Kazachsk blau
Kazachsk blau of turquoise surf is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan blau. It is in ljochtblauwige kleur, dy't justjes nei syaan niget.
Kazachsk blau | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #00AFCA | |
RGBª (r, g, b) | (0, 175, 202) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (100, 13, 0, 21) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Kleurminging
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is Kazachsk blau in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, produsearre troch de ferminging fan syaan mei wat maginta (en yn 'e praktyk ek mei wat swart).
Namme
bewurkje seksjeDe offisjele kleurnamme fan Kazachsk blau is (yn it Ingelsk) turquoise surf. Dêrfan betsjut turquoise "turkwaze", wylst surf de oantsjutting is foar it diel fan 'e see tusken de brâning en it strân yn. De namme 'Kazachsk blau' is lykwols yn gebrûk kommen om't turquoise surf de kleur is fan 'e flagge fan Kazachstan (mei mikadogiel), en sadwaande de nasjonale kleur fan Kazachstan wurden is. Bûten Kazachstan is Kazachsk blau ek bekend wurden as de tenukleur fan 'e troch it regear fan Kazachstan sponsore hurdfytsploech Astana.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |