Robyn Curnow (Austraalje, 1972)[1] is in blanke Súdafrikaanske sjoernaliste, ferslachjouster en nijslêzeresse, dy't sûnt 2002 wurksum is foar de Amerikaanske nijsstjoerder CNN.

Robyn Curnow
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Australysk
Súdafrikaansk
berne 1972
berteplak ûnbekend (yn Austraalje)
etnisiteit Angelsaksysk Súdafrikaansk
wurkpaad
wurksum as ferslachjouster, nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by SABC, BBC, CNN
jierren aktyf 1995 – no
prizen DuPont-Columbia Award 2004
offisjele webside
Robyn Curnow op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Robyn Curnow waard berne yn Austraalje, mar groeide op yn Súd-Afrika, dêr't se fan 1992 oant 1994 politikology studearre oan 'e Universiteit fan Natal, yn Durban, in oplieding dy't se ôfrûne mei in bachelorstitel. Fan 1998 oant 1999 die se in ferfolchstúdzje oan 'e Universiteit fan de Witwatersrand, yn Johannesburch, en yn 2000 en 2001 studearre hja yn Ingelân oan 'e Universiteit fan Cambridge filosofy en ynternasjonale betrekkings, dêr't se in masterstitel yn behelle.

Har sjoernalistike karriêre begûn Curnow yn 1995 by de Súdafrikaanske steatsomrop SABC. Yn 2000 en 2001 wurke hja foar de BBC yn Grut-Brittanje, en yn 2002 waard se oannommen troch de Amerikaanske nijsstjoerder CNN, as ferslachjouster en nijslêzeresse yn Londen. Yn dy hoedanichheid fersloech se û.m. it ferstjerren fan paus Jehannes Paulus II en de Aziatyske tsûnamy fan 2004. Har wurk oer dat lêste ûnderwerp waard bekroane mei in DuPont-Columbia Award. Neitiid hat Curnow ek ynternasjonale sjoernalistike prizen wûn foar har reportaazjes oer de HIV/AIDS-epidemy yn Súdlik Afrika en har dokumintêre oer de Nelson Mandela.

Fan 2005 ôf hie Curnow har heitelân Súd-Afrika as steanplak, en wie hja ferbûn oan it CNN-buro yn Jehannesburch. Dêrwei presintearre se it wyklikse sakenijsprogramma CNN Marketplace Africa en droech se geregeldwei by oan oare programma's oer Afrika, lykas African Voices en Inside Africa. Dêrnjonken wie se de fêste korrespondinte fan CNN yn Súd-Afrika, en fersloech se foarfallen lykas it de rjochtsaak tsjin 'e lichaamlik beheinde Olympyske atleet Oscar Pistorius, dy't yn 2013 syn freondin Reeva Steenkamp deaskeat, en it ferstjerren fan 'e Súdafrikaanske âld-presidint Nelson Mandela, letter datselde jiers, dy't Curnow foartiid ferskate kearen ynterviewd hie, en mei wa't hja in waarme relaasje ûnderhold. It petear dat se mei him hie op syn njoggentichste jierdei wie it lêste ynterview dat Mandela ea joech.

Njonken Mandela hat Curnow ek fraachpetearen dien mei û.o. Kofi Annan en Ban Ki-moon, twa siktarissen-generaal fan 'e Feriene Naasjes efterinoar; Christine Lagarde, it haad fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns; de Súdafrikaanske presidint Jacob Zuma; de Rûandeeske presidint Paul Kagame en de Simbabwaanske opposysjelieder Morgan Tsvangirai. Foar Marketplace Africa die Curnow fierders û.m. ferslach fan 'e abominabele tastannen yn 'e diamantminen fan Marange, yn Simbabwe, en oer de slachtings dy't ivoarstreupers oanrjochtsje ûnder de mei útstjerren bedrige wite noashoarn yn it Súdafrikaanske Krugerpark.

Fan 2014 ôf is Curnow fan stânplak feroare, en no is hja stasjonearre op it CNN-haadkertier yn it Amerikaanske Atlanta, dêr't hja benammen as nijslêzeresse wurket.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beheinde biografy fan Robyn Curnow