Katt Dylan, echte namme ûnbekend (yn Kalifornje, 8 juny 1992), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Taisk etnysk komôf. Hja sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 2013 beëinige Dylan har karriêre as pornoaktrise.

Katt Dylan
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 juny 1992
berteplak ûnbekend (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Taisk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20122013
offisjele webside
Katt Dylan op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Dylan waard yn 1992 berne earne yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is foar in part Afro-Amerikaansk en foar in part Taisk. Yn 2012, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 23 fan dat soarte films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Devil's Film, Digital Sin, Hustler Video, Elegant Angel en Adam & Eve.

Fierders wurke Dylan ek wol foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Pure Play Media en Girlfriends Films, en teffens hat se wol yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Blacks on Blondes. Under har karriêre as pornoaktrise wurke Dylan gear mei kollega's as Imani Rose, Sharon Lee, Ramon Nomar en Sean Michaels. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as neakenmodel en posearre se yn dy hoedanichheid foar ferskate neakenblêden. Yn 2013, doe't se swier rekke, loek se har werom út 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Katt Dylan is fan mingd negroïde en mongoloïde ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.61 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje fan in kalligrafearre tekst op har búk, ûnder har nâle.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: