Schaumburg (Illinois)

Schaumburg (Amerikaansk-Ingelske útspr.: ['ʃɔ:mbɜ:ɹɡ], likernôch: "sjôm-beurk") is in doarp (village) yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Illinois. It leit foar in diel yn Cook County en foar in diel yn DuPage County, en is in noardwestlike foarstêd fan Chicago. Schaumburg stiet benammen bekend om 'e Woodfield Mall, it grutste winkelsintrum fan Illinois, dêr't lju út 'e hiele steat op ôfkomme. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie it doarp doe krapoan 75.000 ynwenners. Yn 2018 waard Schaumburg troch it tydskrift MONEY Magazine it earste plak taparte op in ranglist fan bêste plakken om te wenjen yn Illinois.

Schaumburg
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Illinois
County Cook County,
DuPage County
Township Schaumburg
Palatine
Hanover
Sifers
Ynwennertal 74.446 (2016)
Oerflak 50,24 km² (ynkl. wetter)
49,95 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.481,8 / km²
Stêdekloft Chicago
Hichte 242 m
Oar
Stifting 1858
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 42°01′49″N 88°05′02″W
Offisjele webside
www.ci.schaumburg.il.us
Kaart
De lizzing fan Schaumburg yn DuPage County en Cook County, en yn 'e steat Illinois.

Schaumburg leit yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Illinois, foar in diel yn Cook County en foar in diel yn DuPage County. It is in foarstêd fan 'e grutte metropoal Chicago, dy't rûchwei 45 km noardwestlik fan 'e binnenstêd fan Chicago leit en op likernôch 25 km bewesten de kust fan 'e Michiganmar. De Ynternasjonale Lofthaven O'Hare leit 16 km súdeastlik fan Schaumburg. It doarp hat in oerflak fan 50,2 km², wêrfan't 50,0 km² bestiet út lân en 0,2 km² út oerflaktewetter. Schaumburg grinzget yn it noarden oan Hoffman Estates en Palatine, yn it noardeasten oan Rolling Meadows, yn it súdeasten oan Elk Grove Village, yn it suden oan Roselle, yn it súdwesten oan Hanover Park en yn it westen oan Streamwood.

De oarspronklike bewenners fan 'e krite fan Schaumburg wiene Yndianen fan 'e Sôk-, Foks-, Potawatomy- en Kikkepû-stammen. Tsjin 1830 begûnen de earse blanke kolonisten har yn it gebiet nei wenjen te setten. Dy kamen foar in part út 'e eastlike Feriene Steaten (benammen út noardlik New York) en foar in part út Dútslân. Yn 1840 bestie 56% fan 'e (blanke) bewenners út saneamde Yankees (lju út it noardeasten fan 'e Feriene Steaten) en 28% út Dútsers. Omtrint 1855 bestie 28% út Yankees en 48% út Dútsers. Dat kaam om't der mear Dútsers by kamen, wylst de Yankees fierder nei it westen teagen om 'e Grutte Flakten te kolonisearjen. Tsjin 1870 waard de krite frijwol hielendal troch etnyske Dútsers bewenne, en it Dútsk soe oant yn 'e 1950-er jierren de memmetaal bliuwe fan it meastepart fan 'e ynwenners.

It distrikt (township) dêr't Schaumburg letter yn komme soe te lizzen, krige pas yn 1850 in namme. Om't it meastepart fan 'e kolonisten ôfkomstich wie út it Foarstedom Schaumburg-Lippe (om persiis te wêzen, út 'e parochy Apelern), waard besletten dat it distrikt Schaumburg Township komme moast te hjitten. Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf gie it it distrikt ekonomysk tige foar de wyn, sadat yn 1858 by it krúspunt fan Schaumburg Road en Roselle Road, dat doedestiden bekendstie as Olde Schaumburg Centre, in merk ûntstie dêr't agraryske produkten ferhannele waarden. Dêr kaam al rillegau fêste bewenning út fuort, mei twa winkellju, fjouwer tsizers, in skuonmakker, in skroar, in weintsjer en in hoefsmid. De nije útbuorren krige de namme fan Schaumburg Centre.

Yn syn begjintiid wie Schaumburg Centre frij isolearre fan 'e bûtenwrâld, mei't men mei hynder-en-wein twa dagen ûnderweis wie nei Chicago, dat doedestiden trouwens noch mar 35.000 ynwenners hie. Pas yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw waard it isolemint trochbrutsen, doe't yn 1955 16 km fierderop it eardere fleanfjild O'Hare Field útwreide waard ta de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare. In jier letter waard de Northwest Tollway by Schaumburg lâns oanlein, en yn dyselde snuorje fêstige ek Pure Oil Company in fabryk yn 'e buorskip. Sadwaande begûn de befolking fan Schaumburg Centre te groeien, en krige it plak yn 1956 de status fan doarp ûnder de (nije) namme Schaumburg. De befolkingsgroei dy't it doarp benammen yn 'e 1960-er en 1970-er jierren trochmakke, feroare it karakter fan 'e mienskip op dramatyske wize. Yn 1956 wiene der 130 ynwenners; yn 1980 wie dat oantal oanwoeksen ta 53.305.

 
It wolkomsboerd fan Schaumburg.

It earste grutskalige nijbouprojekt yn Schaumburg (mei de namme Weathersfield) sette yn 1959 útein ûnder lieding fan Alfred Campanelli. Yn 1967 waard it earste appartemintekompleks fan it doarp boud, dat it International Village neamd waard. Yn 1968 fêstige it telekommunikaasjebedriuw Motorola syn haadkertier yn Schaumburg. Yn dyselde snuorje waard de countrysjonger Bob Atcher (bekend fan 'e hit You Are My Sunshine) keazen ta boargemaster fan Schaumburg, in amt dat er beklaaide oant 1975. Yn 1970, doe't it doarp 18.730 ynwenners hie, waard de autosneldyk Interstate 290 oanlein, dy't oan 'e eastkant fuort by de beboude kom fan Schaumburg lâns rûn. Dat soarge foar in noch fluggere ferbining mei Chicago. Yn 1971 gie by it krúspunt fan Golf Road en Interstate 290 de Woodfield Mall iepen, dy't doedestiden it grutste winkelsintrum fan 'e Feriene Steaten wie.

Yn it begjin en de midden fan 'e jierren '80 lei Schaumburg him benammen ta op 'e ûntjouwing fan grutte kantoargebouwen yn it Woodfield Center-kompleks, oan Golf Road. De ein fan itselde desennium waard karakterisearre troch de flugge útwreiding fan yndustryterreinen en opslachromten oan 'e noardeastlike en súdwestlike rânen fan Schaumburg. Ek waarden yn 'e 1980-er jierren ferskate grutte hotels yn it doarp set. Yn 1994 kocht it doarpsbestjoer it Regionaal Fleanfjild Schaumburg oan fan 'e partikuliere eigners en renovearre it folslein mei subsydzjes dy't fral fan 'e federale oerheid kamen. Yn 1991 waard fuort njonken de Woodfield Mall in lytser winkelsintrum oanlein, One Schaumburg Place. Dat waard yn 1999 en 2000 lykwols wer ôfbrutsen en ferfongen troch in winkelstrjitte yn 'e iepen loft, The Streets of Woodfield. Yn 'e mande mei Woodfield Village Green foarmje The Streets of Woodfield en de Woodfield Mall no in trijetal gearwurkjende winkelakkomodaasjes. Yn 1998 iepene de Sweedske meubelreus IKEA in winkel fan 42.500  foar de Woodfield Mall oer.

Fierwei de grutste wurkjouwer yn Schaumburg is (mei 4.400 banen) de Woodfield Mall, dy't mei in oerflak fan krapoan 200.000  it grutste winkelsintrum fan Illinois is. It omfiemet (anno 2018) 234 ûnderskate winkels en restaurants. Op jierbasis komme der mear as 27 miljoen besikers del, en it is sadwaande in wichtige toeristyske attraksje yn Illinois. Yn 2000 keazen de ynwenners fan Chicago de Woodfield Mall út as harren favorite bestimming yn 'e foarstêden. Oare grutte wurkjouwers yn Schaumburg binne fersekeringsmaatskippij Zurich Insurance Group (2.600 banen), dy't der syn Noardamerikaanske haadkertier hat; it pleatslike skoaldistrikt (2.030 banen); telekommunikaasjebedriuw Motorola Solutions (1.600 banen); katamaranbouwer OptumRx (1.300 banen) en I.T.-gigant IBM (900 banen).

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Schaumburg yn 2016 in befolking fan 74.446 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.481,8 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Schaumburg 12,3% âlder as 65 jier en 20,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 32,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2011 8,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 10,1% fan 'e lju út 'e leeftydskategory fan 18 jier en jonger.

 
It park by it Schaumburg Prairie Center for the Arts.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 61,6% blanken; 19,8% Aziaten; 8,8% Latino's; 4,2% swarten; 0,2% Yndianen; 5,4% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Aziaten wiene de Ynjers de grutste groep (10,8% fan 'e doarpsbefolking), op ôfstân folge troch de Koreänen (2,5%), Filipino's (1,8%), Sinezen (1,7%) en Japanners (1,4%).

Berne yn Schaumburg

bewurkje seksje

Schaumburg hat in fochtich lânklimaat, mei fjouwer dúdlik ûnderkate jiertiden, waarme oant hjitte en faak neare simmers en kâlde snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –0,3 °C. Schaumburg kriget jiers trochinoar 993 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield sa'n 94 sm snie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.