Survivor (film út 2015)

Survivor is in Britsk-Amerikaanske aksjespionaazjeskriller út 2015 ûnder rezjy fan James McTeigue, mei yn 'e haadrollen Milla Jovovich en Pierce Brosnan. De titel betsjut "Oerlibbene". It ferhaal giet oer Kate Abbott, in befeiligingsmeiwurkster fan 'e Amerikaanske ambassade yn Londen, dy't in terroristysk komplot op it spoar komt. Nei in bomoanslach wurdt se der lykwols sels fan fertocht dat se derefter sit. Mei de autoriteiten op 'e hakken moat se in gruttere oanslach sjen foar te kommen. Survivor krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Survivor
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James McTeigue
produsint Charles Winkler
Irwin Winkler
Matt O'Toole
Les Weldon
senario Philip Shelby
kamerarezjy Danny Ruhlmann
muzyk Ilan Eshkeri
filmstudio Millennium Films
Chartoff-Winkler Productions
distribúsje Alchemy (Feriene Steaten)
Lionsgate Films (Feriene Keninkryk)
spilers
haadrollen Milla Jovovich
Pierce Brosnan
byrollen Dylan McDermott
Frances de la Tour
Angela Bassett
Robert Forster
James D'Arcy
Roger Rees
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 29 maaie 2015
foarm langspylfilm
sjenre aksjespionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $3,8 miljoen

Yn 'e Oarloch yn Afganistan wurdt by gefjochtsaksjes fan it Amerikaanske Leger tsjin 'e Taliban in Amerikaanske helikopter delsketten. De beide piloaten wurde finzennommen troch de Taliban, wêrnei't oan 'e hân fan harren identiteit fêststeld wurdt dat de iene weardeleas en de oare brûkber is. Ien fan 'e mannen, Johnny, wurdt dêrnei twongen om tsjûge te wêzen fan 'e eksekúsje fan syn maat Ray.

Net folle letter komt Kate Abbott, in spesjaal aginte fan 'e Amerikaanske Diplomatic Security Service (DSS), as meiwurker yn it ramt fan befeiliging op 'e Amerikaanske ambassade yn 'e Britske haadstêd Londen te wurkjen. Hja besiket dêr in stranger neilibjen fan 'e regels ôf te twingen oangeande it útjaan fan reisfisa nei de Feriene Steaten, mar wurdt dêrby tsjinwurke troch har oerhearrige, Bill Talbot. Harren skeel spitst him ta op 'e oanfraach fan 'e Roemeen Emil Balan. Dyselde is neffens syn papierren hûsdokter, mar sil yn 'e Feriene Steaten in konvinsje fan bernedokters bywenje. Balan syn útlis is dat er njonken syn wurk as hûsdokter by in klinyk wurket dêr't er fral mei hiel jonge pasjinten te krijen hat. Kate fynt dat nuver, mar Talbot wiist derop dat genôch minsken in bybaantsje hawwe om wat ektra te fertsjinjen.

Kate besiket persoanlik by in Britsk bedriuw dêr't Balan ek wurke hawwe soe, en freget om dêr syn dossier ynsjen te meien. Eins hat se dêr hielendal gjin rjocht op as Amerikaanse yn it Feriene Keninkryk, en hie se de saak trochspylje moatten oan 'e Britske autoriteiten. Dat in Amerikaanske funksjonaris nei privee-ynformaasje oer ien fan syn wurknimmers freget, sjit de direkteur fan it bedriuw dan ek hielendal yn it ferkearde kielsgat; hy freget Kate om fuort te gean en skillet de plysje. Dy nimt de saak heech op, nammenste mear om't de direkteur fan it bedriuw kunde oan 'e Britske minister fan Binnenlânske Saken hat. Ynspekteur Paul Anderson fan 'e Londenske Metropolitan Police Service komt op 'e Amerikaanske ambassade om Kate de mantel út te fegen en ambassadrise Maureen Crane, dy't in tillefoantsje fan 'e minister krige hat, slút har dêrby oan. Kate wurdt inkeld stipe troch har direkte superieur Sam Parker.

Neitiid drukt Talbot syn sin troch, wat it fisum fan Balan oangiet. Dyselde deis geane Kate en fjouwer oare leden fan it ambassadepersoniel nei in restaurant om 'e jierdei fan Talbot te fieren. Sels komt hy letter om't er op it lêste momint weromroppen wurdt de ambassade yn foar in wichtich tillefoanpetear. Ienris yn it restaurant docht bliken dat it keapjen fan in jierdeiskado misrûn is troch in misferstân tusken de oare ambassademeiwurkers. Se lappe allegear jild, wêrnei't Kate gau-gau nei in winkel foar it restaurant oer giet om in gaadlik kado út te sykjen. Wylst se dêr is, wurdt der in bomoanslach op it restaurant útfierd, wêrby't alle fjouwer kollega's fan har omkomme. Kate komt mei de skrik frij, mar wurdt neitiid efterfolge troch in ûnbekende man mei in pistoal mei lûdsdemper, dy't har besiket dea te sjitten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Paul Anderson kriget de lieding oer it ûndersyk nei de oanslach. Hy en syn ûnderhearrigen ûntdekke al rillegau dat der yn 'e bom spoaren fan groom sieten. Sam Parker fermoedet dêrom dat de dieder in sochte hiermoardner is dy't bekend stiet as 'de Horloazjemakker'. Dat is ien dy't graach bommen ferstoppet yn oerwurken, dêrfandinne de bynamme. Net ien wit hoe't de Horloazjemakker derút sjocht, mei't er in protte plastyske sjirurzjy oan syn gesicht ûndergien hat.

Nei't se oan har efterfolger ûntkommen is, bejout Kate har neffens it ambassadeprotokol nei in 'feilige sône' yn it park Kensington Gardens, dêr't se Bill Talbot treft, dy't dêr ek hinne gien is. Talbot seit tsjin har: "No hast my gjin oare kar litten," wêrnei't er in pistoal lûkt en har besiket dea te sjitten. Kate grypt syn hân lykwols fêst en as yn 'e wrakseling it pistoal ôfgiet, blykt Talbot sels dejinge te wêzen dy't deadlik rekke is. Kate bliuwt mei it pistoal yn 'e hannen stean wylst Talbot yninoar sakket, en wurdt sa mei mobile tillefoanen filme troch tafallige foarbygongers dy't op 'e knal fan it skot ôfkomme. As se beseft wat der bard is, draaft se fuort. Ynspekteur Anderson, dy't neat ôfwit fan 'e earste man dy't Kate fermoardzje woe, liedt út har útnaaien nei de oanslach ôf dat se dêr wat mei te krijen hie. As er de filmkes sjocht fan 'e dea fan Bill Talbot, rekket er derfan oertsjûge dat Kate Talbot moedwillich fermoarde hat om't sysels ferantwurdlik wie foar de bomoanslach. Ambassadrise Crane folget deselde logika en is it dêrmei iens. Inkeld Sam Parker leaut yn Kate har ûnskuld.

Underwilens demonstrearret de Horloazjemakker oan Balan en de machtige sakeman Pavlou, dy't net mei folle skrupules belêstge is, wat der bard as er mei in slûpskuttersgewear in eksposive kûgel yn in tank mei heecheksplosyf gas sjit: der folget in reuseftige ûntploffing, dy't it flatgebou yn Tower Hamlets dêr't de tank by op it dak set wie, frijwol folslein ferwoastget. Ut it petear fan 'e trije mannen docht bliken dat dit in test is foar in oanslach mei fjouwer kear safolle gas, dy't se yn New York dwaan wolle. Neitiid giet de Horloazjemakker wer op jacht nei Kate, dy't lykwols by in konfrontaasje yn 'e metrotunnels fan 'e London Underground oan sawol him as Anderson-en-dy wit te ûntkommen.

Kate giet nei it appartemint fan Bill Talbot ta, dêr't se ynbrekt om op ûndersyk út te gean. As de binnenkomt, treft se dêr Sam Parker oan, dy't itselde idee hie. Tegearre fine se yn it appartemint bewiismateriaal dat Johnny, Talbot syn soan dy't by it Amerikaanske Leger yn Afganistan tsjinne, net sneuvele is, sa't eltsenien tocht, mar troch de Taliban fêstholden wurdt. Talbot koe dêrtroch maklik sjantearre wurde om dingen te dwaan, lykas it goedkarren fan fisa fan terroristen lykas dr. Balan. De Horloazjemakker komt Kate en Sam yn it appartemint oer it mad, wêrby't Sam sa earnstich ferwûne rekket, dat er letter yn kritike tastân nei it sikehûs brocht wurde moat. Kate ûntkomt op 'e nij, mar om't Sam net oansprekber is, geane Anderson en ambassadrise Crane derfan út dat Kate dejinge is dy't Sam tenei kommen is. Crane jout Anderson mei safolle wurden te kennen dat er net wifelje moat om te sjitten as er Kate yn it fizier kriget.

Kate ûntdekt ûnderwilens dat Balan eins in skiekundige is dy't himsels spesjalisearre hat yn 'e omgong mei gefaarlike gassen. Se rekket derfan oertsjûge dat der in terroristyske oanslach yn New York op steapel stiet, om't Balan en ferskate oare fertochte fisumoanfregers dy't troch Talbot trochlitten binne, allegearre dêrhinne reizge binne of reizgje sille. De iennichste dy't se no noch fertrouwe kin (en dy't har noch fertrout), is Sally, de oan in rolstoel klústere kompjûterekspêr fan 'e ambassadebefeiliging. Mei har help wit Kate fia in geheime yngong de ambassade binnen te kommen, dêr't se yn 'e kelder foar harsels in nije paspoart oanmakket ûnder in falske identiteit, wêrnei't se de kompjûter dêr't se dat mei dien hat, stikken slacht en de hurde skiif stelt, sadat net mear te efterheljen is hokker namme se foar harsels betocht hat. Se wit krekt op 'e tiid út 'e ambassade te ûntkommen en boekt in flecht nei New York.

Yn 'e tuskentiid is dúdlik wurden dat it motyf fan Balan wraak is: hy wol de Feriene Steaten safolle mooglik skea tabringe om 'e dea fan syn frou silger te ferjilden, dy't ferstoarn is oan in genêsbere sykte om't de Amerikaanske oerheid har gjin fisum ferstrekke woe foar in behanneling yn in Amerikaansk sikehûs. Pavlou beart dat er ideologyske redens hat om 'e oanslach yn New York te organisearjen, mar de Horloazjemakker riddenearret út dat it him eins om jild te dwaan is. Pavlou hat ynset op it ynstoarten fan 'e effektebeurs en sil nei de oanslach miljarden dollars fertsjinje. De Horloazjemakker easket dêr de helte fan, oars fiert er de oanslach net út. Foar it blok set, beslút Pavlou dat in heal aai better is as in lege dop.

Sawol Balan, de Horloazjemakker as Kate reizgje nei New York, dêr't se op âldjiersdei arrivearje. Kate lit har dêr omride troch in taksy, op 'e siik nei in oanwizing. Dy fynt se yn in nijsberjocht dat meldt dat de bekende bal, dy't op âldjiersjûn om midsnacht by de fiering op Times Square omleech falt, foarsjoen wurdt fan LED-ljochtsjes en folle wurdt mei in kuollingsgas. Se beseft dat Balan fan doel is de bal te foljen mei in eksplosyf gas. Op Times Square kriget se Balan en de Horloazjemakker yn 'e gaten, dy't se folget nei in appartemintekompleks in ein fan Times Square ôf. Op it dak stelt de Horloazjemakker syn slûpskuttersgewear op, mar hy fermoardet Balan foar't er op 'e bal sjit, mei't er gjin lestige tsjûgen hawwe wol. Kate ûnderbrekt him om midsnacht, krekt ear't er sjitte sil. Se krije slaanderij, wêrby't de Horloazjemakker Kate úteinlik oermânsk wurdt. Wylst er har smoart, set se har mei de foet ôf tsjin in muorre en triuwt dêrmei de Horloazjemakker fan it dak. Sels kin se har noch rêde, mar de Horloazjemakker falt te pletter wylst de klok tolve slacht.

Fuort letter kringt de New Yorkske plysje op it dak fan it gebou troch (mei't Kate de portier mei in pistoal bedrige hie om binnen te kommen). De oerdie oan bewiismateriaal dat se in terroristyske oanslach foarkomd hat, soarget der lykwols foar dat alle beskuldigings tsjin har gau ynlutsen wurde. Neitiid kriget se tillefoan út Londen. It blykt Sam te wêzen, dy't opbettere is fan 'e oprûne ferwûnings. Hy lokwinsket har mei har súkses.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Milla Jovovich.
 
Pierce Brosnan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kate Abbott Milla Jovovich
de Horloazjemakker Pierce Brosnan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sam Parker Dylan McDermott
Sally Frances de la Tour
ambassadrise Maureen Crane Angela Bassett
Bill Talbot Robert Forster
ynspekteur Paul Anderson James D'Arcy
dr. Emil Balan Roger Rees
Pavlou Benno Fürmann
Lisa Carr Genevieve O'Reilly
Robert Purvell Regé-Jean Page
Naomi Rosenbaum Antonia Thomas
Joyce Su Jing Lusi
Alvin Murdock Sean Teale
Helen Sonya Cassidy
Johnny Talbot Paddy Wallace
Ray Parker Sawyers

Emma Thompson waard cast yn 'e film en ferskynde foarôf yn promoasjemateriaal, mar loek har krekt foar it begjin fan 'e opnamen werom.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Survivor waard regissearre troch James McTeigue, dy't earder û.m. V for Vendetta (2005) makke hie. Hy wurke op basis fan in senario fan Philip Shelby. As produsinten wiene Charles Winkler, Irwin Winkler, Matt O'Toole en Les Weldon by it projekt belutsen foar de filmstudio's Millennium Films en Chartoff-Winkler Productions. Foar de film, dy't in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie, waard in budget fan $20 miljoen beskikber steld. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Danny Ruhlmann, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ilan Eshkeri. De opnamen setten op 20 jannewaris 2014 útein en fûnen plak yn Londen en Bulgarije.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Survivor waard yn it Feriene Keninkryk fersoarge troch Lionsgate Films en yn 'e Feriene Steaten troch Alchemy. De film wie yn 'e Feriene Steaten fan 29 maaie 2015 ôf te sjen yn in beheind tal bioskopen en fia video-on-demand. Yn it Feriene Keninkryk gie de film op 5 juny 2015 yn bioskopen yn it hiele lân yn premiêre. Survivor waard op 23 juny fan dat jier al op dvd en blu-ray útbrocht yn 'e Feriene Steaten en fan 7 july ôf ek yn oare lannen.

Fan 'e filmkritisy krige Survivor oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Survivor in leech goedkarringspersintaazje fan 8%, basearre op 51 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er wiidweidich liend fan bettere films om in foarsisber ferhaal te fertellen sil [de film] wrakselje om 'e oandacht fêst te hâlden fan sels de taaiste aksjeskrillerfans." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Survivor in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 14 resinsjes.

Survivor brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $3.839.100 op. As men dy skriele opbringst ôffset tsjin it budget fan $20 miljoen, betsjut dat in ferlies fan $16,2 miljoen, dêr de marketingkosten noch by komme. It is mar de fraach oft de produsinten dat goed meitsje koene troch ynkomsten út dvd- en blu-rayferkeap en video-on-demand.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.