Tsjerke fan Nuis
De Tsjerke fan Nuis is in midsiuwske sealtsjerke yn it doarp Nuis yn it Grinslânske Westerkertier. Eigner fan it ryksmonumint is sûnt 6 july 2001 de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken; de tsjerke wurdt regelmjittich brûkt troch de PKN-gemeente Niebert-Nuis.
Tsjerke fan Nuis | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Nuis | |
adres | Nijewei 29 | |
koördinaten | 53° 09' N 6° 18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw (±1230) | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28294 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke is yn 'e omkriten in seldsum foarbyld fan 'e romanogotyk. It gebou stiet op in heech punt fan in sânrêch yn 'e noardlike kearn fan Nuis. Oant yn 'e 19e iuw waard de tsjerke troch in grêft en hege ikebeammen omklamme. Grêf en beammen moasten ferdwine fanwegen de úwreiding fan it tsjerkhôf. Eartiids waard it earme folk benoarden de tsjerke te rêste lein, súdlik fan 'e tsjerke fûnen de eigners fan de pleatsen harren lêste rêstplak.
Eksterieur
bewurkje seksjeLisenen ferdiele de noardlike en súdlike muorre yn trije traveeën. De muorren hawwe heech lizzende finsters dy't mei siermitselwurk tichtset binne. Yn 'e 18e iuw binne in tal rûnbôgefinsters ynbrocht. De eastlike gevel datearret noch folslein út de 13e iuw en dêr is de romanogoatyske styl fan 'e tsjerke goed te ûnderskieden. De muorre is fersierd mei sparfjilden mei bôgefriezen. De trije sintrale finsters yn it ûnderste diel fan 'e muorre binne finsters, dy't oarspronklik iepen wiene en letter tichmitsele binne. De oarspronklike noardlike en súdlike yngong binnen tichset. In dakruter mei in sealtek waard yn 1873 ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke mei in nudlespits. Yn 'e dakruter hinget in klok út 1777, getten troch J. Borchard út Inkhuzen. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard oan 'e westlike muorre in isolearjende dikke muorre mitsele. It portaal stamt út 1906 en is in ûntwerp fan de arsjitekt T. Glastra út Mearum.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe 18e iuwske preekstoel stiet oan 'e eastlike muorre yn it ferhege koer en is dekorearre mei de symboalen fan de fjouwer jiertiden. Yn 'e flier fan it koer lizze de sarken fan 'e eigners fan 'e Coendersboarch (Fossema, Auwema en Van Teyens). Ek yn it koer steane twa hearebanken út de 18e iuw en in nachtmieltafel út 1809. By in restauraasje fan 'e tsjerke yn 'e jierren 1980 waard rjochts fan 'e preekstoel in goatyske piskina ûntdutsen. Yn 'e tsjerke hingje tolve rútfoarmige roubuorden fan 'e famyljes Fockens en Van Teyens, dy't oarspronklik yn 'e herfoarme tsjerke fan Beetstersweach hongen. Yn 'e Frânske tiid moasten de buorden út de tsjerke ferwidere wurde. Se waarden opslein yn 'e Coendersboarch en kamen letter yn it besit fan 'e tsjerkfâldij fan Nuis.
Oargel
bewurkje seksjeOant 1953 waard de sang begelaat troch in harmoanium. Yn dat jier boude J. van der Bliek it piipoargel yn 'e tsjerke. Dêrby makke de oargelbouwer gebrûk fan it 17e iuwske piipwurk fan it oargel fan 'e Huzumer tsjerke. It neogoatyske oargelfront is ôfkomstich út in oare Fryske tsjerke. De oargelgalerij moast doedestiids foar de bou fergrutte wurde. It ienmanualige ynstrumint hat 6 stimmen en in oanhongen pedaal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kerk van Nuis
|