Strjitten yn Hoarnstersweach
Wikimedia-list
De Strjitten yn Hoarnstersweach:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Aise Bruggenswei - Aise Bruggen (Makkingea, 21 jannewaris 1859 - Jobbegea, 24 juny 1926 ) wie in bekende feehâlder dy't tichtby dizze wei wenne hat. De heit Hindrik Harmens Bruggen kaam op 15 maaie 1895 út Elslo, fêstige him yn in alde wente en fan Drintsk type en hat in soa heide ûntgûn. Letter waard grûn fan de Skoatterlânske Kompanjons bykocht. Der rûn in paad oer de heide, dat "Bruggensreed" neamd waard.
- By de Leij-wei - Yn 1949 Master By de Leijwei is neamd nei Master Jan bij de Leij (Hallum, 1864 - It Hearrenfean 22 septimber 1935). De dyk waardyn 1951 mei klinkers ferhurde en yn 1954 trochlutsen nei de grins mei Eaststellingwerf. By de Leij betsjutte in soad foar it ûnderwiis yn it easten fan de gemeente. Hy begûn as kwekeling oan de skoalle yn Jobbegea-Skuorregea, waard letter ûnderwizer oan de skoalle by de tredde slûs n yn1912 haad fan de skoalle foaroer de 15e wyk yn Hoarnstersweach (oant ± 1925). Fûl en mei resultaat hat er it drankmisbrûk yn dizze omkriten bestriden, withoefaak is hy as sprekker yn drankbestridings-gearkomsten en op meetings optreden. Sa hat er him ynset foar Steatspensjoenen. Jierrenlang wie hy foarsitter fan Doarpsbelang, mei oprjochter en kassier fan de Boerelienbank fan Jobbegea-Skuorregea. Party artikels op in soad terreinen skreaun er foar ferskate blêden. Master Bij de Leij wie hast in libbenlang in beminde en tige wurdearre figuer yn dizze streek.
- Dekamawei - Neamd nei Piter fan Dekema dy't blikens it Dekema-argyf de earste wie waans each op de feanen fan Hoarnstersweaxch foel. Noch foar de Kompanjy oprjochte wie (dus foar 1551) kocht Fan Dekema hjir al feangrûnen. Sjoch ek by Fan Dekemaleane op It Hearrenfean.
- Ds. Ten Catewei - De wei rûn ynearsten yn de bocht rjochttroch oant it "Tsjerkepaad", dit lêste stik bliuwt as reed lizzen. Troch de groei fan de befolking waard de Nederlânsk Herfoarme tsjerke fan Hoarnstersweach/Jobbegea yn 1832 in selsstannige gemeente (foarhinne wienen dizze doarpen kombinearre mei Als- en Nijhoarne). Dûmny Othmar ten Cate (Ynskedee, 1808 - Hoarnstersweach, 28 jannewaris 1864) wie de earste predikant fan de nije gemeente (dy't doe Nederdúts herfoarme tsjerke neamd waard). Ten Cate stoar as frijfeint en leit begroeven yn Hoarnstersweach.
- Freulewei - neamd nei barones de Vos fan Stienwyk dy't hjir inkele pleatsen sette litten hat om 1900 hinne.
- Heechfeanswei - waard yn 1959-1960 oanlein yn in heechfeangebiet
- Jan Evertswei - Nei alle gedachten hat oan de wyk in Jan Everts wenne. De wei is oanlein yn 1959-1960 troch de gemeente Opsterlân as ûnderdiel fan de wei Sparjeburd-Skoatterlânske Kompanjonsfeart-Tronde.
- Jan Hofswei' - Eartiids de Wybren Bergsma's reed en op fersyk fan Opsterlân omneamd om de huzen oan de wyk makliker fine te kinnen.
- Jelle Heidawei - net mear as in fytspaad dy't mei in balke ôfsluten wurde kin. Jelle Heida hat fjirtich jier riedslid fan Skoatterlân west tusken 1891 - 1931. Hy wie yn dizze kontreien in foaroansteand man.
- Kapellewei - Efkes benoarden de trambrêge oer de Skoatterlânske kompanjonsfeart by de 23e Wyk stie mear as 400(?) jier lyn de ferneamde Bonifatiuskapel, wêrfan it stee noch bekend is as de Kapellepôle (dit heechlizzend heidefjildsje is nei de Twadde Wrâldoarloch oankocht troch It Fryske Gea). It plak stiet net allinnich op âlde kaarten foar, mar yn it Dekema-argyf komt in oantekening út 1565 foar, wêryn't ûnder Hoarnstersweach in tal landerijen fermelden wurde mei de notysje :"nog opt noord van desen plecht bonifacity cabelle in t feen te staen". Yn itselde argyf sit in keapbrief fan eigendommen yn Hoarnstersweach út 1552, dy't lizze "van den alleroudsten leidijk naast de akkerseinden, welke men in voortijden placht te gaan naar St.Bonifaciuskapel". Dit paad sil sawat lein hawwe wêr't de "Kapellewei" rint. (trambaan). Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de "Bonifacius Capelle" noch oanjûn en wol noard fan de "Feenscheidende Greppel tusschen Opsterland en Schoterland 1716 gemaakt". Op deselde kaart stiet it paad fan hjirfoar noch net.
- Laweisreed - (wierskynlik ferfallen) De 'lavei' of 'lawei' wie foar de feanarbeiders de tiidwizer en waard wol de 'klok fan it fean 'neamd' It wie in peal mei in koer dy't ophelle en sakke wurde litten koe. Fermoedlik is lawei ôflaat fan it Frânske 'lever' (is optille, hifkje, 'se lever' is fan bêd ôf komme en it opkommen fan de sinne). Yn Hoarnstersweach hie men it oer de 'lawaai'. Nei alle gedachten hat de earste lawei yn de gemeente It Hearrenfean (Skoatterlân) stien; op in kaart fan 1718 komt in law(v)ei foar, krekt foarby Bontebok en op de grins fan Aldhoarne en Skuorregea, beide benoarden de feart. Guon âlde minsken miene har yn 't sin bringe te kinnen dat der ek in lawei stean heawwe moat by De Tredde Slûs, neist it tsjintwurdige doktershûs, dêr't ek de hear Hoogeveen wenne hat, de fertsjintwurdiger fan de eardere feankompanjy. De lêste lawei stie oan de súdkant fan de feart foar de skoalle oer oan de 15e Wyk. By ûntginningswurk wurdt de 'lawei' noch wol ris brûkt -bygelyks om 1959 hinne by de ûntginning fan it Westerskar ten easten fan de Fjouwerhûsterfeart yn Haskerlân. De reed is yn 1997 net mear te finen.
- Lúksemburch - Rûn eartiids as in kronkeljende reed fan de "P.W.Janssenwei" in eastlike rjochting; is yn 1969/1970 rjochttroch lutsen en ferhurde. Neffens oerlevering soe yn de 19e iuw, doe't de Block fan Scheltinga boargemaster fan Skoatterlân wie, it liberalisme en konservatisme ûnbestriden wêze yn de ried. Doe ûntstie yn guon rjochts oriïntearden it langstme harren ynfloed by riedsferkiezings yn te setten. Sa slagge it yn dy dagen Sietse Schaap om ta riedslid keazen te wurden (riedslid 1876-1891). Dizze soe yn de ried foar it earst de namme Lúksemburch as plaknammeoantsjutting brûkt hawwwe, faaks yn ferbân mei de al gongbere namme "Belgje". Dit sloech yn by it Jubbegeaster publyk fan dy tiid en de namme "Lúksemburch" is yn dy omkriten sûnttiids bewarre bleaun.
- Miedwei - oanlein yn 1955/1956 by de ruilferkaveling by de Prikkedaam, foar de ûntsluting en dwers troch de meidlannen (leechlizzende healannen)
- Pastorijereed - De reed jout tagong ta de lannen dy't eigendom binne fan de pastorije. By it ruilferkavelingsplan by de Prikkedaam (Tsjongerfallei-Noard) is de reed yn 1955/56 ferhurde.
- Poelsreed - wierskynlik ferfallen reed. Oan beide kanten leinen puollen en plassen dêr't troch de jeugd in soad yn swommen waard.
- Prikkedaam - De namme ferwiist nei in primitive, fan takkebosken boude passaazje troch de Tsjonger, te fergelykjen mei it hjir en dêr foarkommende "Prikkewei". It gedielte 'daam' fan de namme kin likegoed 'daam' as 'wei' betsjutte. De Prikkedaam wie oarspronklik in tige primityf brechje oer it eardere rivierke de tsjonger. It bestie út in stik of wat peallen, mei dêroer tûken en heide. Mei hynder en wein koe der mei oerhinne riden wurde. By de kanalisaasje fan de Tsjonger yn 1886/87 is der in fêste brêge boud.
- Rogmolepaad - Oant mids 18e iuw stie oan dit paad in nôtmole (rogmûne), lykas út kaarten blykt. De mole stiet oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Sake Kromhoutwei - Sake Kromhout (It Hearrenfean, 14 oktober 1855 - 5 april 1932) wie soan fan in toskedokter, boer en ymker. Hy wie riedslid fan Skoatterlân tusken 1911-1927. Hy wenne flak neist dizze reed. It wie in bekend en ynfloedryk man yn de omkriten fan Hoarnstersweach. Sa hat er him ynset foar it ta stân kommen fan in molkfabryk yn Jobbegea, dêr't er ek jierrenlang bestjoerslid fan west hat. ek die er in soad wurk foar de boerelienbank dêre. In gedielte fan de wei stiet al oanjûn op in kaart fan Schotanus/Halma út 1718.
- Seisde Wyk - fan 1955 - 1970 hiet dizze wei offisjeel Dekemawei. By riedsbeslút fan 25 maaie 1970 is dizze namme an in oare wei jûn.
- Sint Magnuswei - De namme ferwiist nei de patroan, wêroan de tsjerke fan it doarp foar de herfoarming (1580) wijd wie. Der is bûten Hoarnstersweach gjin oare Magnustsjerke yn Fryslân. Yn it Dekema-argyf wurdt dizze hillige neamd. In diel fan de wei stiet (sûnder namme) oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma út 1718.
- Skieppedrift - Skieppedrift is in âlde beneaming. De hâlders fan skiep oan it "Tserkepaad" drifken eartiids harren skiep oer dizze drift nei de súdliker lizzende heidefjilden. Om 1900 hinne is de lêste boer dy't noch Drintske skiep hie (Lipstra), ferhuze. Der hat in tiid west dat alle boeren hjir Drintske skiep hienen.
- Skoatterlânskewei - By beslút fan 1955 waard it gedielte yn Hoarnstersweach omdoopt ta "Donkerbroekemerwei". Dêrnei waard by neamd beslút de eardere namme "Skkoatterlânskewei"yn eare wersteld. De wei rint no fan It Hearrenfean - mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch - oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach.
- Tsjongerfallei - De wei leit yn Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach en krige syn namme troch it feit dat er troch de Tsjongerfallei rint.
- Tsjerkepaad - Tsjerkepaed is in âlde namme dy't yn 1955 fêstlein waard. In diel fan it paad stiet al sûnder namme op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Twitelderreed - Soe yn súdlike rjochting rûn hawwe oant de grins mei Eaststellingwerf, mar is dêr al sûnt 1997 net mear te finen. De wenten oan dizze reed hawwe no in útgong nei de "Freulewei". Allinnich by de "Tsjongerfallei" stiet noch in buordsje mei dizze namme, mar nei alle gedachten oan de ferkearde kant fan it wetter). De wetterlossing, oan dizze reed, rint nei it eardere Twitelerhout (brechje); neamd nei it oan de súdkant lizzende buorskip Twitel. Twitel is in âlde Saksyske namme, wêrby't de útgong betrekking hat op bosl (loo). Yn it argyf fan de kompanjons (Dekema-argyf) is sprake fan in kontrakt oer in âlde en in nije “waterlieding” fan de 10e wyk nei de Tsjonger by Twitelerhout (1837).
- Wietze Mulderreed - Rûn eartiids oant de “Jelle Heidawei”, dy't doe trochrûn nei wer de “Skoatterlânskewei”. Wietze Jeens Mulder (Hoarnstersweach, 13 septimber 1874 - Grins, 11 oktober 1924)) wie in bekende neisiet fan de famylje Mulder, dy't hjit fan 1747 ôf wenne. Hy wie yn 1923/24 lid fan de ried fan Skoatterlân, hy wie in jier of wat lid fan de pleatslike skoallekommisje en lid fan de kommisje ta warren fan skoalfersom. Hy wie in man fan kwizekwânsje dy't him benammen foar Hoarnstersweach fertsjinstlik makke hat. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt in weigedielte foar dat fermoedlik identyk is oan de tsjintswurdige "Wietze Mulderreed". By brief fan 11 maart 1975 freget de hear H. Bouma út Hoarnstersweach nei it asfaltearjen fan in gedielte fan dizze beide wegen, ta betizing oanlieding jaande nammejouwing fan de "Jelle Heidawei" en de "Wietze Mulderreed" yn Hoarnstersweach te feroarjen en wol sa, dat it gedielte fan de "Jelle Heidawei", lizzend tusken de "Skoatterlânskewei" en it westlik ein fan de "Wietze Mulderreed", ek "Wietze Mulderreed" komt te hjitten. It oare (meast ûnferhurde) diel fan de "Jelle Heidawei" is fan dizze ferlingde "Wietze Mulderreed" dan in ôftakking.
- Wybren Bergsma's reed - (ferfallen) reed mei fytspaad fan de "Bij de Leijwei" nei de "Jan Hofswyk" yn Opsterlân. Yn 1974 is de "Wybren Bergma's reed" omneamd yn "Jan Hofswyk". Wybren Bergsma wenne yn it lêste hûs oan de Kompanjonsfeart, flak efter de 'Trambrêge'. Foar dizze reed waard earst de namme fan Roel Idskesreed útsteld.
- Wykein - Namme is ûntliend oan de, sjoen de lizzing fan it paad oan de ein fan de 17 o/m 22e Wyk, pleatslike beneaming 'Op 'e kop fan de wiken'. Fan de "By de Leijwei" yn ûngefear súdlike rjochting mei "Lúksemburch" (njonken de seisde wyk), foarhinne oant it "Tsjerkepaed".
- Fjirde Wyk (Jobbegea)
- Seisde Wyk
- Sânde Wyk
- Tsiende Wyk
- Fyftjinde Wyk
- Njoggentjinde Wyk
- Ienentwintichste Wyk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |