Thanksgiving (Ingelsk foar "Tankjaan") of Thanksgiving Day ("Tankjoudei") is in nasjonale feestdei dy't op ferskate data fierd wurdt yn in stikmannich lannen en territoaria. It begûn as in kristlike hjeldei, dy't bedoeld wie foar it jaan fan utering oan tankberens foar de rispinge. Yn 'e kontekst fan it kristendom waard dy nammentlik sjoen as in seine, dy't oan 'e minskheid taparte wie troch God. Tagelyk dêrmei waard ek tanksein foar it hiele ôfrûne jier. Tsjintwurdich is Thanksgiving lykwols sa ferankere yn 'e kultuer fan 'e lannen dêr't it holden wurdt, dat it ek in sekuliere feestdei is.

In karakteristyk Noardamerikaansk Thanksgivingmiel.

De feestdei is it bekendst út 'e Feriene Steaten, dêr't Amerikaansk Thanksgiving fierd wurdt op 'e fjirde tongersdei fan novimber, op 'e foarjûn fan Swarte Freed en de iepening fan it krystseizoen. It wykein dat op dy tongersdei folget, stiet bekend as it Thanksgivingwykein. Yn Kanada wurdt Kanadeesk Thanksgiving lykwols fierd op 'e twadde moandei fan oktober.

Oare lannen en territoaria dêr't Thanksgiving in offisjele feestdei is, binne Grenada (25 oktober), Libearia (earste tongersdei yn novimber), it Australyske territoarium Norfolk (lêste woansdei yn novimber) en Sint-Lusia (earste moandei yn oktober). De fiering yn Grenada hat in folslein eigen eftergrûn dy't neat mei it kristendom of de rispinge fan dwaan hat; by Grenadaansk Thanksgiving wurdt nammentlik de Amerikaanske ynfal yn Grenada fan 1983 betocht, dy't in reäksje wie op 'e ôfsetting en terjochtstelling fan 'e sosjalistyske premier Maurice Bishop nei in militêre steatsgreep troch leden fan syn eigen politike partij.

Yn Nederlân bestiet in protestantske hjeldei dy't út deselde woartels komt as Thanksgiving: de Tankdei foar Gewaaks en Arbeid, dy't op 'e twadde woansdei fan novimber falt. Sterk dêrmei ferbûn is de Biddei foar Gewaaks en Arbeid, dy't op 'e twadde woansdei fan maart holden wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.