John Wick: Chapter 2
John Wick: Chapter 2, ek wol bekend as koartwei John Wick 2, is in Amerikaansk-Hongkongske neo-noir-aksjefilm út 2017 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Riccardo Scamarcio. De titel betsjut "John Wick: Haadstik 2". It ferhaal folget hiermoardner John Wick as er troch maffiabaas Santino d'Antonio twongen wurdt om wer oan it wurk te gean. As D'Antonio neitiid besiket om Wick út 'e wei te romjen, om losse eintsjes ôf te binen, komt Wick efter him oan. John Wick: Chapter 2 is it twadde diel út 'e John Wick-rige. De film ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel, John Wick: Chapter 3 – Parabellum, kaam út yn 2019.
John Wick: Chapter 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chad Stahelski | |
produsint | Basil Iwanyk Erica Lee | |
senario | Derek Kolstad | |
kamerarezjy | Dan Laustsen | |
muzyk | Tyler Bates Joel J. Richard | |
filmstudio | Summit Entertainment Thunder Road Films Tik Films 87Eleven Productions | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Keanu Reeves Riccardo Scamarcio | |
byrollen | Ruby Rose Ian McShane Laurence Fishburne Common | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Hongkong | |
premiêre | 30 jannewaris 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | neo-noir-aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk, Italjaansk) | |
spyltiid | 122 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $171,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | John Wick | |
● foarich diel | John Wick | |
● folgjend diel | John Wick: Chapter 3 – Parabellum |
Plot
bewurkje seksjeJohn Wick, ien fan 'e gefaarlikste hiermoardners fan 'e wrâld, hellet syn Ford Mustang Mach 1 werom by Abram Tarasov wei. Dat is in baas fan 'e Russyske maffia en de broer fan Viggo Tarasov, waans soan Iosef de auto fan Wick stellen en syn hûntsje deamakke hie (sjoch: John Wick). Iosef en Viggo binne gjinien fan beiden noch yn libben. De trewanten fan Abram besykje Wick tsjin te kearen, mar hy deadet ytliken fan harren mei fjoerwapens, troch it gebrûk fan syn auto en mei de bleate hân. Neitiid biedt er Abram Tarasov frede oan, in oanbod dat dyselde mei beide hannen oangrypt. Wick keart werom nei hûs mei de swier skansearre Ford Mustang, dy't er neitiid meijout oan Aurelio, de eigner fan in yllegale garaazje, om him wer op te laapjen.
Letter wurdt Wick thús opsocht troch Santino d'Antonio, in baas fan 'e Camorra, de Napolitaanske maffia, dy't him yn 't sin bringt dat hy dejinge is dy't Wick holpen hat om 'e ûnderwrâld efter him te litten en al syn bannen mei de kriminaliteit troch te snijen doe't er fereale rekke op Helen, mei wa't er trouwe woe. Wick hat fiif jier fan gelokkigens mei Helen hân ear't hja ferstoar oan in net by namme neamde sykte. Hy rouwet noch altyd om har. D'Antonio hâldt him foar dat er, troch wraak te nimmen op 'e Tarasovs foar it deadzjen fan it hûntsje dat er fan Helen krigen hie, "werom" is as hiermoardner. Mei't Wick by him yn 'e skuld stiet, wol er dat er immen foar him út 'e wei rommet. Wick sjocht dat oars: syn gedoente mei de Tarasovs wie privee, dat hy is hielendal net "werom". D'Antonio skoot him in medaljon mei Wick syn eigen fingerprint yn bloed ta: in marker, dy't yn 'e ûnderwrâld symboal stiet foar de ûnbrekbere eed dy't Wick him sward hat. Wick wegeret lykwols op 'e nij. D'Antonio giet fuort en baarnt by wize fan ferjilding Wick syn hûs plat.
Wick, dy't dat oerlibbet, nimt syn nije hûn, in pitbullterriër, mei nei it Continental Hotel yn New York, dêr't er de hûn tabetrout oan 'e soargen fan 'e resepsjonist Charon. Hy oerleit mei de hotelmanager Winston oer wat er no sil. Winston bringt him oan it ferstân dat er gjin oare kar hat as te dwaan wat D'Antonio fan him wol. Der binne twa ûnbrekbere wetten yn 'e ûnderwrâld: it Continental is neutrale grûn dêr't gjin "saken dien" wurde meie, en in marker moat oan foldien wurde. Wick hat de man in marker jûn; wat hied er dan ferwachte: dat D'Antonio dy net ynje soe? As er net oan 'e easken fan D'Antonio foldocht, sil er fûgelfaai wêze en sil him gjin lang libben mear beskern wêze. Dat, Wick nimt kontakt om mei D'Antonio en giet mei tsjinnichheid akkoart mei de opdracht om D'Antonio syn eigen suster Gianna te fermoardzjen. Harren heit hat nammentlik oan har syn sit oan 'e Hege Tafel neilitten, in beried fan 'e tolve heechste misdiefigueren út 'e wrâld, en Santino wol dy sit foar himsels hawwe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wick reizget nei Rome, dêr't Gianna d'Antonio har befynt, en nimt syn yntrek yn it Continental Hotel Rome, dêr't er gastfrij ûnthelle wurdt troch de hotelmanager, Julius. Hy wurdt folge troch "Ares", de jonge, tsjeppe, stomme froulike liifwacht fan Santino d'Antonio, dy't yn 'e rekken hâldt oft Wick syn wurk wol goed docht. Wick besiket yn Rome de Consiglieri, de "Sommelier" en in spesjale skroar. De Consiglieri nimt mei him de blaudrukken fan 'e filla fan Gianna d'Antonio troch, en teffens dy fan 'e katakomben dêrûnder. De Sommelier foarsjocht him fan it nedige wapenreau. De skroar mjit him in nij pak oan fan kûgelwarrende stof.
Op in jûn dat der in feestlike plechtichheid yn 'e filla holden wurdt, ynfiltrearret Wick dêr fia de katakomben. Hy komt Gianna yn har priveefertekken oer it mad. Hja blike inoar te kennen, en hy fertelt hat wêrom't er dêr is en troch wa't er stjoerd is. Konfrontearre mei in wisse dea kiest Gianna d'Antonio derfoar om harsels omhals te bringen troch yn it bad har polzen troch te snijen. Wannear't se sa goed as stoarn is, sjit Wick har troch de holle om oan 'e marker foldien te hawwen. As Wick fuortgiet, wurdt er opmurken troch Cassian, Gianna har liifwacht, dy't him weromken. Mei't er beseft dat Wick stjoerd is om Gianna te fermoardzjen, falle hy en syn trewanten Wick oan. Dy naait út en deadet op syn flecht tsientallen fan Gianna har mannen. Hy wit fuort te kommen en de katakomben wer te berikken, dêr't er lykwols opwachte wurdt troch Ares en de trewanten fan Santino d'Antonio, dy't opdracht hawwe om him te deadzjen om sa in los eintsje ôf te binen. Op 'e nij deadet Wick tsientallen mannen foar't er ek diskear wit út te piken.
Underweis werom nei it Continental wurdt er opwachte en oanfallen troch Cassian, mei wa't er slaande deilis rekket oant se tegearre al fjochtsjend de lobby fan it hotel binnenrôlje. Om't "saken dwaan" dêr ferbean is, moatte se it gefjocht beëinigje. Neitiid, as se tegearre in drankje nimme, leit Wick út wêrom't er Gianna fermoarde hat. Cassian begypt dat, mar nettsjinsteande dat uteret er in deadsbedriging oan Wick syn adres, dêr't er oan tafoeget dat er Wick fluch fermoardzje sil, as blyk fan profesjoneel respekt. Wick ûnthjit Cassian itselde as de rollen oarsom wêze sille.
Wick reizget werom nei New York. D'Antonio stapt nei Winston ta en easket dat Wick syn lidmaatskip fan it Continental ôfpakt wurdt. Winston stegeret dat ôf troch derop te wizen dat Wick oan alle ferplichtings fan syn marker foldien hat en dat D'Antonio dat erkenne moat. Under druk set D'Antonio mei tsjinnichheid syn bluodderige fingerôfdruk yn 'e kasboeken fan it Continental om 'e marker formeel ôf te sluten. D'Antonio set in preemje fan $7 miljoen op 'e holle fan Wick ûnder it mom fan it wreekjen fan syn suster, en ornearret dat er de man nea wer weromsjen sil. Skodholjend fersucht Winston dat er gjin idee hat fan wat er himsels op 'e hals hellet.
Tsjin 'e tiid dat Wick yn New York arrivearret, binne al ferskate hiermoardners op 'e preemje ôf kommen. Hy moat ferskillende kearen fjochtsje foar syn libben en deadet in stik as fiif lju ear't er Cassian wer tsjin it liif rint. Yn 'e metro reitsje de beide mannen fannijs yn gefjocht. Wick komt as oerwinner út 'e bus en lit Cassian efter mei in mês yn it boarst, dy't him yn 'e aorta stekt: salang't er it wapen sitte lit, libbet er, mar as er it derút lûkt, bliedt er dea. It is ûndúdlik wat der neitiid fan him wurdt.
In slim ferwûne Wick siket beskûl by in machtich pleatslik ûnderwrâldfiguer dat de titel "kening fan 'e Bowery" draacht (de Bowery is de misdiedigerswyk fan New York). Dy syn trewanten laapje Wick yn elts gefal op, mar as er letter foar de kening brocht wurdt, moat er prate as Brugman om net oan D'Antonio útlevere te wurden. Wick wit de kening fan 'e Bowery derfan te oertsjûgjen dat D'Antonio, sadree't er syn nije posysje as lid fan 'e Hege Tafel konsolidearre hat, syn hearskippij oer hiel New York útwreidzje sil. Oan 'e oare kant, as de kening Wick helpt troch him in wapen te jaan en te fertellen wêr't D'Antonio úthinget, dan lost Wick dat probleem wol foar him op. En dan komt de Camorra efter Wick oan, en net efter de kening fan 'e Bowery. Wick fettet dat gear mei de fraach: "Dus, wolle jo in oarloch of wolle jo my in wapen jaan?" De kening fan 'e Bowery ropt syn trewanten ta: "Och, jou dy man in wapen!" Dat wapen blykt in pistoal mei sân kûgels te wêzen, ien foar eltse miljoen dollar fan 'e priis op Wick syn holle dy't de kening fan 'e Bowery no net útbetelle krije sil.
Earl, in trewant fan 'e kening fan 'e Bowery, bringt Wick nei in museum foar moderne keunst dêr't D'Antonio dy jûns in feestlike gearkomste hâldt om syn talitting ta de Hege Tafel te fieren. Dat wurdt raar bedoarn as ta D'Antonio syn kjeltme en ferrassing Wick dêr opdaagjen komt. Wylst de heechpleatste gasten alle kanten útspatte, naait D'Antonio út. Wick efterfolget him troch it hiele museum, wylst er in bluodderich spoar efterlit fan alle liken fan D'Antonio syn trewanten dy't er dêrby ombringt. D'Antonio skillet Ares op, dy't mei in fjouwertal mei mitrailleurs bewapene mannen delkomt en it museum berikt as Wick yn in tûzelsinnich meitsjende spegelútstalling de lêsten fan D'Antonio syn mannen ombringt. Wylst Wick yn gefjocht rekket mei Ares en har mannen, wit D'Antonio út it museum te ûntkommen. Hy siket beskûl yn it Continental Hotel, dat ommers neutrale grûn is dêr't gjin "saken dien" wurde meie. Nei't Wick yn Ares syn lêste tsjinstanner ferslein en deade hat, folget er D'Antonio nei it Continental ta. D'Antonio, dy't him dêr folslein feilich waant, stekt Wick de gek oan en ornearret dat it Continental sa goed befoarriede is, dat er dêr sûnder mis moannenlang bliuwe kin. In terge Wick reägearret troch de neutraliteit fan it Continental oan syn lears te laapjen en D'Antonio troch de holle te sjitten.
Wick keart werom nei de ruïne fan syn wente, dêr't er yn 'e útbaarnde púnheap de earmbân fan Helen weromfynt, dy't er altyd op syn nachtkastke lizzen hie. Letter wurdt er dêr ophelle troch Charon, dy't him by Winston bringt. Winston fertelt Wick dat de Hege Tafel de priis dy't D'Antonio him op 'e holle set hie, ferdûbele en ynternasjonaal makke hat. As gefolch fan syn fermoardzjen fan D'Antonio op 'e neutrale grûn fan it Continental hat Winston fierders gjin oare kar as om Wick te "ekskommunisearjen" en en al syn tagong ta de tsjinsten fan it Continental en privileezjes as lid fan dy organisaasje op te heffen. Lykwols jout er Wick in oere de tiid foar't dy ekskommunikaasje yngiet, sadat er in foarsprong op syn efterfolgers opbouwe kin. Ek jout er him in marker foar takomstich gebrûk, om't D'Antonio ek in fijân fan it Continental wie. Ear't er ôfset, hjit Wick Winston om eltse hiermoardner dy't ûnder de Hege Tafel operearret te warskôgjen dat er harren fermoardzje sil as se efter him oan komme. Nei't Wick fuortgien is, pleatst Winston it tillefoantsje dat de ekskommunikaasje fan Wick oer in oere yngean litte sil. Wylst oeral om Wick hinne mobile tillefoanen oergeane fan hiermoardners dy't berjocht oer syn oansteande ekskommunikaasje krije, begjint Wick te draven.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
John Wick | Keanu Reeves |
Santino d'Antonio | Riccardo Scamarcio |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
"Ares" | Ruby Rose |
Winston, manager fan it Continental New York | Ian McShane |
de kening fan 'e Bowery | Laurence Fishburne |
Cassian | Common |
Charon, resepsjonist fan it Continental New York | Lance Reddick |
Gianna d'Antonio | Claudia Gerini |
Julius, manager fan it Continental yn Rome | Franco Nero |
Abram Tarasov | Peter Stormare |
Aurelio | John Leguizamo |
Earl | Tobias Segal |
de Consiglieri | Wass Stevens |
de "Sommelier" | Peter Serafinowicz |
skroar | Luca Mosca |
Helen Wick | Bridget Moynahan |
Jimmy | Thomas Sadoski |
Akoni | Chuk Iwuji |
sumo-hiermoardner | Yamamotoyama Ryūta |
muntemakker | Erik Frandsen |
dokter | Perry Yung |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeJohn Wick: Chapter 2 waard regissearre troch Chad Stahelski nei in senario fan Derek Kolstad. As produsinten wiene Basil Iwanyk en Erica Lee by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Thunder Road Films, Tik Films en 87Eleven Productions. Dêrmei wie John Wick: Chapter 2 in Amerikaansk-Hongkongske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Laustsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates en Joel J. Richard.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar John Wick: Chapter 2 setten op 26 oktober 2015 útein en fûnen plak op lokaasje yn New York en omkriten, Rome en Montreal, en yn 'e studio yn Nij-Jersey. De sênes mei it hûs fan John Wick waarden filme yn Mill Neck (New York) op Long Island. De ruïnes ûnder de filla fan Gianna d'Antonio wiene de Termen fan Karakalla en it Continental Hotel Roma wie eins it Museo Centrale dei Risorgimento, in museum dat fuort njonken it Forum Romanum stiet.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan John Wick: Chapter 2 waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 30 jannewaris 2017 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 10 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen. John Wick: Chapter 2 waard op 13 juny 2017 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige John Wick: Chapter 2 oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Mike Rougeao fan IGN de film in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau dat de film "der blydskip oan belibbet om 'e kennis [oer de geheime ûnderwrâld] út it orizjineel út te wreidzjen." Ek fûn er John Wick: Chapter 2 "in grutte ferbettering" fan syn foargonger as it giet om gefjochtsgoreografy, kamerarezjy en senario. Yn it tydskrift Rolling Stone kwalifisearre Peter Travers John Wick: Chapter 2 as "it echte produkt" en "ûnfersniene sinema". Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club priizge de aksjesênes yn 'e film as "fermaaklike surreälistysk", mar fûn dat it John Wick: Chapter 2 ûntbriek oan "de domino-effekt-faasje fan 'e earste film".
In ôfwikende miening wie Jorden Hoffman tagedien, dy't John Wick: Chapter 2 yn in artikel yn 'e Britske krante The Guardian omskreau as "in beskamsum foarbyld fan Hollywoodske pistoalpornografy" mei in "hyperaktive, bloedtrochweakke, mei liken bestruide fideospultsje-estetyk", mar mei "inkeld spoare-eleminten fan in plot". Hy frege him ôf "wêr't de line fan it fatsoen eins leit, wylst de bloedlust fan it publyk oanhâldend fierder opwekke wurdt."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat John Wick: Chapter 2 in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 274 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] docht wat in ferfolchfilm heart te dwaan – wat yn dit gefal betsjut dat er noch in skepke boppe-op 'e ûnophâldlike, spannend goreografearre aksje docht, dy't syn foargonger sa fermaaklik makke." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet John Wick: Chapter 2 in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 43 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeJohn Wick: Chapter 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $92,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $79,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $171,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $131,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan John Wick: Chapter 2
- (in) Ynformaasje oer John Wick: Chapter 2 yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
John Wick (filmsearje) | |
---|---|
John Wick (2014) • John Wick: Chapter 2 (2017) • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) • John Wick: Chapter 4 (2023) |