Berjocht:Tema:Skiednis fan Fryslân/Side fan de moanne

Siden fan de moanne

bewurkje seksje

Jannewaris

museum Martena yn Frjentsjer
museum Martena yn Frjentsjer

Hessel fan Martena1460 - 1517) wie in Fryske haadling. Hy wurdt troch syn tiidgenoaten beskôge as dejinge dy't Fryslân ferriede oan Albrecht fan Saksen dêr't in ein troch kaam oan de Fryske Frijheid en de Saksentiid útein set. Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum dat de state Ter Herne bewenne yn Bitgum. Yn Hessel fan Martens tiid hienen de rike famyljes, de saneamde haadlingen it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak ...

Lês fierder...


besjen


Febrewaris

Ofbylding fan Redbod. P. Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).
Ofbylding fan Redbod. P. Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).

Redbad, of Radboud650 - 719), wie in Fryske kening. Under syn regear berikt it Fryske Ryk syn grutste útwreiding. Kening Redbad libbe yn de iere Midsiuwen, in tiidrek dêr't net folle skreaune boarne fan oerlevere binne. Oer syn jeugd en jonge jierren is neat bekend. Hoewol't yn lettere kroniken beweard wurdt dat er in soan fan kening Aldgillis wie, bestiet foar soks yn it boarnemateriaal út dy tiid lykwols gjin bewiis ....

Lês fierder...


besjen


Maart

Mata Hari
Mata Hari

Mata Hari (1876 - 1917) is ien fan Fryslâns meast besprutsen dochters. Har namme is suver synonym foar seks en yntrige. Yn it tiidrek foar de Earste Wrâldkriich fierde sy triomfen yn Parys as neaken dûnseres en hie as courtisane relaasjes mei de hegerein. Op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers waard sy fusileare. As Margaretha Geertruida Zelle waard se yn Ljouwert berne as dochter fan huoddemakker Adam Zelle en syn frou Antje van der Meulen ....

Lês Fierder


besjen


April

Marijke Muoi
Marijke Muoi

Marijke Muoi' of Maria Louise fan Hessen-Kassel wie in Dútske prinsesse en troch houlik foarstinne fan Nassau-Dietz en prinsesse fan Oranje. Nei de dea fan har man Johan Willem Friso en ûnder de minderjierrichheid fan har soan Willem IV wie Marijke Steedhâlderinne fan Fryslân, Grins en Drinte. Biografen en histoarisy beskriuwe har as godfruchtich en beskieden minsk, en har optreden as ienfâldich en ynnimmend, mar fêsthâldend dêr't it de steedhâlderlike ambysjes fan de Fryske Nassaus oanbelanget. Yn Fryslân wie Maria Louise tige populêr, troch har ûnderdienen waard sy fereare mei de bynamme 'Marijke Muoi' .....

Lês Fierder


besjen


Maaie

Sulveren Brunoanen munt
Sulveren Brunoanen munt

De Brunoanen, ek wol de foarsten fan Brunswyk neamd, wienen in dynasty fan Fryske greven dy't yn de 11e iuw in skoftlang Mid-Fryslân , tusken Fly en Lauwers bestjoerd hawwe. Sy waarden greven fan Starum, Eastergoa, Westergoa en Iselgoa neamd. Letter krigen sy ek de rjuchten ....

Lês fierder...


besjen


Juny

De goudskat fan Wiuwert
De goudskat fan Wiuwert

Audulf of Audwulf, (Latynsk: Audulfus) wie in Fryske kening út it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren (om-ende-by 600). It grûngebiet dêr't dizze kening hearske hat, lei mooglik yn it sintraal rivieregebiet fan Nederlân. De skreaune boarnen jouwe gjin ynformaasje oer dizze foarst, mar der binne wol gouden munten fûn fan dizze kening dêr't syn namme en “Frisia” op stiet.

Lês fierder...


Besjen


July

De Ko, op nûmer ien fan de list
De Ko, op nûmer ien fan de list


De Kanon fan de Fryske skiednis, of Kanon fan Fryslân, is in list fan 41 ûnderwerpen yn it ramt fan de skiednis fan Fryslân. Meiïnoar moatte de ûnderwerpen in folsleine gearfetting fan de Fryske skiednis foarmje. De kanon waard op 11 novimber 2008 presintearre en oan deputearre fan de provinsje Fryslân, Jannewietske de Vries oanbean.

Lês fierder...


besjen


Augustus

Histoaryske kaart fan Sleat
Histoaryske kaart fan Sleat

De Slach by Sleat wie in fjildslach yn de Grutte Fryske Oarloch op 11 july 1420 dêr't de Skieringers in wichtige oerwinning behelle. Neidat de Skieringers troch de East-Fryske haadling Fokko Ukena earder yn grutte tallen ferslein waarden yn de slach oan de Paelesleat sloegen de measten op 'e flecht. Sy fûnen beskûl yn de stêden Starum en Sleat. Dêrút waard help frege by hartoch Jan fan Beieren yn Hollân dy't ...

Lês fierder...


besjen


Septimber

Stanbyld fan Herman ('Hermann der Cherusker')

Herman, Harmen of Harm, de Romeinen neamden him Arminius (sa. 18 f.Kr.-sa. 19 n.Kr.) wie in Germaanske kriichslieder (hartoch) dy't in ferbûn fan Germaanske stammen oanfierde en de Romeinen in ferneatigjende slach tabrocht yn it Teutoburgerwâld. As offisier fan de Sjeruskyske helptroepen tsjinne hy yn it Romeinske leger.

Lês fierder ...


besjen


Oktober

Wetterboarne by Bordelum (Noard-Fryslân). Neffens guon de Fositeboarne.
Wetterboarne by Bordelum (Noard-Fryslân). Neffens guon de Fositeboarne.

De Fryske mytology beskriuwt de ferhalen dy't eartiids by de Friezen ferteld waarden. Foar it meastepart is dat folkloare en besteane út in samling sêgen en leginden. In lyts part binne ferhalen dy't geane oer de oarsprong en skiednis fan goaden, minsken en de wrâld. Guon plakken hienen by de Friezen in bysûndere betsjutting, soks docht bliken út de nammen dy't sy dêroan joegen.

Lês fierder...


besjen


Novimber

Laaksum oan de dykside
Laaksum oan de dykside

Op 10 juny 1498 wie der de Slach by Laaksum tusken it leger fan de Saksyske hartoch Albrecht fan Saksen en in Fetkeapersk leger út de Sânwâlden. It leger fan de Saksyske hartoch waard oanfierd troch Wilwolt fan Schaumberch, de Wâldfriezen hienen gjin oanwiisbere lieder. It lytse leger fan Dútske hiersoldaten behelle mei stipe fan in pear hûndert Skieringer Friezen, de oerwinning op de grutte Fetkeaperske oermacht. Dy oerwinning wie beskiedend foar it einigjen fan in tiidrek, de Fryske frijheid en it ûntstean fan de Saksentiid.

Lês fierder...


besjen


Desimber

Eise Eisinga
Eise Eisinga

Eise Eisinga, wie in Fryske amateur astronoom út de 18e iuw. Hy is de skepper fan it planetarium yn Frjentsjer. Eisinga waard berne as de soan fan in wolkjimmer. Hoewol't er heechbejeftige wie, mocht er net nei it gymnasium. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, dy't in soad niget hie oan wiskunde en stjerrekunde. Doe't Wytze Foppes Dongjuma in wichtige astronomyske waarnimming die, wie hy dêrby oanwêzich ...

Lês fierder...


besjen