Sword and sorcery
Sword and sorcery (Ingelsk foar "swurd en tsjoenderij"), gauris ôfkoarte ta S&S, is in subsjenre fan 'e fantasy, dat karakterisearre wurdt troch swurdfjochtsjende helden yn spannende en gewelddiedige aventoeren. Der komt ek tsjoenderij of magy yn foar, en faak binne der ek eleminten fan romantyk en it boppenatuerlike; sa moat de held faak in tsjeppe prinsesse of in oare jonkfrou yn need rêde en nimt er it op tsjin ien of mear meunsters. Oars as by hege fantasy lizze de ferhalen, hoewol't dy net minder dramatysk binne, har dochs mear ta op persoanlike wrakselings as wrâldbedriigjende saken. Ek komme yn sword and sorcery gjin fêste soarten mytyske wêzens foar, lykas elven, dwergen, draken en eardsken, dy't yn hege fantasy wol in rol spylje. Sword and sorcery oerlapet frijwat mei in oar fantasysubsjenre, heldhaftige fantasy.
De term 'sword and sorcery' waard yn 1961 betocht troch de fierde Amerikaanske skriuwer Fritz Leiber, doe't syn Britske kollega Michael Moorcock yn it fanzine Amra oprôp ta it betinken fan in namme foar it soarte fantasy-aventoereferhaal dat fan 1929 ôf skreaun wie troch Robert E. Howard, de geastlike heit fan it ferneamde personaazje Conan de Barbaar.
Foarbylden fan sword and sorcery-literatuer binne dan yn it foarste plak ek de koarte ferhalen fan Howard oer Conan de Barbaar (begjinnend yn 1932) en Kull fan Atlantis (begjinnend yn 1929). Oare foarbylden binne de ferhalen oer Jirel fan Joiry fan C.L. Moore, begjinnend yn 1934, de rige Fafhrd and the Gray Mouser fan Fritz Leiber, begjinnend yn 1939, de Elric-syklus fan Michael Moorcock, begjinnend yn 1961, de Kane-romansearje fan Karl Edward Wagner, begjinnend yn 1970, en de Return of Nevèrÿon-syklus fan Samuel R. Delany, dy't publisearre waard fan 1979 oant 1987.
De earste ferhalebondel fan it subsjenre wie Swords and Sorcery, dy't yn 1963 útkaam ûnder redaksje fan L. Sprague de Camp. Nei't sword and sorcery yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren syn hichtepunt berikte, ûntstie der yn 'e ienentweintichste iuw in beskate oplibbing mei de boeken fan auteurs as Steven Erikson en Joe Abercrombie, dy't skriuwe oer ûnderwerpen dy't mear gemien hawwe mei hege fantasy, mar dat dogge op in wize dy't wenst is by sword and sorcery.
Fantasyfilms dy't oanmurken wurde kinne foar sword and sorcery, binne bgl. The Golden Voyage of Sinbad (1973), The 7th Voyage of Sinbad (1984), Dragonslayer (1981), Conan the Barbarian (1982), Conan the Destroyer (1984), Red Sonja (1985), The Princess Bride (1987), Dragonheart (1996), Kull the Conqueror (1997), The Scorpion King (2002) en Conan the Barbarian (2011). Foarbylden fan tillefyzjesearjes dy't ta sword and sorcery rekkene wurde kinne, binne Hercules: The Legendary Journeys en Xena: Warrior Princess.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |