Simon & Schuster

(Trochferwiisd fan Simon Pulse)

Simon & Schuster, Inc. (soms ôfkoarte ta S&S) is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It is ien fan 'e fiif grutste Ingelsktalige útjouwerijen fan 'e wrâld, yn 'e mande mei de Hachette Book Group, HarperCollins Publishers, Holtzbrinck-Macmillan en Penguin Random House. Simon & Schuster publisearret jiers mear as 2.000 nije titels ûnder mear as 35 ferskillende ymprints. It bedriuw makket ûnderdiel út fan 'e CBS Corporation.

Simon & Schuster, Inc.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1927
oprjochter Richard L. Simon en
M. Lincoln Schuster
eigner National Amusements
mem CBS Corporation
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.simonandschuster.com

De earste krúswurdpuzels waarden yn 1913 publisearre yn 'e krante de New York World, en waarden al hiel gau tige populêr. Tsjin 'e tweintiger jierren ferskynden se yn withoefolle kranten, mar doe't Richard L. Simon syn muoike, dy't sljocht nei krúswurdpuzels wie, him yn 1924 frege oft der ek in krúswurdpuzelboek bestie, ûntdiek Simon dat soks noch nea útjûn wie. Hy beskôge dat as in gat yn 'e merk, en mei syn sakepartner M. Lincoln ("Max") Schuster besleat er om in útjouwerij op te rjochtsjen om dêrfan te profitearjen. Se publisearren noch datselde jiers it earste krúswurdpuzelboek, dat om oandacht te lûken mei in potlead derby ferkocht waard. It waard in ûnbidich súkses, en hjoed oan 'e dei is Simon & Schuster noch altyd de wichtichste útjouwerij fan krúswurdpuzelboeken yn 'e Feriene Steaten.

Yn 1939 begûn Simon en Schuster him út te wreidzjen nei it publisearjen fan fiksje, troch yn 'e mande mei Robert Fair de Graff de ymprint Pocket Books op te rjochtsjen, de earste paperback-útjouwerij fan 'e Feriene Steaten. Yn 1942 waard fierders yn gearwurking mei de Artists and Writers Guild úteinset mei de ymprint Little Golden Books, in joint venture fan Simon & Schuster en de Western Printing and Lithographing Company (no Western Publishing). Dat bedriuw kocht yn 1958 it belang fan Simon en Schuster yn Little Golden Books út.

Yn 1944 waarden sawol Simon & Schuster as Pocket Books oernommen troch krantemagnaat Marshall Field III, de eigner fan 'e Chicago Sun. Nei dy syn dea ferkochten syn erven Simon Schuster yn 1957 werom oan Richard L. Simon en M. Lincoln Schuster, wylst Pocket Books ferkocht waard oan Leon Shimkin en James M. Jacobson. Yn 1975 waard Simon & Schuster fannijs oernommen, diskear troch Gulf+Western (dat yn 1989 syn namme feroare yn Paramount Communications). Ferskate oare útjouwerijen waarden yn dy perioade oan Simon & Schuster tafoege.

Yn 1994 waard Paramount oernommen troch it oarspronklike Viacom, wat it foar Simon & Schuster mooglik makke om in nije ymprint (MTV Books) te begjinnen yn gearwurking mei de Viacom-tillefyzjestjoerder MTV. Teffens naam Simon & Schuster de útjouwerij Macmillan USA oer, dy't lykwols yn 1998 mei alle oare ûnderwiiskundige útjouwersbelangen fan Simon & Schuster ferkocht waard oan it Britske Pearson PLC. Yn 2005 waard Viacom opspjalten yn twa aparte bedriuwen: de CBS Corporation, dêr't Simon & Schuster by kaam te hearren, en in oare ûndernimming, dy't de namme Viacom behold. Beide binne lykwols noch eigendom fan 'e holding National Amusements.

As ûnderdiel fan de nasjonale Amerikaansk tillefyzjestjoerder CBS hat Simon & Schuster him sûnt 2005 ûntjûn ta de útjouwer fan boeken dy't fuortkomme út ferskate tillefyzjeprogramma's fan CBS, lykas Star Trek, CSI en How I Met Your Mother. Oare auteurs dy't har wurk by Simon & Schuster útbrocht hawwe, binne û.m.: sjongers Bob Dylan en Hilary Duff, politisy Dick Cheney, Hillary Clinton en Jimmy Carter, sjoernalist Bob Woodward, aktrise Joan Collins en skriuwers fan namme as Dan Brown, F. Scott Fitzgerald, Ernest Hemingway, Stephen King, Ursula K. Le Guin, Larry McMurtry en Hunter S. Thompson.

foar folwoeksenen
foar bern
audioboeken
yn ûnbrûk rekke ymprints
  • Earthlight
  • Fireside Books
  • Green Tiger Press
  • Linden Press
  • Long Shadow Books
  • Poseidon Press
  • Richard Gallen Books
  • Sonnet Books
  • Wallaby Books

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.