Shawna Lenée

(Trochferwiisd fan Shawna Lenee)

Shawna Lenée, echte namme: Shawna Lee Scott (Cleveland (Ohio), 12 april 1987), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Skotsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Cara, Kara Mynor, Kara Bare en Shauna Lenne. Hja sette yn 2005 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn july 2008 wie Lenée de Penthouse Pet fan 'e Moanne. Yn 2010 wûn se de AVN Award yn 'e kategory meast ûnderwurdearre pornostjer.

Shawna Lenée
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cara, Kara Mynor, Kara Bare,
Shauna Lenne
echte namme Shawna Lee Scott
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1987
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052010 & 2014 – no
offisjele webside
www.shawnalenee.tv

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Lenée waard yn 1987 berne yn Cleveland, yn 'e steat Ohio. Mei santjin jier befoel hja fan in bern. Se wurke as model en figurearre yn in pear mainstream-films foar't se yn 2005, doe't se achttjin jier wie, har debút makke yn in pornografyske film, dy't opnommen waard yn Palm Springs. Lenée siet op dat stuit noch op 'e middelbere skoalle. Yn 't earstoan makke se benammen gebrûk fan 'e skûlnammen Kara Mynor en Kara Bare, dy't troch har ympressariaat Model Mayhem foar har betocht wiene. Sels mocht se net oer dy nammen, en sadwaande naam se meitiid de namme Shawna Lenée oan, dy't se opboude út har eigen foarnamme en in oanpassing fan har middelnamme Lee.

Sûnt 2005 spile Lenée neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 270 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Penthouse, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Diabolic Video, Jules Jordan Video, Red Light District, Adam & Eve, Anabolic Video, Digital Sin en Devil's Film. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, wêrûnder Pure Play Media, Metro, Third Degree Films, Platinum X Pictures, Mile High Media, Shane's World en Lupe Fuentes Productions. Fierder wie Lenée ek in protte yn 't spier foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Yn 2010 wûn Lenée de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory meast ûnderwurdearre stjer fan it jier. Dêropta hat se noch seis kear foar in AVN Award nominearre west. Njonken har aktearwurk wie Lenée ek tige aktyf as neakenmodel. Yn dy hoedanichheid stie se bygelyks yn july 2008 as de Pet of the Month yn 'e Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Penthouse. Teffens pronke se doe op 'e omslach fan dat tydskrift. Yn 2009 naam se by de ferkiezing fan Penthouse Pet fan it Jier it twadde plak yn, efter Taya Parker.

Yn 2010 loek Lenée har út 'e pornoyndustry werom. Hja gie wer nei skoalle en folge in oplieding midden- en lytsbedriuw. Neitiid sette se útein mei in eigen ûndernimming dy't haakpatroanen en juwiellen ferkocht. Yn 2014 makke se har comeback as pornoaktrise nei't se in eksklusyf kontrakt foar in healjier mei Brazzers sletten hie. Yn july 2014 begûn se ek as stripper te wurkjen yn 'e Hustler Club. Yn fraachpetearen hat Lenée oanjûn dat hja harsels beskôget as in feministe en in ateïste.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Shawna Lenée is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 48 kg. Hja hat kupmaat 32D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Lenée hat in nâlpiercing en twa tatoeaazjes: in gay pride-stjer op har lofterankel en it symboal foar it stjerrebyld raam op har rjochterfoet.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Adrenalynn en Johnny Sins) Cheerleaders
nominearre bêste byrol fan in aktrise This Ain't the Munsters XXX
2010 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Deviance
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Devon, Jenaveve Jolie, Melissa Lauren en Mya Nichole) Babes Illustrated 18
wûn meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Ashlyn Rae en Missy Woods) This Ain't I Dream of Jeannie XXX
nominearre skandalichste sekssêne (mei Cristian Devil, Marie McCray, Natasha Nice en Rocco Siffredi) Rocco's Bitch Party 2

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.