Hartemûs

(Trochferwiisd fan Hartmûs)

De hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus maniculatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dizze soarte komt yn Noard-Amearika rûnom foar en hat feitlik de meast algemiene fersprieding fan alle Neotominae. Fan 'e hartemûs binne 66 ûndersoarten bekend. Dit bist wurdt ek faak brûkt as proefdier yn laboratoaria, mei't er tige skjin op himsels is en maklik te fersoargjen is.

hartemûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai wytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus maniculatus
Wagner, 1845
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De hartemûs komt foar yn it grutste part fan 'e kontinintale Feriene Steaten, útsein oan 'e eastkust, yn Floarida en it Djippe Suden, en yn sintraal en súdlik Teksas. Yn Alaska libbet er inkeld yn it uterste súdeasten. Dêrnjonken komt er foar yn hiel súdlik en sintraal Kanada (ynkl. Vancouvereilân), mar net yn it Arktyske noarden of op Prins Edwardeilân, Kaap Bretoneilân of Nijfûnlân. Yn Meksiko libbet er yn 'e midden fan it lân, yn dielen fan it suden en op it Kalifornysk Skiereilân.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De hartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 11½ sm en in gewicht fan 10-30 g. Hy hat kraaleftige eachjes dy't yn ferhâlding ta syn postuer frij grut binne, en grutte earen. De pels is sêft en fariëarret op 'e rêch frijwat yn kleur, fan krêmkleurich oant swart, al is er oer it algemien brunich of readbrunich. De bealch en de poatsjes binne altyd wyt en dy kleur is fan 'e dûnkerder rêchkleur skaat troch in skerpe demarkaasjeline oer de fangen, de wangen en de snút. De hartemûs liket sterk op in oare rûnom yn Noard-Amearika foarkommende soarte, de wytpoatmûs (Peromyscus leucomus), mar hat in langere sturt, dêr't it twakleurige patroan fan it lichem him op fuortset. De beide soarten binne fierders lykwols sa gelikens, dat der faak in bloedûndersyk oan te pas komt om se te skiftsjen.

 
De hartemûs fan deunby.

Hartemûzen jouwe oer it algemien de foarkar oan beboske gebieten, mar litte har troch it kapjen fan 'e beammen net út in krite ferdriuwe. Se meitsje gjin ûnderskie tusken leaf- en nullewâld. Yn 'e noardlike nullewâlden fan Kanada binne se de iennichste wytpoatmûzesoarte. Dêrnjonken libje se ek yn berchtmen, greidlân en gebieten dy't begroeid binne mei strewelleguod.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Hartemûzen binne nachtdieren, dy't de dei trochbringen yn har nêst. Sokke nêsten lizze almeast heech yn holle beammen en binne makke fan alderhanne plantaardich materiaal. Oer it algemien binne it solitêre bisten, mar soms diele se har nêst mei in soartgenoat fan it oare geslacht. De territoaria fan hartemûzen oerlaapje inoar gauris, al giet it dêrby yn 'e regel ek wer om eksimplaren fan it tsjinstelde geslacht. De bisten lykje inoar werom te kennen en geane in protte mei-inoar om.

Hartemûzen kinne har yn prinsipe it hiele jier troch fuortplantsje, mar yn it grutste part fan har areaal wurdt de peartiid troch itenskrapte yn it winterseizoen beheind ta de perioade fan maart oant oktober. Nei in draachtiid fan 22-26 dagen bringt it wyfke in nêst fan 1-9 (mar ornaris 3-5) jongen te wrâld. Hartemûzen plantsje har fluch fuort en sille yn trochsneed 3-4 nêsten jongen jiers produsearje. Yn finzenskip hat ien wyfke ris yn ien jier 14 nêsten jongen smiten. De wyfkes steane de mantsjes ta om te helpen by it fersoargjen fan 'e jongen. Dy wurde blyn en keal berne, mar ûntwikkelje har fluch. Mei 14 dagen hawwe se in folsleine pels; mei 13-19 dagen binne de eagen iepen en mei 18-24 dagen wurde se ôfwûn. Nei 6 wiken binne de jongen folwoeksen, al komme se dêrnei noch wat oan. Wyfkes binne trochinoar mei 48 dagen geslachtsryp.

Mei't se har oer it algemien net fier fan it âlderlik nêst bejouwe, bestiet der frijwat yntylt ûnder hartemûzen, en is de genetyske útwikseling binnen de soarte beheind. De trochsneed libbensferwachting is foar hartemûzen krapoan 4 jier, al sil in grutte groep net iens 1 jier helje. Yn finzenskip kinne se 8 jier wurde. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e hartemûs binne ferskate soarten slangen, ûlen en foksen, de Amerikaanske nerts, de Amerikaanske marter, de harmeling, de wezeling en oare martereftigen, it streekte stjonkdier, de reade lynks, de hûskat en de prêrjewolf.

 
In hartemûs oan it miel.

Hartemûzen binne omnivoaren en ite sawol plantaardich guod, lykas sieden, fruchten en blêden, as dierlik wrimelt, lykas ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen. Dêrnjonken frette se ek beskate skimmels. Winterdeis, as plantaardich foer krap is, meitsje krûpende dieren wol in fyfde fan it dieet fan hartemûzen út.

De hartemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Hy wurdt soms sels as skealik ûngedierte beskôge, mei't er in drager wêze kin fan foar de minske gefaarlike sykten as it hantafirus en de sykte fan Lyme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.