Lyts-Diomedes (Ingelsk: Little Diomede of Little Diomede Island, útspr.: [ˈlɪtəl ˌdaiəˈmiːdiː], likernôch: "lit-tul dai-uh-mii-dii") of Krusenstern is in eilân yn 'e midden fan 'e Beringstrjitte tusken Aazje en Noard-Amearika, dat diel útmakket fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It is it lytsere fan 'e beide Diomedeseilannen. It oare, Ratmanov (of Grut-Diomedes), heart by Ruslân. De oarspronklike bewenners fan it eilân binne etnyske Injûpiat (Iñupiat), dy't ta de Eskimo's hearre.

Lyts-Diomedes
De lokaasje fan Lyts-Diomedes yn Alaska.
De lokaasje fan Lyts-Diomedes yn Alaska.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough Unorganized Borough
haadplak Diomede
grutste plak Diomede
sifers
ynwennertal 135 (2011)
oerflak 7,3 km²
befolkingstichtens 18,5 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 65°45′15″ N 168°55′15″ E
offisjele webside
kawerak.org/.../diomede

Namme bewurkje seksje

Lyts-Diomedes en de Diomedeseilannen binne ferneamd nei de Grykske hillige Diomedes. De beide eilannen waarden nammtentlik ûntdutsen op 27 augustus (16 augustus Alde Styl) 1728 troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering. Dy datum is yn 'e kalinder fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke de hjeldei fan Diomedes. In oare namme foar Lyts-Diomedes is Krusenstern, nei de Russyske admiraal en ûntdekkingsreizger Adam Johann von Krusenstern. Yn it Injûpiat, de taal fan 'e oarspronklike bewenners, hjit it eilân Iŋaliq (útspr.: [iŋaliq], likernôch: "yng-a-lyk" mei in yn 'e kiel útsprutsen k), mei as betsjutting: "it oare eilân" of "it eilân dêrjinsen".

 
In ynkleure satellytfoto fan 'e Diomedes-eilannen, mei lofts Ratmanov en rjochts Lyts-Diomedes.

Geografy bewurkje seksje

Lyts-Diomedes leit yn 'e midden fan 'e Beringstrjitte, de seestrjitte dy't de Beringsee, yn it suden, skiedt fan 'e Tsjûktsjensee, yn it noarden. De Beringsee is in rânesee fan 'e Stille Oseaan, wylst de Tsjûktsjensee ta de Noardlike Iissee rekkene wurdt. By de Beringstrjitte rikt de uterste westpunt fan it Seward-skiereilân fan Alaska oant op 82 km ôfstân fan 'e uterste eastpunt fan it Tsjûkotka-skiereilân fan Sibearje. Lyts-Diomedes leit 37 km út 'e kust fan Alaska en 42 km út 'e kust fan Sibearje. Ratmanov, it oare fan 'e beide Diomedeseilannen, dat ta Ruslân heart, leit op it neiste punt mar 3,8 km bewesten fan Lyts-Diomedes.

De beide Diomedeseilannen wurde troch mear faninoar skaat as inkeld de grins fan 'e Feriene Steaten mei Ruslân. Mei de grins falt nammentlik de Ynternasjonale Datumgrins gear, dy't likernôch 2 km bewesten Lyts-Diomedes leit, op 168° 58' 37" westerlingte. Sadwaande leit Ratmanov yn 'e tiid hast in etmiel op Lyts-Diomedes foar, en wurdt Ratmanov wol it 'Moarneilân' (Tomorrow Island) en Lyts-Diomedes it 'Justereilân' (Yesterday Island) neamd.

Lyts-Diomedes hat in oerflak fan 7,3 km². It eilân hat in rotsige kust mei yn it binnenlân in ôfplatte plato. De iennichste delsetting op it eilân is it doarp Diomede dat yn 'e midden fan 'e westkust leit, en pleatslik ek bekend is as Iŋaliq. It heechste punt op Lyts-Diomedes leit 2,4 km súdeastlik fan it doarp op 494 m boppe seenivo. Der is in lâningsplatfoarm foar helikopters op it eilân, en by 't winter meitsje de bewenners in lâningsbaan op it see-iis, dêr't lytse fleanmasines lânje kinne om guod oan te fieren dat fan libbensbelang is, lykas medisinen. Fanwegen fariaasjes yn it see-iis feroaret de lâningsbaan elts jier fan plak.

 
It doarp Diomede, oan 'e westkust fan Lyts-Diomedes.

Skiednis bewurkje seksje

De earste Jeropeaan dy't de Beringstrjitte berikte, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Semjon Dezjnov, yn 1648. Hy die neitiid ferslach fan twa eilannen, dêr't de bewenners biennen piercings troch de lippen droegen. It is lykwols ûnwis oft dat in beskriuwing fan 'e Diomedeseilannen wie, of dat it om in pear oare eilannen yn 'e Beringsee gie. De earste wisse waarnimming fan 'e eilannen waard dien troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, op 27 augustus (16 augustus Alde Styl) 1728, de Russysk-otterdokse hjeldei fan 'e hillige Diomedes (dêrfandinne de namme fan 'e eilannen).

Alaska waard neitiid in Russyske koloanje ûnder de namme Russysk-Amearika, en doe't dat gebiet yn 1867 troch de Oankeap fan Alaska yn Amerikaanske hannen kaam, waard yn it dêrby sletten ferdrach fêststeld dat de grins tusken de beide lannen persiis yn 'e midden tusken de beide Diomedeseilannen troch rinne soe. Lyts-Diomedes kaam sadwaande by de Feriene Steaten te hearren, en Ratmanov by Ruslân.

Yn 'e Kâlde Oarloch foarmen de Diomedeseilannen it gebiet dêr't de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny it tichtst oaninoar grinzgen, en kaam it wetter tusken de beiden eilannen bekend te stean as it 'Iisgerdyn' (nei analogy dan it Izerne Gerdyn yn Jeropa). Doe't de Kâlde Oarloch yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren op syn ein rûn, lei de Amerikaanske swimster Lynne Cox de ôfstân tusken de beide eilannen swimmend ôf en waard se neitiid foar dy prestaasje lokwinke troch sawol Sovjet-lieder Michail Gorbatsjov, as troch de Amerikaanske presidint Ronald Reagan.

Yn 'e simmer fan 1995 begûn de Britske akteur en presintator Michael Palin syn dokumintêre Full Circle, in reisferslach fan in 'rûntsje' om 'e Stille Oseaan hinne, op Lyts-Diomedes. Hy wie fan doel om dêr acht moannen letter ek wer te einigjen, mar it slagge him doe fanwegen de rûge see net om it eilân wer te berikken.

 
It doarp Diomede, of Iŋalik, sa't it pleatslik bekend stiet.

Demografy bewurkje seksje

Oars as it gruttere Ratmanov hat Lyts-Diomedes noch altyd permaninte bewenners. Yn 1990 bestie de eilânbefolking út 178 persoanen, mar sûnt is dat belune ta 135 yn 2011. De befolkingstichtens bedroech dat jiers 18,5 minsken de km². Lyts-Diomedes foarmet bestjoerlik yn syn gehiel in stêd. Dy falt lykwols net ûnder in borough, it type distrikt dêr't Alaska yn opdield is. Ynstee makket Lyts-Diomedes diel út fan 'e saneamde Unorganized Borough, in ûnbidich grut diel fan Alaska dat streekrjocht bestjoerd wurdt fanút 'e steatshaadstêd Juneau. Foar statistyske doelen, lykas folkstellings, falt it eilân ûnder it Folkstellingsgebiet Nome.

De oarspronklike bewenners fan Lyts-Diomedes binne de Injûpiat (Iñupiat), dy't ta de Inûyt (Inuit) hearre, in subgroep fan 'e Eskimo's. Ek hjoed de dei noch meitsje dyselden 96% fan 'e eilânbefolking út. Hja sprekke Injûpiat (Iñupiat), in taal dy't sûnt 2014 yn Aaska in offisjele status hat.

Klimaat bewurkje seksje

Lyts-Diomedes hat in poalklimaat, mei temperatueren dy't by 't simmer trochinoar tusken 4 en 10 °C lizze en winterdeis tusken –12 en –14 °C. It eilân kriget mar 250 mm delslach yn 't jier, wat betsjut dat it yn prinsipe in woastyn is. Fan 'e delslach komt in oansjenlik diel del yn 'e foarm fan snie, dêr't Lyts-Diomedes oer de hiele winter ferdield yn trochsneed 76 sm fan kriget. De Beringstrjitte is ornaris tichtferzen fan mids desimber oant mids juny. Yn 'e simmermoannen is it oer it algemien bewolke of mistich. De wyn waait suver it hiele jier troch út it noarden, mei in krêft fan trochinoar 28 km/h, mei wynstjitten fan 97–129 km/h.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.