Rykswegeplan 1927

(Trochferwiisd fan Rykswegenplan 1927)

It earste Rykswegeplan waard 1927 makke, it wie it earste plan sûnt Napoleon (begjin 19e iuw) om de besteande ferbinings yn kaart te bringen en at it nedich wie nije Rykswegen oan te lizzen. It doel wie om sawol besteande diken te ferbetterjen as nije ferbinings te meitsjen. De kosten fan it projekt waarden rûsd op 300 miljoen gûne (wearde fan 1927) en de útfiering soe yn 30 jier realisearre wurde kinne.

Rykswegenplan 1927

It plan is foaral ferneamd fan taljochtsjende kaart. Op dy kaart wie in haadwegestelsel foar trochgeand, motorisearre ferkear wjerjûn. Allegear ferbinings tusken de stêden, mar net dy stêden bylâns. Dêrnjonken wiene in tal folslein nije trasees foarsjoen, nammentlik:

Oare Rykswegensplannen

bewurkje seksje

Nei 1927 binne der noch oare rykswegeplannen fêststeld yn 1932, 1938, 1948, 1958, 1968 en foar it lêst yn 1984.

Yn it Rykswegeplan fan 1927 binne tolve brêgen oer de grutte rivieren fêstlein.

It binne:

plak rivier (by)namme brêge jier oplevering status distiid
Nymwegen Waal Waalbrêge 1936 Wurdt brûkt.
Moerdyk Hollânsk Djip Moerdykbrêge 1936 Yn 1978 nije brêgedielen op de âlde pylders set; âlde parten brûkt foar it ferfangen fan de Brêge by Keizersveer en de Spijkenisserbrêge.
Hedel Maas Hedelse brêge 1937 Brûkt foar regionaal ferkear.
Doardt Alde Maas Stedsbrêge Zwijndrecht 1939 1977 funksje oernaam troch de Drechttunnel; brêge wurdt noch brûkt foar regionaal ferkear.
Hendrik-Ido-Ambacht Noard Brêge oer de Noard 1939 1992 funksje oernaam troch de Noardtunnel; brêge wurdt noch brûkt foar lokaal ferkear (N915).
Dimter Isel Wilhelminabrêge 1943 Wurdt brûkt.
Swol Isel Iselbrêge 1930 Wurdt brûkt.
Keizersveer Bergsche Maas Brêge by Keizersveer 1931 Sloopt 1978; ferfongen troch seis fan de tsien brêgeparten fan de âlde Moerdykbrêge.
Maastricht Maas Wilhelminabrêge 1932 Ferfongen troch nijbou op de âlde pylders yn 1960.
Zaltbommel Waal "Bommelske Brêge" 1933 Sletten yn 1996 nei iepening Martinus Nijhoffbrêge; sloopt yn 2007.
Arnhim Nederryn John Frostbrêge (sûnt 1978) 1935 Wurdt brûkt.
Vianen Lek Lekbrêge 1936 Sletten 1999 nei iepening fan de njonkenlizzende Jan Blankenbrêge; plannen foar sloop.

Fan de tolve brêgen binne der fjouwer wetlik beskerme ryksmonumint, nammentlik de brêgen yn Arnhim, Nymwegen, Hendrik-Ido-Ambacht en Swol.