Inferno (film út 2016)

Inferno is in Amerikaanske detektiveskriller en aksjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks en Felicity Jones. De titel betsjut "Ynferno". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown. Inferno is it trêde diel yn 'e Robert Langdon-filmsearje, nei The Da Vinci Code (2006) en Angels & Demons (2009). It ferhaal folget de Amerikaanske symbolooch Robert Langdon, dy't yn in sikehûs yn Florâns wekker wurdt mei ûnthâldsferlies. As der in plysjefrou ferskynt dy't him besiket te fermoardzjen, naait er út en moat er mei help fan syn jonge froulike dokter sjen út te finen wat er de lêste 48 oeren útheefd dat der in hiermoardner efter him oansit. Inferno krige tige negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Inferno
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ron Howard
produsint Brian Grazer
Ron Howard
senario David Koepp
basearre op Inferno fan Dan Brown
kamerarezjy Salvatore Totino
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Columbia Pictures
Imagine Entertainment
LSG Productions
LStar Capital Film Corporation
Mid Atlantic Films
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Hanks
Felicity Jones
byrollen Irrfan Khan
Omar Sy
Sidse Babett Knudsen
Ana Ularu
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 oktober 2016
foarm langspylfilm
sjenre aksjedetektiveskriller
taal Ingelsk (ek wat Italjaansk en Turksk)
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $220 miljoen
filmsearje
filmsearje Robert Langdon
● foarich diel Angels & Demons

De Amerikaanske symbolooch en heechlearaar oan 'e Universiteit fan Harvard Robert Langdon wurdt mei in wûne oan 'e holle wekker yn in sikehûs yn it Italjaanske Florâns. Syn dokter, de Ingelske Sienna Brooks, fertelt him dat it om in skotwûne giet, en dat er dea west hie as de kûgel him mar justjes fansiden of nei ûnderen ta rekke hie. Langdon lijt lykwols oan ûnthâldsferlies, en kin him fan 'e lêste 48 oeren neat tebinnenbringe. Wol wurdt er tramtearre troch fizioenen fan 'e hel. In ferpleechkundige fertelt dat der immen fan 'e plysje kommen is om mei Langdon te praten. De plysjefrou blykt lykwols de hiermoardneresse Vayentha te wêzen, en as se de gong del rint, sjit se de ferpleechkundige dea en besiket se Langdon ek te fermoardzjen. Hy wit nauwerneed mei help fan Sienna út it sikehûs te ûntkommen.

Sienna nimt Langdon en in pûde mei syn klean deryn mei nei har appartemint, dêr't se yn 'e bûse fan Langdon syn kolbêrjaske in faradaypointer oantreffe, in miniatuerbyldprojektor. It byld dat it apparaatsje sjen lit, is in oanpaste ferzje fan 'e Lânkaart fan de Hel, in ferneamd skilderij fan Sandro Botticelli, dat in foarstelling jout fan 'e hel op basis fan 'e beskriuwing yn De Godlike Komeedzje fan Dante Alighieri. Langdon en Sienna fine út dat it byld fan 'e faradaypointer de earste stap is yn in spoar fan oanwizings dat efterlitten is troch de Amerikaanske miljardêr Bertrand Zobrist. Dat wie in gefaarlike, geastlik steurde fizjonêr dy't fan miening wie dat de wrâld oan it ûndergean wie oan 'e gefolgen fan oerbefolking. Hy woe dêrom de minsklike befolking mei teminsten de helte werombringe. Trije dagen lyn died er selsmoard troch fan 'e top fan in toer te springen doe't er arrestearre drige te wurden troch de Italjaanske plysje yn gearwurking mei aginten fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO).

Langdon en Sienna figelearje út dat Zobrist, dy't obsedearre wie troch it wurk fan Dante Alighieri, in biologysk wapen yn 'e foarm fan in ekstreem deadlik firus skepen hat, dat er fan doel wie los te litten op 'e wrâld. It firus, dat Zobrist 'Inferno' neamd hat, sil de helte fan 'e minskheid it libben kostje, wylst de oerlibbenen 'straft' wurde foar harren ûnferantwurdlike wize fan libjen troch de ysbaarlikste grouwels te sjen en trochstean te moatten. Zobrist hat it spoar fan oanwizings efterlitten foar ien of mear fan syn oanhingers, om syn plan út te fieren as hy dêr sels net ta by steat wêze soe.

Underwilens is it spoar fan Langdon nei it appartemint fan Sienna folge troch sawol de hiermoardneresse Vayentha, as troch twa selsstannich operearjende groepen aginten fan 'e WHO, de Amerikanen, ûnder lieding fan Langdon syn eardere minneresse Elizabeth Sinskey, en de Frânsen, ûnder lieding fan 'e negroïde agint Christophe Bouchard. Beide groepen fertinke inoar derfan ynformaasje nei Zobrist en syn meistanners lekt te hawwen, en wurkje dêrom mar kwealk gear. De pleatslike plysje fertelle se suver hielendal neat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Langdon en Sienna witte oan al harren efterfolgers te ûntkommen, wat Vayentha, nei't it skynt, yn 'e swierrichheden bringt as se dat rapportearje moat oan har baas, Harry Sims. Dyselde is algemien direkteur fan in private geheime tsjinst dy't "it Konsortium" hjit. Dat bedriuw wurket yn opdracht fan Zobrist, dy't ynstruksjes jûn hat foar wat der dien wurde moat yn it gefal fan syn eigen dea. Mei't Langdon in probleem wurden is, jout Sims oan Vayentha opdracht om 'e heechlearaar te fermoardzjen. Dêrnjonken oarderet er syn neiste ûnderhearrige, Arbogast, om him de krekt binnenkommen fideo te bringen dy't it Konsortium om midsnacht iepenbier meitsje moat. Hoewol't it yn 't foar besjen fan 'e fideo eins tsjin 'e ôfspraak is, wol Sims himsels derfan bewissigje dat Zobrist yn syn boadskip gjin ferwizings nei it Konsortium opnommen hat.

Langdon en Sienna hawwe ûnderwilens ûntdutsen dat yn it byld fan 'e Lânkaart fan 'e Hel út 'e faradaypointer in ferwizing ferburgen sit, de tekst Cerca Trova, Italjaansk foar "Sykje en Fyn", en de tekst "De wierheid kin inkeld gewaarwurden wurde troch de eagen fan 'e dea." Langdon wit dat de wurden Cerca Trova ek op it skilderij De Slach by Marciano fan Giorgio Vasari steane, dat tentoansteld wurdt yn it Palazzo Vecchio ("Ald Paleis"). Dat, dêr sette se hinne. Yn 'e binnenstêd fan Florâns ûntrinne se de mei mannemacht ynsette plysje, dy't se net mear fertrouwe, en teffens de aginten fan 'e WHO troch in stik ôf te snijen troch de Boboli Tunen en dêrwei in geheime passaazje oer de Ponte Vecchio ("Alde Brêge") te nimmen.

 
It Palazzo Vecchio yn Florâns.

Sa berikke se it Palazzo Vecchio, dêr't se by it skilderij fan Vasari in museumgids treffe, in Spaanse dy't fan Marta Álvarez hjit. Dyselde ken Langdon werom, hoewol't hy har by syn witten noch nea met hat. Troch har út te kloarkjen ûntdekke hy en Sienna dat Marta him en in âlde freon fan sines, Ignazio Busoni, dy't de Florentynske Dom (Il Duomo) op 'e noed hat, de jûns tefoaren yn it Palazzo Vecchio rûnlaat hat. Hy en Busoni hiene benammen belangstelling foar it deadsmasker fan Dante Alighieri, dat ek yn it museum te sjen is. As Marta Langdon en Sienna by it deadsmasker bringt, docht bliken dat de fitrine leech is en it masker poater. De museumdirekteur en de befeiliging wurde der by helle, en bylden fan befeiligingskamera's fan 'e foargeande jûns wurde ôfspile. Langdon fermoedet al te witten wat dêrop te sjen wêze sil, en yndie docht bliken dat, doe't Marta harren allinne liet, hy en Busoni it masker út 'e fitrine helle en stellen hawwe.

Ear't Langdon oppakt wurde kin, soarget de oankomst fan in kloft bewapene plysjeminsken en aginten fan 'e WHO dy't de metaaldetektors by de yngong ôfgean litte, foar grut trelit. Langdon en Sienna meitsje fan 'e gelegenheid gebrûk om fan ruten te spyljen. Se bejouwe harren nei de souders fan it Palazzo Vecchio, dêr't Langdon oan 'e oare kant fan it gebou in útwei wit. Wylst se prekêr balansearjend oer in bynt tusken de hoannebalken troch rinne, komt Vayentha, dy't dêrboppe gestommel heard hat, harren tenei en besiket jitris om Langdon dea te sjitten. Sienna rêdt him op 'e nij it libben troch de hiermoardneresse oan te stompen, dat se har lykwicht kwytrekket en troch de soudering hinne kneppelet om tsien meter leger te pletter te fallen op 'e tegelflier fan 'e seal dêr't it wurk fan Vasari hinget.

Underwilens besjocht Sims de nije fideo fan Zobrist, dy't eins pas om midsnacht, oer krapoan tolve oeren, besjoen wurde meie soe. It is in bekendmakking dat Zobrist in nij, uterst besmetlik en tige deadlik firus ûntwikkele hat, dat er no frijlitten hat oer de wrâld. De helte fan 'e wrâldbefolking sil der de kommende dagen oan ferstjerre, mar hy wol dat se de reden foar harren ferstjerren begripe, dat dêrfandinne dit fideoboadskip. Dêrnei begjint er syn ekstremistyske tinkbylden oer oerbefolking en de oplossing foar de probleem te spuien. Sims is ûntsteld om te beseffen dat hy en syn organisaasje de ôfrûne jierren foar in libbensgefaarlike gek wurke hawwe. Om't hysels en eltsenien dy't er ken ek gefaar rinne om oan it Inferno-firus te stjerren, set Sims fuortendaliks ôf nei Florâns om syn gewicht efter it tsjinkearen fan 'e plannen fan Zobrist te smiten. Hy jout him by Sinskey en komt mei har ta oerienstimming om gear te wurkjen.

Langdon en Sienna bejouwe harren nei it Florentynske Baptistearium, dêr't Busoni wurket, en dat foar ûnderhâld ticht is foar it publyk. Dêr treffe se yn 'e doopfont it yn plestik bewuolle deadsmasker fan Dante oan. It is oan 'e efterkant mei akrylferve bewurke, en as se dat fuortfeie, blykt der in nije oanwizing op skreaun te wêzen, dy't ferwiist nei de grêftombe fan 'e "doge dy't de hynders ûnthalze". Mei't de doge fan âlds de hearsker oer de Republyk Feneesje wie, moatte se dus yn Feneesje wêze. Langdon en Sienna witte al harren efterfolgers te ûntrinnen, útsein Bouchard, dy't harren byhellet. Hy moaipraat op Langdon yn en oertsjûget him derfan dat hy dejinge is dy't Langdon twa dagen lyn by it ûndersyk nei Zobrist en syn firus belutsen hat. Sinskey, sa wol Bouchard hawwe, operearret mei in dûbele aginda, mei't se korrupt is en it Inferno-firus oan 'e heechste bieder ferkeapje wol. Langdon fynt it dreech om dat te leauwen, mar Bouchard makket handich gebrûk fan syn ûnthâldsferlies om him mei wurden oer te kinnen.

Yn 'e trein nei Feneesje wekket de hommelse oergong fan ljocht nei tsjuster as de trein troch in tunnel giet, by Langdon in flashback op. Dêrby kriget er de oantins werom oan Elizabeth Sinskey, dy't him twa dagen lyn yn Cambridge (Massachusetts) opsocht om him yn it ûndersyk nei Zobrist te beheljen. Langdon fermoedet dat it hiele ferhaal dat Bouchard ophongen hat oer de korrupsje fan Sinskey wier is, mar dan mei Bouchard sels yn 'e rol fan Sinskey. Nei oankomst yn Feneesje skeakelje hy en Sienna dêrom Bouchard tydlik út mei in stomp tsjin 'e holle oan mei in brânblusser en in spuit yn 'e eagen fan in spuitbus luchtferfrisser. Se pike út en geane nei it Dogepaleis (Palazzo Ducale), dat fersierd is mei fjouwer brûnzen hynders dy't de Fenesianen ûnder de Fjirde Krústocht yn 1204 út it Hippodroom yn Konstantinopel rôve hawwe. Om't de stânbylden net yn it rom fan 'e Fenesiaanske skippen pasten, waarden de hollen derôf seage en der nei oankomst yn Feneesje wer op set. No moatte Langdon en Sienna inkeld noch de namme hawwe fan 'e doge dy't dêr ferantwurdlik foar wie. As se dat oan in toergids freegje, antwurdet sy dat it Enrico Dandolo wie. Langdon beseft dan dat er raar mis west hat troch nei Feneesje te reizgjen, mei't de grêftombe fan Enrico Dandolo him befynt yn 'e Hagia Sofia yn Konstantinopel, it hjoeddeistige Istanbûl.

 
De Hagia Sofia, yn Istanbûl.

Efterfolge troch Bouchard, dy't harren ûnderwilens wer opspoard hat, besykje Langdon en Sienna troch it sûterrên it Dogepaleis te ûntflechtsjen. Se klimme nei in heech finster, dêr't Sienna mei de help fan in foarbygongster it earst út glûpt. Dêrnei lit se it finster lykwols tichtklappe en fertelt se Langdon dat sy in romantyske relaasje mei Zobrist hie en dat se wisberet is om syn plan ta de fersprieding fan it Inferno-firus út te fieren. Sienna jout har ôf en lit Langdon efter, dy't finzen nommen wurdt troch Bouchard. Dyselde nimt him mei nei in ôfhandich plak om 'e lokaasje fan it Inferno-firus út him te tramtearjen. Safier komt it lykwols net, want wylst Bouchard wat er fan doel is foar himsels oer noch besiket te rjochtfeardigjen, wurdt er fan efteren beslûpt troch Sims, dy't him deastekt.

Sims biedt Langdon syn ûntskuldigings oan, om't hy fierhinne ferantwurdlik is foar alle sitewaasjes dêr't er de ôfrûne dei yn fersyld rekke is. Langdon hat nammentlik nea in skotwûne oprûn. Hy is troch aginten fan it Konsortium de jûns tefoaren yn Florâns ûntfierd en ynjektearre mei benzodiazepine, wat it ûnthâldsferlies en de hallusinaasjes oproppen hawwe. Mei in skalpel is der in lyts wûne yn syn holle oanbrocht om 'e yllúzje fan in skotwûne te wekjen. Dêrnei waard, yn opdracht fan Zobrist silger en Sienna, it toanielstikje yn it sikehûs (dat gjin sikehûs wie) opfierd, wêrby't Vayentha him besocht dea te sjitten mei losse flodders. Ek de 'deasketten' ferpleechkundige en de taksysjauffeur dy't Langdon en Sienna nei har appartemint ried, sieten yn it komplot. It doel wie om Langdon te manipulearjen om Sienna te helpen de oanwizings te finen en te ynterpretearjen dy't Zobrist foar har efterlitten hie. Dat wie fansels foardat Sims foar it ferstân krige dat it doel fan 'e syktocht de massamoard op 'e heale wrâldbefolking wie.

Sims bringt Langdon by Sinskey, dy't alhiel feringele is om him wer te sjen. Mei-inoar reizgje se yn it fleantúch nei Istanbûl, dêr't se by de tombe fan Enrico Dandolo yn 'e Hagia Sofia in fierdere oanwizing fine dy't harren nei de Basilika Sisterne liedt, it âlde drinkwetterreservoir fan Konstantinopel ûnder de Hagia Sofia. Oan 'e hân fan 'e bylden yn it fideoboadskip dat Zobrist nei Sims stjoerd hie, stelle se fêst dat it firus him yn in (no noch) hermetysk ôfsletten plestik pûde ûnder wetter yn 'e Basilika Sisterne befynt. Langdon, Sinskey en Sims hastigje har dêrhinne, wylst de Turkske plysje op oarder fan Sinskey de tagong ôfslút en alle mobile tillefoanferkear lamleit. Sienna, dy't yn Istanbûl fersterking krigen hat fan twa oare fanatike oanhingers fan Zobrist, wêrûnder in bommemakker, is lykwols al yn 'e Basilika Sisterne. De romte is al lang net mear funksjoneel foar de wetterfoarsjenning fan 'e stêd, en wurdt no ynstee brûkt foar eveneminten, dêr't er omreden fan 'e treflike akoestyk tige gaadlik foar is; op 't heden is der sadwaande in klassyk konsert oan 'e gong.

By in syktocht fynt Sinskey de pûde mei it firus it earst. Se giet te wetter om 'e pûde yn in spesjale kiste te dwaan, dy't folslein luchtticht ôfsletten wurde kin. Sims ken Sienna wer en giet efter har oan. Yn in gefjocht mei har beide hantlangers deadet er ien en ferwûnet er de bommemakker, mar sels rekket er ek deadlik ferwûne. Langdon sjocht Sienna ek en besiket har har healwize plannen te ûntpraten, mar sy is folslein tawijd oan wat sy as de rêding fan 'e wrâld beskôget. Se hat ûnderwilens de beide bommen, dy't se fan 'e bommemakker krigen hie, yn it wetter smiten en wol se mei de mobile tillefoan ôfgean litte om 'e pûde mei it firus barste te litten. As se ûntdekt dat har tillefoan gjin berik hat, dûkt se sels it wetter yn en lit hânmjittich ien fan 'e bommen ôfgean, wêrby't se harsels opblaast. Troch de skokweach giet ek de oare bom ôf. De pûde mei it firus teskuort, mar Sinskey hat de kiste der al om hinne ticht dien. De oerlibjende hantlanger fan Sienna falt har oan, en der folget in wrakseling, heal ûnder wetter, tusken Sinskey, Langdon en de bommemakker om it besit fan 'e kiste, dy't pas einiget as de man deasketten wurdt troch de Turkske plysje.

Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt de kiste mei it firus ôffierd troch wittenskippers fan 'e WHO. It firus sil analysearre en ûnskealik makke wurde moatte, in taak dy't Sinskey as harres beskôget. Sy en Langdon helje oantinkens op oan 'e tiid dat se in relaasje hiene en betsjûgje spyt dat harren wurk har útinoar dreaun hat. Se sjogge it lykwols as de hurde reäliteit, dêr't gjin ferwin op is. Letter keart Langdon werom nei Florâns, dêr't er temûk it deadsmasker fan Dante wer op syn plak yn it Palazzo Vecchio weromset.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tom Hanks.
 
Felicity Jones.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
prof. dr. Robert Langdon Tom Hanks
dokter Sienna Brooks Felicity Jones


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Harry Sims Irrfan Khan
Christophe Bouchard Omar Sy
dokter Elizabeth Sinskey Sidse Babett Knudsen
Vayentha Ana Ularu
Bertrand Zobrist Ben Foster
Arbogast Paul Ritter
Marta Álvarez Ida Darvish
Ignazio Busoni Gábor Urmai
direkteur fan it Palazzo Vecchio Paolo Antonio Simioni
bewekker yn it Palazzo Vecchio Vincent Riotta
taksysjauffeur yn Florâns Allessandro Grimaldi
toergids yn Feneesje Francesca Inaudi
behelpsume frou yn Feneesje Maria Grazia Mandruzzato
behearder fan 'e Hagia Sofia Philip Arditti
learaar yn Istanbûl Mehmet Ergen
bommemakker Gábor Nagypál

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Inferno waard regissearre troch Ron Howard nei in senario fan David Koepp op basis fan 'e roman Inferno, fan 'e Amerikaanske bestsellerauteur Dan Brown, út 2013. (Dêrfan ferskynde datselde jiers in oersetting yn Frysk fan 'e hân fan Abe de Vries, ûnder de titel Ynferno.) As produsinten wiene Howard en Brian Grazer by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Imagine Entertainment, LSG Productions, LStar Capital Film Corporation en Mid Atlantic Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Salvatore Totino, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

De opnamen foar Inferno setten op 27 april 2015 útein en duorren oant en mei 21 july fan dat jier. Der waard op lokaasje filme yn Florâns, Feneesje en Istanbûl. De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Korda Filmstúdió yn 'e neite fan 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Foar de opnamen waard de mei opsetsin misliedende wurktitel Headache ("Pineholle") brûkt, in ferwizing nei de pine dy't Langdon yn 'e film ûndergiet, sabeare troch in skotwûne, mar eins troch in ynjeksje mei benzodiazepine.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Inferno waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film gie op 8 oktober 2016 yn Florâns yn premiêre, en iepene dêrnei op 28 oktober yn 'e Amerikaanske bioskopen.

 
De Basilika Sisterne yn Istanbûl (dêr't yn 'e film de klimaktyske konfrontaasje plakfynt), mei de toeristen boppe en it wetter ûnder.

Fan 'e filmkritisy krige Inferno oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Inferno in leech goedkarringspersintaazje fan 23%, basearre op 253 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], dy't sinloas panikerich en frijwat oerflakkich is, stjoert de Robert Langdon-trilogy yn in spiraal omleech nei in nij djiptepunt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Inferno in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 47 resinsjes.

Inferno brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $34,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $185,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $220,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $145 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.