Brabân 12 7 10 8 8 5 3 0 1 1 0 55
Limburch 8 6 10 10 6 2 3 0 - 2 0 0 47
totaal 112 107 86 69 56 42 34 23 12 9 7 8 566
1

Oare partijen:

Provinsje 2015
VVD CDA SP D66 PVV PvdA GL CU SGP PvdD 50+ oare totaal
Fryslân 5 9 5 3 4 7 1 3 - 1 1 4 43
Grinslân 4 5 8 4 3 6 3 4 - 2 - 4 43
Drinte 7 6 5 4 5 7 2 3 0 - 1 1 41
Oerisel 6 11 5 5 5 5 2 4 2 1 1 0 47
Flevolân 7 5 5 4 6 3 2 3 2 2 2 0 41
Gelderlân 9 9 6 7 5 6 3 4 3 2 1 0 55
Utert 9 6 4 9 4 5 4 3 2 2 1 0 49
Noard-Hollân 11 5 6 10 6 7 4 1 3 1 1 55
Súd-Hollân 10 7 5 7 8 5 3 3 3 2 2 0 55
Seelân 6 6 4 3 4 4 1 2 6 - 1 2 39
Noard-Brabân 10 9 9 7 7 4 3 1 2 2 1 55
Limburch 5 11 8 4 9 4 2 - - 1 1 2 47
totaal 89 89 70 67 66 63 30 29 18 18 14 15 570
2

Oare partijen:

Ferdieling nei partij

bewurkje seksje
Provinsje 2019
FVD VVD CDA GL PvdA D66 PVV SP CU SGP PvdD 50+ DENK oare totaal
Fryslân 6 4 8 3 6 2 3 2 3 0 1 1 0 4 43
Grinslân 5 4 3 6 5 3 2 4 4 1 1 0 5 43
Drinte 6 6 5 4 6 2 3 3 3 0 1 1 0 1 41
Oerisel 6 6 9 5 4 3 3 3 4 2 1 1 0 47
Flevolân 8 6 3 4 3 2 4 2 3 1 2 2 1 0 41
Gelderlân 8 8 7 6 5 4 3 3 4 3 2 2 0 0 55
Utert 6 8 5 8 4 5 2 2 4 1 2 1 1 0 49
Noard-Hollân 9 9 4 9 6 6 3 3 1 3 1 1 0 55
Súd-Hollân 11 10 4 5 4 5 4 2 3 2 2 2 1 0 55
Seelân 5 4 7 2 4 1 2 2 2 5 1 2 0 2 39
Noard-Brabân 9 10 8 5 3 5 4 5 1 2 2 0 1 55
Limburch 7 5 9 4 3 3 7 4 0 2 1 0 2 47
totaal 86 80 72 61 53 41 40 35 31 14 20 17 4 15 570
1

Oare partijen:

Ferdieling nei partij

bewurkje seksje
Provinsje 2023
BBB VVD GL PvdA CDA PVV D66 PvdD SP JA21 CU SGP FVD Volt 50+ oare totaal
Fryslân 14 3 3 5 4 2 1 1 1 1 2 - 1 - 0 5 43
Grinslân 12 2 5 5 2 2 2 2 2 2 0 3 1 1 0 4 43
Drinte 17 4 2 4 3 2 1 2 2 1 2 0 1 1 0 1 41
Oerisel 17 4 4 3 4 2 2 1 1 2 3 2 1 1 0 0 47
Flevolân 10 4 3 3 2 3 2 2 2 2 2 2 2 - 1 1 41
Gelderlân 14 6 5 5 4 2 3 2 2 2 3 3 1 2 1 0 55
Utert 7 6 7 3 4 2 5 3 1 2 3 2 1 2 1 0 49
Noard-Hollân 8 8 7 7 2 3 4 4 2 3 1 - 2 2 2 0 55
Súd-Hollân 8 8 6 4 4 4 4 3 2 4 2 2 2 2 1 0 55
Seelân 9 4 6[1] 5 2 1 1 1 1 1 5 1 - 0 2 39
Noard-Brabân 11 9 5 4 4 4 4 2 4 2 1[2] 1 1 1 2 55
Limburch 10 5 4 3 5 6 3 2 3 2 0 - 1 - 1 2 47
totaal 137 36 51 46 43 34 32 25 23 22 22 16 15 11 8 17 572
6 1

Ferdieling nei provinsje

bewurkje seksje
Partij 2019 Partij
Totaal Fryslân Grinslân Drinte Oerisel Flevolân Gelderlân Utert Noard-Hollân Súd-Hollân Seelân Noard-Brabân Limburch
FVD 86 6 5 6 6 8 8 6 9 11 5 9 7 FVD
VVD 80 4 4 6 6 6 8 8 9 10 4 10 5 VVD
CDA 72 8 3 5 9 3 7 5 4 4 7 8 9 CDA
GL 61 3 6 4 5 4 6 8 9 5 2 5 4 GL
PvdA 53 6 5 6 4 3 5 4 6 4 4 3 3 PvdA
D66 41 2 3 2 3 2 4 5 6 5 1 5 3 D66
PVV 40 3 2 3 3 4 3 2 3 4 2 4 7 PVV
SP 35 2 4 3 3 2 3 2 3 2 2 5 4 SP
CU 31 3 4 3 4 3 4 4 1 3 2 0 0 CU
PvdD 20 1 1 1 1 2 2 2 3 2 1 2 2 PvdD
50+ 17 1 1 1 1 2 2 1 1 2 2 2 1 50+
SGP 15 0 0 2 1 3 1 2 5 1 SGP
DENK 4 0 0 0 0 1 0 1 1 1 0 0 0 DENK
oare 15 4 5 1 0 0 0 0 0 2 1 2 oare
Totaal 570 43 43 41 47 41 55 49 55 55 39 55 47 Totaal

Yn maaie 2008 besletten de Limboarchske Provinsjale Steaten harsels om te dopen ta Limboarchsk parlemint. Dêrmei is Limburch de iennige provinsje dêr't de folksfertsjintwurdiging net mear "Provinsjale Steaten" neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. PvdA/GL diene meiïnoar mei op ien list
  2. SGP/CU diene meiïnoar mei op ien list