Robert Langdon (franchise)

film út 2006 fan Ron Howard
(Trochferwiisd fan Robert Langdon (filmsearje))

Robert Langdon is in Amerikaanske mediafranchise dy't basearre is op 'e romansearje mei deselde namme fan 'e Amerikaanske skrillerauteur Dan Brown. De franchise is ferneamd nei de haadpersoan, de symbolooch Robert Langdon. Anno 2022 binne der yn it ramt fan 'e franchise trije films makke en ien tillefyzjesearje. Nettsjinsteande mingde oant negative resinsjes fan 'e filmkritisy wiene de trije films (The Da Vinci Code, Angels & Demons en Inferno) kommersjeel tige súksesfol en brochten mei-inoar krapoan $1,5 miljard op.

Robert Langdon
betinker Dan Brown
eigner Columbia Pictures
Imagine Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 2006
films
langspylfilms The Da Vinci Code
Angels & Demons
Inferno
tillefyzje
searjes The Lost Symbol

The Da Vinci Code

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Da Vinci Code (film).

Yn The Da Vinci Code wurdt de Amerikaanske symbolooch Robert Langdon (Tom Hanks) troch de Frânske plysje behelle yn it ûndersyk nei de lugubere moard op Jacques Saunière (Jean-Pierre Marielle), de konservator fan it Louvre. Saunière hat in geheim boadskip neilitten, wêryn't er nei Langdon ferwiist, en haadynspekteur Bezu Fache (Jean Reno) fertinkt Langdon dêrom fan 'e moard. Mei de help fan Sophie Neveu (Audrey Tautou), de pakesizzer fan Saunière, ûntkomt Langdon oan 'e plysje om in eigen ûndersyk yn te stellen. It spoar liedt him en Sophie yn 'e rjochting fan in syktocht nei de Hillige Graal, troch ferskate partijen dy't oer liken geane.

The Da Vinci Code waard regissearre troch Ron Howard nei in senario fan Akiva Goldsman. De film waard op 17 maaie 2006 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en gie op 19 maaie fan dat jier yn premiêre. Krekt as de roman The Da Vinci Code, dêr't er op basearre wie, soarge de film foar frijwat trelit en krityk, dy't benammen ôfkomstich wie fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. The Da Vinci Code brocht $758 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen.

Angels & Demons

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Angels & Demons (film).

Yn Angels & Demons wurdt de help fan Robert Langdon (Tom Hanks) ynroppen troch de Roomsk-Katolike Tsjerke nei't de paus hommels ferstoarn is en fjouwer fan 'e kardinalen mei de bêste kânsen om him op te folgjen, ûntfierd binne troch in terrorist dy't úthâldt foar de Illuminati te sprekken. Dyselde stjoert it Fatikaan de meidieling dat er de kardinalen dyselde deis noch ien foar ien fermoardzje sil en dat er om midsnacht hiel Fatikaanstêd ferneatigje sil mei antymatearje dy't er stellen hat fan it CERN yn Sjenêve. Bystien troch natuerkundige Vittoria Vetra (Ayelet Zurer) fan it CERN, ynspekteur-generaal Ernesto Olivetti (Pierfrancesco Favino) fan it Sjendarmerykorps fan Fatikaanstêd en de pauslike kamerlengo Patrick McKenna (Ewan McGregor), en tsjinwurke troch Maximilian Richter (Stellan Skarsgård), de kommandant fan 'e Switserske Garde, moat Langdon alles op alles sette om op 'e tiid de obskuere oanwizings te ûntsiferjen dy't de terrorist efterlitten hat en de kardinalen en de stêd te rêden.

Angels & Demons waard regissearre troch Ron Howard nei in senario fan David Koepp en Akiva Goldsman. De film gie op 4 maaie 2009 yn premiêre, en brocht $485,9 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Inferno (film út 2016).

Yn Inferno wurdt symbolooch Robert Langdon (Tom Hanks) wekker yn in sikehûs yn Florâns. Hy lijt oan ûnthâldsferlies en kin him net tebinnenbringe wat er de lêste dagen útfûn hat, hoewol't er pleage wurdt troch helske fizioenen. Sienna Brooks (Felicity Jones), de dokter dy't him behannelet, fertelt him dat syn tastân feroarsake is troch in skotwûne oan 'e holle. As de hiermoardneresse Vayentha (Ana Ularu) yn it sikehûs del komt om 'e put ôf te meitsjen, wit Langdon mei de help fan dokter Brooks te ûntkommen. Dêrnei moat er sjen dat er op 'e iene of oare manear syn eigen spoar werom yn 'e tiid folget en ûntdekt wêrom't immen him dea hawwe wol, wylst er tagelyk soargje moat dat er ûnderwilens net dea rekket.

Inferno waard regissearre troch Ron Howard nei in senario fan David Koepp. De film gie op 8 oktober 2016 yn premiêre, en brocht $220 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen.

The Lost Symbol

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Lost Symbol (tillefyzjesearje).

The Lost Symbol is in tillefyzjesearje oer Robert Langdon (Ashley Zukerman) en syn ûndersiken nei mystearjes, dy't in prequel fan 'e filmsearje is. De searje gie yn septimber 2021 yn premiêre op 'e streamingstsjinst Peacock. Nettsjinsteande boppegemiddelde resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy (dy't in stik better wiene as de resinsjes fan 'e films), waard de searje nei ien seizoen al wer stopset. Yn totaal waarden der tsien ôfleverings fan elts 42 oant 47 minuten makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.