Force of Nature (film út 2020)

film út 2020 fan Michael Polish

Force of Nature is in Amerikaanske aksjeskriller út 2020 ûnder rezjy fan Michael Polish, mei yn 'e haadrollen Emile Hirsch, Stephanie Cayo, Kate Bosworth en Mel Gibson. De titel betsjut "Natoerkrêft". It ferhaal giet oer twa plysjes yn Porto Riko, dy't de ûnwillige bewenners fan in appartemintekompleks besykje te evakuëarjen as der in swiere orkaan oan komt. Wylst de stoarm oanboazet en de kommunikaasje útfalt, wurde se yn it gebou oanfallen troch in swierbewapene binde dieven. Force of Nature krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. De film waard omreden fan 'e beheinings dy't oan bioskoopbesyk oplein wiene yn it ramt fan 'e koroanapandemy net yn 'e bioskoop útbrocht, mar direkt-op-fideo.

Force of Nature
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Michael Polish
produsint Randall Emmett
George Furla
Shaun Sanghani
Mark Stewart
Luillo Ruiz
senario Cory Miller
kamerarezjy Jayson Crothers
muzyk Kubilay Uner
filmstudio Emmett Furla Oasis Films
Capstone Entertainment Group
The Pimienta Film Co.
River Bay Films
SSS Entertainment
Way Down East Entertainment
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Emile Hirsch
Stephanie Cayo
Kate Bosworth
Mel Gibson
byrollen David Zayas
Will Catlett
Jorge Luis Ramos
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
direkt op fideo 30 juny 2020
foarm langspylfilm
sjenre aksjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $638.000

Cardillo is in resjersjeur by it New York Police Department. As er op in jûn mei syn freondinne Jasmine yn syn auto leit te frijen, heart er oer de plysjeradio in oprop dat yn in appartemintekompleks in bewapene keardel omrint. Om't it fuortby it plak is dêr't Cardillo en Jasmine de auto parkearre hawwe, reägearret Cardillo op 'e oprop. Jasmine is ek in plysje, mar se is noch mar krekt oannommen en hat noch amper ûnderfining. By it flatgebou oankommen, hjit Cardillo dêrom Jasmine om yn 'e auto te bliuwen en om fersterking te freegjen. Sels giet er it gebou yn, dêr't er nei in lange syktocht, immen mei in pistoal yn 'e hân út it treppehûs kommen sjocht. Hy sjit twaris en de persoan falt tebek it treppehûs yn. Cardillo giet derop ôf en iepenet de doar, mar wat er dan sjocht…

In jier letter is Cardillo in unifoarmearre plysje yn San Juan, yn Porto Riko. Hy is dêr portier op in plysjeburo, mar giet sels net de strjitte op. Hy pakt noch altyd om mei wat der yn New York bard is, sasear dat er op in dei foar syn wurk de loop fan syn tsjinstpistoal yn 'e mûle stoppet en besiket om selsmoard te dwaan. Op it lêste momint slagget it him lykwols net en set troch. Dat, hy giet mar gewoan nei syn wurk. Porto Riko wurdt bedrige troch de orkaan Contessa, wêrfan't ferwachte wurdt dat dy dyselde deis grutte skea op it eilân oanrjochtsje sil yn 'e foarm fan wynskea en oerstreamings. Foar de leger leine dielen fan San Juan is in evakuaasjebefel fan krêft. It is foar de plysje alle hens oan dek, dat Cardillo wurdt mei in froulike plysje, Jess Peña, útstjoerd om minsken dy't wegerje út eigen beweging fuort te gean ûnder twang te evakuëarjen.

Cardillo is net fan doel om minsken tsjin 't sin út harren huzen te slepen, dat it liket him de baas om gewoan mar wat yn harren plysjebuske te sitten en wat om te riden oant de stoarm foarby is. Dat falt de entûsjaste jonge Peña raar ôf, en as der in oprop komt oer ien dy't amok makket yn in supermerk, reägearret sy dêrop. Sa twingt se Cardillo om mei dêr op ôf. Underwilens is de ûnmeilydsume krimineel en lieder fan in binde dieven dy't himsels 'John the Baptist' ("Jehannes de Doper") neamt, op it spoar kommen fan in samling rôfkeunst dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de nazys efteroerdrukt is. De gaos dy't it gefolch is fan 'e oankomst fan orkaan Contessa liket him de útlêzen kâns ta om syn slach te slaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It probleemgefal yn 'e supermerk blykt te gean om Griffin, in swarte man, dy't nei in beskuldiging fan hamsterjen fan fleis bûten syn eigen skuld om belutsen rekke is by slaanderij. Hy hat in bruorke dea oan 'e plysje, om't er yn it ferline al withoefaak oanholden is op basis fan etnyske profilearring. Cardillo en Peña, dy't ôfgeane op 'e ferklearring fan in befeiligingsman dy't it begjin fan 'e rûzje net sjoen hat, beslute him te arrestearjen. Griffin freget om earst by syn appartemint oan te gean, sadat er syn húsdier Janet fuorje kin foar't de hiele stêd lamlein wurdt troch de orkaan. Janet is in tige hongerich húsdier en de reden dat Griffin al dat fleis brûke moast. Cardillo en Peña fiele der neat foar om him te skewielen, mar hy hellet harren oer troch te fertellen dat der yn syn appartemintekompleks ek noch in âldman en in pinsjonearre plysjeman wenje dy't wegerje om gehoar te jaan oan it evakuaasjebefel.

Yn it appartemintekompleks giet Griffin nei syn appartemint ta om Janet te fuorjen, wylst Cardillo en Peña nei de pinsjonearre plysje Ray geane. Dat is in nierpasjint dy't fersoarge wurdt troch syn kreaze dochter Troy, dy't dokter is. Ray is in koppige âldkeardel dy't neat fan evakuëarjen witte wol. Troy hat in bêd foar him regele yn it sikehûs, mar hy is der fêst fan oertsjûge dat it sikehûs in plak is dêr't jin hinne geane om te stjerren, dat hy set de hakken yn it sân. Ray ken Cardillo wer fan it ynsidint yn New York, dat blykber ûnder plysjeminsken grutte bekendheid krigen hat. It docht bliken dat dejinge dy't Cardillo yn it treppehûs deasketten hat, syn eigen freondinne Jasmine wie. Cardillo hat der gjin nocht oan om dat allegear wer oer te eidzjen, dat hy nimt Troy op sleeptou om earst de oare âldman, in Paul Bergkamp, út syn appartemint te heljen, wylst Peña efterbliuwt om op Ray yn te praten. Ray wit lykwols ek Peña tsjin him yn it harnas te jeien, dat se lit him yn syn eigen sop gearsiede en giet efter Cardillo oan.

Wylst Cardillo en Troy by de geheimsinnichdoggerige Bergkamp foar de doar steane en him besykje te bepraten om mei, is Cardillo der troch in rút tsjûge fan hoe't de konsjerzje fan it appartemintekompleks bûtendoar foar de yngong deasketten wurdt troch John the Baptist. Dyselde en syn trewanten kringe dêrnei it gebou binnen op 'e siik nei de rôfkeunst fan Bergkamp. Cardillo en Troy witte krekt op 'e tiid mei de âldman fuort te kommen. Se flechtsje by de treppens op nei it appartemint fan Griffin, wylst de dieven oan it wurk geane om yn it swier befeilige appartemint fan Bergkamp yn te brekken. John, dy't troch it rút in glimp opfongen hat fan in plysje-unifoarm, stjoert in stikmannich fan syn mei mitrailleurs bewapene trewanten derop út om it flatgebou te trochsykjen.

Yn it appartemint fan Griffin docht bliken dat de man net liigd hat oer it feit dat er ferlet hat fan in soad fleis. Syn Janet is net samar in húsdier, mar in tiger, dy't troch Griffin traind is om lju oan te fallen dy't in plysje-unifoarm drage. As it mei it iten te lang duorret, wurdt Janet ûngeduldich en skuort se Griffin de keamer yn dêr't er har hâldt, wêrby't se him slim ferwûnet oan syn boppeskonk. Cardillo rêdt Griffin it libben troch yn syn himd de keamer yn te gean en Griffin te ruiljen tsjin in amerfol fleis. Tsjin dy tiid is troch de orkaan de kommunikaasje mei it plysjeburo útfallen. Troy docht foar Griffin wat se kin, mar se hat ferlet fan medysje foarrieden. Sy en Cardillo geane dêrnei op 'e siik yn it appartemint fan in evakuëarre buorman dy't dokter is, wylst Bergkamp efterbliuwt om mei druk op 'e wûne foar te kommen dat Griffin deabliedt. Om sûnder troch de dieven sjoen te wurden it appartemint fan 'e dokter te berikken, klimme Troy en Cardillo omleech oer in bousteger dy't oan ien kant tsjin it appartemintekompleks oan stiet.

Peña, dy't sûnder euvelmoed troch de gongen fan it gebou panderet, wurdt oerfallen troch ien fan 'e dieven, dy't fan har ûnder bedriging mei in mitrailleur easket dat se him nei it appartemint bringt dêr't Cardillo en Bergkamp harren beskûl hâlde. Peña seit dat se dat dwaan sil, mar ynstee liedt se him by it appartemint fan Ray lâns, dêr't se by it passearjen fan syn doar mei útset lûd ropt dat de dief syn mitrailleur earne oars op rjochtsje moat. Dêrop komt Ray fanwegen en sjit de dief dea as dy syn doar foarby rûn is. John-en-dy witte einlings yn it appartemint fan Bergkamp troch te kringen, dêr't se yn 'e mei reinwetter folrinnende kelder oer in klûs gear geane. Sels rint John nei bûten ta. As er Cardillo en Troy op 'e steger rinnen sjocht, folget der in sjitpartij wêrby't Cardillo ien fan John mannen delsjit, dy't dêrnei fan John sels it genedeskot kriget.

Ray nimt Peña mei nei in appartemint fan in fjoerwapengekke maat fan him, dêr't er it wapenreau hopet te finen om mei de binde fan John the Baptist ôf te weven. Underweis sjogge se hoe't Cardillo en Troy oanfallen wurde troch ien fan 'e dieven, wêrnei't Cardillo de keardel meiskuort oer de râne fan in balkon hinne. Se komme op it binnenplak fan it gebou te fallen, dêr't se yn stjalprein sa swier dat se inoar amper sjen kinne op 'e fûst geane. As de dief Cardillo oermânsk wurdt en risselwearret om him dea te wâdzjen, wurdt er mei Cardillo syn tsjinstwapen deasketten troch Troy, dy't dêrby Cardillo by fersin ek troch it kût sjit. Tegearre witte Troy en Cardillo einlings it appartemint fan 'e dokter te berikken, dêr't sy syn wûne fersoarget en hechtet. Underwilens iepenje de dieven de klûs, dy't ta harren argewaasje leech blykt te wêzen. Dat betsjut dat se op 'e iene of oare manear Bergkamp libben yn 'e hannen sjen moatte te krijen om derefter te kommen wêr't er syn rôfkeunst weibrocht hat.

Ray en Peña arrivearje yn it appartemint fan Ray syn maat, dêr't yndie fjoerwapens by 't folop binne. Foar't se dy lykwols fan 'e muorren helje kinne, wurde se oerfallen troch ien fan John syn mannen. By de dêropfolgjende wrakseling wit Peña de man dea te sjitten, mar dêrby sjit se Ray troch de rjochterside ter hichte fan syn heup. As se neitiid mei nije wapens nei it appartemint fan Griffin sille, rinne se yn it treppehûs tsjin John the Baptist oan, dy't Ray delsjit en deadlik ferwûnet en Peña finzen nimt. Cardillo en Troy treffe Ray stjerrend oan. Nei't er ôfskie nommen hat fan syn dochter, beswykt er oan syn ferwûnings. Cardillo skuort de oerstjoere Troy neitiid mei en wit mei har it appartemint fan Griffin te berikken, dêr't Griffin ûnderwilens stadichoan deabliedt. Troy ferbynt syn wûnen, mar stelt fêst dat er it net oerlibje sil as er net gau nei it sikehûs brocht wurdt.

Wyn en rein binne wilens delbêde om't se no yn it each fan 'e orkaan sitte. John nimt fia Peña har portofoan kontakt op mei Cardillo en warskôget him om gjin fersterking op te roppen, om't dat Peña har deafûnis wêze soe. Hy wol dat Cardillo en Bergkamp harren oan him oerjouwe. Om't er gjin oare kar hat, beslút Cardillo te dwaan wat him sein wurdt. Hy en Bergkamp sette nei John ta, dy't fan Bergkamp de rôfkeunst opeasket dy't syn heit yn 'e Twadde Wrâldoarloch stellen hat. Bergkamp liedt it selskip nei in oar appartemint ta, dat in keamer hat dy't fol hinget mei skilderijen. Dêrom sjit John Bergkamp dea en twingt Cardillo om him syn plysje-unifoarm en de kaaikes fan syn plysjebuske te jaan. Cardillo, dy't wol foar it ferstân hat dat John him en Peña ek om hals bringe sil as er harren net mear nedich hat, bepraat John derfan dat de skilderijen yn 'e keamer "fansels" ferfalskings wêze moatte, dy't Bergkamp foar krekt sa'n gefal meitsje litten hat. De echte skilderijen hat er ûnder it mom fan reproduksjes útlient oan 'e oare bewenners fan it appartemintekompleks. Om't dat krekt wat is dat de paranoïde John dwaan soe, trapet er deryn.

 
Emile Hirsch.
 
Stephanie Cayo.
 
Kate Bosworth.

Underwilens nimt Troy Griffin mei op 'e siik nei medyske help. By de yngong fan it gebou treffe se lykwols ien fan 'e lêste trewanten fan John oan, dy't harren efterfolget. Se ferskûlje har yn in appartemint op 'e grûnferdjipping, dêr't se yn in folrûne kelder in wei nei bûten fine. Cardillo en Peña nimme John, dy't ûnderwilens Cardillo syn unifoarm oandien hat om mei de rôfkeunst yn it plysjebuske fuortkomme te kinnen, mei nei it appartemint fan Griffin. Dêr hinget yndie ien fan Bergkamp syn skilderijen oan 't lewant dat $200 miljoen wurdich is. As de ynklauwerige John in hermetysk ôfsletten doar sjocht, easket er dêr ynlitten te wurden. Cardillo riedt it him ôf, wat John noch wisberetter makket om deryn. As de doar iepen giet, blykt it lykwols Janet har kamer te wêzen. De tigerinne sjocht ien yn in plysje-unifoarm, springt him op 'e hûd en makket him dea.

Letter, as San Juan de wûnen slikket dy't orkaan Contessa de stêd tabrocht hat, komt Griffin by besleur yn in sikehûsbêd. Syn dokter, Troy, fertelt him dat er it by de dea om't ôf helle hat. Cardillo en Peña sykje him op en bringe him it skilderij út syn appartemint, dat troch net ien mist wurdt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
plysje Cardillo Emile Hirsch
plysje Jess Peña Stephanie Cayo
Troy Kate Bosworth
Ray Mel Gibson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
"John the Baptist" David Zayas
Griffin Will Catlett
Paul Bergkamp Jorge Luis Ramos
Jasmine Jasper Polish
Hodges Swen Temmel
Dillon Tyler Jon Olson
konsjerzje Luillo Ruiz

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Force of Nature waard regissearre troch Michael Polish nei in senario fan Cory Miller. As produsinten wiene Randall Emmett, George Furla, Shaun Sanghani, Mark Stewart en Luillo Ruiz by it projekt belutsen foar de filmstudio's Emmett Furla Oasis Films, de Capstone Entertainment Group, The Pimienta Film Co., River Bay Films, SSS Entertainment en Way Down East Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $23 miljoen, wêrfan't likernôch $15 miljoen útjûn waard oan 'e opnamen op lokaasje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jayson Crothers, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Kubilay Uner.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Force of Nature waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film waard yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht op 30 juny 2020. Reden dêrfoar wiene de beheinings dy't oan bioskoopbesyk oplein wiene yn it ramt fan 'e koroanapandemy. De film kaam tagelyk dêrmei ek út as digitale download en op dvd en blu-ray. Yn guon oare lannen en territoaria waard Force of Nature wol yn 'e bioskoop útbrocht.

Fan 'e filmkritisy krige Force of Nature oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tige leech goedkarringspersintaazje fan 8%, basearre op 36 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Force of Nature in goedkarringspersintaazje fan 29%, basearre op 11 resinsjes.

Force of Nature brocht yn 'e bioskopen yn û.o. Fjetnam yn totaal $638.399 op. As men dat ôfset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut it fansels in reuseftige ferlies, mar dat jout in fertekene byld om't de film yn 'e wichtichste merken, wêrûnder de Feriene Steaten, Kanada en Jeropa nea yn 'e bioskoop útbrocht is. Dêr stiet dan wer foaroer dat Force of Nature yn it earste wykein nei't de film direkt-op-fideo útkommen wie, de op twa nei meast ferhierde film yn 'e iTunes Store wie en de op fjouwer nei meast ferhierde film op video-on-demandtsjinst FandangoNow.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.