Stony Nakoda Naasje

(Trochferwiisd fan Stony Reservaat 142B)

De Stony Nakoda Naasje (Ingelsk: Stoney Nakoda Nation; Stony: Îyârhe Nakoda) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan de provinsje Alberta. Inkeld wurdt ek wol sprutsen fan 'e Stony Nakoda Earste Naasje (Stoney Nakoda First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Stoney Nakoda Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1877, en is opboud út trije tradisjonele dielstammen, de Bearspaw Earste Naasje, de Chiniki Earste Naasje en de Wesley Earste Naasje. It haadkertier is fêstige yn Morley, yn Alberta, in útbuorren yn it Stony Reservaat 142-143-144.

Stony Nakoda Naasje
Ingelsk Stoney Nakoda Nation
lânseigen Îyârhe Nakoda
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Alberta
haadkertier Morley (Alberta)
etnisiteit Stony, Kry
ledetal 4.800 (2011)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Big Horn Reservaat 144A
Eden Valley Reservaat 216
Stony Reservaat 142-143-144
Stony Reservaat 142B
lokaasje súdlik Alberta
oerflak 487,7 km²
ynwennertal 4.215 (2011)
offisjele webside
www.stoneynation.com
kaart
Stony Nakoda Naasje (Alberta)
Stony Nakoda Naasje
Lokaasje yn Alberta.

Neffens gegegevens út 2011 hie de Stoney Nakoda Naasje doe krapoan 4.800 leden. Dat binne benammentlik út etnyske Stony (Stoney), om persiis te wêzen Súdlike Stony, mei dêropta noch wat Kry (Cree) fan 'e Flakte-Kry-substamme. Neffens etnyske skiedslinen kinne de leden fan 'e stamme-organisaasje opdield wurde yn 4.500 Stony en 300 Kry.

Sûnt 1877 wurdt de Stony Nakoda Naasje troch de Kanadeeske autoriteiten erkend as de fertsjintwurdigjende organisaasje fan alle Súdlike Stony. Yn 't earstoan spriek men trouwens noch fan de Stony Troep fan Yndianen (Stoney Band of Indians) of fan de Stony Stamme (Stoney Tribe). De Súdlike Stony sels bestiene foartiid út trije ferskillende troepen en holden ek neitiid oan dy yndieling fêst. Ek hjoed de dei noch binne yn 'e Stony Nakoda Naasje trije ûnderskate stammen feriene.

Dizze organisaasje waard formeel as stamme erkend yn 1877 (yn wurklikheid bestied er fansels al folle langer). Hy waard ferneamd nei opperhaad Ozîja Thiha (Bearepoat, Bearspaw), dy't fan 'e kristlike misjonarissen de namme Jacob krige en sadwaande faak Jacob Bearspaw neamd wurdt. Yn 2011 wiene der 1.650 leden, frijwol allegearre Súdlike Stony. It haadkertier is fêstige yn Morley. Yn 2010 kaam de stamme yn it nijs doe't opperhaad David Bearspaw de oankommende ferkiezings annulearre en eigenmachtich syn termyn mei twa jier ferlinge. Der folgen protestaksjes wêrby't leden fan 'e Bearspaw Earste Naasje de tagong ta it Eden Valley Reservaat blokkearren. De saak kaam foar de rjochter, dy't ornearre dat de ferkiezings gewoan trochgong fine moasten; dêrby waard Bearspaw ferslein troch syn tsjinstanner Darcy Dixon.
Formeel as stamme erkend yn 1877, en ferneamd nei opperhaad Chi-ne-ka (in wurd dat út it Kry komt). Fan 'e misjonarissen krige de man de namme John, en sadwaande wurdt er gauris John Chi-ne-ka neamd. Mear as in iuw lang stie dizze stamme bekend as de Chiniquay Troep (Chiniquay Band); pas yn 'e jierren tachtich fan 'e tweintichste iuw waarden namme en stavering oanpast ta de hjoeddeistige foarm. Yn 2011 hie de Chiniki Earste Naasje 1.600 leden, allegearre Súdlike Stony. It haadkertier is fêstige yn Morley.
Formeel as stamme erkend yn 1877, en lange tiid bekend as de Jacobs Troep (Jacob's Band), nei opperhaad Jacob Ki-chi-pwot (Ki-chi-pwot is in Kry-wurd en de namme Jacob waard him troch de misjonarissen tabetocht). De Wesley Earste Naasje hie yn 2011 1.500 leden, foar it meastepart Súdlike Stony, mar mei in oansjenlik tal Flakte-Kry. Om't der frijwat yninoar omtroud is, leit in yndieling neffens etnyske linen wat dreech, mar rûchwei kin sein wurde dat der likernôch 1.200 Stony en sa'n 300 Kry wêze moatte. It haadkertier fan 'e stamme is ek wer fêstige yn Morley, en de offisjele webside is www.wesley-nation.ca.

De trije stammen fan 'e Stony Nakoda Naasje diele fjouwer reservaten yn 'e omkriten fan Morley. Yn totaal beslane dy 487,7 km² en wennen der yn 2011 4.215 minsken. It giet om 'e folgjende reservaten:

  • It Big Horn Reservaat 144A (Ingelsk: Big Horn 144A Reserve; Stony: Kiska Wa-ptadn) hat in oerflak fan 21,2 km², en der wennen yn 2011 134 minsken.
  • It Eden Valley Reservaat 216 (Ingelsk: Eden Valley 216 Reserve; Stony: Ga-hna) hat in oerflak fan 16,9 km², en der wennen yn 2011 587 minsken.
  • It Stony Reservaat 142-143-144 (Ingelsk: Stoney 142-143-144 Reserve; Stony: Mînî Thnî Wa-pta), ek wol it Morley Reservaat (Morley Reserve) neamd, hat in oerflak fan 392,6 km², en der wennen yn 2011 3.494 minsken.
  • It Stony Reservaat 142B (Ingelsk: Stoney 142B Reserve), ta einbeslút, hat in oerflak fan 56,9 km², en is ûnbewenne.
 
In foto út 1907 fan 'e Stony- Yndiaan Jacob Swampy.
Foto: Byron Harmon (1876-1942).

Op 22 septimber 1877 waard it Ferdrach Nû. 7, ien fan 'e alve regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen, sletten tusken fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kroan, it koloniale gesach yn Kanada, en foaroanlju fan 'e Siksika- en Kainai en Noardlike Pigan-stammen fan 'e Swartfuotten, de Sarsy en de Súdlike Stony. Yn ruil foar it oerdragen fan harren tradisjonele territoarium oan it koloniale regear fan Kanada (dat it dêrnei frijjoech foar kolonisaasje troch de blanken) krigen de neamde Yndiaanske groepen doe reservaten tawiisd, wylst se fan dy tiid ôf teffens rekkenje koene op 'e útkearing fan jierjilden. De Súdlike Stony hâlde lykwols oant hjoed de dei ta fol dat se by de ûnderhannelings foarôfgeande oan it sluten fan it ferdrach en by de ûndertekening sels mislaat wurden binne, mei't de skreaune wurden (dy't hja net lêze koene) de saken hiel oars foarstelden as wat der neffens harren mûnling ôfpraat wie. Sy mienden dat se akkoart giene mei in simpel fredesferdrach mei de blanken, dat gjin ynfloed hawwe soe op har gebrûk fan harren foarâlderlike lân.

Tradisjoneel wie ûnder de Súdlike Stony de funksje fan hûga, of heechste opperhaad, in erflik amt en in posysje foar it libben, dêr't mar inkeldris immen útset waard as er der wier-wier in potsje fan makke. De macht fan 'e hûga waard lykwols troch it Ferdrach Nû. 7 en lettere Kanadeeske wetjouwing oangeande Yndiaansk bestjoer sterk oan bannen lein, en yn 'e tweintichste iuw waard der fan oerheidswegen by de Súdlike Stony en oare stammen oanstien op 'e ynfiering fan in demokratysker foarm fan bestjoer. Yn 1952 holden de trije lidstammen fan 'e Stony Nakoda Naasje foar it earst ferkiezings foar de post fan opperhaad, en teffens foar leden fan 'e nije stamrieën. De earste keazen opperhaden wiene David Bearspaw foar de Bearspaw Earste Naasje; Jacob Twoyoungmen foar de Chiniki Earste Naasje; en Tom Snow foar de Wesley Earste Naasje. Yn 1957 waard de termyn foar de opperhaden en riedsleden fêststeld op twa jier. Dat bleau sa oant 2002, doe't de termyn by de Chiniki Earste Naasje ferlinge waard ta trije jier en by de Wesley Earste Naasje ta fjouwer jier. Yn 2013 waard it by de Bearspaw Earste Naasje ferlinge ta trije jier.

Yn 'e sechstiger jierren begûn it Kanadeeske regear in beweging nei mear selsbestjoer foar Yndiaanske stammen oan te moedigjen, en krige de Stony Nakoda Naasje mear frijheid. Nei in referindum waarden yn 1974 de trije lidstammen gearraand ta ien organisaasje mei ien inkeld opperhaad, mar doe't dêr grut trelit oer ûntstie ûnder de leden, waard de sitewaasje al hiel gau wer yn 'e âlde steat (fan trije stammen mei elts in eigen opperhaad) werombrocht. De trije opperhaden en tolve riedsleden foarmje mei-inoar de Stony Stammeried, it bestjoersorgaan fan 'e Stony Nakoda Naasje. Yn juny 2008 waard it eigen kasino fan 'e Súdlike Stony, it Stoney Nakoda Casino, iepene, likernôch 50 km eastlik fan Banff; it byhearrende hotel kaam yn 2009 ree.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.