Us-Leaffrouwetsjerke (Gasselte)

De Us-Leaffrouwetsjerke, ek bekend as it Wite Tsjerkje, is de PKN-tsjerke fan it Drintske doarp Gasselte.

Us-Leaffrouwetsjerke

Onze Lieve Vrouwekerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Gasselte
adres Doarpsstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15942 [1]
offisjele webside
PKN Rolde

De tsjerke waard yn de twadde helte fan de 13e iuw boud tusken de twa buorskippen Lutkenend en Grotenend. Yn 1362 waard in twadde alter oan Sint-Katarina wijd en in fikaris oansteld.

 
In tekening fan de tsjerke fan Gasselte mei de klokkestoel (likernôch 1750)

Nei de ynfiering fan de reformaasje waard yn 1613 de westlike muorre fan de Marijetsjerke fernijd mei kleastermoppen fan in yn Assen ôfbrutsen kleaster. De doe protestantske tsjerke waard yn de rin fan de tiid ferskillende kearen ferboud en restaurearre (1651, 1787, 1851 en 1963).

Op in ôfbyld is te sjen dat by de tsjerke eartiids in frijsteande klokkestoel stie. Yn 1787 waard de klokkestoel ôfbrutsen en krige de tsjerke in dakruter oan de westlike kant fan de tsjerke, dêr de yn 1603 getten klok yn ophongen waard.

Nei de reformaasje dielden Gieten en Gasselte ynearsten in dûmny, mar mei it beneamen fan Johannes Cuperus (alias Fabritius) krige Gasselte yn 1611 in eigen dûmny. It predikantenamt soe yn Gasselte oant 1746 yn ien en deselde famylje bliuwe.

Yn de 19e iuw waard de tsjerke pleistere. By de restauraasje fan 1964 waard de pleisterlaach ferwidere en binne de muorren wyt skildere.

Sûnt oktober 1944 wie yn Gasselte in NSKK-kontingint ûnder lieding fan in Dútske kommandant. Op de lêste dei fan de Twadde Wrâldkriich liet de kommandant alle manlju fan Gasselte gizelje en yn de tsjerke finzen sette, om't guon ynwenners fan Gasselte saken út de pastorij helle hiene dy't fan de Dútsers wiene. De Dútske kommandant drige om de tsjerke mei de manlju op te blazen as de skuldigen harren net oanjoechen, mar mei help fan de NSB-boargemaster fan Gasselternijveensemond slagge it om de Dútske kommandant op oare gedachten te krijen, sadat de manlju de befrijing meimeitsje koene en de tsjerke sparre bleau.

 
Ynterieur

Oarspronklik hat de tsjerke nei alle gedachten in stiennen ferwulft hân. Yn 1647 skreau de tsjerkeried dat it ferwulft troch kriichshannelings yn de Tachtigjierrige Kriich en in swiere stoarm sa slim skeind wie, dat it hast ynstoartte.

De preekstoel datearret út de earste helte fan de 17e iuw en de nachtmielstafel en it doopbekken út de twadde helte fan de 17e iuw. De sulveren nachtmielsbeker stamt út 1644 en waard skonken troch dûmny Bernard Fabritius. It offerblok is yn 1681 makke. By de restauraasje fan de jierren 1960 waarden de banken ferwidere en ferfongen troch stuollen.

It oargel waard yn 1995 oanskaft en is in histoarysk oargel dat yn 1839 boud waard troch de Drintsk-Dútske oargelbouwer Johan Christoff Scheuer foar de herfoarme tsjerke fan Wâldsein. Wâldsein ferkocht letter it haadwurk oan de grifformearde tsjerke fan De Pomp en it boppewurk nei de herfoarme tsjerke fan Himrik. Doe't De Pomp yn 1978 in nij oargel oankocht, waard it haadwurk fan Scheuer troch Bakker & Timmenga út Ljouwert opslein. Allinne de Bourdon 16’ fan it Scheuer-oargel bleau yn it nije oargel fan De Pomp efter.

Dat piipwurk waard brûkt by de bou fan it oargel yn Gasselte. Dêrby bleau de âlde oargelkas fan it eardere Spiering-oargel ynearsten bewarre. Op 7 july 1997 koe it oargel yn gebrûk nommen wurde. Yn in twadde faze waard de oargelkas ferfongen troch in nij front yn de styl fan Scheuer. De orizjinele Bourdon 16’ waard yn Kollumerpomp ferfongen troch in replika en yn it oargel fan Gasselte set. Dêrnjonken waarden de Trompet 8’ en de Mixtuur lV tafoege. Dêrmei krige it haadwerk wer syn oarspronklike disposysje werom. It ienmanualige ynstrumint hat njoggen registers en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: