John Wick (franchise)

(Trochferwiisd fan John Wick (filmsearje))

John Wick is in Amerikaanske mediafranchise op basis fan in rige neo-noir-aksjefilms. De franchise waard yn 2014 skepen troch senarioskriuwer Derek Kolstad, de auteur fan it senario fan 'e earste film, John Wick. It haadpersonaazje fan 'e franchise is John Wick, in uterst gefaarlike hiermoardner dy't 'mei pinsjoen' gien is. Yn 'e earste film giet er wer oan it wurk as er it slachtoffer wurdt fan in ynbraak troch leden fan 'e Russyske maffia dy't syn auto stelle en syn hûntsje deameitsje. De franchise John Wick is eigendom fan filmstudio Lionsgate Films en bestiet anno 2023 út trije films mei noch trije oaren yn preproduksje. Fierders is der ek in tillefyzjesearje pland en besteane der ferskate fideospultsjes en in stripsearje basearrre op 'e films.

John Wick
betinker Derek Kolstad
eigner Lionsgate Films
lân Feriene Steaten
begjinjier 2014
films
langspylfilms John Wick
John Wick: Chapter 2
John Wick: Chapter 3 –
   Parabellum

John Wick: Chapter 4
John Wick: Chapter 5
Ballerina
tillefyzje
searjes The Continental
spultsjes
fideospultsjes Payday 2: John Wick
John Wick Chronicles
John Wick Hex
literatuer
strips John Wick
muzyk
soundtracks John Wick
John Wick: Chapter 2

John Wick: Chapter 3 –
   Parabellum
  De Wikipedy hat ek in side John Wick (film).

Yn John Wick komt de sjogger yn 'e kunde mei John Wick (Keanu Reeves), in rêstend hiermoardner dy't rout om syn koartby oan in terminale sykte ferstoarne frou. Der wurdt in jonghûntsje by him brocht, in kado wêrfan't de besoarging beävensearre is troch syn frou foar't se stoar, sadat er yn dizze drege tiid net hielendal allinne wêze sil. Op in nacht brekke in stikmannich leden fan 'e Russyske maffia by Wick yn. Hja steane û.l.f. 'e arrogante Iosef Tarasov (Alfie Allen), de bedoarne soan fan maffiabaas Viggo Tarasov (Michael Nyqvist), dy't Wick syn Ford Mustang Mach 1 begeart. Hja slane Wick folslein yninoar en stelle de auto, mar wat Wick poerrazen makket, is it feit dat Iosef sûnder lykfol hokker needsaak it jonghûntsje dea skopt. As Viggo Tarasov ûntdekt wat syn soan dien hat, is er yn alle steaten, mar tsjin dy tiid is it te let om 'e yn gong sette keatling fan foarfallen noch te kearen. Wick komt spesjaal werom út syn pinsjoen om mei Iosef en syn trewanten ôf te weven, en Viggo, dy't syn soan beskermje wol, hat gjin oare kar as om in oarloch tsjin Wick te begjinnen.

John Wick waard regissearre troch Chad Stahelski nei in senario fan Derek Kolstad. De film gie op 24 oktober 2014 yn premiêre, en brocht $86 miljoen op tsjin in budget fan $20 oant 30 miljoen.

John Wick: Chapter 2

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side John Wick: Chapter 2.

Yn John Wick: Chapter 2 wurdt John Wick (Keanu Reeves) ûnder druk set troch Santino d'Antonio (Riccardo Scamarcio), in baas fan 'e Camorra, de Napolitaanske maffia. Dyselde wol dat er syn suster Gianna (Claudia Gerini) foar him fermoardet, sadat hy har plak oernimme kin oan 'e Hege Tafel, de bestjoersrie fan alle organisearre misdie wêr ek yn 'e wrâld. Mei tsjinnichheid stimt Wick ta, mar neitiid besiket D'Antonio om Wick te eliminearjen, sadat der gjin tsjûgen binne fan wat er dien hat. Dat brekt him lykwols raar op, want Wick is net maklik út 'e wei te romjen. Ynstee giet Wick op jacht nei D'Antonio, en as er yn 'e lytse loege komt te sitten, wit er help te besetten fan 'e kening fan 'e Bowery (Laurence Fishburne), dy't ek gjin trien om it ferskieden fan D'Antonio litte sil. D'Antonio siket op 't langelêst beskûl yn it Continental Hotel, dat neutrale grûn is. Wick lit dan sjen dat er him neat oan 'e regels fan 'e ûnderwrâld gelegen lizze lit. Dat liedt ta syn 'ekskommunikaasje', mar Winston, de manager fan it Continental, jout him in oere om te ûntkommen foar't dy straf yngiet.

John Wick: Chapter 2 waard regissearre troch Chad Stahelski nei in senario fan Derek Kolstad. De film gie op 30 jannewaris 2017 yn premiêre, en brocht $171,5 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.

John Wick: Chapter 3 – Parabellum

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side John Wick: Chapter 3 – Parabellum.

Yn John Wick: Chapter 3 – Parabellum is John Wick (Keanu Reeves) 'ekskommunisearre' troch de ûnderwrâld om't er in lid fan 'e Hege Tafel deade hat op neutrale grûn. Der stiet in priis op syn holle en hy moat flechtsje om it faaie libben derôf te rêden, wylst er oeral efterfolge wurdt troch kriminelen dy't de preemje opstrike wolle. Troch in âlde skuld te ynjen fan 'e Direktrise (Anjelica Huston), dy't yn New York oer it misdiesyndikaat fan 'e Wytrussyske Roma hearsket, wit er út 'e Feriene Steaten te ûntkommen. Hy bedarret yn Kasablanka, dêr't er help wit te besetten fan in oare hiermoardner, Sofia al-Azwar (Halle Berry). Wilens krije de lju dy't him holpen (Winston, de kening fan 'e Bowery en de Direktrise), in arbiter fan 'e Hege Tafel op besite, dy't harren straffe wol foar it ferlienen fan bystân oan him. Wick siket de Aldste op, de iennichste dy't boppe de Hege Tafel stiet, mar dy stelt him foar in aaklike kar.

John Wick: Chapter 3 – Parabellum waard ek wer regissearre troch Chad Stahelski nei in senario dat diskear skreaun wie troch Derek Kolstad, Shay Hatten, Chris Collins en Marc Abrams. De film gie op 9 maaie 2019 yn premiêre, en brocht $327,3 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen.

 
Akteur Keanu Reeves, dy't yn 'e John Wick-films de titelrol fertolket.

Takomstige films

bewurkje seksje

John Wick: Chapter 4

bewurkje seksje

John Wick: Chapter 4 waard troch Lionsgate Films formeel oankundige yn maaie 2019. It wie de bedoeling dat de film yn maaie 2021 útkomme soe, mar dat waard him net. De opnamen setten útein op 28 juny 2021. Anno 2022 stiet de premiêre pland foar 24 maart 2023.

John Wick: Chapter 5

bewurkje seksje

Dat John Wick: Chapter 5 yn preproduksje nommen wie, waard yn augustus 2020 troch Lionsgate befêstige. It is ûndúdlik wannear't dizze film yn premiêre gean sil, mar nei alle gedachten wurdt dat net foar 2025.

Ballerina is oar projekt dat yn it preproduksjestadium ferkeart. It is in spin-off-film dy't yn 'e wrâld fan John Wick spylje sil, mar net oer John Wick sels gean sil. De film waard al yn july 2017 oankundige. Yn oktober 2021 begûnen ûnderhannelings mei Ana de Armas oer har mooglike spyljen fan 'e titelrol.

The Continental

bewurkje seksje

Yn juny 2017 waard bekendmakke dat der wurke waard oan in spin-off-tillefyzjesearje dy't basearre wurde sil op personaazjes en settings út 'e John Wick-franchise. De searje krige as wurktitel The Continental, dat yn 'e films de namme is fan in hotel dat fungearret as neutrale grûn foar alle ûnderwrâldfigueren. Yn april 2021 makke Lionsgate Television bekend dat de searje draaie sil om in jonge Winston Scott yn 'e 1970-er jierren.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e John Wick-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Yn it ramt fan 'e John Wick-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

In striprige yn it ramt 'e franchise en yn 'e foarm fan in fiifdielige minysearje ferskynde op 29 novimber 2017 by útjouwerij Dynamite Entertainment. Dy wie makke troch striptekeners Giovanni Valletta (diel 1 en 2) en Matt Gaudio (diel 3 o/m 5) en tekstskriuwer Greg Pak. De searje is in prequel fan 'e filmsearje en giet oer in jonge John Wick dy't nei syn frijlitting út it tichthûs foar it earst op wraak út is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

John Wick (filmsearje)
John Wick (2014) • John Wick: Chapter 2 (2017) • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) • John Wick: Chapter 4 (2023)