Grinslânsk-Eastfryske dialekten

De Grinslânsk-Eastfryske dialekten binne in groep Friso-Saksyske fariëteiten dy't tegearre it Grinslânsk-Eastfrysk foarmje. Se wurde ek wol apart sjoen as Grinslânsk en Eastfrysk, wêrby't de grins tusken Nederlân en Dútslân (Grinslân en East-Fryslân) as taalgrins sjoen wurdt. Soks is net sa om't it dialekt oer de grins yn hast ûnferoare foarm trochgiet. De yndieling fan de dialekten stiet hjirûnder fermelden, wêrby't de nûmers ferwize nei de nûmers op it kaartsje.

Grinslânsk-Eastfryske dialekten
1 Pompstersk, (Pômpsters) sprutsen yn it Fryske doarp De Pomp
2 Westerkertiersk, (Westerkertaaiers) sprutsen bewesten it Ryddjip en yn it easten fan de Fryske gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân
3 Hegelânsk, (Hoogelaandsters) sprutsen op it Hegelân
4 Grinzersk, (Stadjeders) sprutsen yn 'e stêd Grins en Haren
5 Noarddrintsk, (Noordvelds) sprutsen yn 'e kop fan Drinte; lykwols as Drintsk dialekt sjoen
6 Feankoloniaalsk, (Veenkelonioals) sprutsen yn 'e Grinslânske en Drintske Feankoloanjes en Wynskoat
7 Westerwâldsk, (Westerwôlds) sprutsen yn 'e doarpen Sellingen, Onstwedde, Vlagtwedde, Wedde en Ter Apel
8 Aldamtsk, (Oldambtsters) sprutsen yn it easten fan Fivelgoa en yn it Wâld-Aldamt; sterk oerienkommend mei it Reiderlânsk
8 Reiderlânsk, sprutsen yn 'e Nedersaksyske gemeentes Bunde, Jemgum en Weener; sterke oerienkomsten mei it Oldambtsters. Ek it Emder Plat hat in soad skaaimerken fan it Reiderlânsk en wurdt der soms ek by rekene.
9 Fean-Eastfrysk, sprutsen yn it feangebiet, it suden fan East-Fryslân. Faak wurdt it dialekt in de Krummhörn, it gebiet om Emden en Greetsiel ta, as in apart dialekt beskogge, omdat it noch folle Grinslânske infloeden hat. Itselsde jilt foar it Borkumersk.
10 Broekmerlânsk of Klaai-Eastfrysk, sprutsen yn it Broekmerlân, Norderlân en de stêd Auwerk en in lyts omlizzend gebiet.

Somtiids wurdt it Harlingerlânsk ek ta it Eastfrysk rekene, mar dat hat net folle de Fryske Substraat. Sa wurdt der yn it Eastfrysk sein proten (sprutsen) en yn it Harlingerlânsk snacken ,krekt as yn oare Platdútske dialekten.

It Aldamtsk en it Reiderlânsk wurde ek wol gauris as ien dialekt sjoen, it Aldambtsk-Reiderlânsk, om't der net folle ferskil tusken bestiet. Inkeld de lienwurden foarmje in ferskil; yn it Aldamtsk wurde in protte Nederlânske lienwurden brûkt wylst dat yn it Reiderlânsk, Dútske lienwurden binne. It grutte ferskil sit him foaral yn de skriuwwize, want de útspraak is itselde.