In útbuorren is in lytse delsetting dy't gjin doarp is (dus gjin blauwe kombuorden hat) en dêr't mar in stikmannich huzen byinoar steane. Oer it algemien wurdt sa'n plak in buorskip neamd, mar as de bebouwing fan in buorskip mear konsintrearre is ta in soarte fan buorren, dan sprekt men fan in 'útbuorren'. Dêrmei falt in útbuorren yn befolkingsgrutte dus tusken in buorskip en in doarp yn. In ferskil út it ferline is dat buorskippen in namme hiene dy't faak ôflaat wie fan in wichtich gebou of in wichtige dyk, wylst útbuorrens in (orizjinele) namme fan harsels hiene. Om't yn letter tiid faak wer diken yn 'e omkriten nei útbuorrens ferneamd binne, is dit ûnderskie tsjintwurdich net mear sa dúdlik.

Bodiggo, in útbuorren yn Cornwall.

Yn 'e regel hat in útbuorren gjin tsjerke en likemin oare foarsjennings, lykas winkels, in doarpshûs of in kafee. In útbuorren hat gjin eigen gebiet, mar leit yn 'e himrik fan in doarp út 'e omkriten (of soms op 'e grins fan twa of trije himrikken). Utbuorrens hiene troch de tiid hinne in útinoarrinnende juridyske status, mar tsjintwurdich gjin inkele mear, of it moat wêze dat de gemeenteried fan 'e gemeente dêr't de oangeande útbuorren yn leit, oars beslist, bygelyks fanwegen in ûnfeilige ferkearssitewaasje.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: