Kull the Conqueror

film út 1997 fan John Nicolella

Kull the Conqueror is in Amerikaansk-Italjaanske fantasy-aventoerefilm út 1997 ûnder rezjy fan John Nicolella, mei yn 'e haadrollen Kevin Sorbo, Tia Carrere en Karina Lombard. De titel betsjut "Kull de Feroverder". De film is loskes basearre op ferskate aventoeren fan 'e helden Conan de Barbaar en Kull fan Atlantis, út it wurk fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard. It ferhaal folget de barbaar Kull, dy't it keningskip oer it beskaafde ryk Valusia bemachtiget. In gearspanning mank de Valusyske adel besiket him ûnder fuotten te heljen, en dêrfoar wekje de gearspanners de heks Akivasha fan Acheron op út 'e dea. Hja lêst lykwols út har eigen skript, ta ûntsteltenis fan 'e eallju. It senario fan Kull the Conqueror wie oarspronklik skreaun foar de nea makke trêde Conan-film en waard tsien jier letter recycle foar in film oer Kull fan Atlantis. Fan 'e filmkritisy krige Kull the Conqueror oer it algemien negative resinsjes. Yn 'e bioskopen spile de film mar krekt kyt.

Kull the Conqueror
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Nicolella
produsint Raffaella De Laurentiis
senario Charles Edward Pogue
basearre op Kull fan Atlantis
   fan Robert E. Howard
kamerarezjy Rodney Charters
muzyk Joel Goldsmith
filmstudio Dino De Laurentiis Cinema-
   tografica
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Kevin Sorbo
Tia Carrere
Karina Lombard
byrollen Thomas Ian Griffith
Litefoot
Edward Tudor-Pole
Harvey Fierstein
Roy Brocksmith
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Itaalje
premiêre 29 augustus 1997
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $22 miljoen

Kull leit fjochtsjendewei in proef ôf om talitten te wurden ta it Drakelegioen, in karkloft fan it leger fan Valusia. Generaal Taligaro is yn earste ynstânsje ûnder de yndruk fan syn kinnen, mar as er foar it ferstân kriget dat Kull in barbaar út Atlantis is, jout er him te ferstean dat er nea talitten wurde sil ta it legioen, mei't dêryn inkeld mannen fan 'nommel bloed' tsjinje meie. Yn frustraasje smyt Kull syn striidbile fuort nei't Taligaro him hjitten hat dat dat it wapen fan in barbaar is; beskaafde mannen fjochtsje neffens him mei swurden.

In boadskipper arrivearret, dy't Taligaro warskôget dat kening Borna gek wurden is en syn erfgenamten ôfslachtet. Taligaro hastiget him fuortendaliks nei it keninklik kastiel, dêr't de troanseal besiedde leit mei liken. As Borna erchtinkend wurdt yn 'e rjochting fan Taligaro, dy't troch syn komôf ek oanspraak meitsje kin op 'e troan fan Valusia, grypt Kull yn, dy't de generaal nei it kastiel ta folge is. Hy besiket de kening del te bêdzjen, mar Borna falt him oan. Nei in koart gefjocht stekt Kull de kening del. Foar it each fan 'e gearklofte adel fan Valusia easket Taligaro de kroan op, mar der blykt noch ien oare erfgenamt fan Borna yn libben te wêzen, de ferweakke ealman Ducalon. Wylst sy beiden deilis reitsje, krûpt de deadlik ferwûne Borna nei Kull ta, beneamt him ta syn erfgenamt en langet him de kroan oer. Fuort dêrnei beswykt er oan syn wûne. De earste minister Tu stelt, ta ôfgriis fan Ducalon en Taligaro, fêst dat de wil fan 'e kening wet is, wat betsjut dat Kull no kening oer Valusia is.

Neitiid besiket Kull de harem fan Borna, dy't no sines is. Hy ken dêr ien fan 'e froulju werom: Zareta, in wiersizzeresse dy't him earder ris foarsein hat dat er kening wurde soe. Kull, dy't har begeart, ûntbiedt har yn 'e keninklike sliepkeamer, dêr't se de kaarten foar him lêst en foarseit dat it lot fan syn keninkryk ôfhingje sil fan in tút. As Kull neitiid lykwols mei har op bêd sil, makket Zareta him dúdlik dat se inkeld meiwurkje sil om't se as slavinne net oars kin, mar net om't se him hawwe wol. Dat bedjert foar Kull de boel, mei't er sels fiif jier lang galeislaaf west hat, en hy stjoert har werom nei de harem.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis besiket Kull de slavernij yn Valusia ôf te skaffen, mar Tu leit him út dat de alâlde wetten fan it lân yn stiennen tafels úthoud binne, dy't yn 'e troanseal opsteld steane. Net ien kin dêr wat oan feroarje, en om't it rjocht fan 'e adel om slaven te hâlden dêryn fêstlein is, kin de slavernij net ôfskaft wurde. De yrritearre Kull, dy't war docht om in beskaafde kening te wurden, beslút dat er alteast Zareta har frijheid jaan kin, mei't sy syn eigen slavinne is, mar Zareta kiest derfoar om as tsjinneresse yn 'e harem te bliuwen. By in rit troch de stêd sjocht Kull hoe't in man troch de preester Mandara gisele wurdt. It docht bliken dat it Ascalante is, in preester fan in rivalisearjende religy dy't de god Valka ferearet. Dyselde wie troch Borna ferballe en syn religy ferbean. Kull oarderet dat ûnder syn regear elts ferearje mei wa't er wol en befellet Ascalante om 'e timpel fan Valka te weriepenjen.

Under syn seremoniële kroaning besykje in stikmannich hiermoardners Kull te fermoardzjen, mar hy weeft handich mei harren ôf. De opdrachtjouwers fan 'e oanslach wiene Taligaro en Ducalon, mar Taligaro bewissiget dat net ien fan 'e hiermoardners libben finzen nommen wurdt. Nachts wurde de gearspanners ûntbean troch in oare weromkearde balling, de tsjoender Enaros. Dyselde biedt harren syn help oan troch Akivasha, de heksekeninginne fan Acheron, dy't trijetûzen jier lyn libbe, út 'e dea op te wekjen. Taligaro en Ducalon nimme it oanbod fan Enaros oan. De leginden oer de hel op 'e Ierde, dy't ûnder it bewâld fan Akivasha bestie, hâlde se foar spûkferhalen om bern mei bang te meitsjen. De weropstiene Akivasha is in tige tsjeppe readhierrige frou, hoewol't har mummifisearre lyk in hiel oar oansjen hie foar't Enaros it wer ta libben brocht. Hja hâldt Taligaro en de oare gearspanners oan it lyntsje om har eigen doel te berikken: de weroprjochting fan Acheron. Dat ryk is milennia lyn troch de god Valka ferwoastge, wêrnei't Valusia letter op 'e ruïnes boud is.

De eallju en earste minister Tu steane der by kening Kull op oan dat er in frou sykje moat om mei te trouwen, sadat er in troanopfolger produsearje kin. Dêrta litte se alle gaadlike jonge froulju fan adel gearroppe. Under harren is ek Akivasha, dy't oan Kull presintearre wurdt as in famyljelid fan Taligaro en Ducalon. Hja betsjoent Kull, sadat er inkeld noch each foar har hat. De kening lit bekendmeitsje dat er syn keninginne fûn hat. Op 'e trouwerij besiket Zareta, dy't yn har kaarten Kull syn dea lêzen hat, it houlik tsjin te kearen. Kull wol lykwols net nei har harkje. Yn 'e houliksnacht, nei't se mei-inoar op bêd west hawwe, pleatst Akivasha Kull yn in soarte fan stasis dy't de dea net wanlyk is. Se lit it foarkomme as is er fermoarde troch de jaloerske Zareta, dy't foar keningsmoard ta de deastraf feroardiele wurdt.

Kull wurdt wekker yn 'e tsjerkers ûnder it keninklik kastiel, dêr't Akivasha, dy't lichtlik fereale op him rekke is, besiket him te bepraten om him by har te jaan as har gemaal. As Kull har ôfstegeret, jout se opdracht om him te deadzjen. Hy wit lykwols te ûntsnappen, wêrnei't er him by Ascalante jout, de preester fan Valka, dy't de broer fan Zareta blykt te wêzen. Tegearre witte se har te befrijen, wêrnei't se trijeresom útnaaie nei de kust. Ascalante hat de readhierrige keninginne weromkend as Akivasha, en hy wit dat de iennichste manear om har te ferslaan is om 'e Azem fan Valka te sykjen, dy't neffens de leginden yn it uterste noarden bewarre wurdt. Kull bepraat in bekende fan him, de krimineel Juba, om harren mei te nimmen op syn galei. Underwilens stjoert Akivasha generaal Taligaro mei in kloft soldaten fan it Drakelegioen yn in oar galei efter harren oan.

Underweis wurde Kull, Ascalante en Zareta oerweldige en finzen nommen troch Juba en de bemanning fan it galei, dy't de priis ynkassearje wolle dy't Akivasha op harren hollen set hat. Kull wit himsels lykwols frij te skuorren, wêrnei't er mei help fan Ascalante en de galeislaven Juba en de bemanning oermasteret en oerboard smyt. De befrijde slaven stimme deryn ta om Kull-en-dy nei it uterste noarden te roeien. Underweis wurde Kull en Zareta minners. Yn it uterste noarden fine se yn in grot yn in rotseilân de Azem fan Valka, mar dy is sa kâld dat eltsenien dy't deunby komt, deafriest. In ynskripsje fermeldt dat inkeld de "biddende faam" de Azem fan Valka bemachtigje kin, dat Zareta giet al biddend allinne foarút en wurdt mei de Azem fan Valka bejeftige, dy't har sa kâld makket dat se amper noch wit wat der om har hinne bart.

Ear't se weromgean kinne nei it skip, wurde Kull-en-dy oerfallen troch Taligaro en syn mannen. Yn 'e striid rekket Ascalante deadlik ferwûne, wylst Kull sels fêst komt te sitten yn 'e grot as Taligaro de tagong ynstoarte lit. Zareta wurdt finzen nommen en fuortfierd, mar Taligaro is tige foarsichtich mei har, want hy wol har en de Azem fan Valka brûke om fan Akivasha ôf te kommen. Kull wit lykwols út 'e grot te ûntsnappen en folget Taligaro-en-dy werom nei Valusia. Dêr hat Akivasha ûnderwilens Ducalon, dy't har begûn te ferfelen, deamakke, wylst Enaros, eltse kear as er syn plak ferjit en tsjin har opsprekt, mear brânwûnen oprint.

De deis dat Taligaro en Kull weromkeare, is de deis fan in sinnefertsjustering, dy't Akivasha brûkt om har wiere, demoanyske stal oan te nimmen. Taligaro bringt Zareta by har en triuwt har yn it fjoer fan Acheron, dêr't Akivasha no middenyn stiet. It fjoer wol lykwols net útgean, en Zareta strompelet tebek en knoffelet del. Akivasha is eufoarysk, wylst Taligaro de skrik om it hert slacht. Kull ferskynt en reaget Taligaro oan 'e kant. As Enaros him besiket tsjin te kearen, triuwt er de tsjoender yn it fjoer, dat him folslein fertart. Kull knibbelet del by Zareta, dy't de Azem fan Valka yn in tút oan him trochjout. De no folslein demoanyske Akivasha begeart Kull noch altyd en freget him om in tút. Kull pakt har ôfgryslike kop beet, set syn lippen tsjin har flybkjende bek oan en blaast har de Azem fan Valka yn. Akivasha skreaut it út en fertiget oant der neat fan har oer is, en it fjoer fan Acheron wurdt foar altyd dwêstge. Sa komt de profesij fan Zareta út dat it lot fan Kull syn kenikryk ôfhinget fan in tút.

 
Kevin Sorbo.
 
Tia Carrere.
 
Karina Lombard.

Neitiid reitsje Kull en de ferriedlike Taligaro yn gefjocht. Kull is ûnderwilens ta it besef kommen dat er mis wie om 'beskaafd' wêze te wollen. Hy hat dêrom syn swurd wer ynruile foar in mânske striidbile, dêr't er Taligaro maklik mei de baas kin. Yn wanhope besiket de generaal noch om Zareta te gizeljen, mar Kull hout him del. Dêrmei klearret er mei-iens de lêste opposysje tsjin syn keningskip oer Valusia út it paad. Hy lit him troch earste minister Tu op 'e nij ta kening kroanje en ropt Zareta út ta syn keninginne. Dêrnei kriget er syn bile op en hout de tafels mei de wetten yn stikken, en ferklearret de slavernij yn Valusia foar ôfskaft.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kull fan Atlantis Kevin Sorbo
Akivasha fan Acheron Tia Carrere
Zareta Karina Lombard


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal Taligaro Thomas Ian Griffith
preester Ascalante Litefoot (Gary Davis)
tsjoender Enaros Edward Tudor-Pole
Juba Harvey Fierstein
earste minister Tu Roy Brocksmith
Ducalon Douglas Henshall
Dalgar Joe Shaw
kening Borna Sven-Ole Thorsen
skipskaptein Terry O'Neill
Zulcki Pat Roach
preester Mandara John Hallam
slaaf Peter Petruna

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

It senario fan Kull the Conqueror, skreaun troch Charles Edward Pogue, wie oarspronklik bedoeld foar in trêde film oer Conan de Barbaar (nei Conan the Barbarian út 1982 en Conan the Destroyer út 1984), dy't Conan the Conqueror komme moatten hie te hjitten. Troch it teloarstellende resultaat fan Conan the Destroyer en de wegering fan haadrolspiler Arnold Schwarzenegger om foar in trêde kear yn 'e hûd fan Conan te krûpen, waard dy film lykwols nea makke. Tsien jier letter waard besletten it senario te recycljen foar in film oer in oare held út 'e wurken fan 'e Amerikaanske fantasyskriuwer Robert E. Howard: Kull fan Atlantis. Dat der net gewoan in nije film oer Conan de Barbaar makke waard mei Kevin Sorbo yn 'e haadrol, kaam trochdat Sorbo de rol fan Conan net spylje woe, om't er dan altyd ferlike wurde soe mei Schwarzenegger.

De plot fan Kull the Conqueror is in adaptaasje fan Howard syn roman The Hour of the Dragon oer Conan de Barbaar, mar befettet ek eleminten út 'e koarte ferhalen By This Axe, I Rule! oer Kull fan Atlantis en The Phoenix on the Sword oer Conan (dat eins in bewurke ferzje wie fan By This Axe, I Rule!). Senarioskriuwer Pogue wie tige ûntefreden oer Kull the Conqueror en ferklearre ferskate kearen dat er fûn dat syn senario fernield wie troch bemuoienissen fan 'e filmstudio's.

Kull the Conqueror waard regissearre troch John Nicolella. As produsinte wiene Raffaella De Laurentiis by it projekt belutsen foar har heite filmstudio Dino De Laurentiis Cinematografica. Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodney Charters, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Joel Goldsmith. De opnamen foar Kull the Conqueror fûnen yn 1996 plak yn Slowakije.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Kull the Conqueror waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 29 augustus 1997 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Kull the Conqueror oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie anno 2021 noch gjin beoardieling fan Kull the Conqueror.

Kull the Conqueror brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $6,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $22 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $2 miljoen, mar om't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, makke de film eins ferlies.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

films basearre op 'e wurken fan Robert E. Howard
Conan the Barbarian (1982) • Conan the Destroyer (1984) • Red Sonja (1985) • Kull the Conqueror (1997) • Solomon Kane (2009) • Conan the Barbarian (2011)