Iemsmûn

(Trochferwiisd fan Eemsmond)
Gemeente Iemsmûn
Flagge fan de gemeente Iemsmûn        Wapen fan de gemeente Iemsmûn
(Flagge fan Iemsmûn) (Wapen fan Iemsmûn)
Lokaasje fan de gemeente Iemsmûn
Provinsje Grinslân
Boargemaster Marijke van Beek (PvdA)
Haadplak Uithuizen
Oerflak
- wetter
551,24 km²
-  361,00 km²
Ynwenners 15.780 (83 km²)
Ferkearsieren Spoar Grins-Roodeschool
Netnûmer 0595, 0596
Postkoades 9979-9986, 9988-9989, 9995-9999
Offisjeel webstee www.eemsmond.nl

Iemsmûn (Nederlânsk: Eemsmond) is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 551,24 km² en is dêrmei ien fan de gruttere gemeenten yn Nederlân. De doarpen fariearje yn grutte fan 75 oant sa'n 5600 ynwenners. Yn de grutste kearnen binne iuwenâlde tsjerken, pleatsen, boargen, moles en huzen te finen.

De gemeente is sa neamd omdat sy oan de noardkust fan Grinslân leit, by it plak dêr't de rivier de Iems yn de Waadsee mûnet. De hiele kontrei (oan Nederlânske en Dútske kant) is bekend as it Iemsmûngebiet en leit sa'n 22 km noardeast fan de stêd Grins.

De gemeente is foarme yn 1990 troch gearfoeging fan de eardere gemeentes Hefshuzen, Kantens, Uskwert en Warffum. De fúzjegemeente krige doe de namme Hefshuzen, mar yn 1992 waard dat feroare yn Iemsmûn.Per 1 jannewaris 2019 sille de gemeenten Bedum, De Marne, Iemsmûn en Winsum fúzjearje ta de nije gemeente It Hegelân (Het Hogeland).

De gemeente Iemsmûn bestiet út de neikommende doarpen, buorskippen en (ûnbewenne) eilannen: Iemshaven, Alddoarp, Aldskip, Aldesyl, Breede, Deastille, It Eastein, Easter Nijlân, Eppenhuzen, De Grinzer Falom, Hefswâl, Kantens, Katershoarne, Keningsoard, 't Lege fan de Wei, Noardpoldersyl, Paapske Tille, Roodeschool, Rottum, Rottumereach, Rottumerplaat, Sânhuzen, Sânwier, Simenssân, Startenhuzen, Stitswert, Uskwert, Uthuzen, Uthuzermieden, Waadwert en Warffum.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Der rint in spoar fan Grins oant Roodeschool mei stasjons yn Grins, Grins Noard, Sauwerd, Winsum, Baflo, Warffum, Uskwert, Uithuzen, Uithuzermeeden en Roodeschool (it meast noardlike fan Nederlân). De treintsjinst wurdt eksploitearre troch Arriva. Foar frachttreinen splist it spoar justjes foar Roodeschool ôf nei de Iemshaven.

Bustsjnsten fan Qbuzz yn de gemeente binne:

Ut de Iemshaven wei giet in fearboot fan AG Ems nei Borkum.

Gemeenteried

bewurkje seksje

De gemeenteried fan Iemsmûn hat 17 sitten. Gearstalling sûnt 1998:

Gemeenteriedssitten
Partij 1998 2002 2006 2010
PvdA 4 5 6 5
Gemeentebelangen 5 4 3 4
CDA 4 4 3 3
KristenUny 2 2 2 2
GrienLinks 1 1 2 2
VVD 1 1 1 1
Totaal 17 17 17 17

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Eemsmond – foto, fideo en harktriemmen