Tinker Bell (filmsearje)

Tinker Bell is in rige Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilms produsearre troch de Disneytoon Studios mei yn 'e haadrol it elfke Tinker Bell. De searje, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Disney Fairies-mediafranchise, is in spin-off en prequel fan 'e film Peter Pan en it ferfolch dêrop, Return to Never Land. Der waarden yn 'e Tinker Bell-searje seis lange en twa koarte films makke. In sânde lange tekenfilm waard skrast. Om't neitiid de Disneytoon Studios opheft binne, liket it der net op dat der noch mear films yn 'e rige ferskine sille.

Tinker Bell
betinker Disneytoon Studios
eigner The Walt Disney Company
lân Feriene Steaten
begjinjier 2008
einjier 2015
films
langspylfilms Tinker Bell
The Lost Treasure
The Great Fairy Rescue
Secret of the Wings
The Pirate Fairy
The Legend of the NeverBeast
koarte films Pixie Hollow Games
Pixie Hollow Bake Off
offisjele webside
fairies.disney.com/movies
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell (film).

Tinker Bell, út 2008, waard regissearre troch Bradley Raymond. De film fertelt hoe't it elfke Tinker Bell (Mae Whitman) berne wurdt út it earste laitsjen fan in poppe en op 'e wyn meifierd wurdt nei Pixie Hollow, dat diel útmakket fan it boppenatuerlike eilân Never Land. Dêr ûntdekt se dat har talint nifeljen is en komt se yn 'e kunde mei ferskate oare elfkes dy't har freondinnen wurde: it wetterelfke Silvermist (Lucy Liu), it túnelfke Rosetta (Kristin Chenoweth), it ljochtelfke Iridessa (Raven-Symoné), en it biste-elfke Fawn (America Ferrera). Fanwegen har ûngewoan sterke talint ropt Tinker Bell lykwols daliks de fijânskip op fan Vidia (Pamela Adlon), in fluchfleanend elfke. Nei't Tinker Bell op it strân de ûnderdielen fan in muzykdoas fynt, stelt har talint har by steat om it apparaat te reparearjen.

As Tinker Bell heart dat de elfkes nei it fêstelân geane om 'e jiertiden feroarje te litten, wol se wanhopige graach mei, mar dat is inkeld foar elfkes mei in natoertalint weilein. Nei't se alles besocht hat om yn oanmerking te kommen om mei te gean, freget Tinker Bell úteinlik Vidia om help. Mar dy soarget derfoar dat Tinker Bell alle tariedings foar de seizoenswiksel fernielt. Tinker Bell makket it goed troch mei har sterke talint foar nifeljen ferskate masines út te finen dy't traach en saai wurk oernimme en flugger gean litte. Sa komme de tariedings foar de seizoenswiksel wer op skema. As tank lit keninginne Clarion (Anjelica Huston) har dochs meigean nei it fêstelân om dêr de maityd te bringen, wylst Vidia har fertsjinne straf net ûntrint. It wurdt de taak fan Tinker Bell om 'e troch har reparearre muzykdoas werom te bringen by syn eigneresse (dat Wendy Darling blykt te wêzen, út Peter Pan). De film einiget mei in voice-over, dy't fertelt dat as weirekke boartersguod weromfûn wurdt of stikkene apparaten it ynienen wer dogge, dat betsjut dat ien hiel bysûnder elfke yn 'e buert wêze moat.

Tinker Bell and the Lost Treasure

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell and the Lost Treasure.

Yn Tinker Bell and the Lost Treasure, út 2009, ûnder rezjy fan Klay Hall, wurdt ferteld dat Tinker Bell (Mae Whitman) nettsjinsteande har goede bedoelings gauris yn 'e swierrichheden belânet. Dochs is oan har de tige wichtige taak tabetroud om derfoar te soargjen dat de magyske moannestien genôch elfkestof foar hiel Pixie Hollow oanmakket. It elfkestof hawwe de elfkes ferlet fan om fleane te kinnen. Grut is dan ek de skrik fan Tinker Bell as se de stien midstwa knoffelet. Om 'e moannestien te reparearjen, moat se dêrnei in betsjoende spegel fine en de help oannimme fan it ferfelende elfke Terence (Jesse McCartney).

Tinker Bell and the Great Fairy Rescue

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell and the Great Fairy Rescue.

Yn Tinker Bell and the Great Fairy Rescue, út 2010, dat regissearre waard troch Bradley Raymond, moetet Tinker Bell (Mae Whitman) oan it begjin fan 'e simmer, by de wiksel fan 'e jiertiden, yn Ingelân it jonge famke Lizzy (Lauren Mote), dat in ûnferwrigber leauwe yn 'e macht fan elfkestof en de magy fan it lân fan 'e elfkes hat. It famke hat lykwols driuwend ferlet fan in freon. Wylst Tinker Bell har eigen freondinnen Iridessa (Raven-Symoné), Silvermist (Lucy Liu), Rosetta (Kristin Chenoweth), Fawn (Angela Bartys) en Vidia (Pamela Adlon) in nuodlike rêding besykje, beslút Tinker Bell om har eigen feiligens en de takomst fan 'e elfkes op it spul te setten om Lizzy te helpen.

Tinker Bell and the Secret of the Wings

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell and the Secret of the Wings.

Tinker Bell and the Secret of the Wings, út 2012, regissearre troch Bobs Gannaway en Peggy Holmes, hie oarspronklik Tinker Bell and the Mysterious Winter Woods hjitte sillen. Yn dizze film stekt Tinker Bell (Mae Whitman) oer nei Winter Woods, dêr't it altyd winter is. Wylst se dêr is, begjinne har wjukken te glinsterjen, en de nijsgjirrige Tinker Bell begjint in syktocht nei de reden dêrfoar. It docht bliken dat it glinsterjen fan har wjukken betsjut dat har suster, Periwinkle (Lucy Hale), deunby is. Tinker Bell en Periwinkle waarden berne út itselde earste laitsjen fan in poppe. Om't Periwinkle in winterelfke is, kin se net sûnder kjeld en snie. Sadwaande nifelet Tinker Bell in apparaat yninoar dat minuskule stikjes iis fan in iisblok raspet en delreine lit, sadat har suster har dochs yn Pixie Hollow besykje kin. It apparaat slacht lykwols op 'e rin, mei as gefolch dat hiel Pixie Hollow stadichoan befriest. Tinker Bell ropt dêrop de help fan Periwinkle en har freonen yn, en troch gear te wurkjen witte se in ramp ôf te kearen.

Tinker Bell and the Pirate Fairy

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell and the Pirate Fairy.

Tinker Bell and the Pirate Fairy, út 2014, oarspronklik Tinker Bell and the Quest for the Queen neamd, waard regissearre troch Peggy Holmes. Dizze film yntrodusearret in nij personaazje, Zarina (Christina Hendricks), dy't in oant safier ûnbekend talint hat om nije foarmen fan elfkestof te meitsjen. Se kriget kear op kear te hearren dat se ophâlde moat mei it omgriemen mei elfkestof, en as se dochs trochset en ien fan har eksperiminten ta in ravaazje liedt, wolle de stofbewarderelfkes net mear mei har gearwurkje. Zarina pakt dan de resultaten fan har eksperiminten op en jout har ôf út Pixie Hollow.

In jier letter keart se werom as kaptein fan in seerôversskip en stelt se it blauwe elfkestof dat nedich is om it giele elfkestof te meitsjen, dat de elfkes brûke om te fleanen. Tinker Bell (Mae Whitman) en har freondinnen besykje it werom te stellen en ûntdekke dêrby dat de seerôvers, dy't oanfierd wurde troch in jonge Kaptein Heak (Tom Hiddleston) Zarina inkeld brûke. Se wolle oan safolle elfkestof komme dat se harren skip fleane litte kinne. Mei-inoar witte Zarina, Tinker Bell en de oare elfkes de seerôvers lykwols in stôk yn 'e speaken te stekken. Se keare mei it blauwe elfkestof en it fleanende skip werom nei Pixie Hollow, wylst de seerôvers omdriuwend yn see efterbliuwe.

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast.

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast, út 2015, waard regissearre troch Steve Loter. Yn dizze film moetet it biste-elfke Fawn (Ginnifer Goodwin), in freondinne fan Tinker Bell, in legindarysk wêzen: it NeverBeast. Se slút binnen de koartste kearen freonskip mei it bist. Mar as se ûntdekt dat it NeverBeast ûnderdiel útmakket fan in freeslik barren, moat se op har oanfielingsfermogen fertrouwe om sawol har nije freon as Pixie Hollow te rêden.

Skraste sânde film

bewurkje seksje

De Disneytoon Studios hiene ek plannen foar in sânde film yn 'e Tinker Bell-rige, mar yn 2015 skreau The Hollywood Reporter dat dy skrast wie omreden fan swierrichheden mei it senario. De titel foar dizze net makke film is anno 2020 noch altyd ûnbekend. Op 28 juny 2018 waard Disneytoon troch The Walt Disney Company opheft, sadat it ûnwierskynlik is dat de sânde film ea noch makke wurde sil.

Live-actionfilm

bewurkje seksje

Yn 2018 hie Disney in live-actionfilm oer Tinker Bell yn ûntwikkeling. It wie de bedoeling dat aktrise Reese Witherspoon it elfke spylje soe.

Koarte films

bewurkje seksje

Pixie Hollow Games

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Pixie Hollow Games.

Pixie Hollow Games wie de earste fan twa koarte films oer Tinker Bell en har freondinnen, dy't yn 2011 makke waard. Oarspronklik wie it de bedoeling dat alle personaazjes út 'e lange films dêryn te sjen wêze soene yn spullen yn 'e styl fan 'e Olympyske Spullen dy't alle fjouwer jiertiden omfetsje soene. It ferhaal waard lykwols ôfskale, nei alle gedachten om't it oarspronklike senario troch de filmprodusinten ôfkard wie. Uteinlik gie Pixie Hollow Games benammen oer it túnelfke Rosetta (Megan Hilty) en in nij personaazje, Chloe (Brenda Song). Tsjin Rosetta har wil moatte dy beiden in team foarmje dat de túnelfkes fertsjintwurdiget yn in kompetysje tsjin 'e ûnfersleine stoarmelfkes. Nei in falske start slagget it Rosetta en Chloe om harren ûnderlinge problemen by te lizzen, wylst Rosetta har eangst om smoarch te reitsjen de baas wurdt. Sa witte se úteinlik de stoarmelfkes te ferslaan.

Pixie Hollow Bake Off

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Pixie Hollow Bake Off.

Pixie Hollow Bake Off is in seis minuten duorjende koarte film dy't giet oer in bakwedstryd tusken de elfkes. It filmke waard yn oktober 2013 yn it Feriene Keninkryk op it Disney Channel útstjoerd, mar kaam yn 'e Feriene Steaten yn 't earstoan inkeld út as bonusfideo op 'e blu-rayferzje fan Tinker Bell and the Pirate Fairy dy't troch it supermerkkeatling Walmart ferkocht waard. Pas yn july 2014 waard de film foar it algemiene publyk tagonklik makke as in digitale download fan Disney Movies Anywhere.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tinker Bell (filmsearje)
lange films
Tinker Bell (2008) • Tinker Bell and the Lost Treasure (2009) • Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010) • Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012) • Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) • Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015)
koarte films
Pixie Hollow Games (2011) • Pixie Hollow Bake Off (2013)