Hunzegoa

(Trochferwiisd fan Hegelân)

Hunzegoa is ien fan de trije Ommelannen fan de provinsje Grinslân. It wurdt geografysk ek wol it Hegelân neamd. It haadplak fan Hunzegoa is Winsum (Grinslân).

Hunzegoa
Hunzegoa wie ien fan de Sân Fryske Seelannen

It goa bestiet sûnt 2019 út de gemeente Hegelân, dêr't de grinzen praktysk mei dy fan Hunzegoa oerienkomme, en foar 2019 út de gemeenten De Marne (gemeente), Winsum eastlik fan it Ryddjip, Iemsmûn en it westlik part fan Loppersum en Beem. De namme fan it goa is ôflaat fan it rivierke de Hunze, en dus "goa fan de Hunze" betsjut. Lykwols hjit de Hunze yn Hunzegoa hjoed-de-dei de Ryddjip. De Hunze hie eartiids in oare rin en kaam by Piterbuorren yn 'e Waadsee út en spjalte dêrmei it goa winliken yn twaen.

De waadeilannen Rottumerplaat, Rottumereach en Suderdúntsjes hearre ek ta it goa.

Hunzegoa wie as earste lid fan de Ommelanner Uny en it wichtichste plak wie Winsum, dêr't de Ommelanner landagen earstoan holden waarden. Oare wichtige plakken binne Sâltkamp, Warffum, Beem, Uthuzen en de Iemshaven. Yn Hunzegoa stean de measte boargen fan Grinslân.

Eartiids waard dêr altiten in Frysk dialekt, it Easterlauwersk Frysk, praat, mar nei it ferienjen fan Stêd mei de Ommelannen, is dat Frysk opgien yn it Plat fan de stêd, al hat de taal fan it ommelân noch wol in sterk Frysk substraat.

 
Hunzegoa (pears) en de oare kertieren yn de Ommelannen

Hunzegoa, wie lykas de oare Ommelannen in Fryske goa. De Fryske sindeling Liudger krige yn 1787 de goaen Hugmerthi (Humsterlân), Hunusga en Fivelga as misjegebiet tawiiisd. It kleaster fan Fulda krige yn de njoggende iuw in skinking yn Middelstum in pago Hunergewe in regione fresonum. Yn 1057 wurdt de goa Hunzegoa neamd as part fan in greefskip dat troch de Dútske kening Hindrik IV ûnder regintskip fan syn mem skonken waard oan de aartsbiskop fan Hamburch, Adalbert fan Bremen. De Brunoanen hiene it greefskip mooglik earder yn lien hân. Yn de alfde iuw waarden der yn Winsum munten slein, dêr't út opmakke wurde kin dat it plak it haadplak fan it goa wie. Letter waard Onderdendam it sintrale plak.

Dêrnei wie Hunzegoa as ien fan de Sân seelannen part fan de Fryske Frijheid. Ferneamd is it Hunzinger Lânrjocht út dy snuorje. Yn 1557 giene de Ommelannen fierder mei-inoar oparbeidzjen, wat yn 1561 in offisjeel ferbûn waard. Winsum wie it plak dêr't de Ommelanner jonkers byinoar kamen en de stannegearkomste holden waarden. Winsum hie dan ek wol in stedsk oansjen, mar troch de neite fan de stêd Grins krige it lykwols net de kâns en waaks út ta in wiere stêd.

De Marne wie ynearsten in part fan it goa Humsterlân (Westerkertier), dat him troch it ûntstean fan it Ryddjip en it oanmeitsjen fan it benefter lizzende feanlân ta in selsstannige seendkrite ûntjoech.

It goa wie ynearsten ûnderferparte yn twa as trije ûnderkertieren, dy't gearfoelen mei de âldste seendkriten of memmekarspels. Dêrfan wiene de karspels fan Uskwert en Liens de âldsten. It Westeramt mei as sintrum Baflo foel dêrnei útinoar yn in noardlike helte, Healamt en in súdlike dy't him wer ôfspjalte yn de dielen Ubbega en Middag. De Marne spjalte him yn de fyftjinde iuw ôf tydlik yn in Easter- en Westerdiel.

It distrikt Middag waard sûnt de sechtjinde iuw ek by it Westerkertier rekkene. De ferskate ûnderkertieren hiene in grutte mjitte fan ûnôfhinklikens en de respektivelike fertsjintwurdigers kamen byinoar yn Onderdendam dat op 'e grins fan de wichtichste ûnderkertieren lei.[1]

Yn 1659 waard in nije yndieling ynfierd omreden de oanhâldende skelen, dy't yn 1749 wer opheft waard:

 
Mûne Hunzingoa yn Onderdendam, hjoed-de-dei in bêd-en-brochje

Tusken 1830 en 1880 binne likernôch 5.900 minsken út Hunzegoa wei emigrearre, hast allegear nei de Feriene Steaten. Dat wie twatred fan alle emigraasje út Grinslân. It grutste part fan de emigranten út Hunzegoa ferhuze nei West-Michigan of Chicago en in lytser tal nei Lafayette (Indiana).[2]

Yn Hunzegoa steane de measte boargen. De bekendsten binne ûnderoaren Menkemaboarch yn Uithuizen en Verhildersum by Liens.

Hunzegoa wurdt skaaimerke troch klaaigrûn, greidlân, wierden en diken. Oarspronklik wie Hunzegoa in soad lytser. Troch it bedykjen is der in grute lape lân yn de rin fan de tiid bykommen. Troch it oanslykjen fan it lân troch de jierren hinne is dat lân heger as it âlde yndykse lân. As der foldwaande lân oanslike wie, waard besletten ta it bedykjen. Dêrom is dat part fan Hunzegoa ek bekend as it Hegelân.

Hjoed-de-dei is Hunzegoa fan reedlik ekonomysk belang foar Grinslân. Dat komt troch de Iemshaven yn it easten en it Nasjonaal Park Lauwersmar en it garnaledoarp Sâltkamp yn it westen. Fierders is de lânbou tige wichtich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hajo van Lengen, Tota Frisia: Sieben Seelande und mehr, yn: Die friesische Freiheit des Mittelalters: Leben und Legende, Auwerk 2003, siden 61-68
  2. Robert P. SwieringaFaith and Family, Dutch Immigration and Settlement in the United States, 1820-1920, Holmes and Meier Pub., 2000, ISBN 9780841913196