De greidspringmûs (Latynske namme: Zapus hudsonius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae), de ûnderfamylje fan 'e springmûzen (Zapodinae) en it skaai fan 'e echte springmûzen (Zapus). Dizze soarte komt it meast algemien foar fan alle springmûzesoarten yn Noard-Amearika. De greidspringmûs waard foar it earst beskreaun en as aparte soarte erkend yn 1780.

greidspringmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje jerboä's (Dipodidae)
skaai echte springmûzen (Zapus)
soarte
Zapus hudsonius
Zimmermann, 1780
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De greidspringmûs komt foar yn hast hiel Noard-Amearika beëasten de Rocky Mountains, yn it easten oant de Atlantyske kust, yn it noarden oant de Arktyske beamgrins yn noardlik Kanada en Alaska, en yn it suden oant yn Georgia, Alabama, Nij-Meksiko en Arizona.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De greidspringmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7⅓-7⅔ sm, mei in sturtlingte fan 10¾-16½ sm en in gewicht fan 11½-25 g. De pels is koart en rûch, mei op 'e rêch in brunige kleur. Oer de wringe hinne rint yn 'e lingterjochting in dûnkerbrunige streek. De fangen binne ljochter, giel oant oranje-eftich, en de bealch en poaten binne witich. De sturt, wêrfan't de lingte mear as ⅔ fan 'e totale lichemslingte bedrage kin, is twakleurich: brunich fan boppen en witich fan ûnderen. De efterpoaten binne ferlinge, oant 3½ sm, wylst de foarpoaten just relatyf koart binne. Dy skaaimerken jouwe de greidspringmûs in wat kangoeroe-eftich uterlik, en hy beweecht him yndie op deselde manear fuort as in kangoeroe, troch op 'e krêftige efterpoaten te huppen. Fierders hawwe greidspringmûzen earen dy't dúdlik útstykje út it hier, en frij grutte snorhierren.

Greidspringmûzen jouwe de foarkar oan in fochtich biotoop mei rûnom opgeande boaiemfegetaasje. Se komme foar yn wiet greidlân en ticht begroeid terrein mei beken, puollen of sompen, mar mije ticht beboske gebieten.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De greidspringmûs is in beweechlik lyts dierke dat mei syn krêftige efterpoaten, as er kjel wurdt, út stân wei wol in meter fier springe kin. It is in goede swimmer, en hy kin wol 1¼ m fier dûke, wylst ek graven him treflik ôf giet. Greidspringmûzen binne nachtdieren, al komme se soms ek oerdeis foar 't ljocht, as it dûnker waar is. Se libje solitêr en wurde mar komselden yn pearkes oantroffen, al binne se, oan 'e oare kant, ek wer net agressyf foar soartgenoaten oer as se dy tsjinkomme. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e greidspringmûs binne ûlen, foksen, hauken en wezelingen.

Fan ein septimber, begjin oktober oant mids of ein april hâlde se in wintersliep, dy't de mantsjes justjes earder ôfbrekke as de wyfkes. Frijwol daliks dêrnei begjint de peartiid, dy't trochrint oant yn augustus. Nei in draachtiid fan likernôch 18 dagen bringt it wyfke dêrby 2-3 kear jiers in nêst 2-9 (mar trochinoar 5 of 6) jongen te wrâld. By de berte binne de jongen keal, blyn en dôf, mar nei fjirtjin dagen begjint it hier te groeien en geane de earen iepen, en mei 4 wiken binne se folslein behierre en binne ek de eagen iepen. Mei 28-33 dagen wurde se ôfwûn en binne se selsstannich.

Greidspringmûzen hawwe it leafst ferskillende soarten sieden, mar se frette ek wol beien en oare fruchten, skimmels en dierlik guod, lykas ynsekten, larven (bgl. rûpen). Hjerstmis, as se har tariede op 'e wintersliep, frette se folle mear as oars, en komme se fluch oan.

De greidspringmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn romme ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Trije ûndersoarten fan 'e greidspringmûs giet it lykwols net sa goed mei; dy wurde bedrige troch habitatferneatiging en oerbeweiding. De Nijmeksikaanske ûndersoarte, Zapus hudsonius luteus, waard yn july 2014 yn 'e Feriene Steaten op 'e list fan bedrige diersoarten set.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.