Conan de Barbaar (Ingelsk: Conan the Barbarian), ek bekend as Conan de Simmeariër (Ingelsk: Conan the Cimmerian), is in fiktive held út 'e sword and sorcery-ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard, dy't datearje út 'e 1930-er jierren. De koarte ferhalen oer him ferskynden fan 1932 ôf yn it tydskrift Weird Tales. Nei it ferstjerren fan Howard waard syn wurk fan 'e 1950-er jierren ôf popularisearre troch L. Sprague de Camp en Lin Carter, mei as gefolch dat de ferhalen bekendheid krigen by in breder publyk. Meitiid groeide Conan de Barbaar út ta ien fan 'e bekendste en dierberste personaazjes út 'e fantasyliteratuer. Der waarden (nije) boeken oer him skreaun en syn aventoeren waarden adaptearre ta oare media, lykas strips, films, tillefyzjeprogramma's, fideospultsjes en rollespullen.

Conan de Barbaar
In yllustraasje fan Conan de Barbaar troch Mark Schultz foar útjouwerij Del Rey Books.
In yllustraasje fan Conan de Barbaar troch Mark Schultz foar útjouwerij Del Rey Books.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Conan de Simmeariër
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Simmearysk
berop/amt kriger
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Bêlit, Thoth-Amon, Valeria
attributen swurd
geastlike heit Robert E. Howard
útjouwer Weird Tales
ûntstean 1932

De ferhalen oer Conan spylje yn it fiktive en pseudo-histoaryske "Hyboarysk Tiidrek", dat neffens Howard bestien hawwe soe nei't Atlantis derûnder strûpte en foar't de bekende beskavings út 'e Aldheid har ûntjoegen. De namme fan dat tiidrek is ôflaat fan Hyperboarje, it legindaryske lân dat neffens de Alde Griken yn it uterste noarden fan 'e wrâld lei. Neffens in gauris oanhelle passaazje út The Phoenix on the Sword, it alderearste Conan-ferhaal, wie it Hyboarysk Tiidrek sitewearre "tusken de jierren dat de oseänen Atlantis en de glinsterjende stêden opdronken, en de jierren fan 'e opkomst fan 'e Soannen fan Aarjas."

 
Cosplay fan Conan de Barbaar (midden), flankearre troch twa ferzjes fan superheldinne Wonder Woman op it New York Comic Con fan 2016.

Persoanlikheid

bewurkje seksje

Conan is in etnyske Simmeariër. De Simmeariërs út it wurk fan Robert E. Howard binne basearre op 'e âlde Kelten en miskien foar in lyts part ek op 'e histoaryske Simmeariërs, oer wa't lykwols net in protte bekend is. De Simmeariërs fan Howard binne ferdield oer in grut tal clans, dy't ûnderling omraak oarlogje en inkeld miene saak meitsje as der ynminging fan bûtenôf driget. Conan is de soan fan 'e smid út in lyts doarp en waard berne op it slachfjild. Hy groeide fluch op en mei fyftjin jier wied er al in respektearre kriger, dy't dielnommen hie oan 'e ferwoastging fan 'e op Simmearysk lân boude Aquiloanyske fêsting Venarium.

Neitiid rekke Conan oanhelle mei in langst en doarmje omfierrens, dat yn 'e ferhalen fan Howard swalket er troch de wrâld wylst er oan 'e kost komt as dief, bandyt, seerôver en hierling. Letterkundige George Baxter murk op dat Conan, hoewol't er behelle wie yn fjouwer ferskillende klibers seerôvers op twa ûnderskate seeën en ek oanfierder wie fan bindes strûkrôvers op trije ferskillende plakken, eins nea troch de lêzer op 'e die trappearre wurdt op dievepraktiken. Sa seit er yn it ferhaal Shadows in the Moonlight: "Wy kozakken setten sûnder ûnderskie te meitsjen útein mei it plonderjen fan 'e bûtengrinzen fan 'e lannen Koth, Zamora en Turan." Mar dat is in weromblik op wat er dien hat foar't it ferhaal begjint. En as er yn The Pool of the Black One ferklearret: "Wy sette ôf nei wetters dêr't de havens ryk binne en de keapfardijskippen smoarfol bút sitte," hat er it oer wat er dwaan sil nei't it ferhaal út is.

By syn aventoeren befjochtet Conan ysbaarlike meunsters en boasaardige tsjoenders en bemint er tsjeppe herbergiersdochters en prinsessen. In opfallend elemint fan syn karakter liket syn hoaskens foar froulju oer te wêzen, mei't it him tige twer liket te wêzen om froulju te befjochtsjen, sels as se him besykje te deadzjen. Ek hat er sterk de niging om in jonkfou yn need te rêden (lykas yn Jewels of Gawahlur en The Black Stranger), faak sûnder der wat foar werom te freegjen, sa't fan in wiere hierling ferwachte wurde kinne soe. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich dat Conan yn in binde banditen of in kliber seerôvers, sa't letterkundige Jennifer Bard opmurk, oanstriid hat om it gesach fan in manlike lieder te ûndermynjen en him ûnder fuotten te heljen om sels syn posysje oer te nimmen (lykas yn The Pool of the Black One, A Witch Shall Be Born en Shadow in the Moonlight), wylst er him gewillich ûnder it gesach fan 'e lieder liket del te jaan as dy in frou is (lykas yn Queen of the Black Coast en Red Nails).

By syn aventoeren set Conan de iene heldedie nei de oare út 'e wei, mar syn motivaasje is dêrby yn it foarste plak altyd om syn eigen oerlibjen te bewissigjen of om der sels better fan te wurden. Pas as er al djip yn in aventoer behelle rekke is, set er soms troch as it net mear nedich is, om wraak te nimmen of út mear ûnbaatsuchtige redens. Mei't er âlder wurdt, kriget Conan it befel oer almar gruttere groepen krigers en waakse syn ambysjes oan. As er yn 'e fjirtich is, bringt er de tirannike hearsker fan Aquiloanje ûnder fuotten om sels kening foar him yn it plak te wurden. Dêrby smoart er syn foargonger op 'e treppens fan syn eigen troan.

 
Twa promoaters fan it online-rollespul Age of Conan ferklaaid as froulju út it Hyboarysk Tiidrek op 'e Games Convention yn Leipzig yn 2008.

Howard omskreau Conan as "in reus" en "enoarm", mar joech nea spesifikere oantsjuttings fan lingte of gewicht. Wol wiene syn blauwe eagen "somber", "smeulend" en "fulkanysk", en syn hier "fjouwerkantich ôfsnien". Hoewol't Conan yn strips en films bekendstiet om it dragen fan inkeld in muldoek, of it moat wêze dat it omreden fan 'e klimatologyske omstannichheden echt net oars kin, droech er neffens Howard altyd lykfol hokker kledaazje mar gaadlik wie foar it lân of de kultuer dêr't er him yn bejoech. Conan mei dan grut en spiersterk wêze, hy is dochs tige linich en syn manear fan bewegen wurdt yn ferskate ferhalen ferlike mei dy fan in panter.

Publikaasjeskiednis

bewurkje seksje

Conan de Barbaar waard troch Robert E. Howard kreëarre yn in rige koarte ferhalen dy't er fan 1932 ôf benammen yn it tydskrift Weird Tales publisearre. Hy waard dêrby wierskynlik beynfloede troch it wurk fan 'e skriuwer Plutarchus, út 'e Aldheid, en troch The Outline of Mythology, fan Thomas Bulfinch, út 1913. It earste Conan-ferhaal, The Phoenix on the Sword, dat yn it desimbernûmer fan Weird Tales fan 1932 ferskynde, wie eins in omwurke ferzje fan in earder ferhaal, By This Axe I Rule!, oer in oare held fan Howard, Kull fan Atlantis. Tagelyk stjoerde Howard noch twa nije, orizjinele ferhalen oer Conan yn, The Scarlet Citadel en Gods of the North, wêrfan't er it lêste basearre hie op 'e Grykske myte oer de nimf Dafne. Gods of the North waard ôfwiisd, mar The Scarlet Citadel ferskynde yn it jannewarisnûmer fan 1933.

Farnsworth Wright, de haadredakteur fan Weird Tales, fitere Howard neitiid oan om The Hyborian Age te skriuwen, in essay fan 8.000 wurden foar eigen gebrûk oer it Hyboarysk Tiidrek, de fiktive setting foar de ferhalen oer Conan. Mei dat as rjochtline skreau Howard doe The Tower of the Elephant, it earste ferhaal wêryn't er de Hyboaryske wrâld wier yn 'e eftergrûn fan syn ferhalen yntegrearre. Troch it súkses fan The Tower of the Elephant waard Howard oantrune ta it skriuwen fan noch folle mear Conan-ferhalen. Tsjin 'e tiid fan syn selsmoard, yn 1936, hied er 21 komplete ferhalen skreaun, wêrfan't 17 publisearre wiene. Dêropta wiene der ek noch in fjouwertal ûnfoltôge fragminten of gearfettings.

Nei Howard syn dea gie it auteursrjocht fan syn ferhalen troch ferskillende hannen, oant de ferhalen fan 'e 1950-er jierren ôf ûnder tafersjoch fan L. Sprague de Camp en Lin Carter redigearre, op 'e nij besjoen en soms werskreaun waarden. Likernôch fjirtich jier lang wiene de oarspronklike ferzjes fan 'e Conan-ferhalen net te besetten, oant Berkley Books se yn 1977 yn in trijedielige útjefte útbrocht. Yn 'e 1980-er jierren waarden de oarspronklike Conan-ferhalen op in stuit hielendal net mear útjûn, en pas yn 2000 makke de Britske útjouwerij Victor Gollancz Ltd alle oarspronklike ferhalen wer beskikber, ûnder de titel The Complete Chronicles of Conan.

In oare Britske útjouwerij, Wandering Star Books, besocht de oarspronklike ferzjes fan 'e ferhalen fan Howard út te jaan foarsjoen fan wittenskiplike en histoaryske noaten. Dat late ta de publikaasje fan trije boeken: Conan of Cimmeria: Volume One (1932-1933) yn 2003; Conan of Cimmeria: Volume Two (1934) yn 2004; en Conan of Cimmeria: Volume Three (1935-1936) yn 2005. Yn 'e Feriene Steaten ferskynden dy útjeften by Ballantine Books, in ymprint fan Del Rey, as The Coming of Conan the Cimmerian, The Bloody Crown of Conan, resp. The Conquering Sword of Conan.

Oarspronklike Conan-ferhalen fan Robert E. Howard

bewurkje seksje

Publisearre yn Weird Tales

bewurkje seksje
  1. The Phoenix on the Sword (publ. yn jiergong 20, nû. 6, des. 1932)
  2. The Scarlet Citadel (publ. yn jiergong 21, nû. 1, jann. 1933)
  3. The Tower of the Elephant (publ. yn jiergong 21, nû. 3, mrt. 1933)
  4. Black Colossus (publ. yn jiergong 21, nû. 6, juny 1933)
  5. Xuthal of the Dusk (publ. yn jiergong 22, nû. 3, sept. 1933; alternative titel: The Slithering Shadow)
  6. The Pool of the Black One (publ. yn jiergong 22, nû. 4, okt. 1933)
  7. Rogues in the House (publ. yn jiergong 23, nû. 1, jann. 1934)
  8. Iron Shadows in the Moon (publ. yn jiergong 23, nû. 4, apr. 1934; publ. as Shadows in the Moonlight)
  9. Queen of the Black Coast (publ. yn jiergong 23, nû. 5, maaie 1934)
  10. The Devil in Iron (publ. yn jiergong 24, nû. 2, aug. 1934)
  11. The People of the Black Circle (publ. yn jiergong 24, nû. 3-5, sept. oant nov. 1934)
  12. A Witch Shall Be Born (publ. yn jiergong 24, nû. 6, des. 1934)
  13. Jewels of Gwahlur (publ. yn jiergong 25, nû. 3, mrt. 1935; oarspronklike titel fan Howard: The Servants of Bit-Yakin)
  14. Beyond the Black River (publ. yn jiergong 25, nû. 5-6, maaie oant juny 1935)
  15. Shadows of Zamboula (publ. yn jiergong 26, nû. 5, nov. 1935; oarspronklike titel fan Howard: The Man-Eaters of Zamboula)
  16. The Hour of the Dragon (roman; publ. as fúljeton yn jiergong 26, nû. 6 oant jiergong 27, nû. 4, des. 1935 oant apr. 1936)
  17. Red Nails (publ. yn jiergong 28, nû. 1-3, july, sept. en okt. 1936)

Publisearre yn Fantasy Fan

bewurkje seksje
  • Gods of the North (publ. yn mrt. 1934; yn The Coming of Conan út 1953 werpubl. as The Frost-Giant's Daughter)

Postúm publisearre

bewurkje seksje

Unfoltôge ferhalen

bewurkje seksje

Oar Conan-relatearre materiaal fan Howard

bewurkje seksje
  • Wolves Beyond the Border (in ferhaal sûnder Conan, mar yn 'e wrâld fan Conan; fragmint; publ. yn The Conan Chronicles, Vol. 2, 2001; kompletearre ferzje fan L. Sprague de Camp publ. yn Conan the Usurper, 1967)
  • The Hyborian Age (essay; publ. yn The Hyborian Age, 1938)
  • Cimmeria (gedicht; publ. yn The Howard Collector, 1965)

Ferhalen fan oare skriuwers

bewurkje seksje

Omreden fan 'e duorjende populariteit fan Conan de Barbaar binne der letter ferhalen en romans oer him skreaun troch in grut tal oare auteurs, ûnder wa Poul Anderson, Leonard Carpenter, Lin Carter, L. Sprague de Camp, Roland J. Green, John C. Hocking, Robert Jordan, Sean A. Moore, Björn Nyberg, Andrew J. Offutt, Steve Perry, John Maddox Roberts, Harry Turtledove en Karl Edward Wagner. Guon fan harren hawwe ûnfoltôge wurk fan Howard ôfmakke, wylst oaren folslein nije ferhalen skreaun hawwe. Sa binne der meitiid mear as fyftich romans oer Conan ferskynd.

 
De timpel fan Thulsa Doom út 'e film Conan the Barbarian (1982).

Der binne trije films oer Conan de Barbaar makke: Conan the Barbarian, út 1982, mei in jonge Arnold Schwarzenegger yn 'e titelrol, is dêrfan de bekendste. In minder populêr ferfolch wie Conan the Destroyer, út 1984, op 'e nij mei Schwarzenegger yn 'e haadrol. It wie de bedoeling fan filmprodusint Dino De Laurentiis om in trilogy te meitsjen, dy't ôfsletten wurde soe mei Conan the Conqueror. De produksje fan 'e lêste film rûn lykwols op 'e non. It senario dêrfoar waard letter brûkt foar de film Kull the Conqueror (1997), mei Kevin Sorbo yn 'e haadrol.

Yn 2011 waard in remake of reboot fan 'e Conan-films besocht, mei Conan the Barbarian, wêryn't Jason Momoa de haadrol spile. Dat waard lykwols gjin súkses. Yn 2012 waard bekendmakke dat Universal Pictures plannen hie om Schwarzenegger dochs nochris yn 'e rol fan Conan weromkeare te litten. Dêr waard neitiid lang neat fan heard, mar yn oktober 2019 befêstige Schwarzenegger dat dy film, dy't Conan the King komme soe te hjitten, noch altyd yn aktive preproduksje wie.

Tillefyzjeprogramma's

bewurkje seksje

Op 'e tillefyzje wiene trije searjes te sjen oer Conan de Barbaar. Conan the Adventurer wie in tekenfilmsearje dy't twa jier rûn, fan 1992 oant 1994. Dêrfan ôflaat wie Conan and the Young Warriors, in tekenfilmsearje dy't yn 1994 makke waard, mar gjin grut súkses waard. De twadde Conan the Adventurer wie in live-actionsearje dy't yn 1997 makke waard mei de Dútske bodybuilder Ralf Möller yn 'e titelrol. Dêryn waard Conan net foarsteld as in ienlike swalker, sa't Howard him hawwe woe, mar as in lid fan in fleurige binde aventoerslju. Der waarden fan 'e searje 22 ôfleverings makke.

Der waarden ek in protte stripadaptaasjes fan 'e ferhalen fan Conan de Barbaar makke, fan 1970 oant 1993 troch Marvel Comics ûnder de titel Conan the Barbarian en fan 1974 oant 1995 by deselde útjouwer ûnder de titel Savage Sword of Conan. By Dark Horse Comics ferskynde fan 2003 ôf de earste searje as Conan. Folgjende searjes fan deselde útjouwer wiene: Conan the Cimmerian (fan 2008 ôf), Conan: Road of Kings (fan 2010 ôf), Conan the Barbarian (fan 2012 ôf), Conan the Avenger (fan 2014 ôf), en Conan the Slayer (fan 2016 ôf). Yn 2018 bemachtige Marvel de rjochten wer en begûn yn jannewaris 2019 nije útjeften fan Conan the Barbarian en Savage Sword of Conan.

De folgjende spultsjes waarden basearre op it personaazje fan Conan de Barbaar:

fideospultsjes

Rollespullen

bewurkje seksje
  • 2009 – Age of Conan
  • 2016 – Conan (earder: Conan: Hyborian Quests)

Kaartspullen

bewurkje seksje

Rollespullen

bewurkje seksje

Yn 'e romansearje Discworld fan komyske fantasyboeken fan 'e Britske skriuwer Terry Pratchett wurdt Conan de Barbaar parodiëarre yn 'e foarm fan it personaazje Cohen de Barbaar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.