The November Man is in Amerikaansk-Britske aksje-spionaazjeskriller út 2014 ûnder rezjy fan Roger Donaldson, mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan en Olga Kurylenko. De titel betsjut "De Novimberman", in ferwizing nei haadpersoan Peter Devereaux: it sizzen is dat alles dea is as hy earne lâns kommen is, krekt as wannear't it novimber west hat. De film is basearre op 'e roman There Are No Spies, fan Bill Granger. It ferhaal giet oer in eardere spesjaal agint fan 'e CIA, dy't troch syn âlde sjef yn in nije operaasje behelle wurdt. Hy moat in frou opspoare dy't ynformaasje hat oer de oarlochsmisdieden fan Arkady Fedorov, de man dy't op it punt stiet presidint fan 'e Russyske Federaasje te wurden. Dêrby wurdt er tsjinwurke troch in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan Federov en troch syn eigen eardere pupil by de CIA. The November Man krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

The November Man
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Roger Donaldson
produsint Beau St. Clair
Sriram Das
senario Michael Finch
Karl Gajdusek
basearre op There Are No Spies
   fan Bill Granger
kamerarezjy Romain Lacourbas
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Irish DreamTime
SPD Films
Envision Entertainment
distribúsje Relativity-EuropaCorp Distr. (F.S.)
Walt Disney Studios
   Motion Pictures
(Fer. Ken.)
Relativity Media (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Olga Kurylenko
byrollen Luke Bracey
Bill Smitrovich
Will Patton
Lazar Ristovski
Caterina Scorsone
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 27 augustus 2014
foarm langspylfilm
sjenre aksje-spionaazjeskriller
taal Ingelsk (ek in bytsje Russysk)
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $39,7 miljoen

Yn 2008 is Peter Devereaux, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA mei in protte ûnderfining, yn Montenegro, dêr't de tsjinst lucht krigen hat fan in op hannen wêzende moardoanslach op 'e Amerikaanske ambassadeur. Devereaux nimt it plak fan 'e ambassadeur yn by in formele gelegenheid mei in protte publyk. Hy wurdt delsketten troch de oanslachdogger mar oerlibbet it om't er ûnder syn trijedielich pak in kûgelfrij fest draacht. Syn jonge protezjee David Mason, dy't mei in skerpskuttersgewear posysje ynnommen hat yn ien fan 'e omlizzende gebouwen, giet tsjin Devereaux syn befel yn en fjurret op 'e oanslachdogger. Dy sjit er dêrby dea, mar ûnderwilens is it publyk yn 'e panyk rekke en spat alle kanten út. Dêrtroch sjit er by fersin ek in lyts jonkje dea.

Fiif jier letter is Devereaux mei pinsjoen en wennet er Lausanne, yn Switserlân, dêr't er in kafee runt. Hy wurdt opsocht troch syn eardere sjef, CIA-agint John Hanley, dy't him freget om in CIA-aginte út Moskou wei nei Sint-Petersburch en de Finske grins oer te helpen. It giet dêrby om Natalja Ulanova, mei wa't Devereaux jierren lyn in romantyske relaasje hân hat. Hanley seit dat Natalja spesifyk om Devereaux frege hat, dat Devereaux lit him oerhelje om foar ien kear werom te kommen.

Natalja is yn Moskou undercover as de assistinte fan generaal Arkady Fedorov, fan wa't eltsenien ferwachtet dat er mei koarten de nije presidint fan 'e Russyske Federaasje wurde sil. Wylst har baas in taspraak hâldt, brekt sy yn syn klûs yn en makket kopyen fan âlde foto's fan syn oarlochsmisdieden yn 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch. Neitiid pykt se út mei de bedoeling om troch in evakuaasjeteam fan 'e CIA-team oppikt en fuorthelle te wurden. Ien fan 'e leden fan it team is David Mason. As Fedorov merkt dat der ynbrutsen is yn syn klûs, stjoert er aginten fan 'e Russyske ynljochtingetsjinst FSB efter Natalja oan, dy't har efterfolgje troch de strjitten fan Moskou. Wannear't se klemriden wurdt, arrivearret ynienen as út it neat Devereaux, dy't har rêdt en mei har fuortriidt. Natalja is alhiel feralterearre om him hjir te sjen. Hy freget har om 'e namme dy't se neffens Hanley bemachtige hawwe soe, en sy antwurdet: "Mira Filipova", wat hy trochjout oan Hanley.

Underwilens is it evakuaasjeteam fan 'e CIA, dat koördinearre wurdt troch Hanley, him alhiel ûnbewust fan 'e belutsenens fan Devereaux. Mei't de FSB no wit dat Natalja in spionne is, en om't se by in ûnbekende trêde partij yn 'e auto stapt is mei wa't se blykber bannen ûnderhâldt, jout Perry Weinstein, de sjef fan it CIA-buro yn 'e Servyske haadstêd Belgrado dy't de lieding oer de opeaasje hat, befel om Natalja te eliminearjen. Hanley protestearret dêr foar de foarm tsjin, mar Mason fiert de opdracht út mei in skerpskuttersgewear fan it dak fan in gebou ôf. De stjerrende Natalja triuwt Devereaux har mobile tillefoan yn 'e hannen, dêr't de foto's op steane dy't se makke hat fan 'e âlde foto's út 'e klûs fan Fedorov. Devereaux is poermâl om har dea en wachtet it evakuaasjeteam bûten op as it it gebou ferlitte wol. Hy sjit trije leden fan it team dea, mar as er foar Mason oer komt te stean, litte de beide mannen ferstuivere harren pistoalen sakje en rinne byinoar wei.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid ljochtet Weinstein Mason yn oer de relaasje dy't Devereaux en Natalja mear as tsien jier earder hân hawwe. Ut ûndersyk docht bliken dat Hanley koart tefoaren ûnder in falske identiteit nei Lausanne reizge is, dêr't er kontakt makke hat mei Devereaux. Weinstein en syn bazen yn it CIA-haadkertier yn Langley (Firginia) binne net wiis mei syn selsstannich operearjen en litte him fêstsette foar ûnderfreging troch syn eardere ûnderhearrige Celia.

Underwilens siket Edgar Simpson, in sjoernalist fan The New York Times, yn Belgrado kontakt mei Alice Fournier, in sosjaal wurkster dy't traumatisearre asylsyksters begeliedt. Hy wol in eksposee skriuwe oer de oarlochsmisdieden dy't Arkady Fedorov ûnder de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch begien hat en freget har om ynformaasje oer asylsyksters út 'e Russyske Kaukasusregio dy't him mear fertelle kinne. In Russyske hiermoardneresse, Aleksa, dy't troch Fedorov ynhierd is om losse eintsjes út syn ferline ôf te triedzjen, arrivearret ek yn Belgrado en fynt út dat Alice mei Simpson ôfsprutsen hat yn in kafee. Yn 'e tuskentiid hat Devereaux, ek yn Belgrado, de wente fan Hanley trochsocht, dêr't er oanwizings fûn hat dy't him nei Alice liede. Yn it kafee wit er op it nipperke foar te kommen dat Aleksa Alice fermoardet, wêrnei't er mei har op sleeptou ûntkomt oan in team fan 'e CIA û.l.f. fan Mason, dat him fan Hanley syn hûs ôf folge is.

Wannear't Devereaux letter Alice ûnderstiet oer de namme 'Mira Filipova', antwurdet se dat dat yndie ien fan 'e jonge asylsyksters wie dy't se begelaat hat, mar dat Mira trije jier lyn spoarleas ferdwûn is nei't se oan 'e drugs rekke wie en begûn wie te tippeljen. Alice fertelt dat de doe fyftjinjierrige Mira ûnder de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch jierrenlang seksueel misbrûkt waard troch Fedorov, dy't har finzen hold. It fanke bearde dat se dôfstom wie, mar spriek eins sawol Russysk as Ingelsk en wie tsjûge fan withoefolle belêstende petearen fan Fedorov mei oaren. Ien fan 'e wichtichste gefallen dêrfan wie dat Fedorov behelle wie yn in gearspanning om 'e Tsjetsjenen de skuld op 'e lea te skowen fan in bomoanslach op in gebou mei Russyske boargers, sadat hy dat neitiid brûke koe as in casus belli om 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch te begjinnen en de lukrative ierdoaljefjilden fan Tsjetsjeenje yn te klauwen.

As er dat heart, nimt Devereaux Alice mei by in besyk oan Semjon Denisov, in Russyske âld-ofsier dy't eartiids yn Tsjetsjeenje nau mei Fedorov gearwurke hat en dy't no yn Belgrado in rike poaier wurden is. Devereaux ken Denisov út syn ferline as CIA-agint, en de beide mannen hawwe in kwasy-freonskiplike relaasje. Denisov befêstiget it ferhaal dat Alice fan Mira heard hie en foeget deroan ta dat dejinge dy't de bomoanslach útfierde, eins in agint fan 'e CIA wie. Devereaux dûkt ûnder mei Alice yn in hûs dat lyk foaroer it appartemintekompleks stiet dêr't Mason wennet. Nachts kringt er it appartemint fan Mason binnen en stelt him op 'e proef troch syn buorfrou Sarah, mei wa't er in romantyske relaasje ûnderhâldt, te ferwûnjen en te sjen wêr't Mason foar kiest: efter Devereaux oangean en Sarah deabliede litte, of it libben fan Sarah rêde en Devereaux ûntkomme litte. Mason kiest foar it lêste.

Neitiid stjoert Devereaux Alice fuort, nei't er har genôch jild jûn hat om te ferdwinen en earnewêr oars yn 'e wrâld in nij bestean op te bouwen ûnder in nije identiteit. Ynstee giet se nei Edgar Simpson ta om him te helpen by it skriuwen fan syn artikel oer Fedorov. Fan him heart se dat Fedorov koartby yn Belgrado arrivearre is foar in ynternasjonale konferinsje oer enerzjy. Wannear't se mei Simpson nei syn hûs giet, wurde se dêr opwachte en oanfallen troch Aleksa, dy't Simpson oer it mad komt en him de kiel trochsnijt. Wylst er op 'e flier yn it stjerren leit, klampet er him lykwols oan ien fan har skonken fêst, wat Alice de kâns jout om te ûntkommen.

Devereaux ynfiltrearret de CIA-skûle dêr't Hanley ûnderfrege wurdt. Hy reaget Celia oan 'e kant om Hanley sels oer in pear dingen te ûnderstean. Lykas Mira Filipova en de belutsenens fan 'e CIA by de bomoanslach dy't ta it útbrekken fan 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch late. Hanley fertelt frij-út oer Mira har eftergrûn, dy't as twa drippen wetter liket oer wat Alice Devereaux oer har eigen jonkheid ferteld hat. Hy kriget foar it ferstân dat Alice en Mira ien-en-deselde persoan binne. Wat de bomoanslach oanbelanget, dêroer beweart Hanley dat syn baas Perry Weinstein derefter siet. Neitiid ûntdekt Celia, dy't by de konfrontaasje tusken Devereaux en Hanley goed taharke hat, dat Mira de identiteit fan 'e jierren earder oan in natuerlike deadsoarsaak ferstoarne Alice Fournier stellen hat om harsels ûnfynber te meitsjen. Mason ferdjippet him yn Devereaux syn aktiviteiten sûnt syn pinsjonearring, en ûntdekt dat Devereaux út syn relaasje mei Natalja Ulanova in dochter fan tolve jier hat dy't Lucy hjit. Dy ynformaasje spilet er troch oan Weinstein.

Mira alias Alice giet wilens nei Denisov ta en wit syn help te winnen troch te sizzen dat Devereaux har stjoerd hat. Troch har foar te dwaan as ien fan Denisov syn hoerkes, wit se troch te kringen yn 'e hotelkeamer fan Fedorov. Mei in diggel fan in stikken sleine spegel komt se him oer it mad en besiket se him te fermoardzjen, út wraak foar it feit dat er hy yn 'e oarloch har âldelju en broer deadien hat en harsels twa jier lang yn seksuele slavernij holden hat. As it derom spant, docht lykwols bliken dat Mira gjin moardner is en slagget it har net om harsels derta te bringen in oare minske dea te meitsjen, al hoe't se him ek hatet. Underwilens hat Devereaux efterhelle wat Mira yn 't sin hat. Hy kringt it hotel binnen, weeft handich mei de liifwachten fan Fedorov ôf en batst dan de hotelkeamer binnen, dêr't er Mira fan Fedorov rêdt.

Neitiid ûnderfreget Devereaux Fedorov ûnder bedriging mei in revolver, wêrmei't er him twingt ta in potsje Russyske rûlette. Devereaux wol de namme witte fan 'e CIA-agint dy't ferantwurdlik wie foar de bomoanslach op 'e Russyske boargers, ta befêstiging fan wat Hanley him ferteld hat. As Fedorov úteinlik brekt, seit er dat it Weinstein net wie, mar Hanley sels. Wannear't Devereaux in âlde foto fan himsels mei Weinstein en Hanley foar 't ljocht hellet, befêstiget Mira dat it de keale Hanley wie. Devereaux lit Fedorov libje en hy en Mira witte krekt op 'e tiid fuort te kommen as Mason mei in CIA-team yn it hotel arrivearret. By in konfrontaasje slacht Devereaux Mason bewusteleas, mar lit dan de mobile tillefoan by him efter dêr't er de bekentenis fan Fedorov mei opnommen hat.

Mason giet mei dy fideo nei Celia ta, en tegearre beslute se dat Weinstein dit witte moat. As se yn dy syn kantoar komme, blykt de lieding oer it CIA-buro yn Belgrado lykwols ûnderwilens oernommen te wêzen troch Hanley, mei't de lieding fan 'e CIA ta de konklúzje kommen is dat it wolris handich wêze kinne soe as se de nije presidint fan Ruslân sjantearje kinne mei wat Hanley wit. Weinstein is dêrom weromroppen nei de Feriene Steaten. Mason en Celia beseffe dat se mei harren ynformaasje no nearne mear hinne kinne, dat se hâlde stil wat se útfûn hawwe.

As Devereaux syn dochter Lucy opskillet, nimt Hanley op, dy't it tolvejierrige famke yn gizeling nimme litten hat. Hy wol har wol oan Devereaux weromjaan, mar inkeld as dy him Mira jout. Dyselde wit nammentlik tefolle en moat dêrom dea. Devereaux bepraat Mira, dy't him helpe wol om Lucy werom te krijen, om nei it sintraal stasjon fan Belgrado te gean, trije treinkaartsjes te keapjen en op him en Lucy te wachtsjen. Op it stasjon makket Mira gebrûk fan in publike kompjûter om har tsjûgenis op te tekenjen fan 'e oarlochsmisdieden fan Fedorov. Se docht dat yn 'e foarm fan in krante-artikel, werby't se behalven har eigen ek Simpson syn namme ûnder it stik set.

Devereaux moetet Hanley op in ôfsprutsen plak, dêr't Hanley him oer de tillefoan mei Lucy prate lit om te bewizen dat it famke noch libbet en sûn en wol is. Wat er net wit, is dat Celia yn it CIA-buro de oarsprong fan it tillefoantsje neilûkt. Devereaux fertelt oan Hanley dat er Mira op it busstasjon fine kin. Hanley stjoert Mason mei noch in oare agint derop út om har op te pikken. Underweis kriget Mason in tekstberjocht fan Celia mei de lokaasje dêr't Lucy fêstholden wurdt. Mason ûntdocht him fan 'e oare agint, kringt it oanjûne gebou binnen, deadet de bewekkers en rêdt it famke. Underwilens wurdt Mira op it sintraal stasjon opspoard troch Aleksa. Mira naait út mei de hiermoardneresse op 'e hakken, mar wit har mei in skeppe fan in strjitmakker bewusteleas te slaan as se om 'e hoeke komt. Dêrnei keart se werom nei de kompjûter dêr't se op oan it wurkjen wie en stjoert it artikel dat se skreaun hat nei alle grutte parseburo's.

Hanley hat it tsjin Devereaux oer de mooglikheden dy't ûntstean sille as de presidint fan Ruslân dwaan moat wat de CIA wol. Hy is fan doel om Ruslân te twingen en wurdt lid fan 'e NATO, sadat dêrnei de "beskaafde wrâld" ienriedich tsjin it Midden-Easten fjochtsje kin. Syn plannen rinne lykwols op 'e non as Mason net mei Mira, mar mei Lucy weromkeart. Tegearre mei Devereaux weeft Mason ôf mei de mannen fan Hanley. Devereaux wurdt weriene mei syn dochter en tegearre pike se út nei it sintraal stasjon, dêr't Mira har by harren jout. Mei ûnbekende bestimming sette se ôf op 'e trein.

Letter tsjûget Mira oer de oarlochsmisdieden fan Fedorov foar it Ynternasjonaal Strafhof (ICC) yn De Haach, mei as gefolch dat Fedorov it presidintskip fan Ruslân wol ûnder de skuonsoallen skriuwe kin. Dat, ynstee giet er mei in kloft jonge hoeren op syn superjacht op fakânsje op 'e Middellânske See. De film einiget wannear't Fedorov dêre yn holle sketten wurdt troch in ûnbekende skerpskutter en foaroer fan board rûgelet.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Pierce Brosnan.
 
Olga Kurylenko.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise          
âld-CIA-agint Peter Devereaux Pierce Brosnan
Alice Fournier / Mira Filipova Olga Kurylenko


byrollen
personaazje akteur/aktrise
CIA-agint David Mason Luke Bracey
CIA-agint John Hanley Bill Smitrovich
CIA-agint Perry Weinstein Will Patton
Arkady Fedorov Lazar Ristovski
Celia Caterina Scorsone
Aleksa Amila Terzimehić
Natalja Ulanova Mediha Musliović
Edgar Simpson Patrick Kennedy
Semjon Denisov Dragan Marinković
Sarah Eliza Taylor
Lucy Tara Jerosimović
Meyers Akie Kotabe
stêfsjef fan Fedorov Miloš Timotijević
CIA-agint Jones Ben Willens
de jonge Mira Filipova Nina Mrda

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The November Man waard regissearre troch Roger Donaldson nei in senario fan Michael Finch en Karl Gajdusek op basis fan 'e roman There Are No Spies fan Bill Granger, út 1987. Dizze film wie al yn 2005 sprake fan, mar der kaam neitiid hieltyd wat tusken. As produsinten wiene Beau St. Clair en Sriram Das by it projekt belutsen foar de filmstudio's Irish DreamTime, SPD Films en Envision Entertainment. Dêrmei wie The November Man in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Romain Lacourbas, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami.

De opnamen foar The November Man setten op 20 maaie 2013 útein en duorren oant ein july fan dat jier. Se fûnen foar it meastepart op lokaasje yn Belgrado plak. De roman fan Bill Granger spilet eins yn Berlyn, mar haadrolspiler Pierce Brosnan sei yn in fraachpetear dat opnamen yn Berlyn te djoer wiene. Fierders waarden der ek sênes opnommen yn Montenegro, lykas de iepeningssêne, dy't ek echt yn Montenegro spilet. Mar ek de sênes dy't sabeare yn it Switserske Lausanne spylje, waarden yn Montenegro filme.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The November Man waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Relativity-EuropaCorp Distribution, yn it Feriene Keninkryk troch Walt Disney Studios Motion Pictures en yn 'e measte oare lannen en territoaria troch Relativity Media. De film gie op 27 augustus 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 septimber 2014 by platemaatskippij Varèse Sarabande.

Fan 'e filmkritisy krige The November Man oer it algemien negative resinsjes. Ien fan 'e myldere beoardielings wie dy fan Bilge Ebiri op it bloch Vulture, dêr't er skreau: "Brosnan, dy't in bettere James Bond wie as gauris sein wurdt, hâldt der net fan om tefolle te glimkjen, mar hy jout syn rol likegoed in wurge ynnimlikens, krekt genôch om ús derby te skuorren wylst de film troch de spitsroeden giet fan bekende plotdraaiïngs en gefallen fan ferrie."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The November Man in leech goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 124 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] hat in pear fan 'e yngrediïnten dêr't ferlet fan is foar in boppegemiddelde spionaazjeskriller, mar dat makket it nammenste teloarstellender dat er tebekfalt op saaie sjenreklisjees." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The November Man in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 32 resinsjes.

The November Man brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $25,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $14,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $39,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $24,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ferfolchfilm

bewurkje seksje

Yn juny 2014 waard bekendmakke dat by Das Films, de filmstudio fan produsint Sriram Das, in ferfolch op The November Man yn preproduksje wie. Yn in útstjoering fan it Amerikaanske praatprogramma The Tonight Show befêstige Pierce Brosnan dat yn in fraachpetear mei presintator Jimmy Fallon. Neitiid waard dêroer neat mear fernommen, dat anno 2023 liket it der net op dat it mei in ferfolchfilm noch wat wurde sil.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.