John Wick: Chapter 3 – Parabellum

John Wick: Chapter 3 – Parabellum, ek bekend as John Wick 3: Parabellum, John Wick: Chapter 3 of koartwei as John Wick 3, is in Amerikaansk-Italjaanske neo-noir-aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Halle Berry. De titel betsjut "John Wick: Haadstik 3 – Parabellum"; Parabellum ferwiist nei it Latynske sitaat Si vis pacem, para bellum ("Wa't frede siket, moat risselwearje foar oarloch"). De film is it trêde diel út 'e John Wick-filmsearje, en folget as sadanich op John Wick: Chapter 2, út 2017. It ferhaal folget hiermoardner John Wick, dy't no fûgelfaai ferklearre is, wylst er flechtsje moat en der oeral lju op 'e loer lizze dy't de priis dy't op syn holle set is, ynkassearje wolle troch him te fermoardzjen. John Wick: Chapter 3 – Parabellum ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel, John Wick: Chapter 4, sil, nei't it no liket, útkomme yn 2023.

John Wick: Chapter 3 – Parabellum
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chad Stahelski
produsint Basil Iwanyk
Erica Lee
senario Derek Kolstad
Shay Hatten
Chris Collins
Marc Abrams
kamerarezjy Dan Laustsen
muzyk Tyler Bates
Joel J. Richard
filmstudio Summit Entertainment
Thunder Road Films
87Eleven Productions
Company Films
Italia Film Inti
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Halle Berry
byrollen Ian McShane
Asia Kate Dillon
Laurence Fishburne
Anjelica Huston
Mark Dacascos
Lance Reddick
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Itaalje
premiêre 9 maaie 2019
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-aksjefilm
taal Ingelsk
(ek wat Russysk, Arabysk en Japansk)
spyltiid 131 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $326,7 miljoen
filmsearje
filmsearje John Wick
● foarich diel John Wick: Chapter 2
● folgjend diel John Wick: Chapter 4

John Wick: Chapter 3 – Parabellum begjint sekuer op it punt dêr't John Wick: Chapter 2 ophold. Hiermoardner John Wick hat ôfweefd mei Santino d'Antonio, in baas fan 'e Camorra (de Napolitaanske maffia), troch him dea te sjitten. Dat hat er dien yn it Continental Hotel yn New York, dat eins neutrale grûn hjit te wêzen foar leden fan 'e ûnderwrâld. Winston, de hotelmanager, hat dêrom gjin oare kar as om Wick te 'ekskommunisearjen'. Om't hy en Wick goekunde binne mei in lang ferline fan ûnderlinge gedoente, lit er dy ekskommunikaasje lykwols pas oer in oere yngean, wat Wick de kâns jout om in foarsprong op te bouwen. Dêr hat er wol ferlet fan, want de Hege Tafel, it heechste berie fan alle organisearre misdie yn 'e wrâld, dêr't D'Antonio lid fan wie, set in priis fan $14 miljoen op syn holle. Sadwaande tilt it op fan 'e moardners dy't him ombringe wolle.

Wick betellet in taksysjauffeur om syn hûn yn it Continental Hotel by de resepsjonist, Charon, te bringen, dy't alris earder op it bist past hat. Sels bejout er him nei de Iepenbiere Bibleteek fan New York, dêr't er út in útholle boek in roazekrâns hellet en in "marker", in medaljon dat in skuld oanjout. Yn 'e bibleteek komt de reuseftige hiermoardner Ernest Wick oer it mad, hoewol't syn ekskommunikaasje winliken noch net yngien is. Ernest hâldt it der lykwols op dat nimmen dat hoecht te witten. Wick makket Ernest dea, mar rekket ferwûne oan it skouder. Hy hastiget him nei de wente fan 'e âlde dokter dy't ferbûn is oan it Continental en dy't him alris earder oplape hat, en komt dêr mei noch fiif minuten te gean oan 'e doar. De dokter begjint de stekwûne te hechtsjen, mar de ekskommunikaasje giet yn ear't er klear is. Wick makket it putsje sels dien, mar de dokter ornearret nimmen dat leauwe sil. Dêrom freget er Wick om him twa skotwûnen ta te bringen foar't er ôfset.

Nei't er de wente fan 'e dokter ferlit, wurdt Wick al rillegau efterfolge troch in groep moardners fan 'e Sineeske Triaden, dy't er ferslacht en deadet by in fjochtpartij yn in museum dêr't âlde messen, revolvers en bilen útstald binne. Letter komme guon leden fan 'e Italjaanske maffia him tenei, mar hy lokket harren mei nei in stâl foar hynders dy't de rydtugen lûke yn Central Park, dêr't er mei ferskaten koarte metten makket troch de hynders safier te krijen dat dy harren tsjin 'e holle oan wâdzje. Hy stelt in hynder en ferlit de stâl ridendewei, mar kriget dan twa motors efter him oan. Ek mei de motorriders slagget it him om ôf te weven, benammen om't it hynder der sels om tinkt dat it nearne by op fjouweret, wylst de motorriders blykber net tagelyk fjochtsje en stjoere kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sa wit Wick lang om let it haadkertier fan it misdiesyndikaat te berikken fan 'e Ruska Roma, de Roma út Wyt-Ruslân, de Oekraïne en westlik Ruslân. Dat is fêstige yn in skouboarch, dêr't it haad fan it syndikaat, de 'Direktrise', op ûnmeilydsume wize tatoeëarre famkes traint ta ballerina. It docht bliken dat de wiere namme fan Wick eins Jardani Jovonovitsj is, en dat er in wees fan 'e Ruska Roma is. Hy hâldt de Direktrise de roazekrâns foar en easket dat de skuld fan 'e Ruska Roma oan him foldien wurdt. Hja stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn, nimt de roazekrâns oan en lit him op 'e rêch brânmerkje, ta teken dat syn skuld foldien is en dat er nea wer weromkomme mei. De priis dy't Wick fan har easket is feilige trochtocht nei Kasablanka.

Underwilens arrivearret der in froulike Arbiter fan 'e Hege Tafel yn New York, dy't moetings hat mei Winston, de manager fan it Continental Hotel, en mei de Kening fan 'e Bowery (de misdiedigerswyk fan New York). Beiden krije fan har sân dagen om harren posysje op te jaan, Winston om't er Wick in foarsprong fan in oere jûn hat, en de Kening fan 'e Bowery om't er Wick in fjoerwapen jûn hat om tsjin Santino d'Antonio te brûken (sjoch: John Wick: Chapter 2). Beiden wegerje. De Arbiter hiert Zero en syn learlingen yn, in groep etnysk Japanske hiermoardners, mei wa't se de skouboarch fan 'e Ruska Roma binnenkringt en boetedwaning easket fan 'e Direktrise foar har help oan Wick. Dy boetedwaning nimt de foarm oan fan in swurd dat Zero troch har beide hannen stekt.

Yn Kasablanka moetet Wick Sofia al-Azwar, in eardere hiermoardneresse mei wa't er yn it ferline befreone wie en dy't no de manager is fan it Marokkaanske Continental Hotel. Se soarget derfoar dat er net deasketten wurdt sadree't er him sjen lit, mar se is bepaald net bliid mei syn ferskining op har gerjochtichheid. Wick hellet lykwols de marker foar 't ljocht dy't er yn 'e bibleteek út it boek helle hat. It docht bliken dat Sofia djip by him yn 'e skuld stiet om't er holpen hat har dochter te beskermjen en it fanke in nij libben besoarge hat dêr't net ien fan Sofia har fijannen har fine kinne sil. Foar it lykmeitsjen fan dy skuld wol Wick dat Sofia him yntrodusearret by har eardere wurkjouwer Berrada. Sofia stimt mei tsjinnichheid ta en begeliedt him mei har hiemhûnen, in pear goed ôfrjochte Dútske hardershûnen, nei Berrada.

Dêr oankommen freget Wick oan Berrada om him te fertellen wêr't er de Aldste fine kin, de iennichste persoan yn 'e wrâld dy't boppe de Hege Tafel stiet. Berrada seit dat er dan rinnende de woastyn yn gean moat en trochrinne moat oant er sa goed as dea is, en dan noch wat fierder. Dan sil de Aldste him fine, of miskien ek wol net, krekt sa't it de Aldste sinniget. Yn ruil foar dy ynformaasje easket Berrada ien fan Sofia har hûnen op. As sy wegeret dy ôf te stean, sjit er it bist del om har in leske te learen. Om't de beide hûnen kûgelfrije festen drage, oerlibbet it bist dat. Sofia ûntstekt yn razernij, en hoewol't Wick it har ôfriedt, hellet se fan ûnder it kûgelfrije fest fan 'e oare hûn in pistoal te foarskyn en falt Berrada-en-dy dêrmei oan. Yn in wyld gefjocht deadzje Wick en Sofia al Berrada syn trewanten. Berrada sels wurdt yn it krús biten troch de hûn dy't er besketten hie en dêrnei troch Sofia yn 'e knibbel sketten. Neitiid riidt Sofia Wick in ein de woastyn yn, dêr't se him efterlit. Hy giet rinnendewei djipper yn 'e woastyn op, oant er derhinne falt fan útdrûgingsferskynsels.

Underwilens komme de Arbiter en Zero by de Kening fan 'e Bowery, dy't noch altyd wegeret syn troan op te jaan. Dêrop slachtsje de learlingen fan Zero de trewanten fan 'e Kening fan 'e Bowery ôf, wylst him sels troch Zero sân grutte japen mei in wakizashi-swurd tabrocht wurde by wize fan boetedwaning foar de sân kûgels dy't er oan Wick jûn hie.

Yn 'e Sahara wurdt de bewusteleaze Wick fûn en by de Aldste brocht. As er wer by sûpe en stút is, freget de Aldste wêrom't er him socht hat. Wick antwurdet dat er in kâns hawwe wol om it libben te behâlden, sadat er de neitins oan syn frou Helen silger bewarje kin. De Aldste biedt him dan ferjeffenis foar al syn oertrêdings fan 'e regels oan. Yn ruil dêrfoar moat er weromgean nei New York en Winston deadzje en foar altyd as hiermoardner de Hege Tafel tsjinje. Dêropta wol de Aldste no fuortendaliks in teken fan syn tsjinstberens hawwe; Wick hout de ringfinger fan syn lofterhân ôf en jout syn trouring oan 'e Aldste.

Werom yn New York wurdt Wick troch Zero en syn learlingen oanfallen, mar hy wit krekt op 'e tiid it Continental Hotel te berikken, dêr't Zero-en-dy him neat dwaan kinne omreden fan 'e neutrale status fan it gebou. Wick hat in petear mei Winston, dy't him bepraat om net te dwaan wat er de Aldste ûnthjitten hat; want wat hat Wick deroan as er de neitins oan syn frou yn libben hâldt, as er dy neitins tagelyk ûntwijt mei syn wize fan libjen, as in slaaf fan 'e Hege Tafel? De Arbiter komt del, en as Winston wegeret syn funksje op te jaan, en Wick wegeret him te deadzjen, lûkt hja de neutrale status fan it Continental Hotel yn. Alle gasten en personielsleden ferlitte it hotel, wêrnei't Wick, Winston en Charon de resepsjonist harren yn it gebou ferskânzje. De Arbiter stjoert sawol Zero en syn learlingen as in pear touringcarfollen trewanten fan 'e Hege Tafel op harren ôf, mar mei help fan Charon weeft Wick earst ôf mei de fersterkings, om it dêrnei allinne yn in spektakulêr gefjocht op te nimmen tsjin Zero-en-dy. Hy deadet harren allegear, útsein twa learlingen dy't harsels mei behâld fan ear oerjouwe as se ferslein binne. It lêste fan allegear befjochtet Wick Zero sels, dy't er nei in lange striid efterlit mei in swurd troch it boarst.

Neitiid stimt de Arbiter ta yn ûnderhannelings mei Winston, dy't de útkomst fan it gefjocht kalmkes yn syn kantoar ôfwachte hat. De ûnderhannelings fine plak op it plat dak fan it hotel. Winston biedt oan om fannijs trou te swarren oan 'e Hege Tafel, op betingst dat er manager fan it Continental Hotel bliuwe mei. De Arbiter begrypt dat de hiele skermutseling inkeld en allinne bedoeld wie sadat Winston syn krêft en dêrmei syn wearde foar de Hege Tafel bewize koe. Sy stimt yn mei syn foarstel, mar wol al witte hoe't it no komt mei Wick, dy't de ûnderhannelings mei oanboazjende erchtinkendheid oansjoen hat. Winston antwurdet dat it net oars kin as Wick moat dea. Dêrop lûkt er in pistoal en sjit Wick del, dy't oer de râne fan it dak kneppelet en nei de strjitte dêr fier ûnder falt, wêrby't syn fal brutsen wurdt troch ferskate balkons. As de Arbiter letter it hotel ferlit, naait Wick syn hûn út. As se om 'e hoeke fan it gebou sjocht, docht bliken dat it stoflik omskot fan Wick net mear op it plak leit dêr't er (nei't sy en Winston) oannommen hiene, te pletter fallen is. De Arbiter keart werom nei Winston en oarderet him om Wick te sykjen en syn dea te bewissigjen. "Och," seit Winston, "hoe fier kin er komme?"

Underwilens wurdt de swierferwûne Wick yn in winkelkarke troch in swerver meifierd en yn in ûndergrûnske bunker foar de troan fan 'e ek al slim ferwûne Kening fan 'e Bowery brocht. Dyselde fertelt him dat er fynt dat it tiid wurdt om 'e Hege Tafel te learen: as je in kening snije dan snije je troch oant er dea is. Want hysels is no echt pisnidich. Hy freget Wick oft dy ek net pisnidich is. "Ja," seit John Wick.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Keanu Reeves.
 
Halle Berry.
 
Ian McShane.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise           
John Wick Keanu Reeves
Sofia al-Azwar, de manager fan it Continental Hotel Kasablanka Halle Berry


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Winston, de manager fan it Continental Hotel New York Ian McShane
de Arbiter Asia Kate Dillon
de Kening fan 'e Bowery Laurence Fishburne
de Direktrise fan 'e Ruska Roma Anjelica Huston
Zero Mark Dacascos
Charon, de resepsjonist fan it Continental Hotel New York Lance Reddick
Berrada Jerome Flynn
de Aldste Saïd Taghmaoui
de dokter Randall Duk Kim
Ernest Boban Marjanović
shinobi #1, ien fan 'e learlingen fan Zero Cecep Arif Rahman
shinobi #2, ien fan 'e learlingen fan Zero Yayan Ruhian
Earl Tobias Segal
de Tillefoniste Margaret Daly
de Administrateur Robin Lord Taylor
bibletekaresse Susan Blommaert
Huang, in hiermoardner fan 'e Triaden Roger Yuan
in oare hiermoardner fan 'e Triaden Tiger Chen
swerver mei djoer horloazje Jason Mantzoukas

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

John Wick: Chapter 3 – Parabellum waard, krekt as de eardere beide films fan 'e John Wick-franchise, regissearre troch Chad Stahelski. Hy wurke nei in senario fan Derek Kolstad, Shay Hatten, Chris Collins en Marc Abrams op basis fan in idee fan Kolstad. As produsinten wiene Basil Iwanyk en Erica Lee by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Thunder Road Pictures, 87Eleven Productions, Company Films en Italia Film Inti. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Italjaanske ko-produksje. Foar John Wick: Chapter 3 – Parabellum wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Laustsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates en Joel J. Richard.

De opnamen foar John Wick: Chapter 3 – Parabellum setten op 5 maaie 2018 útein en duorren oant en mei 17 novimber fan dat jier. Der waard filme yn New York en yn Marokko. Aktrise Halle Berry fertelde yn in fraachpetear mei praatprogrammapresintator Jimmy Fallon dat se by de rippetysjes foar de opnamen fan John Wick: Chapter 3 – Parabellum trije ribben brutsen hie. De aksjesêne yn 'e bibleteek, wêrby't John Wick it opnimt tsjin 'e reuseftige hiermoardner Ernest, spile troch profesjoneel basketballer Boban Marjanović, waard ynspirearre troch in sêne yn Game of Death (1972), wêryn't de legindaryske kung fu-akteur Bruce Lee it opnimt tsjin basketballer Kareem Abdul-Jabbar.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan John Wick: Chapter 3 – Parabellum waard fersoarge troch Lionsgate Films, de memme-ûndernimming fan Summit Entertainment. De film gie op 9 maaie 2019 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Varèse Sarabande. John Wick: Chapter 3 – Parabellum kaam op 23 augustus 2019 beskikber as digitale download en waard op 10 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige John Wick: Chapter 3 – Parabellum oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Peter Sobczynski fan 'e webside RogerEbert.com de film 4 fan 4 stjerren. Hy neamde it "in wurk fan popsinema sa loksillich, hoewol op brute wize, fermaaklik, dat je nei bûten komme mei in gefoel fan wrok foar de buorfilms oer dy't yn oare bioskoopsealen draaie, om't dy net likefolle muoite dien hawwe." Yn it tydskrift Entertainment Weekly parte Chris Nashawaty de film in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy skreau: "foar in prachtich goreografearre, ûnnedich gewelddiedige aksjefilm is dit hege keunst." Wendy Ide fan 'e Britske krante The Observer joech John Wick: Chapter 3 – Parabellum 4 fan 5 stjerren en omskreau de film as "in fleanende skop yn 'e sintugen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat John Wick: Chapter 3 – Parabellum in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 353 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] werlaadt foar in nije hurd oankommende salvo fan 'e briljant goreografearre, folslein oerdreaune aksje dêr't de fans fan 'e franchise om freegje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet John Wick: Chapter 3 – Parabellum in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 50 resinsjes.

John Wick: Chapter 3 – Parabellum brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $171,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $155,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $326,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $251,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

John Wick: Chapter 3 – Parabellum waard nominearre foar trije Saturn Awards, foar bêste aksje- of aventoerefilm, bêste akteur foar Keanu Reeves en bêste filmmontaazje. De film waard ek nominearre foar fiif People's Choice Awards en in Critics' Choice Movie Award. Tyler Bates en Joel J. Richard wûnen mei harren soundtrack foar John Wick: Chapter 3 – Parabellum de BMI Film Music Award.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

John Wick (filmsearje)
John Wick (2014) • John Wick: Chapter 2 (2017) • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) • John Wick: Chapter 4 (2023)