Joop Mulder (folút: Joachim Jan Titus Mulder; Boalsert, 10 maaie 1953Ljouwert, 10 jannewaris 2021) wie in Frysk teäterprodusint, dy't benammen bekend waard as oprjochter en jierrenlang artistyk lieder fan it Oerolfestival op Skylge. Letter wied er mei it ûnderdiel Sense of Place belutsen by it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa.

Joop Mulder
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joachim Jan Titus Mulder
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 maaie 1953
berteplak Boalsert (Fryslân)
stoarn 10 jannewaris 2021
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt teäterprodusint
jierren aktyf 19822021
reden
  bekendheid
oprjochter en artistyk lieder
   fan Oerol
offisjele webside
Joop Mulder op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Mulder waard yn 1953 berne yn Boalsert as de soan fan Johan Mulder, de doetiidske boargemaster fan 'e gemeente Boalsert. Yn syn skoaltiid gie syn belangstelling benammen út nei dûns, en nei tsien jier HBS hied er noch altyd gjin diploma. Mulder woe nei de keunstakademy, mar dat waard tsjinkeard troch syn heit, dy't woe dat er wiskunde studearje soe.

Mulder hie al op jonge leeftyd grutte belangstelling foar it teäter, mar hy wie better yn it organisearjen dêrfan as yn 'e útfiering. Nei't er opholden wie mei learen, teach er as backpacker troch Aazje en Latynsk-Amearika. In skoft wied er útbater fan in kroech op in eilân yn Grikelân. Yn 1978 begûn er Kafee De Stoep, yn Midslân op Skylge, dêr't er teäter en poëzijjûnen organisearre en de saneamde Fool Moon-wykeinen, dêr't er û.o. Jules Deelder, Simon Vinkenoog en Diana Ozon foar oanloek. Ek nûge er strjitmuzikanten en oare strjitartysten út om yn syn kafee op te treden.

Meitiid groeide it kafee sadwaande út ta de earste edysje fan Oerol, dy't yn 1982 plakfûn. Mulder seach teäter as in natuerferskynsel, en de natoer fan Skylge liende himsels neffens him by útstek as dekôr. Tanksij syn trochsettingsfermogen slagge it him om foar syn festival promininte regisseurs, toanielselskippen en artysten te kontraktearjen. Sels hied er yn 't foar nea ferwachte dat Oerol sa grut wurde soe, mar meitiid groeide it út ta ien fan 'e wichtichste teäterfestivals op lokaasje fan hiel Jeropa. In hichtepunt wie de opfiering troch Tryater fan it toanielstik Peer Gynt fan Henrik Ibsen, ûnder lieding Jos Thie yn 1999. Yn 2017 droech Mulder nei 35 jier einlings it stokje oer oan in opfolger en loek er him werom út 'e organisaasje fan Oerol. It festival naam mei grut seremonieel ôfskie fan him.

Neitiid wie Mulder belutsen by de organisaasje fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Hy hie dêrby de lieding oer it dielprojekt Sense of Place, dat lânskipskeunst by de seedyk fan 'e Waadsee lâns pleatse woe. Hy ferseach him lykwols op 'e fergunnings dy't dêrfoar nedich wiene en de burokrasy dêr't er mei te meitsjen krige, sadat it meastepart fan syn oandiel oan it Kulturele Haadstedsjier 2018 pas yn 'e rin fan 2019 reekaam. Wol wie Mulder yn 2018 efter de skermen behelle yn it tige súksesfolle besyk fan 'e Reuzen oan Ljouwert fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe, dat er yn eardere jierren om 'e nocht besocht hie op Skylge te krijen.

Joop Mulder kaam op 10 jannewaris 2021 yn Ljouwert hommels te ferstjerren oan hertfalen. Hy waard 67 jier.

Underskiedings

bewurkje seksje

De Joop Mulder Plak is in medalje dy't op jierlikse basis útrikt wurdt oan in keunstner dy't ferrassend wurk ûntwikkele hat yn it Skylger lânskip.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.