Opstanning fan Jezus
De opstanning fan Jezus of de ferrizenis fan Jezus is yn it kristlike leauwe it barren dat Jezus op de tredde dei neidat er krusige waard, as earste fan de deaden ferriisde, en dat er fan dat stuit ôf ferhearlike waard as de Heare Jezus. Yn de kristlike teology wurde de dea en de opstanning fan Jezus fan krúsjaal belang achte, en dy foarfallen foarmje dan ek it fûnemint fan it kristlike leauwen, dat fierd wurdt mei Peaske. Foar kristenen betsjut syn opstanning dat hja nei harren dea wer ferrize sille by it weromkommen fan Jezus op de ierde. Neffens kristlike tradysje soarge de ferrizenis fan it lichem foar it wer ta libben bringen fan in transformearre lichem fan 'e geast, sa't beskreaun stiet yn de kanonike evangeeljes en de brieven fan Paulus. It leauwen yn dy transformaasje foarmet de boarne fan it kristendom.
Guon moderne teologen sjogge it ferskinen fan Jezus nei de opstanning as fisjonêre ferskinings dy't in ympuls joegen oan it leauwen yn de ferhearliking fan Jezus en it ferfetsjen fan it sindingswurk fan Jezus syn folgelingen.
It barren neffens it Nije Testamint
bewurkje seksjeAlle fjouwer kanonike evangeeljes neame dat Jezus syn opstanning foarsein hat, en trije dêrfan neame dat er nei de krusiging ferskynd wie (de oarspronklike koarte ferzje fan it Evangeelje fan Markus neamde dat net). It stuit fan de opstanning sels wurdt yn de evangeeljes net neamd.
Jezus wurdt beskreaun as "de earste dy't út de dea opstien is", prōtotokos en syn opstanning jout de wissichheid foar kristenen dat hja nei de dea wer ferrize sille by it weromkommen fan Jezus op de ierde.
Nei de opstanning ferkundige Jezus de "ivige ferlossing" troch de dissipels, en joech de apostels de Grutte Opdracht sa't dat beskreaun is yn Mattéus 28:16–20, Markus 16:14–18, Lukas 24:44–49, Hannelingen 1:4–8, en Jehannes 20:19–23 dêr't de dissipels it boadskip meikrigen: "Gean der dus op út en meitsje alle folken learlingen fan My, doop harren yn 'e namme fan de Heit en fan de Soan en fan de Hillige Geast en lear harren alles nei te kommen wat Ik jimme oplein haw". Hy hiet harren yn de stêd (Jeruzalim) te bliuwen oant se "mei krêft fan boppe ôf tarist binne".
It Evangeelje fan Markus einiget mei de ûntdekking fan de lege grêftombe troch Marije Magdalena, Salomé en Marije, de mem fan Jakobus. In ingel ferskynt op it plak fan de tombe en seit tsjin harren dat Jezus ferriisd is, en hjit harren om it Petrus en de dissipels te fertellen. Jezus sil harren yn Galiléa moetsje, "sa't Er jimme sein hat". Fierder neamt it evangeelje dat Jezus ynearsten oan Marije Magdalena ferskynt, dêrnei oan twa folgelingen bûten Jeruzalim en dêrnei oan de alve oerbleaune dissipels.
Yn de Evangeeljes fan Mattéus, Lukas en Jehannes wurdt de oankundiging fan de opstanning folge troch it ferskinen fan Jezus earst oan Marije Magdalena en dêrnei oan de oaren. It Evangeelje fan Mattéus beskriuwt mar ien ferskining yn Galiléa, mar it Evangeelje fan Jehannes neamt ferskinings yn Jeruzalim en Galiléa. Yn it boek Hannelingen fan de Apostels stiet dat er fjirtich dagen lang by harren ferskynde. It Evangeelje fan Lukas neamt de himelfeart fan Jezus op in plak by Betanië (Lukas 24:50-51).
Neffens it Evangeelje fan Mattéus ferskynde der in ingel oan Marije Magdalena by de lege grêftombe dy't tsjin har sei dat Jezus der net wie, want hy wie ferriisd. Hy sei fierder noch tsjin har om it de oaren te fertellen en nei Galiléa te gean om Jezus dêre te moetsjen. Dêrnei ferskynde Jezus oan Marije Magdalena en "de oare Marije" doe't hja ûnderweis wiene en doe "foelen se op 'e knibbels en omklammen earbiedich Syn fuotten". Dêrnei, neffens Markus 16:7, ferskynde Jezus oan alle dissipels op in berch yn Galiléa, dêr't Jezus harren de Grutte Opdracht joech en hy sei harren hiet: "Wa't leaut en doopt is sil behâlden wurde, mar dy't net leaut sil feroardiele wurde". (Markus 16:16)
Neffens it Evangeelje fan Lukas giene "de froulju dy't mei Him út Galiléa kommen wiene" nei de tombe dêr't se ûntdutsen dat dy leech wie. Doe ynienen stiene der "twa mannen yn blinkend wite klean by harren" en seine dat Jezus der net wie en dat er ferriisd wie. Jezus ferskynde doe oan twa folgelingen dy't op 'en paad wiene nei Emmaüs (de saneamde Emmaüsgongers), dy't it de oerbleaune alve dissipels fertelden. Dy ferklearren dat Jezus oan Petrus ferskynd hie. Wylst se it barren beskreaune, ferskynde Jezus ynienen yn harren fermidden en liet harren sjen dat syn lichem noch hieltyd út fleis en bien bestie. Hy lei harren út dat de Messias ferriisd wie fan de dea en dat "yn syn namme, te begjinnen yn Jeruzalim, ferkundige wurde moat, dat se har bekeare en dat har sûnden ferjûn wurde" (Lukas 24:37-47). Neffens it Evangeelje fan Lukas en de Hannelingen fan de Apostels, dy't beide troch deselde skriuwer skreaun waarden, fear er dêrnei op nei de himel.
Neffens it Evangeelje fan Jehannes kaam Marije Magdalena by de tombe en seach se dat dy leech wie; se gie doe nei Petrus om it him te fertellen. Doe ferskynden der twa ingels oan har en dêrnei ferkynde Jezus sels oan har. Dy jûns ferskynde Jezus oan de oare folgelingen, en in wike letter ferskynde er wer in kear (Jehannes 20:1-29). Letter ferskynde er yn Galiléa oan Petrus, Tomas en de twa oare folgelingen. Hy joech Petrus in nije opdracht en hiet Tomas om syn hân en syn side oan te reitsjen om't dyselde sein hie dat er net leauwe soe dat Jezus ferriisd wie oant er syn wûnen fan 'e krusiging betaaste koe (Jehannes 21:1-27).
Nettsjinsteande Paulus, dy't sei dat it opstiene lichem allinnich mar "geastlik" wêze koe, en dat fleis en bien net yn it Keninkryk fan God komme kinne, ferwize de fjouwer evangeeljes gauris nei de fysike steat fan it lichem fan de opstiene Jezus. Sa seit er yn it Evangeelje fan Lukas dat syn lichem noch hieltyd út fleis en bien bestiet (Lukas 24:37). Dat soe komme kinne fan de tradisjonele Grykske ferwachtings dat sawol it lichem as de siel yn it ivige libben ynbegrepen binne.
Neffens it boek Hannelingen fan de Apostels ferskynde Jezus oan de dissipels fjirtich dagen lang en hiet harren yn Jeruzalim te bliuwen nei't hysels nei de himel opfearn wie. De Hillige Geast soe dan by harren komme op Pinkster en dêrnei waard úteinsetten mei it sindingswurk fan de iere tsjerke.
Peaske
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Peaske.
Peaske, benammen Peaskesnein, is de wichtichste kristlike hjeldei, dêr't de opstanning fan Jezus fierd op wurdt. It wie ek de earste kristlike hjeldei. Peaske is ferbûn mei it Pesach en de Uttocht út Egypte út it Alde Testamint. Jezus joech Pesach in nije betsjutting troch by it Lêste Nachtmiel yn de boppeseal syn dissipels en himsels ree te meitsjen foar syn dea. By it ferdielen fan it ûnsuorre brea en de wyn sei er dat mei gauwens syn lichem opoffere wurde soe en syn bloed fergriemd wurde soe.
It leauwen yn de opstanning fan Jezus fan syn iere folgelingen late ta it oprjochtsjen fan de earste tsjerken (ekklēsia) en in netwurk dat mei geskriften in ympuls oan de bedêstens en ferhearliking fan Jezus joech. Jezus syn dea waard útlein as in part fan it plan fan God foar it ferjaan fan de sûnden fan de minsken. De ferskinings fan Jezus laten ta it sindingswurk fan Jezus syn learlingen, dêr't Petrus in liedersrol by krige yn de earste ekklēsia.
It belang foar it Kristendom
bewurkje seksjeYn de kristlike teology binne de dea, de opstanning en de ferhearliking fan Jezus tige wichtige foarfallen, en it fûnemint fan it kristlike leauwe. De Leauwensbelidenis fan Niseä seit: "Op de tredde dei ferriisde er neffens de geskriften". De opstanning fan Jezus wie part fan it plan fan God foar de ferlossing fan de sûnden fan de minsken. De wichtichste fraach foar kristlike teologen bliuwt oft Jezus werklik út de dea wei opstien wie. De kategismus fan de Roomsk-Katolike tsjerke seit it folgjende:
"Alhoewol't de ferrizenis in histoarysk foarfal is, dat troch it teken fan de lege grêftombe en it werklike moetsjen fan de apostels mei de ferriisde Kristus fêst te stellen is, bliuwt it, ynsafier't it boppe de skiednis giet en dêroerhinne útstapt, yn it djipst in leauwensmystearje. Dêrom lit de ferriisde Kristus him net oan de wrâld sjen, mar wol oan syn learlingen, dy't mei him gien wiene fan Galiléa nei Jeruzalim".
Foar in soad kristenen, en guon teologen, is it uterst wichtich te leauwen dat ek Paulus leaude yn in lichaamlik opstean, wylst Paulus sels oantrune op in geastlik opstean en it ûntkennen fan in takomst foar fleis en bien. Dat leauwen fan Paulus hie te krijen mei de filosofy fan de fariseeërs, dy't ek leauden dat it natuerlike lichem nei de dea fergean sil. Neffens de Britske teolooch N.T. Wright syn boek The Resurrection of the Son of God ("De opstanning fan de Soan fan God") kin der gjin twifel oer mooglik wêze, dat Paulus wiswier leaude yn in lichaamlike opstanning. Ek oare teologen sprekke harren foarkar út foar de lichaamlike opstanning fan Jezus.
Histoarysk-krityske útlis
bewurkje seksjeFoar de Ferljochting waard it Nije Testamint leaud as de wiere skiednis, mar neitiid waard twifele oan guon eleminten dêryn. Om't sekuliere boarnen lykas Flavius Josefus en Tasitus it feroardieljen en it krusigjen fan Jezus neame, kin mei wissichheid fêststeld wurde dat dy foarfallen bard binne, al is der fierders neat bekend oer hoe en wat. Jezus syn opstanning bliuwt boppedat in kwestje fan leauwen ynstee fan in histoarysk foarfal, lykas de oare wûnders yn it Nije Testamint.
Hoewol't neffens measte kristenen de lege grêftombe in grut bewiis is dat Jezus wol út de dea wei opstien is, hawwe ûndersikers troch de iuwen hinne alternative ûnderstellings oppenearre oer wat der mei it lichem fan Jezus bard wêze koe dêr't natuerwetten net by oertrêde west hoege te hawwen. Dy ûnderstellings binne ûnder oaren:
- De ûnderstelling fan it stellene lichem: immen hat Jezus syn lichem mei opsetsin út it grêf helle. Dat koene de dissipels, de Romeinen, de Joadske lieders, of gewoane Joadske boargers west hawwe.
- De ûnderstelling fan it ferlerne lichem: it lichem fan Jezus soe ferlern rekke wêze troch in natuerferskynsel, lykas bygelyks in ierdskodding sa't dy neamd waard yn Mattéus 28:2, dêr't it lyk by yn de ierde ferdwûn wêze soe.
- De ûnderstelling fan koma: Jezus ferlear it bewustwêzen mar bleau lykwols yn libben en in pear oeren letter soe er wer wekker wurde en sels it grêf útgien wêze.
- De ûnderstelling fan it ferkearde grêf: de froulju soene by fersin it ferkearde grêf opsocht hawwe.
- De ûnderstelling dat der gjin grêf wie: der wie gjin grêf dêr't Jezus begroeven waard. Dat soe letter in betinksel west hawwe dat yn de evangeeljes foarkomt, mar net neamd wurdt yn bygelyks de brieven fan Paulus, dy't allinnich mar skreau dat Jezus ferstoar en opstien wie, sûnder in ferwizing nei in lege grêftombe as bewiis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Resurrection of Jesus
|