Weetgiel of weetgeel is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan giel. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in rôzich giel of as in ljocht bêzje. Dizze kleur wurdt sa neamd om't it de kleur fan weet is as dy plant ryp is om rispe te wurden.

weetgiel
kleurkoördinaten
heksadesimaal #F5DEB3
RGBª (rgb) (245, 222, 179)
CMYKº (cmyk) (0, 9, 26, 3)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)
Weet.

Kleurtechnyk

bewurkje seksje

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is weetgiel in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt ynstee fan syaan lykwols swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.

It earste dokumintearre gebrûk fan 'e oantsjutting 'weetgiel' as kleurnamme yn it Ingelsk (yn 'e foarm wheat), datearret fan 1711.

Weetgiel is ien fan 'e X11-webkleuren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.