Broeksterwâld

(Trochferwiisd fan Broeksterwâlde)

Broeksterwâld (pleatslik ek: De Broek) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Broeksterwâld leit noardlik fan De Falom, noardwestlik fan De Westerein en besuden Damwâld. Broeksterwâld hat 1.220 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Broeksterwâld leit benammen om de Kavelwei.

Broeksterwâld
Grutte mûne
Grutte mûne
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 1.220 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,24 km², wêrfan:
- lân: 6,14 km²
- wetter: 0,9 km²
Befolkingsticht. 192 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' N 5° 59' E
Doarpsgebiet Broeksterwâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Broeksterwâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Side Doarpsbelang Broeksterwâld
Kaart
Broeksterwâld (Fryslân)
Broeksterwâld

It doarp is boud op ôf- en útfeane grûn. "Broek" betsjut "sompich lân". It hiele gebiet tusken de eardere doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld stie earder bekend as "(De) Broek". No is der westlik fan Broeksterwâld rjochting Feanwâlden en Readtsjerk noch altyd feanlân, lykas It Bûtenfjild. Nammerste mear men eastliker fan Broeksterwâlde komt, feroaret it lânskip hieltyd mear yn sângrûnen, tink dêrby oan De Sânhorst tichteby Driezum.

Lange tiid hearde de Broek, ek wol 'De Broekpollen' of 'De Ikkerwâldster Broek' neamd, as buorskip by Ikkerwâld. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan wurdt der skreaun om "de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta", om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel. Broeksterwâld is ûntstien as wenplak foar arbeidersfolk yn de omkriten.

Sûnt 1964 is Broeksterwâld in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Damwâld (Ikkerwâld) mei de namme: De Broek of De Ikkerwâldster Broek.

Broeksterwâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

It begraafplak

bewurkje seksje

It begraafplak fan Broeksterwâld leit op liemgrûn. Dêrtroch kin der minder soerstof by de liken komme, sadat se net fergeane. Dit ferskynsel wurdt adiposire (fersjipping) neamd.

 
Broekstermûne

Tsjintwurdich hat it doarp in protte wenten yn de frije sektor en yn ferhâlding in soad lytse selsstannige ûndernimmers. Foar in protte foarsjennings binne de ynwenners lykwols oanwiisd op Damwâld, De Westereen of Dokkum. Om't it doarp lyts bleau is de mienskipssin grut. De Pipegaal is it doarpshûs en Broeksterwâld is ryk oan ferieningen. Der is in soad te rêden: fan konserten en toanieljûnen oant tipelwedstriden en alle jierren in doarpsfeest.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1969 1973 2004 2008 2015 2020
Ynwenners 1.158 1.268 1.276 1.236 1.181 1.186
 
Kristlike Grifformearde tsjerke (Petrusgemeente)
  • Prot. Kristlike basisskoalle De Wel.

Bekende Broeksterwâldster

bewurkje seksje
  • Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsman, politikus en berneboekeskriuwer.
 
Monumint ta oantinken fan de earste Mormoanske doop

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

Eastlik fan it doarp rint de Sintrale As, dêr't Broeksterwâld oer de Dwarsloane in ferbining mei hat. De N356 ferbynt Broeksterwâld mei de doarpen Damwâld en De Falom en oer de Miedloane (of de Sintrale As) mei De Westereen. Oer it Bûtefjild is in ferbining mei de Trynwâlden. Oer de Broekster Feart en de Falomster Feart is der in wetterferbining mei de Swemmer.

Alle strjitten yn Broeksterwâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Dantumadiel  
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
  ·   ·