François-Marie Luzel

François-Marie Luzel (Bretonsk: Fañch an Uhel; Plouaret, 6 juny 1821Quimper, 26 febrewaris 1895) wie in Frânsk dichter en folklorist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy makke in begjin mei it fêstlizzen fan 'e rike folkloare fan syn heitelân Bretanje troch it optekenjen fan folksferhalen en ferskes.

François-Marie Luzel
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
berne 6 juny 1821
berteplak Plouaret (Bretanje)
stoarn 26 febrewaris 1895
stjerplak Quimper (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurk
taal Bretonsk, Frânsk
sjenre poëzij, non-fiksje (folkloare)
perioade 2e helte 19e iuw
jierren aktyf 18631895

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Luzel waard yn 1821 berne op 'e lânerijen fan it lânhûs Keramborgne, dat doe ûnderdiel útmakke fan 'e gemeente Plouaret (no yn 'e gemeente Le Vieux-Marché), yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor). Syn heit, dy't ek François (of eins Fañch) hiet, en syn mem, Rosalie Le Gac, wiene pachtboeren, en Luzel waard yn earmoede grutbrocht. Hy hie lykwols, sa't er letter beskreau, in fredige jonkheid mei in protte freonen, ûnder wa de lettere keunstskilder Yan Dargent. It stie him letter fral noch goed by hoe faak oft er in veillée besocht hie, in tradisjoneel feest op it Bretonske plattelân wêrby't de pleatslike befolking gearkaam om 'e lange winterjûnen troch te bringen mei muzyk, dûnsjen en it harkjen nei âlde, mûnling oerlevere folksferhalen.

Tanksij tuskenkomst fan syn omke, Julien-Marie Huërou, wie it foar Luzel mooglik om nei de legere skoalle troch te learen oan it Keninklik Kolleezje fan Rennes, dêr't Huërou dosint wie. Dêr siet er yn deselde klasse as û.o. de lettere skiedkundige Arthur de La Borderie en Émile Grimaud, dy't haadredakteur wurde soe fan it tydskrift Revue de Bretagne et de Vendée. As opslûpen jonge koestere Luzel de dream om dokter by de Frânske Marine te wurden, dat doe't er fan it Keninklik Kolleezje ôf kaam, sette er útein mei in stúdzje medisinen yn Brest. Doe't dat op 'e non rûn, folge er ynstee in oplieding ta letterkundige.

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, socht Luzel nei in plak oan in universiteit yn Bretanje dêr't er lesjaan koe, mar hy koe gjin fêste post besette, sadat syn bestean frijwat nomadysk waard. In moeting mei Aldolphe Orain, in folklorist yn Opper-Bretanje, wie in kearpunt yn syn libben. Neitiid wist Luzel mei de stipe fan Ernest Renan, in foaroansteande Bretonske wittenskipper op ferskate wurkmêden, in oanstelling te bemachtigjen dy't betelle waard troch it Frânsk Ministearje fan Underwiis om âlde literêre wurken te sammeljen yn Neder-Bretanje. It slagge him troch de jierren hinne om as folklorist in ûnbidich grut korpus oan ferskes, folksferhalen, leginden en toanielstikken gear te fandeljen, foar it meastepart út Tréguier en omkriten. Hy hie dêrsanne kunde oan ferskate ynformanten dy't er útkloarke, fan wa't Marguerite Philippe (yn it Bretonsk Marc'harit Fulup) it bekendst wurden is.

Nei't Luzel yn 1865 foar it earst in dichtbondel mei eigen wurk útbrocht hie, mei as titel Bepred Breizad, publisearre er yn 1868 in earste seleksje fan 'e Bretonske folkloare dy't er sammele hie, in meardielich wurk dat er Chants et chansons populaires de la Basse-Bretagne ("Meldijen en Folksferskes fan Neder-Bretanje") neamde. In jier letter liet er in soartemint ferfolch útjaan, Contes et Récits populaires des Bretons armoricains ("Folksferhalen en Foardrachten fan 'e Armoarikaanske Bretonnen").

Yn 1872 feroarsake Luzel opskuor troch op 'e gearkomste fan 'e Bretonske Feriening (AB), yn Saint-Brieuc, de autentisiteit yn 'e kiif te stellen fan guon fan 'e folksferskes dy't Théodore Hersart de la Villemarqué 33 jier earder publisearre hie yn syn Barzaz Breiz. De Bretonske Feriening wiisde syn fertochtmakkings ôf, mar de kontroverse omtrint Barzaz Breiz soe mear as in iuw oanhâlde. Yn 1960 skreau de Bretonske letterkundige Francis Gourvil nei ûndersyk yn syn proefskrift dat Luzel gelyk hie. Yn 1989 bewiisde de musikus en taalkundige Donatien Laurent yn in eigen proefskrift op basis fan 'e manuskripten fan Hersart de Villemarqué dat sels al hie Hersart de Villemarqué de lietteksten oanpast, dochs basearre er him altyd op folksferskes dy't er sels mank it miene folk fan Bretanje sammele hie.

Yn 1874 begûn Luzel mei it skriuwen fan politike opinystikken foar de republikeinske krante l'Avenir de Morlaix, yn Morlaix, dêr't er oant 1880 wurkje soe. Hy waard letter ek as republikein yn 'e gemeenteried fan Quimper keazen. Nei 1880 wied er in skoftke frederjochter yn Daoulas. Yn 1881 krige er yn Quimper in fêste oanstelling as konservator fan 'e Departemintale Argiven fan Finistère. Dêr mette er Anatole Le Braz, foar wa't er in soarte fan mentor waard, en dy't nei syn dea it garjen fan 'e Bretonske folkloare fuortsette soe. Yn 1883 waard er fise-foarsitter fan it Argeologysk Genoatskip fan Finistère, dat jierren earder noch troch Hersart de Villemarqué stifte wie.

Luzel wie begien mei it lot fan 'e Bretonske taal, dy't troch de represje fan 'e Frânske steat almar mear ûnder druk kaam te stean. Yn 1888 frege er Ernest Renan om syn ynfloed yn it Ministearje fan Underwiis jilde te litten, sadat Anatole Le Braz oan it lyseum fan Quimper, bûten de skoaltiden om, les yn it Bretonsk jaan koe, dat Le Braz fergees wol dwaan woe. Yn syn brief skreau Luzel dat er "graach wolle soe dat op al ús legere skoallen dêr't Bretonske bern op sitte, in oere of twa wijd wurde soe om harren Bretonsk út 'e holle te learen, troch it sjongen fan Bretonske ferskes en [it foardragen fan] stikken poëzij dat harren patriottisme bybringe sil." Fierderop yn it brief ferwiisde er nei it Bretonsk as "de nasjonale taal [fan Bretanje]". Syn fersyk waard troch it Ministearje fan Underwiis sûnder mear ôfstegere.

Op 1 jannewaris 1890 waard Luzel ferheft ta ridder fan it Légion d'Honneur, in ûnderskieding dy't er op 30 jannewaris ûntfong út 'e hannen fan syn âlde rivaal Théodore Hersart de la Villemarqué. Luzel kaam fiif jier letter, yn 1895, yn 'e âlderdom fan 73 jier te ferstjerren yn syn wenplak Quimper.

  • 1863 – Sainte-Tryphine et le roi Arthur (yn it Bretonsk: Santez Trifin hag ar roue Arzur; leginde)
  • 1865 – Bepred Breizad (dichtbondel)
  • 1868–1890 – Chants et chansons populaires de la Basse-Bretagne (meldijen en folksferskes, 4 dielen; werútjûn yn 1971)
  • 1869 – Contes et Récits populaires des Bretons armoricains (folksferhalen en foardrachten; werútjûn yn 1996)
  • 1872 – De l'authenticité des chants du Barzaz-Breiz de M. de La Villemarqué (beskuldigings tsjin Hersart de Villemarqué)
  • 1979 – Veillées bretonnes (oer Bretonske winterjûnetradysjes; werútjûn yn 2002)
  • 1881 – Légendes chrétiennes de Basse-Bretagne (kristlike leginden út Neder-Bretanje; werútjûn yn 2001)
  • 1887 – Contes populaires de Basse-Bretagne (folksferhalen)
  • 1889 – La Vie de Saint Gwennolé (hilligelibben)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en See Also, op dizze side.