Departemint Alaska

It Departemint Alaska (Ingelsk: Department of Alaska) wie de oantsjutting foar Alaska as bestjoerlike ienheid fanôf de Oankeap fan Alaska, op 18 oktober 1867, oant 17 maaie 1884, doe't it bestjoerlik herfoarme waard as it Distrikt Alaska. (Letter soe it gebiet him ûntjaan ta it Territoarium Alaska en úteinlik ta de Steat Alaska.) Fan 1867 oant 1884 wie Alaska in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten sûnder eigen bestjoer, dat efterinoar troch ferskate ynstânsjes fan it regear yn it fiere Washington, D.C. bestjoerd waard.

Departemint Alaska
Department of Alaska
1867 – 1884
flagge wapen
geografyske lokaasje

In lânkaart fan Alaska út 1867.
polityk
haadstêd Sitka
offisjele taal Ingelsk (de facto)
steatsfoarm ûnorganisearre territoarium
   fan de Feriene Steaten
ûntstien út Russysk-Amearika
opgien yn Distrikt Alaska
no diel fan Alaska
sifers
ynwennertal 33.426 (1880)
befolkingstichtens 0,02 / km² (1880)
oerflak 1.717.856 km² (13,8% wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Amerikaanske dollar

It Departemint Alaska ûntstie op 18 oktober 1867, doe't de Oankeap fan Alaska in feit waard. Dêrby gie Alaska oer fan Russyske yn Amerikaanske hannen. De Russen woene wol graach fan harren needlijende koloanje Russysk-Amearika ôf, en de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward beävensearre de oankeap fan it gebiet foar de priis fan $7,2 miljoen. Doedestiden waard dat troch in protte Amerikanen as weigoaid jild beskôge, dêr't se nea wer wat fan sjen soene. De oankeap waard dêrom ek wol Seward's Folly ("Sewards Dwaasheid") neamd. Doe't folle letter grutte foarrieden goud en ierdoalje yn Alaska fûn waarden, die bliken dat Seward in foarútsjende blik hie dy't net folle oare lju belykje koene. Tsjintwurdich is 18 oktober yn Alaska in feestdei dy't Alaska Day hjit.

Op 'e moarn fan freed 18 oktober 1867 arrivearre yn Sitka, de doetiidske haadstêd fan Alaska, it Amerikaanske marineskip de USS Ossipee, mei oan board de Russyske kommissaris Alexis Pesttsjoerov en de Amerikaanske kommissaris generaal Lovell Rousseau. Dyseldichste middeis folge de formele oerdracht fan it gebiet, wêrby't de Russyske flagge delhelle en de Amerikaanske flagge hyst waard.

Tagelyk mei de oerdracht waard de Ynternasjonale Datumgrins ferlein; sa't fêstlein wie yn it ferdrach oangeande Oankeap fan Alaska, kaam dy tenei te lizzen yn 'e Beringstrjitte, tusken de beide Diomedeseilannen troch, en súdlik dêrfan, yn 'e Beringsee, tusken de Aleoeten en de Kommandeurseilannen yn. Sa kaam hiel Alaska oan 'e 'Amerikaanske' kant fan 'e datugrins te lizzen. Fierders gie it gebiet ek oer fan 'e troch Ruslân brûkte Juliaanske Kalinder op 'e Gregoriaanske Kalinder, dy't sûnt de twadde helte fan 'e sechstjinde iuw yn it meastepart fan 'e Westerske wrâld yn gebrûk wie. Sadwaande folge foar de ynwenners fan Alaska op freed 6 oktober 1867 fuortendaliks freed 18 oktober 1867.

Neffens de oerlevering soe de earste Amerikaanske bestjoerder fan Alaska de Poalske ymmigrant Włodzimierz Krzyżanowski west hawwe. Doe't de krante de Anchorage Daily News dêr yn 2002 yngeand ûndersyk nei die, bliek lykwols dat der gjin bewizen fûn wurde koene dy't dat befêstigen of ûntkrêften.

Yn 1865 besleat de Western Union en lis in tillegraafline oan dwers troch de ûnferkende wyldernis fan Alaska nei de Beringstrjitte, dêr't er oansletten wurde moast op 'e Russyske tillegraaflinen yn Sibearje. Under lieding fan Robert Kennicott berikten de lânmjitters fan 'e Western Union de igge fan 'e rivier de Yukon. Doe't Kennicott yn 1866 kaam te ferstjerren, naam William Healey Dall de lieding oer it wurk oer. De Western Union-ekspedysje ûnder lieding fan Dall fierde de earste wittenskiplike stúdzje fan it streamgebiet fan 'e Yukon út en brocht de hiele krite foar it earst yn kaart. Doe't datselde jiers, 1866, in ûnderseeske tillegraafkeabel fan Noard-Amearika nei Jeropa oanlein waard, joech de Western Union it Alaskaprojekt op, mar Dall kaam neitiid noch gauris yn it gebiet werom, dêr't er in grut tal lânskipseleminten fêstlei en in namme joech.

De Alaskaanske Kommersjele Kompanjy (ACC) hie yn it tiidrek fan it Departemint Alaska it hannelsmonopoalje yn it gebiet. Fertsjintwurdigers fan 'e kompanjy bouden hannelsposten en brochten tal fan rivieren yn kaart. Fierders stjoerde de ACC lytse ekspedysjes fan jagers en keaplju it Binnenlân fan Alaska yn om kontakt te meitsjen mei lânseigen mienskippen dy't oant dy tiid noch isolearre bleaun wiene. Ek guon ofsieren fan it Amerikaanske Leger dy't yn Alaska leine, giene soms, fierhinne op eigen manneboet, op ferkenning út yn 'e wyldernis. Sa sakke de ekspedysje fan luitenant Frederick Schwatka út Kanada wei op flotten de Yukon ôf hielendal oant de mûning yn 'e Beringsee.

Yn it tiidrek fan it Departemint Alaska fûn ek de hongersneed op St. Lawrence plak, wêrby't tusken 1878 en 1880 op it eilân St. Lawrence, yn 'e Beringsee, likernôch 1.000 minsken omkamen.

It Departemint Alaska hie de status fan in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. It wie dêrmei in gebiet ûnder Amerikaanske soevereiniteit dat net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat lei en likemin in eigen regear hie dat oprjochte wie troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Ynstee waard it Departemint Alaska streekrjocht bestjoerd út it fiere Washington, D.C. wei, earst troch it Amerikaanske Leger (1867-1877), doe troch it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes (1877-1879) en úteinlik troch de Amerikaanske Marine (1879-1884).

Neffens de folkstelling fan 1880 hie it Departemint Alaska doe 33.426 ynwenners. Ofset tsjin in oerflak fan 1.717.856 km² bedroech de befolkingstichtens dêrmei 0,02 persoanen de km². Dêrby moat oantekene wurde dat de wiere befolkingsgrutte nei alle gedachten heger lei; der wiene anno 1880 noch grutte dielen fan Alaska dy't nea troch in blanke besocht wiene, mar dy't wol bewenne waarden troch de lânseigen befolking, besteande út Atapaskyske Yndianen, Eskimo's en Aleoeten. Fan gefolgen kin by de folkstelling nea de hiele lânseigen befolking meiteld wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.