You Were Never Really Here (film)
You Were Never Really Here is in Amerikaansk-Britsk-Frânske psychologyske skrillerfilm út 2017 ûnder rezjy fan Lynne Ramsay, mei yn 'e haadrollen Joaquin Phoenix en Ekaterina Samsonov. De titel betsjut "Wiest Nea Echt Hjir". De film is basearre op 'e novelle mei deselde namme fan Jonathan Ames út 2013. It ferhaal giet oer Joe, in traumatisearre hierling dy't minderjierrige famkes út 'e twongen prostitúsje hellet en ûnmeilydsum ôfweefd mei lju dy't him dêrby yn it paad steane. Op in dei wurdt er ynhierd troch in bekende politikus om syn dochter te rêden. In iere ferzje fan 'e film waard yn 2017 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. You Were Never Really Here krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar die net folle yn 'e bioskopen.
You Were Never Really Here | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Lynne Ramsay | |
produsint | Rosa Attab Pascal Caucheteux James Wilson Lynne Ramsay Rebecca O'Brien | |
útfierend produsint |
Jonathan Ames e.o. | |
senario | Lynne Ramsay | |
basearre op | de novelle fan Jonathan Ames | |
kamerarezjy | Thomas Townsend | |
muzyk | Jonny Greenwood | |
filmstudio | Film4 Productions Britsk Filmynstitút Why Not Productions Page 114 | |
distribúsje | Amazon Studios (Feriene Steaten) StudioCanal UK (Feriene Keninkryk) SND Films (Frankryk) | |
spilers | ||
haadrollen | Joaquin Phoenix Ekaterina Samsonov | |
byrollen | Judith Roberts John Doman Alex Manette | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Frankryk | |
premiêre | 8 novimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | psychologyske skrillerfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 90 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | $10,9 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeJoe is in man yn syn middeljierren, dy't yn New York by syn bejierre mem ynwennet en har fersoarget. Hy wurdt delweage troch ferskate psychologyske trauma's, fanwegen de mishanneling fan him en syn mem troch syn heit doe't er lyts wie, en fanwegen syn lettere ûnderfinings as militêr en spesjaal agint by de FBI. Oantinkens oan syn ferline spylje him parten yn 'e foarm fan flashbacks dy't him sûnder warskôging oermânsk wurde. Fan gefolgen wurdt er ek pleage troch tinzen oer selsmoard.
Joe fertsjinnet de kost as hierling, wêrby't er spesjalisearre is yn it rêden fan minderjierrige famkes út sitewaasjes fan minskehannel en berneprostitúsje. Dêrta hat er foar de moade om ûnmeilydsum fanwegen te kommen tsjin eltsenien dy't him yn 'e wei stiet. Syn favorite ynstrumint is in gewoane hammer, sa't men dy by eltse winkel yn ark en reau keapje kin, om't dat ek wie wat syn heit eartiid tsjin him en syn mem brûkte. Foar lju dy't bern ûntfiere en misbrûke is er, sis mar, de echte 'man mei de hammer'.
As Joe op in jûn thúskomt fan in put, sjocht Moises wêr't er wennet. Moises, dy't dêr by de buorlju boadskippen oanbrocht, is de soan fan Angel, in winkelman dy't as tuskenpersoan fungearret tusken Joe en John McCleary. Dy lêste ûnderhâldt de kontakten mei de opdrachtjouwers, ornaris de âldelju fan 'e rêdene bern, en fynt it mar apart dat Joe him net gewoan syn adres jaan wol. Mar Joe wol syn mem beskermje tsjin eventuele konsekwinsjes fan syn wurk. As er McCleary yn dy syn kantoar moetet, jout er dêrom oan dat der in oare tuskenpersoan komme moat, om't Angel no kompromitearre is.
Yn deselde moeting kriget Joe fan McCleary in nij putsje. In steatssenator fan New York, Albert Votto, hat harren in grut jildbedrach bean om syn dochter Nina te rêden. Sûnt it ferstjerren fan Votto syn frou, inkele jierren lyn, hat it famke it foar de moade krigen om út te naaien. Diskear is se yn 'e hannen fallen fan lju sûnder skrupules, dy't har as prostituee eksploitearje yn in bordeel foar rike klanten. Hy wit dat om't er dêroer in anonym sms-berjocht ûntfongen hat mei it adres fan it bordeel. Votto, dy't gjin publyk skandaal brûke kin om't er troch gûverneur Williams fan New York útsocht is as running mate (luitenant-gûverneur) foar syn werferkiezing, wol dat Joe Nina rêdt en dejingen dy't har fêsthâlde "sear docht".
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Joe giet derop ôf, hâldt oerenlang fan bûtenôf it bordeel yn 'e rekken en nimt de boadskiprindersjonge fan 'e poaiers finzen om him te ûnderstean oer de koade fan 'e foardoar, de swierte fan 'e befeiliging en it plak yn it gebou dêr't de minderjierrige famkes fêstholden wurde. Dêrnei kringt er it gebou yn, slacht twa befeiligingsmannen en ferskate klanten dea mei syn hammer en rêdt Nina Votto, dy't yn 't earstoan suver katatoanysk is. Letter begjint se normaler te reägearjen. Joe nimt har mei nei in hotelkeamer dêr't er yn 't foar ôfsprutsen hat mei Votto om syn dochter op te heljen. Wylst se dêr sitte te wachtsjen en út ferfeling de tillefyzje oan dogge, sjogge se yn in nijsberjocht dat Albert Votto selsmoard dien hat troch fan in heech gebou ôf te springen.
Wylst Joe noch oan it betinken is wat er no moat, kloppet de resepsjonist fan it hotel by de keamer oan. As Joe iependocht, sjit ien fan 'e plysjes dy't de resepsjonist ûnder skot holden, de man troch de holle. De beide plysjes kringe de keamer yn en ien fan harren pakt Nina Votto op en rint mei har fuort. De oare wachtet ôf oant se partner de keamer út is en besiket dan Joe de fermoardzjen, mar hy ûnderskat Joe en komt te tichtby. Joe bespringt him en makket him dea. By de wrakseling is by Joe in kûgel troch de ûnderkaak gien en troch it wang wer nei bûten kommen.
Nei de heechstnedige soarch oan syn wûne skillet Joe McCleary op, mar kriget gjin gehoar. Itselde is it gefal by Angel en Moises. Joe nimt in taksy nei it hûs fan McCleary, dêr't er bewizen fan ynbraak mar net ien thús fynt. Hy wit wêr't McCleary syn revolver bewarret en bewapenet himsels. Dêrnei nimt er de auto fan McCleary nei dy syn kantoar, dêr't er de man dea oantreft. Hy is dúdlik martele, want hy mist al syn fingers. Joe begrypt dat McCleary syn boalen perfoarst trochwiisd hat nei Moises, dy't wit wêr't hy wennet.
Joe set op hûs oan, mar ynstee dat er dêr troch de foardoar deryn komt, klimt er op it dak en giet er troch in dakrút nei binnen ta. Hy treft syn mem yn har sliepkeamer dea op bêd oan mei in kûgel yn 'e holle. Dêrop slûpt er nei ûnderen ta, dêr't er twa mannen oer it mad komt en delsjit dy't de foardoar yn 'e gaten hâlde. De iene is op slach dea, wylst de oare deadlik ferwûne is. As Joe him ûnderfreget, kriget er foar it ferstân dat it leden fan it befeiligingsteam fan gûverneur Williams binne. De man jout ta dat se Albert Votto fermoarde hawwe en it lykje litten hawwe as selsmoard om't Votto "derút" woe. Williams stiet nammentlik oan it haad fan in berneprostitúsjenetwurk wêrby't rike mannen harren dochters útwikselje, en Nina Votto is Williams syn favoryt.
De man fertelt Joe ek dat syn mem net bang west hat, mei't se sliepte doe't se fermoarde waard. As de befeiligingsman stjert, hâldt Joe syn hân fêst. Neitiid nimt er it stoflik omskot fan syn mem mei yn 'e auto fan McCleary en riidt nei in bosk bûten de stêd, dêr't er har ferswierre mei stiennen ôfsinkt yn in mar. Sels docht er ek stiennen yn 'e bûsen, om't er fan doel is der in ein oan te meitsjen en dêr by har te bliuwen, mar as er hast gjin lucht mear hat, sjocht er yn in fizioen Nina Votto foar him, dy't ek nei de boaiem fan 'e mar sinkt. Joe beseft dat der noch wat is dat er dwaan moat, en hellet de stiennen út 'e bûsen wei. Wylst er nei it oerflak fan 'e mar swimt, sjocht er hoe't Nina mei him omheech komt.
Joe nimt de trein werom nei New York, dêr't er in hierauto hiert en Williams fan syn kantoar nei syn bûtenhûs op it plattelân folget. As it jûn wurdt, kringt er dêr binnen en slacht ferskate befeiligingslju dea mei in hammer. Hy fynt de sliepkeamer dêr't Williams syn famkes fêsthâldt, mar treft dêr de gûverneur oan mei in trochsniene kiel. Op dat stuit kin Joe it net mear byinoar hâlde en stoart er geastlik yn. In ûnbeskaat skoft letter, as er útgûld is, trochsiket er it hûs en treft Nina Votto yn 'e ytkeamer oan, mei njonken har op 'e tafel in bluodderich skearmês. Hoewol't Joe oerstjoer is dat Nina Williams fermoarde hat, bewissiget se him derfan dat se ynoarder is.
Se litte tegearre it bûtenhûs efter har. As se letter yn in kafetaria sitte, freget Nina Joe wêr't se hinne sille, mar Joe wit it net. It famke giet oerein en rint fuort, en Joe, dy't mient dat er lykme-allinne efterbliuwt, hat in gewelddiedige fantasij oer selsmoard en ferliest it bewustwêzen. Letter wurdt er wekker makke troch Nina, dy't weromkommen is, en wierskynlik inkeld eefkes nei it húske west hat. Se seit: "It is in moaie dei." Joe stimt dêrmei yn. Hy komt oerein en se geane tegearre fuort.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joe | Joaquin Phoenix |
Nina Votto | Ekaterina Samsonov |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joe syn mem | Judith Roberts |
John McCleary | John Doman |
senator Albert Votto | Alex Manette |
de jonge Joe | Dante Pereira-Olson |
gûverneur Williams | Alessandro Nivola |
Angel | Frank Pando |
Moises | Vinicius Damasceno |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeYou Were Never Really Here waard regissearre troch Lynne Ramsay nei in senario dat se sels skreaun hie op basis fan 'e novelle You Were Never Really Here fan Jonathan Ames út 2013. Ames wie by de filmadaptaasje fan syn boek belutsen yn 'e hoedanichheid fan útfierend produsint. As produsinten wiene yn it projekt behelle Rosa Attab, Pascal Caucheteux, James Wilson, Rebecca O'Brien en Ramsay sels foar de filmstudio's Film4 Productions, Why Not Productions, Page 114 en it Britsk Filmynstitút.
De film wie in Amerikaansk-Britsk-Frânske ko-produksje en in ûnôfhinklike film. It is net bekend hoe'n budget der foar de ferfilming beskikber wie. De kamerarezjy waard dien troch Thomas Townsend, de filmmontaazje wie yn 'e hannen fan Joe Bini en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jonny Greenwood. De opnamen fûnen yn augustus 2016 plak yn New York en omkriten. Inkele binnendoarsênes waard yn 'e Kaufman Astoria Studios filme.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan You Were Never Really Here waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Amazon Studios, yn it Feriene Keninkryk troch StudioCanal UK en yn Frankryk troch SND Films. De film wie noch yn postproduksje doe't der op 27 maaie 2017 in rûge ferzje fan fertoand waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. You Were Never Really Here gie op 8 novimber 2017 yn Frankryk yn premiêre, op 9 maart 2018 yn it Feriene Keninkryk en op 6 april fan dat jier yn 'e Feriene Steaten. Yn Frankryk en Dútslân waard de film útbrocht ûnder de alternative titel A Beautiful Day.
Untfangst
bewurkje seksjeYou Were Never Really Here krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Sheila O'Malley fan 'e webside RogerEbert.com de film 4 fan 4 stjerren ta. Hja omskreau de film as "in spand steande en suver ûndraachlik yntinse 90 minuten, sûnder in ûnske fet deroan." Yn it Amerikaanske tydskrift Variety skreau Guy Lodge dat Lynne Ramsay miskien wol "wrâlds grutste filmmakker" is. Hy neamde You Were Never Really Here in "grime […] skriller oer in hiermoardner dy't folle mear oer de hierling as de moard giet."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie You Were Never Really Here in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 266 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Op ferfrissende wize ferheft troch in karakteristyk engazjearre haadrol fan Joaquin Phoenix befêstiget [dizze film] senarioskriuwster-regisseur Lynne Ramsay [har reputaasje] as ien fan 'e meast unike – en meast kompromisleaze – stimmen fan 'e moderne sinema." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle You Were Never Really Here in goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeYou Were Never Really Here brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $10,9 miljoen op. Om't net bekend is hoefolle it budget bedroech, is net út te meitsjen oft der winst of ferlies draaid waard. Nettsjinsteande dat wie de opbringst hielendal net raar foar in ûnôfhinklike film.
Prizen
bewurkje seksjeYou Were Never Really Here wûn yn 2017 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes de prizen foar bêste akteur (Joaquin Phoenix) en bêste senario (Lynne Ramsay). De film wie ek nominearre foar de Gouden Palm. You Were Never Really Here wûn fierders twa British Independent Film Awards en de Independent Spirit Award foar bêste filmmontaazje (Joe Bini). Ek waard de film nominearre foar noch trije oare Independent Spirit Awards (bêste film, bêste regisseur en bêste manlike haadrol) en teffens foar de BAFTA foar bêste Britske film.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan You Were Never Really Here
- (in) Ynformaasje oer You Were Never Really Here yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |