Blanche Bradburry

Blanche Bradburry, echte namme ûnbekend (yn Tsjechje, 15 septimber 1988), is in Tsjechysk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Barbie, Blanche B., Beata, Generosa en Hotblanche. Bradburry sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Blanche Bradburry
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Barbie, Blanche B., Beata,
Generosa, Hotblanche
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Tsjechysk
berne 15 septimber 1988
berteplak ûnbekend (Tsjechje)
etnisiteit Tsjechysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, porno-aktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
Blanche Bradburry op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Bradburry waard yn 1988 berne earne yn 'e Tsjechyske Republyk. Yn 2012, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2019 yn mear as 175 films spile, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat de IAFD in Amerikaanske database is, dy't inkeld bûtenlânske films opnimt ynsafier't dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne. It kin dêrom skoan dat it eigentlike tal films dêr't Bradburry yn spile hat, in stik heger leit.

Yn Jeropa wurke Bradburry in protte foar de webside LegalPorno, dêr't se mei mear as fyftich sênes (anno juny 2018) de bêst ferkeapjende aktrise wie. Dêrnjonken wie se yn Jeropa ek aktyf foar labels as it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Sweedske Private, it Dútske Magmafilm, it Nederlânske Video Art Holland en it yn Spanje fêstige Woodman Entertainment, fan regisseur Pierre Woodman.

Oare kant de Atlantyske Oseaan wurke Bradburry foar it Kanadeeske Mile High Media en foar promininte Amerikaanske filmstudio's as Penthouse, Evil Angel en Pure Play Media. Ek wie se dêr wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings en Brazzers. Yn augustus 2016 wie hja de Live-Strip Girl of the Month. Under har karriêre hat Bradburry gearwurke mei kollega-aktrises as Britney Amber, Alexis Brill, Arwen Gold, Henessy, Luna Rival, Marina Visconti en Jessie Volt, en mei manlike tsjinspilers as Danny D, James Deen, Erik Everhard, Keiran Lee, David Perry, Rocco Siffredi en Nacho Vidal.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Blanche Bradburry is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en cupmaat 34DD, dêr't se begjin 2016 in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Oarspronklik hie se in C-cup. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in piercing troch har klitoris. Fierders hat se in tatoeaazje fan in mûs oan 'e lofterkant fan har ûnderbûk, en noch ien fan 'e draak mei tekst tusken har skouderblêden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: