Korda Filmstúdió

De Korda Filmstúdió of Korda Studio's binne in studiokompleks yn Hongarije, dat 26 km bewesten de haadstêd Boedapest yn it wynboudoarp Etyek stiet. It wurdt dêrom soms ek wol by túltsjes oantsjut as Etyekwood (in ferwizing nei de filmyndustry fan Hollywood). It kompleks waard yn 2007 oprjochte en omfiemet hypermoderne soundstages en oare fasiliteiten. Der binne ferskate grutte Westerske films en tillefyzjesearjes yn 'e Korda Filmstúdió opnommen.

Korda Filmstúdió
De Korda Stúdió (op 'e heuvel yn 'e fierte).
De Korda Stúdió (op 'e heuvel yn 'e fierte).
algemien
nasjonaliteit Hongaarsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Etyek (Hongarije)
oprjochte 2007
offisjele webside
kordastudio.hu
kaart
Korda Filmstúdió (Hongarije)
Korda Filmstúdió
Lokaasje yn Hongarije.

De Korda Filmstúdió waarden yn 2007 oprjochte. It kompleks waard ferneamd nei de histoaryske Hongaarske (en letter Britske) filmprodusint, regisseur en senarioskriuwer sir Alexander Korda (1893-1956). De blaudrukken foar it studiokompleks waarden ûntwurpen troch Bastien and Associates, Inc., in Amerikaansk arsjitekteburo dat spesjalisearre is yn it ûntwerpen fan soundstages. It ûntwerp waard neitiid oanpast oan 'e Hongaarske boufergunnings en dêrnei útfierd troch Iparterv Épülettervező Zrt. út Boedapest. De bou koste 90 miljoen. It hiele projekt waard finansierd út private ynvestearrings, mei as wichtichste oandielhâlders de Hongaarske sakeman Sándor Demján, de Amerikaanske filmprodusint Andrew G. Vajna, de Kanadeeske ynvestearder Peter Munk en de Britske finansier Nathaniel Philip Rothschild.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

It kompleks fan 'e Korda Filmstúdió omfettet 6 hypermoderne soundstages mei in mienskiplik oerflak fan likernôch 14.500 :

  • Studio 1 – 1.946 m²
  • Studio 2 – 1.769 m²
  • Studio 3 – 1.769 m²
  • Studio 4 –    961 m²
  • Studio 5 – 2.205 m²
  • Studio 6 – 5.856 m²

Fral Studio 1 en Studio 6 binne bysûnder. Studio 1 beskikt oer in ynterne wettertank fan 10 by 10 m mei in djipte fan 4 m. Studio 6 is net inkeld ien fan 'e grutste soundstages fan 'e wrâld, mar der passe dekôrstikken fan 20 m heech yn. Njonken de soundstages beskikke de Korda Filmstúdió ek oer 2.800 m² kantoarromte en fasiliteiten foar preproduksje en postproduksje en krapoan 7.000 m² oan berchromte en wurkplakken foar de produksje fan dekôrstikken.

Fierders is der in backlot mei in oerflak fan 25 ha. Dêrfan is 10 ha beboud mei trije grutte fêste filmsets: New York, Renêssânse en Midsiuwen. De restearjende 15 ha binne ûnbeboud en beskikber foar it pleatsen fan tydlike filmsets.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Korda Filmstúdió opnommen binne:

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Korda Filmstúdió opnommen binne:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder Hivatkozások, op dizze side