John Wick (film)
John Wick is in Amerikaanske neo-noir-aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Michael Nyqvist. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer in widner dy't koartby de frou ferlern hat. Op harren troudei ûntfangt er in troch syn frou foar har ferstjerren beävensearre kado: in jonghûntsje. Op in nacht wurdt der by him ynbrutsen troch in tal leden fan 'e Russyske maffia, dy't it op syn klassike auto foarsjoen hawwe. Se stelle de auto, slane himsels hielendal yninoar en skoppe it jonghûntsje dea. Dêrmei begeane se lykwols in fatale flater, want John Wick is in rêstend hiermoardner en no is er út op wraak. John Wick krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Op basis fan dat súkses ûntstie neitiid in mediafranchise dy't ek John Wick hjit. It direkte ferfolch op John Wick is John Wick: Chapter 2, dat útkaam yn 2017.
John Wick | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chad Stahelski | |
produsint | Basil Iwanyk David Leitch Eva Longoria Michael Witherill | |
senario | Derek Kolstad | |
kamerarezjy | Jonathan Sela | |
muzyk | Tyler Bates Joel J. Richard | |
filmstudio | Summit Entertainment Thunder Road Films 87Eleven Productions MJW Films Defynite Films | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Keanu Reeves Michael Nyqvist | |
byrollen | Alfie Allen Willem Dafoe Ian McShane Adrianne Palicki | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 oktober 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | neo-noir-aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Russysk) | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20–30 miljoen | |
opbringst | $88,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | John Wick | |
● folgjend diel | John Wick: Chapter 2 |
Plot
bewurkje seksjeJohn Wick hat koartby nei in houlik fan fiif jier syn frou Helen ferlern oan in net by namme neamde sykte. Hy wrakselet mei syn rouferwurking. Op harren troudei wurdt troch in pakketbesoarchtsjinst in jonghûntsje by him ôflevere; it docht bliken dat Helen dat foar har ferstjerren regele hat om't Wick, yn har wurden, "wat hawwe moat om fan te hâlden" en om't syn klassike Ford Mustang Mach 1 út 1969, dêr't er sa wiis mei is, net meitelt. It hûntsje is in beagle dy't Daisy hjit. Nettsjinsteande Wick syn stoïsynske hâlding foarmet er al rillegau in bân mei it hûntsje, dat by him op bêd sliept en de hiele dei net fan syn side wykt.
As er in ein út te riden giet yn syn Ford Mustang, komt Wick by in benzinestasjon in trijetal leden fan 'e Russyske maffia tsjin. It binne Iosef Tarasov, de soan fan maffiabaas Viggo Tarasov, en syn beide maten anneks liifwachten. Iosef bewûnderet de Ford Mustang en freget hoefolle oft Wick derfoar hawwe wol. As Wick him fertelt dat de auto net te keap is, hellet Iosef it hûntsje oan en seit yn it Russysk: "Alle teven hawwe har priis." It docht lykwols bliken dat Wick ek Russysk sprekt en hy antwurdet: "Mar dizze teef net." Iosef fettet de wegering om him de auto te ferkeapjen op as in persoanlike mislediging. Nachts brekke hy en syn maten by Wick yn, stelle de auto, slane Wick hielendal yninoar en traapje it jonghûntsje dea út klearebare wredens.
Iosef nimt de Ford Mustang mei nei de yllegale garaazje fan in Aurelio, dêr't er de kentekenplaten en it sjassisnûmer feroarje litte wol. Aurelio ken de auto lykwols wer en freget oft Iosef-en-dy de eigner fermoarde hawwe. As Iosef antwurdet dat dy noch libbet mar dat se syn hûn goed dea makke hawwe, jout Aurelio him in terwinkel en smyt him de garaazje út. Underwilens wurdt Wick, dy't bewusteleas slein wie, wekker en ûntdekt dat Daisy fuort by him leit. Der rint in bloedspoar fan it plak dêr't it bistke stikken skopt is nei him ta, wat bewiist dat it hûntsje noch langernôch libbe hat om nei him ta te krûpen ear't it krepearre oan 'e tabrochte ferwûnings.
Wick begraaft it hûntsje yn syn tún en leit it halsbantsje mei de hûnepeinje deroan op syn nachtkastke njonken de earmbân fan syn ferstoarne frou. Mei't Iosef-en-dy syn iene auto stellen hawwe en de oare fandalisearre, nimt er de bus nei stêd ta, dêr't er de garaazje fan Aurelio besiket. Dyselde fertelt him dat Iosef de soan fan Viggo Tarasov is en jout Wick in auto. Letter dy deis wurdt Aurelio opskille troch Viggo Tarasov, dy't fan him witte wol wêrom't er syn soan slein hat. Aurelio fertelt him dat Iosef en syn maten de auto fan John Wick stellen en syn hûn deamakke hawwe. Viggo reägearret mei "O." en hinget op. Dêrnei lit er Iosef by him roppe, wêrnei't er him in beskrobbing en in pear flinke klappen jout wylst er him útleit wat er oer harren ôfroppen hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
John Wick, sa fertelt Viggo syn soan, is in rêstend hiermoardner, en net samar ien, mar de hiermoardner dêr't gangsters en oare hiermoardners nachtmerjes oer hawwe. Mei it wurk dat er foar Viggo dien hat ear't er Helen mette en him út 'e kriminaliteit weromloek, hat er de basis lein foar it misdiesyndikaat fan 'e Tarasovs. Iosef biedt oan om it goed te meitsjen troch derop út te gean om Wick te elemininearjen, mar Viggo seit dat er der blykber neat fan begrepen hat. Hy kin neat oars dwaan as ûnderdûke oant Wick om him komt. Underwilens is Wick dwaande om mei in foarhammer de betonnene flier fan syn kelder iepen te brekken, dêr't er in koffer fol mei pistoalen en oare wapenreau opdolt. Nei't er Iosef fuortstjoerd hat, skillet Viggo Wick tsjin betterwitten yn op, om te sjen oft it spul noch te behimmeljen falt. Wick heart him oan, mar hinget úteinlik sûnder wat sein te hawwen op.
Viggo lit syn rjochterhân Avi in team fan tolve hiermoardners gearbringe, dy't dy jûns nei tsjuster de wente fan Wick binnenfalle. Mar Wick is klear foar harren en yn in hommelse útbarsting fan geweld makket er se allegear dea, om dêrnei in fixer op te skiljen om 'e stoflike omskotten en oare bewizen fan moard op te himmeljen en ôf te fieren. Viggo, dy't al net folle fidúsje yn dy earste set hie, lovet dêrop in preemje fan $2 miljoen út foar wa't it ek mar slagget om John Wick te fermoardzjen. Hy siket persoanlik Marcus op, dy't foarhinne de mentor fan Wick wie, om dyselde no tsjin Wick yn te hieren. Marcus giet akkoart mei dat foarstel.
Wick reizget nei New York, dêr't de Tarasovs fêstige binne, en nimt dêr syn yntrek yn it Continental Hotel, in hotel dat him útslutend rjochtet op gasten út 'e ûnderwrâld, mar de eigen gerjochtichheid as neutrale grûn beskôget. Dat betsjut dat der yn it Continental gjin moarderij plakfine kin, sadat Wick him dêr feilich waant. Viggo ferdûbelet de preemje lykwols ta $4 miljoen foar wa't de regels fan it Continental doar te brekken troch Wick yn syn hotelkeamer om te bringen. In ûnmeilydsume hiermoardneresse dy't juffer Perkins neamd wurdt, giet dêr op yn. Underwilens spilet Winston, de hotelmanager fan it Continental, de ynformaasje oan Wick troch dat Iosef Tarasov ûnderdûkt sit yn in nachtklub mei de namme Red Circle.
Wick kringt de Red Circle binnen en bringt dêr de iene nei de oare trewant fan 'e Tarasovs om, ûnder wa Viktor, ien fan Iosef syn beide maten by de ynbraak yn syn hûs. Iosef sels wit lykwols nauwerneed te ûntkommen nei't Viggo syn foarman Kirill Wick oer it mad komt en him ferwûnet troch him mei in brutsen flesse yn 'e búk te stekken. Dat needsaket Wick om út te piken nei it Continental, dêr't er syn wûne troch de fêste dokter fan it hotel fersoargje en hechtsje lit.
As er him dêrnei op bêd deljout, kringt Perkins temûk syn keamer binnen. Wilens befynt Marcus him mei in skerpskuttersgewear op it dak fan it gebou oare kant strjitte, mei útsjoch rjocht yn Wick syn hotelkeamer en Wick sels yn it fizier. As Marcus Perkins oankommen sjocht, fjurret er in kûgel ôf yn it kjessen njonken Wick, sadat dy wekker skrikt. Wick en Perkins reitsje slaande deilis. Nei in ferbiten gefjocht komt Wick as winner út 'e bus. Hy nimt Perkins finzen en twingt har om him ynformaasje oer de organisaasje fan Viggo te jaan. Dêrnei betellet er in oare gast fan it Continental, de negroïde hiermoardner Harry, om har in skoft fêst te hâlden foar't er har frijlit. Perkins hat dêr lykwols gjin boadskip oan, dat se befrijt harsels en deadet Harry.
Underwilens bejout Wick him nei de wyk Sheepshead Bay, yn Brooklyn, dy't ek wol bekend stiet as Little Russia omreden fan it grutte tal etnyske Russen dat dêr wennet. Hy kringt dêr in Russysk-otterdoks tsjerkegebou binnen, dat Perkins identifisearre hat as in front foar it misdiesyndikaat fan 'e Tarasovs. Yn 'e kelder fynt er in ûnbidige bulte papierjild en sjantaazjemateriaal, dat er allegear ferbaarnt. As Viggo en syn trewanten op it toaniel ferskine, komt Wick harren oer it mad en deadet ytliken fan harren, ear't er troch tadwaan fan Kirill oermastere en finzen nommen wurdt. Neitiid sprekt Viggo Wick yn 'e tsjerke beskrobjend ta en hat de gek mei him om't er miende dat er syn âlde libben efter him litte koe. As er úteinlik oer Daisy seit dat it mar in hûn wie, wurdt Wick alhiel breinroer. Hy byt Viggo ta dat minsken him al dagenlang hieltyd freegje oft er "werom" is. Dy fraach hied er hieltyd gjin goed antwurd op, mar no tinkt er dat er yndie "werom" is.
Viggo en Avi sette ôf en litte Wick efter by Kirill en in oare Tarasov-trewant, dy't him deadzje wolle troch him te ferstikken mei in plestik pûde oer de holle. Marcus, dy't wer op 'e loer leit, sjit lykwols fan 'e oare kant fan 'e strjitte ôf Kirill syn maat troch de holle, wêrnei't Wick losbrekt en nei in hurd gefjocht Kirill ombringt. Hy ferlit de tsjerke en stekt binnentroch om 'e auto fan Viggo op te wachtsjen. Nei't er al Viggo syn restearjende liifwachten deamakke hat, seit er de maffiabaas oan dat er him gean litte sil as er de preemje ynlûkt en him fertelt wêr't Iosef is. Om it faaie libben derôf te rêden, jout Viggo dan de lokaasje fan it ûnderdûkadres fan syn soan priis. Wick hâldt wurd en lit Viggo gean, mar bejout him nei it ûnderdûkadres, dêr't er handich ôfweeft mei al Iosef syn bewekkers, foar't er Iosef sels deasjit.
Perkins ûntdekt dat Wick en Marcus ûnderling kontakt hân hawwe en bringt dat út oan Viggo. Dy beskôget dat as ferrie en kringt mei syn trewanten de wente fan Marcus binnen, dêr't er úteinset mei Marcus dea te marteljen. De âlde hiermoardner fertelt Viggo lykwols dat er sels wol útmeitsje sil hoe't er stjert, wêrnei't er hommels twa fan Viggo syn trewanten oermasteret en fermoardet, sadat Perkins en Viggo twongen binne him gau-gau dea te sjitten. Neitiid skillet Viggo Wick op om te fertellen wat er mei syn freon dien hat, mei de bedoeling om him by de wente fan Marcus opwachtsje en fermoardzje te litten troch Perkins. Dyselde wurdt lykwols fuortroppen troch in tillefoantsje fan Charon, de resepsjonist fan it Continental, dy't har fertelt dat Winston, de hotelmanager, har moetsje wol. Op it moetingsplak wurdt Perkins hommels ynsletten troch fjouwer hiermoardners. Winston seit tsjin har dat omreden fan har oanfal op Wick en de moard op Harry op wat neutraal gebiet heart te wêzen, har lidmaatskip fan it Continental opheft is, wêrnei't de fjouwer hiermoardners tagelyk fan alle kanten ôf it fjoer op har iepenje en har deadzje.
Wylst Wick by Marcus thús by it lyk fan syn âlde mentor sit, kriget er in tillefoantsje fan Winston dy't him fertelt dat in beskaat persoan syn helikopter ree meitsje lit om fan in beskaat helikopterplatfoarm ôf út te piken. Dêrop hastiget Wick him nei de haven ta, dêr't er troch gebrûk fan syn auto en syn pistoal Viggo syn restearjende trewanten deadet foar't er op deselde wize mei Avi ôfweeft en it dêrnei mei de bleate hân tsjin Viggo sels opnimt. Viggo lûkt in stiletto, mar Wick lit himsels delstekke om't dat him de mooglikheid biedt om Viggo it wapen ôf te pakken en him der dan sels mei del te stekken. Hy lit Viggo stjerrend efter en rekket neitiid út 'e tiid wylst er op syn mobile tillefoan in fideo fan syn frou Helen silger op in pier besjocht.
As Helen yn it filmke op in stuit seit: "Kom mei. We geane nei hûs," komt Wick wer by besleur en giet er mei muoite oerein. Hy brekt yn by in biste-asyl, dêr't er syn stekwûne fersoarget mei feterinêre genêsmiddels. As er in pitbullterriër sjocht dy't opskreaun stiet om ôfmakke te wurden, docht er de koai iepen en hellet it bist derút. Hy docht it in halsrym om en tegearre ferlitte Wick en de hûn it gebou om strompeljendewei op hûs oan te gean.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
John Wick | Keanu Reeves |
Viggo Tarasov | Michael Nyqvist |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Iosef Tarasov | Alfie Allen |
Marcus | Willem Dafoe |
Winston | Ian McShane |
juffer Perkins | Adrianne Palicki |
Avi | Dean Winters |
Kirill | Daniel Bernhardt |
Charon, resepsjonist fan it Continental | Lance Reddick |
Viktor | Toby Leonard Moore |
Aurelio | John Leguizamo |
Charlie, de "skjinmakker" | David Patrick Kelly |
Addy, barkeeper yn it Continental | Bridget Regan |
Russysk-otterdokse preester | Munro M. Bonnell |
Gregorij | Omer Barnea |
Helen Wick | Bridget Moynahan |
dokter yn it Continental | Randall Duk Kim |
Harry | Clarke Peters |
Francis, útsmiter Red Circle | Kevin Nash |
Kuzma | Keith Jardine |
Nikolaj | Tait Fletcher |
Jimmy | Thomas Sadoski |
Pavel | Vladislav Koulikov |
trewant fan Viggo | Matt McColm |
pakketbesoarchster | Gameela Wright |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeJohn Wick waard makke nei in senario fan Derek Kolstad, dêr't dyselde yn 2012 de earste ferzje fan skreau, doe noch ûnder de wurktitel Scorn ("Ferachting"). Hy stjoerde it op nei ferskate filmstudio's en krige nei't it skynt teminsten trije ferskillende oanbiedings om it te keapjen. Op 3 desimber 2012 waard bekend dat er yngien wie op it bod fan Thunder Road Films. De film waard regissearre troch Chad Stahelski en David Leitch tegearre, mar it Directors Guild of America (it Amerikaanske fakbûn fan regisseurs) kedize letter dat allinne Stahelski yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling as regisseur fermeld wurde mocht; Leitch waard ynstee fermeld as produsint. Stahelski hie earder mei haadrolspiler Keanu Reeves gearwurke doe't er yn 'e Matrix-films yn 'e iere 2000-er jierren as dy syn stunt double fungearre.
As produsinten wiene njonken Leitch ek Basil Iwanyk, Eva Longoria en Michael Witherill by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Thunder Road Pictures, 87Eleven Productions, MJW Films en Defynite Films. Der wie foar John Wick in budget beskikber fan $20 oant 30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jonathan Sela, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates en Joel J. Richard.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar John Wick setten op 25 septimber 2003 útein en duorren oant en mei 20 desimber fan dat jier, wêrnei't de postproduksje op 10 jannewaris 2014 begûn. De sênes yn en om 'e wente hinne fan John Wick waarden filme yn Mill Neck (New York), op Long Island. Foar de rest waard de film opnommen yn New York. It monumintale gebou Delmonico's, yn Manhattan, die tsjinst foar de bûtenkant fan it Continental Hotel. Der waarden op Manhattan ek sênes opnommen op Broadway en yn û.o. it Finansjeel Distrikt by Wall Street. Fierders waard der yn Brooklyn filme by û.m. in benzinestasjon yn 'e wyk Upper Nyack en by de Sint-Fransiskus Ksaveariustsjerke oan 6th Avenue.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan John Wick waard fersoarge troch Lionsgate Films, de memme-ûndernimming fan Summit Entertainment. De film waard foar it earst fertoand op 19 septimber 2014 op it Fantastic Fest, in filmfestival yn 'e Teksaanske haadstêd Austin. Neitiid gie John Wick op 24 oktober 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 27 oktober 2014 by platemaatskippij Varèse Sarabande.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige John Wick oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Jeannette Catsoulis de film yn The New York Times as in knaphandich makke wraakskriller. Hoewol't John Wick neffens har "net folle ambysjes hat útsein aksjesênes wêryn't it sa mâl giet dat jins sokken derfan út fleane", wied er "slagge mei safolle styl – en sels mei wat humor – dat it folle langer duorret as moatte soe ear't it gebrek oan matearje problematysk wurdt." Wat de akteurs oanbelange, hie Catsoulis benammen lof foar Michael Nyqvist yn 'e rol fan maffiabaas Viggo Tarasov.
Yn it tydskrift Rolling Stone skreau Peter Travers: "John Wick is it soarte opfierde, woeste B-filmwille dêr't guon fan ús net genôch fan krije kinne." Richard Corliss skreau yn it tydskrift Time: "Aksjefilms draaie om beweging, en John Wick jaget dat doel nei mei ûnmeilydsume besieling." Yn The A.V. Club parte Ignatiy Vishnevetsky de film in 81/2 ta op skaal fan 1 oant 10. Hy hie fral bewûndering foar it senario fan Derek Kolstad, dat himsels, neffens him, "ûnderskiedt troch soarchfâldich de grinzen fan it eigen universum te definiëarjen." Peter Debruge fan Variety omskreau John Wick as in "glêde en befredigjende wraakskriller" en murk op "wat kin goed goreografearre aksje in kick jaan as we echt gewaarwurde kinne wat der bart."
Net eltsenien wie lykwols sa fan John Wick ûnder de yndruk. Yn 'e Britske krante The Guardian joech Peter Bradshaw de film mar 2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Reeves syn heal opsetlik stonede, útdrukkingsleaze styl wurket eins allinnich mar as it njonken grappige dialooch pleatst wurdt – en dit is in frijwat humorleaze en gewelddiedige film, dy't mar trochmealt wylst almar mear glimmende swarte SUV's de fernieling yn holpen wurde." Ealasaid Haad fan 'e San Jose Mercury News omskreau John Wick as in "teloarstellend gewoane wraakfilm." En yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail, út Toronto, joech John Semley de film mar 1/2 fan 4 stjerren en skreau dat John Wick "de nije namme foar weardeleaze aksjesinema" wie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat John Wick in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 217 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't de film stylfol en spannend is mei in tûzelsinnich heech tempo, tsjinnet John Wick as in befredigjende weromkear nei it aksjefilmsjenre foar Keanu Reeves […]." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet John Wick in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 40 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeJohn Wick brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $45,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $88,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 oant 30 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $58,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Franchise
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side John Wick (franchise).
Op basis fan it súkses fan John Wick ûntstie neitiid in mediafranchise dy't ek John Wick hjit. Yn it ramt dêrfan binne anno 2022 njonken soundtrackalbums, fideospultsjes en strips twa ferfolchfilms ferskynd: John Wick: Chapter 2 yn 2017 en John Wick: Chapter 3 – Parabellum yn 2019. Teminsten twa oare ferfolchfilms en ien spin-off-film binne op 't heden yn produksje of preproduksje.
Ynfloed
bewurkje seksjeDe plot fan John Wick is de Westerske popkultuer binnenkrongen, yn 'e mjitte dat der no wol sein wurdt, as men wat stoms dien hat dêr't men foar boetsje sil, dat men "it hûntsje fan John Wick deamakke" hat.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan John Wick (argivearre)
- (in) Ynformaasje oer John Wick yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
John Wick (filmsearje) | |
---|---|
John Wick (2014) • John Wick: Chapter 2 (2017) • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) • John Wick: Chapter 4 (2023) |