De Diomedeseilannen (Ingelsk: Diomede Islands, útspr.: [ˌdaiəˈmiːdiː ˈailənds], likernôch: "dai-uh-mii-dii ai-lunds"; Russysk: Острова Диомида, Ostrova Diomida) is in lytse eilannegroep dy't midden yn 'e Beringstrjitte leit, op 'e skieding fan Aazje en Noard-Amearika. Yn it Russysk wurde de eilannen ek wol Острова Гвоздева, Gvozdjeveilannen, neamd. De arsjipel bestiet út mar twa eilannen, dy't rotsich binne mei yn it binnenlân in ôfplatte plato. It grutste fan 'e beide, Ratmanov, heart ta it autonoom gebiet Tsjûkotka, dat diel útmakket fan 'e Russyske Federaasje. It lytsere eilân is Lyts-Diomedes, dat ûnder de Amerikaanske steat Alaska falt. Hoewol't de eilannen minder as 4 km útinoar lizze, wurde se faninoar skaat troch de Ynternasjonale Datumgrins, sadat Ratmanov krapoan in dei foarleit op Lyts-Diomedes.

Diomedeseilannen
polityk
soarte gebiet eilannegroep
lân Feriene Steaten
Ruslân
haadplak gjint
grutste plak Diomede (Alaska)
sifers
ynwennertal 135 (2011)
oerflak 36 km²
befolkingstichtens 3,8 / km²
oar
tiidsône UTC –9 / UTC +12
simmertiid UTC –8 / gjint
koördinaten 65°47′ N 169°01′ W

De Diomedeseilannen binne ferneamd nei de Grykske hillige Diomedes. Se waarden ûntdutsen op 27 augustus (16 augustus Alde Styl) 1728 troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering. De eilannen kamen oan harren namme om't dy datum yn 'e kalinder fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke de hjeldei fan Diomedes is.

 
In ynkleure satellytfoto fan 'e Diomedes-eilannen, mei lofts Ratmanov en rjochts Lyts-Diomedes.

De beide Diomedeseilannen lizze midden yn 'e Beringstrjitte, in relatyf smelle seestrjitte dy't de Beringsee yn it suden skiedt fan 'e Tsjûktsjensee yn it noarden. De Beringsee is in rânesee fan 'e Stille Oseaan, wylst de Tsjûktsjensee ta de Noardlike Iissee rekkene wurdt. By de Beringstrjitte rikt de uterste westpunt fan it Seward-skiereilân fan Alaska oant op 82 km ôfstân fan 'e uterste eastpunt fan it Tsjûkotka-skiereilân fan Sibearje. De Diomedeseilannen lizze 37 km út 'e kust fan Alaska en 38 km út 'e kust fan Sibearje. Op it neiste punt sit der mar 3,8 km see tusken de beide eilannen yn.

It grutste fan 'e beide eilannen is Ratmanov, ek wol oantsjut as Grut-Diomedes, dat bestjoerlik ta it Autonoom Gebiet Tsjûkotka heart, in ûnderiel fan 'e Russyske Federaasje. It lytsere eilân is Lyts-Diomedes, dat ûnder de Amerikaanske steat Alaska falt. Fairway Rock, in ûnbewenne rotseilantsje dat 9,3 km fierder nei it súdeasten ta leit yn 'e territoriale wetters fan Alaska, wurdt yn 'e regel net ta de Diomedeseilannen rekkene. Ratmanov is it eastlikste diel fan Ruslân, mar Lyts-Diomedes is net it westlikste diel fan 'e Feriene Steaten, om't û.m. St. Lawrence, de Pribilofeilannen en in diel fan 'e Aleoeten westliker lizze.

De beide Diomedeseilannen wurde troch mear faninoar skaat as inkeld de grins fan 'e Feriene Steaten mei Ruslân. Mei de grins falt nammentlik ek de Ynternasjonale Datumgrins gear, dy't likernôch 2 km fan elts eilân ôf leit, op 168° 58' 37" westerlingte. Sadwaande leit Ratmanov yn 'e tiid hast in hiel etmiel op Lyts-Diomedes foar, om persiis te wêzen 21 oeren by 't winter en 20 oeren by 't simmer, as yn Alaska (mar net eastlik Sibearje) de simmertiid fan krêft is. It is in frij algemiene misfetting dat de beide eilannen in folle 24 oeren faninoar ferskille. Nettsjinsteande dat wurdt Ratmanov wol it 'Moarneilân' (Tomorrow Island) en Lyts-Diomedes it 'Justereilân' (Yesterday Island) neamd.

 
In satellytfoto fan 'e Beringstrjitte, mei yn 'e midden de Diomedeseilannen.

De Diomedeseilannen wurde gauris neamd as tuskenhaltes foar in hypotetyske brêge oer of tunnel ûnder de Beringstrjitte troch. Winterdeis wurde de beide eilannen ornaris ferbûn troch in iisbrêge, mei't de see tusken de eilannen yn dan tichtfriest. It is dan teoretysk mooglik, hoewol yn 'e praktyk yllegaal, om rinnend de grins tusken de Feriene Steaten en Ruslân oer te stekken.

De earste Jeropeaan dy't de Beringstrjitte berikte, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Semjon Dezjnov, yn 1648. Hy die neitiid ferslach fan twa eilannen, dêr't de bewenners biennen piercings troch de lippen droegen. It is lykwols ûnwis oft dat in beskriuwing fan 'e Diomedeseilannen wie, of dat it om in pear oare eilannen yn 'e Beringsee gie. De earste wisse waarnimming fan 'e eilannen waard dien troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, op 27 augustus (16 augustus Alde Styl) 1728, de Russysk-otterdokse hjeldei fan Diomedes (dêrfandinne de namme fan 'e eilannen). Yn 1732 stelde de Russyske lânmjitter Michail Gvozdjev de lingte- en breedtegraden fan 'e Diomedeseilannen fêst.

Alaska waard neitiid in Russyske koloanje ûnder de namme Russysk-Amearika, en doe't dat gebiet yn 1867 troch de Oankeap fan Alaska yn Amerikaanske hannen kaam, waard yn it dêrby sletten ferdrach fêststeld dat de grins tusken de beide lannen persiis yn 'e midden tusken de beide eilannen troch rinne soe. Yn 'e Kâlde Oarloch foarmen de Diomedeseilannen it gebiet dêr't de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny it tichtst oaninoar grinzgen, en kaam it wetter tusken de beiden eilannen bekend te stean as it 'Iisgerdyn' (nei analogy dan it Izerne Gerdyn yn Jeropa). Doe't de Kâlde Oarloch yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren op syn ein rûn, lei de Amerikaanske swimster Lynne Cox de ôfstân tusken de beide eilannen swimmend ôf en waard se neitiid foar dy prestaasje lokwinke troch sawol Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov, as troch de Amerikaanske presidint Ronald Reagan.

 
De Diomedeseilannen sjoen út noardlike rjochting, mei lofts Lyts-Diomedes en rjochts Ratmanov.

Ratmanov wie fan âlds, as men útgie fan pleatslike sinnetiid, de eastlikste lânmassa foar de Ynternasjonale Datumgrins en dêrmei de earste lânmassa dêr't it op 31 desimber nijjier waard. As men útgie fan offisjele tiidsônes, moast Ratmanov dy eare diele mei in grutter gebiet yn eastlik Sibearje en ek mei Nij-Seelân. It ferskil wie dat it mei âld en nij yn Nij-Seelân simmertiid wie en yn Sibearje net. De strideraasjes oer de kwestje diene der net mear ta doe't de Ynternasjonale Datumgrins yn 1995 ferlein waard sadat hiel Kiribaty, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, fan dy tiid ôf oan deselde kant lei. Mei't de eastlikste tiidsône fan dat lân UTC +14 hat, is dat no fierwei it earste gebiet dêr't it nijjier wurdt.

Oan it begjin fan 'e Kâlde Oarloch, yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren, waarden de bewenners fan it Russyske Ratmanov yn opdracht fan 'e autoriteiten fan 'e Sovjet-Uny fan it eilân nei it fêstelân fan Sibearje deportearre. Sûnt wurdt it eilân inkeld befolke troch militêre ienheden en binne der gjin permaninte bewenners mear. It Amerikaanske Lyts-Diomedes hie yn 2011 in befolking fan 135 minsken, dy't konsintrearre is yn it doarp Diomede, oan 'e westkust fan it eilân. De bewenners binne foar it meastepart etnyske Injûpiat (Iñupiat), in Eskimo-folk dat ta de Inûyt (Inuit) heart.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.