Théodore Botrel (folút: Jean-Baptise-Théodore-Marie Botrel; Dinan, 14 septimber 1868Pont-Aven, 28 july 1925) wie in Frânsk sjonger, lietsjeskriuwer, dichter, toanielskriuwer en akteur fan Bretonsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd mei syn Frânsktalige folksferskes oer syn heitelân Bretanje. It bekendste dêrfan is La Paimpolaise. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard Botrel yn Frankryk oansteld as de offisjele 'bard fan 'e legers'. Hy ferstoar relatyf jong yn 1925.

Théodore Botrel
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean-Baptise-Théodore-
   Marie Botrel
nasjonaliteit Frânsk
berne 14 septimber 1868
berteplak Dinan (Bretanje)
stoarn 28 july 1925
stjerplak Pont-Aven (Bretanje
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
sjenre folksmuzyk
sjongtaal Frânsk
ynstrumint stim
grutste hit(s) La Paimpolaise
jierren aktyf 18951925

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Botrel waard yn 1868 berne yn Dinan, yn it eastlike part fan it skiereilân Bretanje, yn in famylje dy't it Gallo, in nau oan it Frânsk besibbe Oïlysk dialekt, as memmetaal hie. Syn lettere wurken wiene almeast yn it Frânsk skreaun; it Bretonsk, in Keltyske taal, learde er pas letter yn syn libben. As jong bern bleau Botrel yn Bretanje efter op 'e noed fan syn beppe, wylst syn âldelju op 'e siik nei wurk en in better bestean ferfearen nei Parys. Doe't er sân jier wie, joech er him dêr by harren.

Iere jierren

bewurkje seksje

As opslûpen jonge rekke Botrel behelle by amateurteäter, û.m. mei rollen yn ferskate toanielstikken. Yn deselde snuorje begûn er lieten te skriuwen. It earst dat er publisearre, Le Petit Biniou ("De Lytse Doedelsek"), wie gjin súkses. Neitiid joech Botrel syn ambysjes op it mêd fan teäter foarearst oer. Hy naam tsjinst yn it Frânske Leger en wie fiif jier soldaat. Dêrnei wurke er as klerk foar Chemins de fer de Paris à Lyon et à la Méditerranée, de spoarmaatskippij dy't treinen ride liet fan Parys nei Lyon en Marseille. Yn dy tiid pakte er syn teäterwurk wer op en begûn er ek wer ferskes te skriuwen en dêr as sjonger mei op te treden. Sa mette er de sjongster Hélène Lugton, dy't bekendstie ûnder de artystenamme Léna, mei wa't er troude.

 
Théodore Botrel.

Botrel briek yn 1895 troch mei it eigenskreaune ferske La Paimpolaise ("It Fanke út Paimpol"), dat neitiid it liet wie dat altyd mei him assosjearre waard. It is in ballade oer de ynnimlikens fan it fiskersdoarp Paimpol en syn ynwenners, mar Botrel hie dêr noch nea west doe't er it liet skreau en besocht it pas foar it earst yn 1897. Hy hie de namme wierskynlik út 'e doe resint ferskynde roman Pêcheurs d'Islande fan Pierre Loti, wêrfan't it ferhaal yn Paimpol spilet. It is gauris opmurken dat it refrein, mei de tekstregel J'aime Paimpol et sa falaise ("Ik hâld fan Paimpol en syn klif") nearne op slacht en inkeld keazen waard om't falaise rymde op Paimpolaise; der is yn Paimpol nammentlik hielendal gjin klif.

Heechtijdagen

bewurkje seksje

Botrel loek de belangstelling fan 'e foaroansteande cartoonist Caran d'Ache en de yntellektuele klyk dy't assosjearre wie mei de nachtklub Le Chat Noir yn Parys, hoewol't er faker optredens fersoarge yn 'e rivalisearjende nachtklub Le Chien Noir. Mei stipe fan 'e Paryske yntelligintsia publisearre Botrel yn 1898 in bondel fan syn ferskes ûnder de titel Chansons de chez nous ("Ferskes fan te Uzes"), dêr't de Bretonske folklorist Anatole Le Braz in foarwurd by skreaun. Dat boek krige fan alle kanten lof taswaaid en wûn in priis fan 'e Académie Française.

Dêrnei joech Botrel syn baan as klerk deroan om him foltiids ta te lizzen op in karriêre as sjonger en lietsjeskriuwer. As er gjin optredens yn Parys te fersoargjen hie, wenne er yn Bretanje, dêr't er yn 't earstoan in hûs yn Port-Blanc hie, foar't er him foargoed nei wenjen sette yn Pont-Aven. Hy waard redakteur fan it tydskrift foar dichtkeunst La Bonne Chanson en yn 1905 stifte er yn Pont-Aven it Fête des Fleurs D'Ajonc ("Hoannespoarblommefeest", it earste fan 'e festivals foar folksmuzyk dy't sûnt yn Bretanje húsriem wurden binne. Yn 1909 waard op Botrel syn inisjatyf, ek yn Pont-Aven, in monumint oprjochte foar de Bretonske skriuwer Auguste Brizeux.

 
Botrel treedt op foar de Frânske troepen yn 1915.

Njonken syn wurkpaad yn 'e muzyk wie Botrel ek aktyf as toanielskriuwer en stied er as akteur gauris op 'e planken. Ien fan syn stikken wie in eigenskreaun detektiveferhaal oer Sherlock Holmes, Le Mystère de Kéravel, wêryn't de ferneamde privee-detektive in moard oplost wylst er inkognito troch Bretanje reizget.

Syn frou Léna song geregeldwei duëtten mei Botrel en wurke soms mei him gear oan it skriuwen fan syn lieten. Hja ferskynde ek gauris mei him yn tradisjonele Bretonske dracht (hoewol't se eins út Lúksemboarch kaam). Botrel syn freon Émile Hamonic skoep in stikmannich fotografyske tablo's dy't sênes út Botrel syn lieten en toanielstikken útbyldzje moasten, en dy waarden ferkocht en sirkulearren rûnom yn 'e foarm fan ansichtkaarten.

Botrel wie polityk in konservatyf en royalist en religieus in from katolyk, en in protte fan syn lettere lieten droegen dy wearden út. Sa giet it populêre ferske Le Mouchoir rouge de Cholet ("De Reade Bûsdoek fan Cholet") oer in soldaat yn 'e Chouannerie, de royalistyske Bretonske opstân tsjin 'e Frânske Revolúsje, dy't in bûsdoek keapet foar syn faam. Nettsjinsteande syn konservatisme rekke Botrel om 'e iuwwiksel hinne behelle yn 'e opkommende pankeltyske beweging en besochten hy en Léna yn 1904 it Pankeltysk Kongres yn it Welske Caernarfon as ôffurdigen foar Bretanje.

 
Botrel en syn frou Léna (foaroan) op it Keltysk Kongres yn Caernarfon yn 1904. Op 'e eftergrûn de fotograaf Émile Hamonic (l.) en de taalkundige Paul Barbier (rj.).

Earste Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Under de Earste Wrâldoarloch wie Botrel in entûsjast stiper fan 'e Frânske saak. Hy besocht wer tsjinst te nimmen, mar waard dêrfoar ôfwiisd omreden fan syn leeftyd. Dêrom melde er him oan by it Belgyske leger, mar waard jitris ôfwiisd. Doe besleat er de oarlochsynset te stypjen mei it skriuwen en sjongen fan patriottyske lieten. Dêrfan hied er al yn 1912 in bondel útbrocht ûnder de titel Coups de Clairon, mar yn 1914 rjochte er in moanneblêd op dat Les chants du Bivouac ("De Ferskes fan it Kampemint") kaam te hjitten.

Yn 1915 waard Botrel troch it Frânske regear offisjeel oansteld as Chansonnier des Armées ("Bard fan 'e Legers"). Neffens in artikel dêroer dat yn 'e Amerikaanske krante The New York Times ferskynde, joech him dat foech om elts militêr kamp, opslachplak en sikehûs yn te gean om patriottyske lieten te sjongen of patriottyske gedichten foar te dragen. Botrel reizge de hiele fierdere oarloch mei tuskenskoften by de frontliny lâns om foar de troepen op te treden. Syn populêrste oarlochslieten wiene Rosalie (de bynamme dy't de Frânske soldaten brûkten foar harren bajonet) en Ma P'tite Mimi ("Myn Lytse Mimi"), oer in masinegewear.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Botrel syn frou Léna kaam yn 1916 te ferstjerren. Hy wertroude yn 1918 mei Marie-Elisabeth Schreiber, dy't Maïlise neamd waard. Hoewol't syn earste houlik sûnder bern bleaun wie, krige Botrel twa dochters mei syn twadde frou. De âldste fan dy beide waard Léna neamd, nei syn earste frou. Hja soe letter trouwe mei de skriuwer Emile Danoën. Har jongere suster Janick waard de mem fan 'e sjonger Renaud Detressan.

Botrel kaam yn 1925 yn syn wenplak Pont-Aven te ferstjerren. Hy wie doe 56 jier. Syn ûnfoltôge autobiografy Souvenirs d'un barde errant ("Oantinkens fan in Omdoarmjende Bard") ferskynde postúm. Syn dochter Léna folle it boek letter oan mei bykommende haadstikken om it ferhaal oer har heite libben folslein te meitsjen. Yn Paimpol, it fiskersdoarp dat Botrel ferneamd makke hie, waard in monumint foar him oprjochte dat ûntwurpen wie troch Pierre Charles Lenoir, besteande út in Paimpoleesk fanke dat fan in tinkbyldich klif ôf útsjocht oer de see. Yn syn wenplak Pont-Aven stiet in stânbyld fan Botrel sels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.