Harold Crowchild (Yndiaanske namme: Izeren Skyld, Ingelsk: Iron Shield; Tsuu T'ina (Alberta), 18 maart 1915 – dêre, 12 jannewaris 2013) wie in Kanadeesk rodeocowboy en soldaat fan etnysk Yndiaansk komôf.

Harold Crowchild
persoanlike bysûnderheden
echte namme Harold Crowchild
oare namme Izeren Skyld, Iron Shield
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 18 maart 1915
berteplak Tsuu T'ina (Alberta)
stoarn 12 jannewaris 2013
stjerplak Tsuu T'ina (Alberta)
etnisiteit Sarsy
wurkpaad
aktyf as rodeocowboy, soldaat
reden
  bekendheid
lêste Yndiaanske WWII-feteraan
   yn súdlik Alberta

Crowchild waard yn 1915 yn berne yn Tsuu T'ina, yn it Sarsy Yndianereservaat fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, ûnder de reek fan 'e grutte stêd Calgary. Hy wie in folbloed Sarsy-Yndiaan. Foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn er diel te nimmen oan 'e rodeo fan 'e ferneamde Calgary Stampede, en dêrmei gied er neitiid troch oan er yn 'e tachtich wie.

Yn 1942 naam Crowchild yn Calgary as frijwilliger tsjinst yn it Kanadeeske Leger. Op dy stap krige er krityk fan it doetiidske liederskip fan 'e Sarsy Naasje, mei't er ien fan 'e earste Yndianen wie dy't yn Alberta yn it leger giene. Crowchild loek him dêr lykwols neat fan oan. Yn 1987 seid er dêroer yn in fraachpetear mei de krante Kainai News: "Wy woene fjochtsje en foar de rest koe it ús neat ferrekke."

Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne Crowchild by it Kanadeeske 4e Pânserrezjimint yn Grut-Brittanje, Frankryk, Belgje, Nederlân en Dútslân. Hy bestjoerde Sherman-tanks en bewekke Dútske kriichsfinzenen. Foar syn tsjinst waard him neitiid de Kanadeeske Frijwillige Tsjinst Medalje takend.

Meitiid waard Crowchild de lêste noch libbene Yndiaanske feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch fan 'e Sarsy Naasje en fan alle stammen út it gebiet fan Ferdrach Nû. 7, dat it suden fan 'e provinsje Alberta beslacht. Hy kaam op 12 jannewaris 2013 yn 'e âlderdom fan 97 jier te ferstjerren yn it Sarsy Yndianereservaat by Calgary. Neitiid waard der in betinkingstsjinst foar him holden by syn wente yn it reservaat, folge troch in tradisjonele begraffenis by it Sarcee Seven Chiefs Complex. Roy Whitney, it opperhaad fan 'e Sarsy Naasje, neamde Crowchild syn ferstjerren en begraffenis "in drôve wike foar de Sarsy Naasje en foar Kanada."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.