Boalserter Skotsploech

De Boalserter Skotsploech is in folkloristyske dûnsgroep út 'e Fryske stêd Boalsert. De leden fan 'e groep fersoargje optredens klaaid yn 'e tradisjonele Fryske dracht fan omtrint 1860, wêrby't der njonken unifoarmens ek ferskil yn 'e klean is, wylst de froulju ferskate soarten earizers drage. De dûnsen dy't de Skotsploech foar it fuotljocht bringt, komme út dyselde perioade. Yn 2018 hie de feriening likernôch tritich leden, dy't net inkeld út Boalsert kamen, mar ek út 'e fiere omkriten. Sûnt 1988 organisearret de Skotsploech elts jier it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert. Yn 2018 waard it 60-jierrich bestean fan 'e feriening fierd.

Boalserter Skotsploech
De Boalserter Skotsploech yn 1962
De Boalserter Skotsploech yn 1962
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd folksdûns
fêstige yn Boalsert (Fryslân)
oprjochte septimber 1958
tal leden ±30 (2018)
offisjele webside
www.skotsploech.nl

Skiednis bewurkje seksje

Doe't mids tweintichste iuw in soad Fryske tradysjes, folksdûnsen en klaaiïng teloar drige te gean, waard yn septimber 1958 de Boalserter Skotsploech oprjochte troch in groep lju út Boalsert dy't it ferlies fan sa'n grut stik fan 'e Fryske kultuer skande fûnen. Sûnt komme de leden fan 'e feriening eltse wike gear om âlde dûnsen te oefenjen en om 'e tradisjonele kostúms en sieraden dy't dêrby droegen wurde, te ûnderhâlden en ferbetterjen.

Yn it ferline fersoarge de Skotsploech eltse tongersdei, as der yn Boalsert merk wie, in optreden boppe de grêft oan 'e Apelmerk. Dêrnjonken makket de feriening gauris fiere reizen om op te treden op festivals om utens. Sa binne se alris reizge nei lannen as Dútslân, Denemark, Ingelân, Poalen, Eastenryk, Itaalje, Spanje, Frankryk en Kanada. Yn 2018 fersoarge de Boalserter Skotsploech yn binnen- en bûtenlân noch tweintich optredens yn 't jier.

Yn 1963, doe't de Skotsploech fiif jier bestie, waard by dy gelegenheid foar it earst kear it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert organisearre. Neitiid waarden nije edysjes holden by it tsienjierrich bestean fan 'e feriening, yn 1968, en it 25-jierrich bestean, yn 1983. Fan 1988 ôf, doe't de Skotsploech tritich jier bestie, wurdt it festival elts jier holden, as ûnderdiel fan 'e bekende Boalserter Heamieldagen, dy't sels ek in folkloristyske oarsprong hawwe as in feest dat de ein fan 'e ûngetiid fiert.

Rippertwaar bewurkje seksje

Op it program fan 'e Boalserter Skotsploech steane ferskate dûnsen: walsen, skotsen, mazoerka's, formaasjedûnsen (lykas de tsjerne) en kwadrilles (lykas de Skotske trije, op 'e Nijstêd en fjouweresom). Troch rekonstruksje fan âlde dûnsen kin it rippertwaar noch útwreide wurde, mar dat hinget wol ôf fan wat fan âlds troch dûnsmasters en muzikanten fêstlein is. Yn Frylân is datoangeande materiaal efterlitten troch muzikanten as Wieger Michiels Visser (1801-1886) en Andries Kiers (1856-1897). Troch saakkundigen kinne op basis dêrfan ferbannen lein wurde tusken muzyk en dûnspassen. De Skotsploech fiert ek dûnsen út fan omtrint 1900 en dêrnei. De muzikale begelieding fan 'e dûnsen wurdt fersoarge troch in fioeliste en twa akkordeönisten.

Dracht bewurkje seksje

De leden fan 'e Skotsploech, sawol de dûnsers as de muzikanten, binne klaaid yn Fryske dracht út 'e perioade 1850-1860. Dêrby giet it om 'e klean dy't doedestiden droegen waard troch de boer en boerinne. Dat is bgl. te sjen oan 'e learene skuon dy't de leden oan hawwe (ynstee fan 'e klompen fan 'e arbeiders út dy tiid), mar ek oan 'e rike sieraden dy't by it kostúm droegen wurde.

It meast opfallende sieraad is it earizer fan 'e froulju, dat yn 'e rin fan 'e tiid ta statussymboal wurden wie. Sa besteane it goudene, it sulverne, it saneamde breedgoudene, mar ek it smelgoudene earizer. Fierders drage de froulike leden fan 'e Skotsploech de saneaamde sjatalêne (chatalaine), dy't oan 'e mulbân fan 'e rok fêstsit, as in teken fan niverheid. Dat is in lyts taske of ponge, dêr't û.m. in skjirre, nullekoker en spjeldekessen yn sit. De frouljuskostúms binne makke neffens âlde patroanen en fan natuerlike materialen as side, wol en damast, en ek de tafoege details binne orizjineel.

De manlju binne wat minder opfallend klaaid, en dy binne ek folle minder dúdlik werkenber as Fries, mei hege hoed, flipjas, knibbelbroek en blauwe hoazen. It siden of damasten fest jout de nedige kleur oan it gehiel. De manlju drage ek opfallende sieraden, wêrûnder it horloazjekeatling en de saneamde sinjetten, mei it lakstimpel, piipstopper en horloazjekaai, om te pronkjen mei de rykdom fan 'e boer.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: