A Walk Among the Tombstones (film)

A Walk Among the Tombstones is in Amerikaanske neo-noir-aksjeskriller út 2014 ûnder rezjy fan Scott Frank, mei Liam Neeson yn 'e haadrol. De titel betsjut "In Eintsje te Kuierjen Middenmank de Grêfstiennen". De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Lawrence Block. It ferhaal folget de korrupte âld-plysjeman Matt Scudder, dy't as privee-detektive wurket mar dêr gjin fergunning foar hat. Hy wurdt troch in drugsdealer frege om út te finen wa't syn frou ûntfierd en fermoarde hat. Scudder fielt dêr earst neat foar, mar as er in kassettebantsje kriget dêr't op te hearren is hoe't de frou ferkrêfte en deamartele wurdt, betinkt er him. A Walk Among the Tombstones krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

A Walk Among the Tombstones
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Scott Frank
produsint Danny DeVito
Michael Shamberg
Stacey Sher
Brian Oliver
Tobin Armbrust
senario Scott Frank
basearre op de roman fan Lawrence Block
kamerarezjy Mihai Mălaimare jr.
muzyk Carlos Rafael Rivera
filmstudio Cross Creek Pictures
Endgame Entertainment
1984 Private Defense Contractors
Exclusive Media
Jersey Films
Double Feature Films
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Liam Neeson
byrollen Astro
David Harbour
Dan Stevens
Boyd Holbrook
Adam David Thompson
Ólafur Darri Ólafsson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 septimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 114 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $62,1 miljoen

Yn 1991 oerlibbet de korrupte, alkoholistyske resjersjeur Matt Scudder yn dronken steat in sjitpartij mei trije kriminelen dy't in oerfal dogge op syn stamkroech. Acht jier letter, yn 1999, is Scudder nofter mar by de plysje wei, en wurket er yllegaal as ûnfergund privee-detektive. Om fan 'e drank ôf te bliuwen, giet er nei gearkomsten fan A.A., dêr't er kunde kriget oan Peter Kristo, in drugsferslaafde âld-militêr dy't yn 'e Earste Golfoarloch fochten hat. Dyselde bringt him op in stuit yn kontakt mei syn broer Kenny Kristo, waans frou Carrie Anne ûntfierd is. Hoewol't Kristo dien hat wat de ûntfierders seine en it losjild betelle hat, is Carrie Anne dochs fermoarde. Kristo wol no dat Scudder de ûntfierders foar him opspoart, sadat er wraak nimme kin. Scudder hat lykwols daliks al foar it ferstân wêrom't Kristo net mei de saak nei de plysje giet: hy is in drugsdealer, dy't op yllegale wize oan syn fortún kommen is. Scudder hat der gjin sin oan om by in konflikt yn 'e ûnderwrâld belutsen te wurden, dat hy wegeret de opdracht oan te nimmen.

In dei letter, lykwols, siket Kristo Scudder thús op. Hy wol yn elts gefal de saak dúdlik útlizze, sadat der gjin misferstannen binne. Hy fertelt dat er opskille waard troch de ûntfierders, dy't wisten dat hy in protte kontant jild yn 'e hûs hie. Hy betelle in lospriis fan $400.000, mar Carrie Anne waard net efterlitten wêr't de ûntfierders sein hiene dat se har efterlitte soene. Nei't se him in skoft fan it iene plak nei it oare stjoerd hiene, seine se dat er har op in beskaat adres weromfine soe yn 'e kofferbak fan in autowrak. Doe't er de kofferbak iependie, leine dêr tsientallen yn plestik bewuolle pakken yn, dy't mei-inoar de folslein oan stikken sniene Carrie Anne blieken te befetsjen. Oan 'e binnenkant fan 'e kofferbak siet in kassettebantsje plakt mei op it etiket skreaun: "Foar dyn lústerplezier". Kristo lit it bantsje by Scudder efter. As dy it letter ôfspilet, blykt it in lûdsopname te wêzen fan 'e brute ferkrêfting fan Carrie Anne troch de ûntfierders en it yn stikken snijen fan har wylst se noch libbe. Scudder, dy't miende dat er yn syn jierren as plysje en privee-detektive alles al tsjinkommen wie, wurdt dêr lulk fan en beslút de opdracht fan Kristo dochs oan te nimmen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Scudder begjint syn ûndersyk troch de gongen fan Carrie Anne Kristo op 'e dei fan har ûntfiering nei te gean. Hy fynt ferskate tsjûgen fan 'e ûntfiering, dy't seagen hoe't hja op ljochtskyndei troch twa manlju yn in buske smiten en meinommen waard. Mar it spoar rint dea. Mei't er ornearret dat it allegearre sa smaard rûn dat it hast net de earste kear wêze kin dat de ûntfierders soks útheefden, giet Scudder nei de Iepenbiere Bibleteek fan New York om yn kranten op mikrofysje te sykjen nei soartgelikense moardsaken. Hy treft dêr T.J., in swarte dakleaze teenager, dy't er betellet om foar him op it ynternet nei sokke saken te sneupen, mei't er sels net mei sokke nijljochterij oer de wei kin.

Nei oanlieding fan 'e ynformaasje dy't hy en T.J. yn 'e bibleteek opdjippe hawwe, begjint Scudder ûndersyk te dwaan nei de dea fan in oare frou, Leila Andresen, wa har yn stikken seage lyk in healjier of sa tebek oantroffen waard op in begraafplak, it Green-Wood Cemetery. As er ûntdekt dat har ferloofde, Reuben Quintana, ek in drugsdealer is, mient er dat sa'n oerienkomst gjin tafal wêze kin. Quintana, dy't sels (fan op ôfstân) tsjûge wie fan 'e ûntfiering fan Leila, fertelt him dat dêrby trije mannen belutsen wiene: twa dy't har efteryn in buske sleepten en in sjauffeur.

Scudder giet de gongen nei fan Jonas Logan, de grouwe terreinbehearder fan it begraafplak, dy't him fertocht hâldt en draacht. It docht bliken dat Logan dowen hâldt op it plat dak fan it appartemintekompleks dêr't syn mem wennet (om't dat by syn eigen appartemintkompleks net tastien is). Fan dat dak ôf sjocht men rjocht yn 'e hûs by it appartemint fan Quintana en Leila, yn it foaroerlizzende gebou. Yn in hokje dêr't Logan syn ark en reau foar de dowehâlderij bewarret, ûntdekt Scudder ferskate foto's fan Leila, dy't nommen binne fan it dak ôf troch har keamersrút.

As Logan troch Scudder konfrontearre wurdt mei syn stalking fan Leila, fan wa't er earst sein hie dat er har net koe, jout Logan ta dat hy de sjauffeur wie by Leila har ûntfiering. Yn in yllegale pornografyske fideoteek foar leafhawwers fan sadomasogisme en oanbesibbe saken kaam er mei twa mannen yn kontakt, Ray en Albert, dy't soartgelikense ynteresses lieken te hawwen as hysels. Se makken him wiis dat se spesjale aginten wiene foar de DEA, de Amerikaanske federaal narkotikaresjerzje, troch him offisjele DEA-dossiers oer drugsdealers sjen te litten. Doe't er fertelde dat er Leila rêde woe fan har drugsdealende ferloofde, seine Ray en Albert dat se him helpe woene. Mar nei't se har fan 'e strjitte plôke hiene, begûnen se har efteryn it buske op in stil plakje te ferkrêftsjen en te marteljen. Dêr hie de leffe Logan net op rekkene. Hy waard deabenaud foar de mannen en naaide út sa hurd as syn skonken him drage koene. Letter fûn er de yn plestik bewuolle dielen fan Leila har lichem werom op it begraafplak; hy giet derfan út dat dat in sike grap wie fan 'e beide ûntfierders, oan wa't er ferteld hie wat er foar de kost die. Scudder wol dat Logan meigiet om dit allegearre oan 'e plysje te fertellen, mar ear't er de man meikrije kin, docht dy selsmoard troch fan it dak te springen.

No't syn spoar op 'e nij dearûn is, set Scudder útein mei it ûndersykjen fan 'e moard op in twadde frou oer wa't er yn 'e bibleteek lêzen hat, in Marie Gotteskind. Hy ûntdekt dat sy eins in spesjaal aginte wie fan 'e DEA, dy't undercover wie as de ferloofde fan alwer in drugsdealer. It docht bliken dat Marie de DEA-dossiers oer ferskate drugsdealers by har hie doe't de ûntfierders har te pakken namen. Scudder beseft dat se drugsdealers útkieze om foar losjild ôf te parsjen om't sokken net gau de plysje yn in ûntfieringssaak behelje sille, sels net wannear't letter blykt dat se it jild omdôch betelle hawwe om't de ûntfierders harren frou of ferloofde likegoed fermoarde hawwe.

Scudder wurdt oanholden troch echte DEA-aginten, dy't it fertocht fine dat er allegeduerigen mei drugsdealers omslacht. Hy fertelt harren dat er de moard op Marie Gotteskind en ferskate oare froulju ûndersiket, mar as yllegaal wurkjend privee-detektive hoecht er net op meiwurking fan 'e DEA te rekkenjen. Lykwols kriget er de tip om nochris nei de drugsferslaafde Peter Kristo te sjen. Wannear't er Peter ris stevich oan 'e tosk fielt, bychtet dy op dat hy in jier lyn by it keapjen fan drugs arrestearre is troch Marie Gotteskind. Om syn eigen hachje te rêden, waard er doe ynformant omtrint de drugshannel fan syn broer Kenny. It wie de ynformaasje dy't Peter oan Marie trochjoech dy't letter troch de ûntfierders brûkt waard om Carrie Anne as slachtoffer út te kiezen. Peter, dy't temûk smoarfereale op Carrie Anne wie, hat it dêr sa dreech mei, dat er nei in skoft clean west te hawwen wer oan 'e drugs rekke is.

Underwilens hat de jonge T.J., dy't himsels as de partner fan Scudder sjocht, in pistoal út in opberchplak fan in pear buertkriminelen stellen. Hy ornearret dat in echte privee-detektive ek in echt pistoal hawwe moat. Scudder stiet der by him op oan om te sjen dat er fan it pistoal ôf komt, mei't it oars sûnder mis syn dea wurde sil. T.J. harket nei him en smyt it wapen yn in kanaal. De kriminelen fan wa't er it stellen hat, komme him tenei en slane him it sikehûs yn. As er dat heart, siket Scudder him dêr op. It komt ta in útwikseling fan fertroulikheden, wêrby't T.J. fertelt dat syn mem him yn 'e steek litten hat. Scudder bychtet op syn beurt op dat er by de sjitpartij yn 1991, doe't er mei syn dronken kop yn it wylde wei op 'e oerfallers skeat, ek in lyts famke fan sân jier deasketten hat. Dat wie foar him oanlieding om ûntslach te nimmen by de plysje en help te sykjen foar syn drankferslaving.

It ûndersyk fan Scudder sit muorrefêst en hy is ree om it oer te jaan, wannear't Kenny Kristo him behellet yn in nije ûntfieringssaak fan kunde fan sines. Diskear is Lucia, de fjirtjinjierrige dochter fan 'e rike drugsdealer Yuri Landau, it slachtoffer. As de ûntfierders opskilje om losjild te easkjen, nimt Scudder it petear oer fan 'e oerstjoere heit fan it famke. Troch bienhurde ûnderhannelings wit er Ray, dy't er oan 'e tillefoan hat, safier te krijen dat dy earst in bewiis jout dat Lucia noch yn libben is, en dan ynstimt mei in útwikseling fan it losjild fan $1 miljoen foar it famke. Se prate ôf op it Green-Wood Cemetery. Kenny Kristo helpt Landau om it jild byinoar te krijen, en Landau suveret it oan mei falsk jild om't er net op sa'n koarte termyn oer sa'n grut bedrach yn kontanten beskikke kin.

Scudder, Landau en Kristo sette ôf nei it begraafplak, beselskippe fan 'e mei in gewear bewapene Peter Kristo, dy't yn it Amerikaanske Leger skerpskutter wie. T.J. nûget himsels út om ek mei. Dêre oankommen leveret Scudder it jild ôf tsjin 'e frijlitting fan Lucia, dy't mei har heit weriene wurdt. Albert ûntdekt lykwols al rillegau dat in diel fan it jild falsk is. Yn 'e sjitpartij dy't dêrop folget, komt Peter Kristo om, wylst Albert ûntkomt mei in ferwûne Ray, dy't yn 'e side sketten is. Yn alle trelit hat nimmen sjoen dat T.J. himsels efteryn it buske fan 'e ûntfierders ferstoppe hat. Wannear't de ûntfierders thús arrivearje, komt T.J. út it buske en jout it adres troch oan Scudder, dy't mei Kenny Kristo delkomt. Underwilens sjocht Albert de ferwûning fan Ray as in ûnnedich risiko foar himsels, dat hy smoart syn maat mei in wjirchizer.

Scudder en Kristo falle it hûs binnen, dêr't se Albert oermasterje en fêstsette. Scudder lit it lot fan 'e searjemoardner oan Kristo oer. Nei't er T.J. yn in taksy nei syn eigen appartemint set hat, komt er lykwols werom om nochris op Kristo yn te praten om 'e boel fierder oan 'e plysje oer te litten. As er wer yn 'e hûs komt, treft er Kristo lykwols dea oan. Albert is losbrutsen en besiket Scudder dea te meitsjen mei syn wjirchizer. Scudder wit lykwols in hân tusken it wapen en syn kiel te krijen. Under de wrakseling grypt Scudder it stroomstjitwapen dat it stoflik omskot fan Ray út 'e bûse stekt en skeakelet dêr Albert langernôch mei út om syn delfallen pistoal wer op te sykjen en de moardner dea te sjitten. Letter sjocht Scudder fan in ôfstân ta hoe't de plysje it hûs fan 'e beide searjemoardners ôfset as in plak delikt. Hy keart werom nei hûs, dêr't T.J. ûnderwilens yn 'e sliep fallen is op 'e bank.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Liam Neeson.
 
David Harbour.
haadrollen
personaazje     akteur/aktrise
Matt Scudder Liam Neeson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
T.J. Astro (Brian Bradley)
Ray David Harbour
Kenny Kristo Dan Stevens
Peter Kristo Boyd Holbrook
Albert Adam David Thompson
Jonas Logan Ólafur Darri Ólafsson
Yuri Landau Sebastian Roché
Ludmilla "Lucia" Landau Danielle Rose Russell
Reuben Quintana Mark Consuelos
Leila Andresen Laura Birn
Carrie Anne Kristo Razane Jammal
Marie Gotteskind Marielle Heller
Stover Leon Addison Brown

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

A Walk Among the Tombstones waard regissearre troch Scott Frank nei in senario fan himsels op basis fan 'e misdieroman A Walk Among the Tombstones fan Lawrence Block út 1992. It skript is fierhinne trou oan 'e plot fan it boek, mar knipt ferskate subplots en ûnderstypjende personaazjes fuort om de feart deryn te hâlden.

As produsinten wiene Danny DeVito, Michael Shamberg, Stacey Sher, Brian Oliver en Tobin Armbrust by it projekt belutsen foar de filmstudio's Cross Creek Pictures, Endgame Entertainment, 1984 Private Defense Contractors, Exclusive Media, Jersey Films en Double Feature Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $28 miljoen, dat fierhinne finansierd waard troch Universal Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mihai Mălaimare jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carlos Rafael Rivera.

In ferfilming fan A Walk Among the Tombstones wie al yn 2002 sprake fan. Doe soe Harrison Ford de haadrol spylje ûnder rezjy fan D.J. Caruso op basis fan it skript fan Scott Frank. It projekt rûn lykwols tsien jier lang fêst omreden fan gebrek oan finansiering. Uteinlik waard Frank sels de regisseur en gie de haadrol nei Liam Neeson. Dêr wie Lawrence Block, de auteur fan it boek dêr't de film op basearre waard, tige oer te sprekken. Hy sei yn in fraachpetear: "Lêzers freegje my gauris wa't myn ideäle Matt Scudder wêze soe en dan feroarje ik ornaris it ûnderwerp fan petear. Mar no is it wol feilich om te fertellen dat, sûnt ik him yn Michael Collins seach, Liam Neeson boppe-oan myn persoanlike Matt Scudder-winsklist stien hat."

De opnamen foar A Walk Among the Tombstones setten op 3 maart 2013 útein en duorren oant en mei 8 oktober fan dat jier. Se fûnen folslein plak op lokaasje yn New York.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan A Walk Among the Tombstones waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 19 septimber 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige A Walk Among the Tombstones oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film in 8+ op in skaal fan 1 oant 10. Hy kwalifisearre A Walk Among the Tombstones as "in stylfolle en fernimstige skriller." Yn it tydskrift Variety fûn Andrew Baker it in knaphandich makke skriller "mei gâns swier en styl". Manohla Dargis skreau yn The New York Times dat it "ien fan dy seldsume filmproduksjes [is]: yntelliginte pulp". Dêr tekene se by oan dat de film "dreech wêze kin om oan te sjen, yn 't bysûnder de flechtige bylden fan martele froulju."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Walk Among the Tombstones in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 165 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] wit net alhiel boppe de klisjees fan syn sjenre út te stiigjen, mar hy biedt Liam Neeson wol ien fan 'e mear ynnimmende rollen fan 'e lêste jierren, en dêr kin it wol mei ta." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Walk Among the Tombstones in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 36 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer har ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore, joegen de film in 8 op in skaal fan 1 oant 10.

A Walk Among the Tombstones brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $26,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $62,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $34,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.